De Tsjerne. Jaargang 21
(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 77]
| |
I Fantoom
Hwer't ik kom, gean ik wei;
jow fjouwer fjûren foar de dei,
fjouwer bar de nacht.
Jow in liif om to lijen
fan de rein en de heil en de snie.
Jow de macht om in munster to deijen,
dat dea die yn kjeld en hjitte.
As it lûd en de swierte
fan stoarmen oerein gean
yn 't suden en noarden,
bring biskûl yn dizze oarde
en in wacht
fan fjouwer fjûren oerdei
en fjouwer foar de nacht.
| |
[pagina 78]
| |
II Rop
Kras in teken
foarmje in wurd
inkelfâldich
yn in mûle
roppich en heas.
Brân de pynappel
en de bjirken
fan it oerwâld.
Lit de groun
raze fan fjûr
en de jiske stouwe as wytsân
yn 'e stoarm.
Jow in ierde
foar de foarste dei.
Jow de sauriër
gjin miel,
de leviathan
gjin libben,
de fokse gjin hoal,
de njirre gjin plak.
Kear de sinne
yn syn opgong
en de moanne op 'e molkwei
en set de Centaurus
stil op it suden.
Kras in teken
foarmje in wurd
inkelfâldich
yn in mûle
roppich en heas.
| |
[pagina 79]
| |
III Ynein
Drinke út 'e Lethe en sa forjitte;
it rizich doarp is dea en hoar;
de wyldernis fan stêdse strjitten
tiist troch it tsjuster glei en goar.
Drinke út 'e Lethe en sa forjitte;
de lytste fûgel foun in nêst,
mar de ûlen gûle ta de fierte
en komme net ta rêst.
Drinke út 'e Lethe en sa forjitte;
in koarte huver troch de lea
en dan in frede yn 'e mjitte
oer dream en dea.
|
|