De Tsjerne. Jaargang 21(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 63] [p. 63] [Nummer 2] Durk van der Ploeg: Myn bureau ut 1910 Op myn bureau út 1910, In erfstik fan de kâlde styl, Hwat fotoos en hwat blommen, In brievestander foar de stommen En noch in wurdboek, swier debyl. Oan myn bureau, samar kadeau, In ertstik fan de kâlde styl, Ha timmerlju en amtners sitten, Miskien al dea, mar bûten witten De laden garren spikers, brieven en fintyl. Foar myn bureau út 1910, De gloarjetiden bin forgien, Leit breedút mei de eagen sletten In swiere facht, de bear is sketten; Dat hal in earder eigner dien. Yn myn bureau, fan kunde krige, Sparje ik fersen rige oan rige; Ik bou in proazamausoleum Foar Scholtens Literair Museum. Dat krijt de hiele bringst kadeau, Kompleet mei wurdboek en bureau. [pagina 64] [p. 64] Dit is in gedicht foar de deaden Dit is in gedicht foar de deaden: De witen, de swarten, de readen. It komt net sa krekt Yn de grêven dêr lekt Noch it waerme bloed fan de kweaden. Dit is in gedicht foar de deaden: De minnen, de bêsten, de kweaden. It komt net sa krekt Yn de grêven dêr stekt Noch de lodde ûnder de seaden. Dit is in gedicht foar de deaden: De dommen, de liepen, gelearden. It komt net sa krekt Yn de grêven dêr sprekt Men tsjin elkoar as forhearden. Dit is in gedicht foar de deaden: De frommen, de heidens, bikearden. It komt net sa krekt Yn de grêven dêr brekt Men de bonken noch oer de forkearden. [pagina 65] [p. 65] Starker tabak It wie yn '43 tink, doe ha Us pake en ús heit tabak forboud: Virginia Sa't hiet fan Amersfoartske planten. Wy snijden jouns de blêdden fyn op kranten Birûllen de tabak yn 't Evangely En yn in wurdboek, dat fan Prick van Wely. 't Vokabulaire wie dochs biheind En Iepenbieringen waerd net mear lêzen, Wy lieten de Apokalypse wol yn syn wêzen. Dat giet sa as it mei de kriich net eint. Mar tiden hawwe tiden: sjoch op moarn. Pake dea. Myn heit (1907) Wie sljocht op Amersfoartske sjek, Mar kom dêr nou ris om, gjin bek; Virginia fan 't bêste soarte. What do you know? Jow my mar wer in swieren fan 'e widdou. [pagina 66] [p. 66] Dit is de folsleine romte Dit is de folsleine Romte Leaf to hawwen Boartsje to kinnen Inoar to forfelen Sûnder tv Sûnder auto Sûnder kultuer Ik wol in hûs Foar dy bouwe In hûs foar de rein In hûs foar de winter In hûs foar de dea Der binne fiere Birjochten Fan frede Fan gefaer It hert in Transistor Dat heaze stasions Opheint út de Ether Kom, ik draech De stiennen nei it fjild. Vorige Volgende