| |
| |
| |
Tr. Riemersma:
Der wurdt foar jin tocht
Samar in forhael oer in soldaet dy't yn loararrest sit en op in moarntyd wekker wurdt yn syn sel. Hwat der yn dit forhael mei him barre sil, wit ik noch net. Ynearsten marris ôfwachtsje oft er sels inisiativen nimf, wy kinne altyd wèr sjen. It is nou, lit ús sizze, goed seis ûre.
- Dam, derôfkomme.
Dam lûkt sokken en broek oan en stapt yn syn skuon. Hy sloft efter de wacht oan nei de waskbakken en bigjint him stadich en mei tsjinsin to waskjen, wylst de soldaet de gong op en del rint en mei it bosk kaeijen rammelt.
- Nou, kom, bist hast klear?
- Ik moat my noch skeare, yn 't wachtlokael.
- Hwerom dat?
- Hjir is gjin stopkontakt.
Hy giet werom nei de sel om syn strûper en kile oan to dwaen en sjokt dan mei de soldaet nei it wachtlokael dêr't in sersjant en in mannich soldaten sitte to gapjen.
- Hwat moat hy? freget de sersjant.
- Skeare, seit de soldaet.
Dam lûkt de hûd mei syn fingers strak en skeart him. Twa soldaten komme it lokael yn mei bôlle en thé.
- De snor noch in bytsje. Ja, sa is 't wol goed.
Se geane werom nei de sellegong. Dam leit it skearapparaet toplak en nimt syn itensark mei nei de sel.
- Helpst my even foar 't bêd?
- Hwat moat dat bêd?
- Nei sel 3.
- Hwat in gedonder.
Se pakke de striematras elk by in ein en sjouwe him nei sel 3. Dam sjocht even nei de wacht dy't de striekes fan syn unifoarm pluzet, dan rint er fuort. De wacht smyt de doar efter Dam ticht.
- Moatst my net opslute! Ik moat de tekkens noch fuortbringe.
- Doch dat dan! seit de wacht, wylst er de doar wer iepenlokt.
- Ik moat se dochs opteare?
- Ach God, seit de oare. Hy giet werom nei it wachtlokael. Dam spraet syn tekkens út oer de flier om se op to tearen
| |
| |
en der in kreas woltsje fan to meitsjen mei help fan it stokje dat er ûnder de brits wei fiske hat. Fan syn pyamajas en -broek makket er twa rjochthoeken mei de breedte fan in leppel. Hy bringt it sjoutsje nei sel 3 en giet langút op syn keale brits lizzen. Hy hat sin oan in sigaret.
Hy bliuwt lizzen oant der in soldaet komt mei in board mei fjouwer stikken bôlle en in mok thé, dy't er yn Dam syn mok oer jit.
- Smakelik, seit er, en draeit de doar yn 't slot.
Der binne twa mei sûkeladehagel, ien mei tsiis en ien mei sjem. Se hawwe fierstofolle margarine op syn bôlle smard, it smakket fiis, mar hy yt alles op. Der bliuwt hwat hagel yn syn board lizzen, as er dien hat. Hy strykt it mei de finger op in bultsje en makket syn namme der mei, in D, in A en in M. Hy drinkt it lêste mûlfol thé op en rekt him út. Hy hat sin oan in sigaret.
Der sit noch net safolle aksje yn, hen? Dat giet ek net sa maklik fansels, hwat sille je yn 'e sel útheve? Utnaeije kinne je net, en je ophingje likemin, en 'k leau ek net dat Dam dêr oanstriid ta hat. Och werom ek? Se sizze dat de muorren op je del komme, as je in pear dagen sitten ha. Praet fan neat, yn 'e sel is bêst to forkearen, je hoege net to poetsen, net to tigerjen en net to bajonetfjochtsjen, je hoege niks, je meije de hiele dei sitte. It iten wurdt je brocht en dêrfoar hoege je sels net yn 'e twadde rêst to bidden. Ja, folle oanspraek hawwe je net, of je moatte maten hawwe, lykas doe't ik yn Vught siet, twa matroazen fan 'e wylde feart dy't troch alle muorren hinne raesden fan hé Fries en de mambo roffelen op 'e tafel. Foar ien fan beiden haw ik in brief oan syn faem yn Rio de Janeiro fortaeld. Nou ja, faem, hie har ienkear sjoen, leau 'k. Yn it kladtsje dat er my joech stiene hjir en dêr stippeltsjes, dy eintsjes moast ik yn myn fortaling blanko hâlde, sei er, hy soe dêr letter leave wurdtsjes ynfolje, dear, darling en love, it iennige Ingelsk dat er staverje koe. Myn Ingelsk hold ek net oer - I wish I was again with you, when we laid down on Copacobano - mar se sil 't wol bigrepen ha. En oars mar net, sy sil dochs sa gek net west ha en gean op Copacobano lizzen to wachtsjen op in Rotterdamsk matroas dy't tweintich moanne tsjinje moat en hwa wit noait wer yn Rio komt. Ja, doedestiids ha 'k dêr noait op sind, hear, doe tocht ik echt wier dat se alle dagen nei de haven roun en jouns op bêd myn brief lei to lêzen. Yn 'e sel is alles simpel en hingje de dreamen foar it plukken. Skielk as ik frij bin gean ik nei Rio lekker moudzje
| |
| |
op it strân mar je hawwe neat to smoken fansels. Neat oan to dwaen, straf moat straf bliuwe, je sitte op 't lêst net foar de lol, dat mei dy Dam ek wolris ûnderfine. Mar hawar, lit my foar dizze kear de hân oer 't hert strike, der wurdt al safolle âldhoerd oer de ûnminsklikens fan it militaire systeem, lit my bisykje dy jonge in sigaret ta to triuwen. As jimme nou werom geane nei de se], dan sil ik sjen oft ik in sigaret forsiere kin. Och sa 'n forhael kin men bêst even by wei, dat rêdt himsels wol.
Dam rint stadich de sel yn 't roun. Hy hâldt de broek dy't hieltyd ôfsakje wol foar by de bân beet. As er oan 'e doar ta is, heart er fuotstappen. Hy bliuwt stean to wachtsjen. In sersjant lûkt de doar op en ropt fuortendaliks: - Yn 'e sel!
Dam docht in pear stappen efterût.
- Hwa bistou? seit de sersjant wylst er de doar efter him ta lûkt.
- Dam.
- Just: Dam! Dat hoech ik oars ek net to freegjen, tocht ik. Meld dy fatsoenlik!
- Tsjinstplichtich soldaet Dam.
- Tonei setst de pet op dyn kop en bringst de groet en dan giest foar de brits stean, bigrepen!
Hy strykt mei de fingers oer de flier en bisjocht se: - Hast it hjir noch net oanfage.
- Né sersjant.
- Der sil dy materiael brocht wurde. Hwer is dyn bêd?
- Sel 3 sersjant.
- Meikomme. Dat woltsje is ridlik goed. Herhelje: ridlik. It hinget hwat foaroer. Liz it rjocht. Hwer is dyn handoek?
- Yn 't wasklokael, sersjant.
- Is dat dy tastien?
- Ja sersjant.
- Dan stean ik it dy ek ta. Tink derom dat it hjir tip-top is. Sa moai stiest der net foar, Dam!
- Né sersjant.
- Mes, foarke en mok skjinmeitsje. Hy makket mei de holle in biweging nei de doar en pakt it board fan 'e tafel. De sûkeladehagel rôllet hinne en wer, Dam exit.
Mei toiletpapier faget Dam sjem en bûter fan it mes om syn handoek net to bigriemen. Hy spielt syn mok skjin ûnder de kraen en drinkt in bytsje.
De korporael fan de wacht komt de sel yn. - Hallo, seit er. Sjoch, kinst bigjinne.
| |
| |
Dam nimt de feger en faget plúskes en striekes fan 'e brits. Dan pakt er de biezem om it túch fan alle kanten nei de midden fan 'e sel to heljen. De korporael hat de stoel oanlutsen en is by de doar sitten gien. - Hwat hast úthelle? freget er.
Dam hâldt even op, hy lûkt oan 'e skouders.
- Kin ek neat skele, hjoed dou, moarn ik. Hoelang hast krigen?
- Foararrest, seit Dam. Hy faget it tdch yn 't blik. - Moat de gong ek?
- Dou sitst der nou ienkear yn en dan moatst meidwaen. Dou lûkst dochs altyd oan 't koartste ein. Bidjerst it sa foar dysels en ek foar dyn maten, dan wurde se noch stringer. Soms kinst trouwens ek wol wille ha.
- Ik sil de gong ek mar dwaen, hen? seit Dam. Hy skout by de korporael lâns en bigjint fan efteren ôf to feijen. De korporael set de stoel yn 't doarsgat en giet efterstefoaren sitten.
- Nou ja, seit er, 't is fansels sa, as der noait ien straf krige, dan hiene se dy sellen forgees boud. Is 't net wier?
Dam skout de biezem om de korporael syn skuon hinne en giet fierder nei it waskhok ta.
- En nou kin ik hjoed in pear kear yn tsjinsttiid mei dy to kuijerjen, dat 's ek lang net gek. Hoe let moatst luchtsje, healwei alven, net?
- Healwei alven en healwei fiven.
De korporael bringt de stoel toplak. Hy stekt de feger en de biezem ûnder de earm, pakt it blikje en hellet de kaeijen ût e bûs.
- Oant healwei alven dan, seit er. Hy sil mei de earmtakke de doar efter Dam tichtsmite, mar de biezem glydt him ûnder de earm wei, dat hy stroffelt en kwakt langút de sel yn. It lege blikje skuilt ûnder de brits.
Hwat in bak net! Soene je je net formele?! Dêr klapt my dy stive korporael plat op 'e snût! Mar nou wer earnstich, hear, en gau de rommel oprêdde, der komt sadaliks in dûmny op bisite. Ja serieus, der hat noch net ien by Dam west en 't is yn tsjinst in âld gebrûk dat de geastlike forsoarger je in bernebibel en in steapel Elisabeth-bodes bringt. En boppedat spilet de godstsjinst in wichtige rol: daar de godsdienst de bron is van alle gramschap, verbittering en ware haat, sadwaende komme wy der net ûnderút, freonen. Nou, seit ien, koarn op syn moune, kin er werris rankuneus dwaen. Mar earlik, dat 's ûnsin, ik haw neat tsjin it kristendom. Kristendom, dat fyn 'k fijn. Ja, wier. 'k Bin sets ek kristlik en by ús op 't streekje bin
| |
| |
se 't ek allegear. Dat 's hartstikke gesellich allegear kristlik. Ik hwat tsjin it kristendom? Welné. Mar kom, wy sille mar gau nei de sel, se sitte al op ús to wachtsjen. Sjoch jo wol, Dam sit op 'e brits mei de fuotsjes yn dy greatminske skuon. En dat moat nou ús lan fordigenje, soene je sizze, mar as de kening it bifeelt, dan rint er, hear, dan mei er ‘dou’ sizze tsjin de sersjant en dan sjit er oare snotjonkjes foar de raep. De dûmny sit op 'e stoel mei de earmtakke op 'e tafel. Hy hat de Elisabeth-bodes en de bernebibel op 'e tafel lein en steunt dêr justjes op mei de fingerseinen. Alle geur klear? Sssst.
- Hwat dyn biswieren tsjin de militaire tsjinst oangiet, Dam, sjoch, de grifformearde tsjerken hawwe hielendal gjin biswieren tsjin de tsjinst of de oarloch. Omstou sels ek grifformeard bist, is it dus ûnmooglik datstou soksoarte biswieren hawwe soest. Dou hast dus gjin biswieren. Dúdlik? Moai. Mar dan steane wy wiffe minsken, sa giet it dy fansels ek, Dam, dan steane wy foar it probleem hoe't it mooglik is dat in militair dy't de oarlochstarieding mei syn gewisse yn 't lyk bringe kin, yn 'e sel bidarret. Dan sjogge wy lykwols wer Gods wûndere lieding. God wol net dat syn folk heechmoedich wurdt, dat de minsken har op it boarst slane en sizze: sjochris, sa goed fiere wy Gods opdracht út, wy hoege net iens straf. Né, seit God, as jimme dogge hwat ik siz, dan is dat gjin fortsjinste, mar genede, en om jimme to toanen dat ek jimme net fan sûnde frij binne, set ik Dam yn 'e sel. Dou bist dus in ynstrumint yn Gods hân om ús allegearre nederichheit to learen. Nou soe it fansels mis wêze datstou dy der op foarstean lietst dat God krekt dy otkarde om syn heilsplan út to fieren, dat soe ek heechmoed wêze, netwier? Likemin kinstou dy foar it feit fan dyn selstraf weiwine mei dy to biroppen op datselde heilsplan. Judas hat ommers ek net as ekskús oanfierd dat hy de Kristus forriede moàst, opdat God troch it stjerren fan syn Soan úus sûnden dylgje koe. Fansels net, Judas hat him fan spyt forhongen, en dat wie goed. As God in tipke fan de wale optille wol om ús hwat fan syn wûndere wurken sjen to litten, dan ha wy dêr net mei ús forstân oer gear to fallen om ús konkhúzjes to lûken. God hat ús it forstân net jown om der misbrûk fan to meitsjen. Us past allinne tankberens dat God noch gedoente mei ús hawwe wol. Noch fragen?
Wy slagge nou in ein oer, lêzers. Dam hat de Elisabeth-bodes trochblêdde, mar gjin sigaretten foun. (Dat komt daliks). Doe hat er him deljown op 'e brits. It is nou likernôch healwei alven, de korporael komt om Dam op to heljen.
| |
| |
- Hwer binne dyn fiters, Dam, yn 't wachtlokael?
- Ja, seit Dam, myn koppel ek.
- Lit de doar mar stean, dan giet de stank derút. Dou moatst earst nei dokter ta.
- Hwerom dat?
- 'k Wit net. Der hat niis in hospik west om it to sizzen.
Dam prutst de fiters yn 'e skuon en nimt de koppel dy't de korporael him tastekt. In wachtsoldaet, in rekrút, kriget fan de sersjant in hâlder mei patroanen dy't er yn syn gewear triuwt. Hy grendelet en set it foarsichtich tsjin de muorre oan.
- Klear? Kom mei, seit de korporael.
Hja stekke it plein oer nei de gebouwen dêr't de dokter syn ûnderkommen hat. De rekrút sloft efter har oan mei it gewear yn 'e hannen, in lyts gedrocht ûnder de greate helm. Hja treffe de dokter yn 'e wachtkeamer dêr't er mei in pear hospikken stiet to praten. Hy sjocht de trije soldaten ôfwachtsjend oan. De korporael saluearret: - Korporael Keizer mei arrestant Dam.
- Chatferdarry, moat dat mei sa'n biomaking?
- Wy binne momintlik oan 't luchtsjen, seit de korporael, sadwaende.
- Allright, ik stjûr Dam aenst wol werom.
- As jo it goedfine, wachtsje wy hjir salang.
- It sil my swier sitte. Kom mei, Dam.
Dam rint efter de dokter oan nei de wurkkeamer.
- Gean sitten. Hy skarrelet in pakje sigaretten fan 'e tafel en hâldt it Dam foar. - Ik haw dy net komme litten foar 't ien of oar, mar om dy in sigaret smoke to litten. Jow my ek even fjûr ja.
- Ik haw gjin lusifers, dokter.
- Sorry, asjeblyft. Om it lykwols folslein to meitsjen, dizze sigaret wurdt dy net oanbean om't ik fan miening bin dat er dy takomt, mar om't ik mysels graech de yllúzje jaen wol dat 'k net in ûnminske bin. Dêr komt by dat it jaen fan in sigaret oan in arrestant foar my in hiele lytse wraek bitsjut op dy fordomde troep. Smakket er?
- Ja.
- Hoelang hast net smookt?
- Fjouwer dagen.
- It spitige is, dat hwat as wraeknimming bidoeld is, op 'e arrestant wolris de yndruk makket fan in biwiis fan solidariteit. Dúdlik sein, dat net allinne de sljochte soldaet de pest hat oan it systeem, mar ek de meardere, en dat dy meardere bytiden likegoed it forlet field om ot 't bân to springen. Myn persoanlike wraeknimming op it militair apparaet resultearret
| |
| |
dus yn de suggesty dat men yn dat apparaet noch in sekere doazis minsklikheit oantreft. Sjochst wol dat je machtleas stean tsjinoer it systeem? Alles hwat je oan forkeards útbriede wurdt transformearre en komt it systeem to'n goede. Ik wit net ofst wolris trochseage bist oer de unmacht fan de minske om goed to wêzen, mar hwat my folle mear yntrigearret is de unmooglikheit om oer alle boegen dwars tsjin de tried yn to gean. Bigrypst?
- Ja, seit Dam.
- Dat lychst, mar 't kin neat skele. By einsluten haw ik dy dus wol in sigaret jown, hwant it bigreate my datst yn in pear dagen gjint hawn hiest. Hwer't de arguminten om it ien of oar net to dwaen like sterk binne as de arguminten om it al to dwaen, dêr jowt it meilijen de trochslach. It lêste gefoel dat in mins nei alle opstigings en redenaesjes noch opbringe kin, is it meilijen. Ik hoopje dat God skielk ek meilijen mei ús hat. Leaust yn God?
- Ja.
- Prachtich, dat sneuvelt makliker. Alhoewol, dat sil der foar dy net opsitte, mei in wike of trije bist thús.
Dam sjocht ûnnoazel nei de dokter.
- Ofkeurd, jonge, S5.
- Der mankeart my neat, seit Dam.
- Mei in pear wike wol, dan bist sa labyl as de pest. En tink hjir ek even om, it tal ôfkeurden op S5 bidraecht sûnt jierren in fêst persintaezje. Soe it net godslesterlik wêze dat in sljocht soldaet dat fêste persintaezje yn gefaer brocht troch him foar syn plicht wei to winen? Wês dus in flinke kirl en lit ,dy dat S5 oan 'e kont smarre. Hast dyn sigaret op? Dou fynst it wol, hen, it eksekúsjepeloton sit al op dy to wachtsjen.
Dam rint de gong troch nei de wachtkeamer dêr't de beide hospikken sitte to lêzen. Ien fan harren giet oerein om him der út to litten. De korporael en de soldaet springe fan it muorke dêr't se op sitten hawwe to sintsjen.
- Geeft acht, seit de hospik.
- Soademiter op, seit de korporael.
- Fordomme, fint, hâld dat ding nei de groun! Hwa jowt sa'n rekrut nou ek in spuit yn 'e klauwen!
- Bekhâlde hospik, ropt de korporael.
Dat falt ôf, lêzers, Dam hat in sigaret krigen, mar fierder hat dizze scene ús neat opsmiten. Doe't Dam troch de korporael út 'e sel helle waerd hie ik it gefoel: nou bart der aenst hwat dat dit forhael nei syn klimaks laet. Yn 'e regel rint sa'n for- | |
| |
hael út himsels op it doel oan en hoege je oars neat to dwaen as opskriuwe hwat der foarfalt, mar yn dit gefal sjoch ik oankommen dat ik sels in klimaks forsearje moat, wol it net in fiasco wurde. Hwant dat eintsje rinnen is op himsels neat oer to fortellen, en koe ik nou noch op dy Dam oan, mar dat 's ek in ûnmooglik figuer. Hy seit hast neat en tinke docht er hielendal net.
- Wy rinne mar efter de kompagnysgebouwen lâns, seit de korporael.
- Hwerom net oer it eksersysjeterrein, freget de rekrút, dan kin wy tominsen noch hwat sjen.
- Dêr meije wy net komme as wy oan 't luchtsjen binne. Wy geane oan 'e efterpoarte ta en dan wer werom.
Dy opmerking fan de dokter oer it eksekúsjepeloton hat my op in idé brocht. As ik Dam nouris deasjitte liet troch dy rekrút om't Dam útnaeije woe, dan wie it forhael út. Fansels, der is neat dat der op wijst dat Dam him smeare wol, mar ik sil bisykje him de kop sa gek to praten. Dy rekrút sit ik net oer yn, dy is deabinaud fan syn superieuren en sa senuweftich as hwat mei dat gewear yn 'e hannen, dy sjit by de minst fortochte biweging. Lykwols, de korporael hat de lieding, en dy jowt noait it bifel om to sjitten, dy sit net sa gau yn panyk. Dêrom, dy korporael moat der even by wei.
Dit sil ik tsjin Dam sizze: Ast goed nei de wurden fan de dúmny en de dokter heard hast, silst ûntdutsen hawwe dat se likernôch la deselde konklúzje kommen binne. De dieden fan in minske lûke har neat oan fan de motiven en it doel fan dy minske, mar se ûntliene har bitsjutting inkeld oan it greate gehiel hweryn't se komme to funksionearjen. In minske kin oan dit systeem neat ôf of ta dwaen, it wie der earder as him en it het him yn 'e rin fan 'e ieuwen sa folslein differinsiëarre dat it alle mooglike minsklike handelingen en réaksjes har plak jaen kin en sadwaende neutralisearje. Ien ding is der Dam, dat it systeem út syn lykwicht slaen kin, it folslein negative antwurd der op, de ûntkenning fan it systeem, de selsmoard. En dat, sil ik dan tsjin Dam sizze, dat is dyn taek.
Jim moatte dit nou net al to tragysk opnimme, lêzers, dat ik Dam dea ha wol. It is ommers net echt, dit is samar in forhael. En al soe jt werklikheit wêze, wie it dan sa slim? Hwat moot ik oars mei dy jonge oan, ik kin him nest biede as de se] en de hoop op in sigaret. Wachtsje op better dagen? Dat hat gjin doel, der komt neat meer. As je tweintich jier binne, hawwe
| |
| |
je alles sjoen en meimakke hwat it libben to bieden hat, de rest is weromsjen, stil libje op it kaptael oan oantinkens, vegetearje op in dream, de dream fan Copacobano dêr't ik myn hiele libben op tarre moatte sil. Hwerom soe ik Dam bliidmeitsje mei krekt sa'n deade mosk?
- Korporael Keijzer!
- Halt, seit de korporael tsjin Dam. Hy rint nei de kaptein en groetet.
- Ik moat even mei dy prate, Keijzer, seit de kaptein. Rin mar in eintsje troch en wachtsje dêr op 'e korporael, ropt er tsjin Dam en de rekrút.
'k Freegje my op 't stuit ôf oft ik Dam dat hiele forhael wol fortelle sil, hy snapt der wierskynlik dochs neat fan. 'k Sil him leau 'k mar gewoan fuortstjûre. Dan is 't útsoarte gjin selsmoard mear, mar och, makket dat safolle út? 'k Tocht niis dat de selsmoard bûten alle skema's foel, mar hwa garandearret ús dat se dêrfoar net in apart fakje reservearre ha? It systeem libbet der wol fleurich om troch, je ûntkenne allinne jesels. Miskien koe ik Dam dan ek better yn libben litte. Mar né, it is sa knipt, it sil ek sa naeid wurde, ik haw der gjin nocht oan om dit forhael nochris om to wurkjen, je wurde sa ynein fan al dat prakkesearjen.
- Dam, dou moatst útnaeije, it stek troch en it fjild yn. Ja lansels sjit dy rekrút, dat is syn plicht. Der is neat slims oan, dou rinst fuort, en hy sjit. O, bigrypst net hweromst dea moatst? Mar dat is dochs neat bûtengewoans, dat bigrypt in soldaet noait, in soldaet hoecht hielendal neat to bigripen. Der wùrdt foar jin tocht, Dam, der wùrdt foar jin tocht. En nou rinne!
Ik haw myn doel birikt, lêzers, Dam naeit út. En nou jow 'k de brui deroan. Ik haw sa'n mislike rol spile yn dit forhael dat 'k my mar it bêste sa gau mooglik weromlûke kin. 'k Hie my ynspanne moatten om in bettere oplossing to bitinken, mar it is al to let. Dam draeft de poarte al út. Ik gean fuort, ik wol der net by wêze as dy rekrút bigjint to sjitten. De ôfrin fan it forhael, dêr't jim op 't lêst rjocht op hawwe, sil ik jim fortelle litte troch in soldaet dy't tafallich alles sjoen hat.
Hwat je al net meimeitsje kinne, minsken! Der wie niks to rêdden, wy stiene togearre by barak D en dêr stout my ynienen dy Dam fuort. Ik siz noch tsjin Harke, is 't dy fint nou godfordarry yn 'e harsens slein! En dy wachtsoldaet bigjint ek
| |
| |
to draven en dy ropt korporael, korporael, Dam, halt, halt, Dam! En dy idioat draeft mar fierder, troch de efterpoarte dy't iepen stie, de dyk op nei de stoarmbaen. De wachtsoldaet bliuwt stean en sjit. Hy rint troch en sjit nochris. De korporael en de kaptein komme der ek oanstouwen en raze tagelyk oan 'e wacht en oan Dam. De wacht sjit wer, en wer. Harke en ik donderje ús biezems del en wy der ek efteroan. Fordoarje, himet Harke, hy hat him rekke. Ja deale, de wacht bliuwt stean, de korporael en de kaptein falle op 'e knibbels yn 't gers. As wy der by komme, ha se Dam op 'e rêch lein. Jasses, hwat liket dat mâl, it bloed streamt út syn hals. De wacht stiet to gûlen, it is in rekrí t, sjoch ik nou. De kaptein is hielendal fan 't sintrum, hy leit noch altyd op 'e knibbels en skoddet Dam oan syn earm. Fordomme jonge, seit er. De korporael bliuwt rêstich. Helje dokter, seit er tsjin Harke. Hy nimt de rekrút it gewear ôf. Ik hie dy net oanhâlde moatten, ropt de kaptein, dan wie der neat bard. Jo kinne der ek neat oan dwaen, kaptein, seit de korporael, hjir koe gjinien foar. Hwat moatstou? seit er tsjin my. Neat, siz ik. Gean mar oan dyn wurk, seit er.
Letter doe't wy wer oan 't feijen wiene, kamen se by ús lâns mei Dam op in brancard. Se rounen heel foarsichtich. Harke sei, dat dokter wie duvels doe't er seach dat it Dam wie. Hy sei: dy fordomde kloat, nou ha 'k him niiskrekt noch forteld dat er ôfkeurd wurde sil en nou lit er him kapotsjitte. S5? frege de kaptein. Nou, dat is wol dúdlik net? sei dokter. Doe sei Harke niis dat dy rekrút krige fjouwer dagen prestaesjeforlof. Eh hwat, sei ik, dou bist net wiis, dy fint krijt in dou en in bêsten ek, hwat ik dy blaf. Mar doe rôp Harke sersjant Van Hal, en dy sei dat Harke hie gelyk. Nou, 'k sei, dat 's ek moai, ien yn 'e hûd sjitte en dan ek noch forlof krije. Op syn moaist giet dy jonge dea. Och hwer makkest dy drok om, sei sersjant Van Hal, ien fiifentweintich, dan ha wy wer in nijen.
|
|