| |
| |
| |
| |
Persoanen
BOARGEMASTER WOUDA |
JELKEMA boade |
FROU DE JAGER |
YNSPEKTEUR SWIERSTRA |
READE JEHANNES |
MASTER DE VRIES |
MASTER HOEKEMA |
JUFFER LEMSTRA |
IN MEM |
| |
| |
| |
| |
Earste bidriuw
De wurkkeamer fan de boargemaster; lofts, skean nei de seal in skriuwtafel mei in grien kleed deroer, derop hwat skriuwark, dossiers ensfh., en in telefoantastel
Boargemaster Wouda sit efter syn buro; steande, midden Jelkema
...en doe sei er... Nou, ried ris hwat er sei!?...
Ik soe it wier net witte, boargemaster.
gniist Doe sei er: prúst de poatsjes komme altyd earst. Nou, hoe is er?
laket skril en plichtsgetrou
Is 't net prachtich? laket bolderjend Ha, ha, ha... de poatsjes komme altyd earst... laket troch Hoe fine se it út.
laket jitris, lykas fan him forwachte wurdt Hwa bitinkt soks, nou?
is ûnderwylst hwat bikommen Ja, ja... stoarret foar him út
brimt hwat, sjocht nei de groun; bisiket omtinken to freegjen mei de eagen, sûnder op to fallen
sjocht earst by Jelkema lâns, kriget him dan yn it each; sjocht him lyk oan
bisiket dy loaits to ûntwiken; sjocht fansiden
sjocht deselde kant út Wie dêr hwat, Jelkema?
Né, boargemaster, dêr net.
Moat ik har nei jo ta stjûre, boargemaster?
Hwa? Hwat bidoe... O ja, dat frommis. rjochtet de rêch, giet der foar sitten Ja, lit mar ynkomme.
| |
| |
Wachtsje. Siz al efkes tsjin frou de Jager, dat hja it koart meitsje moat. Ik haw it net oan tiid om lange forhalen oan to hearren.
Wachtsje... Hwat wol dat frommis?
tsjinstré Hja komt oer de skoalle, oer master de Vries...
O, ha jo se al wer útkloarke? Hen? Ik hoech de lju hjir winliken net iens komme to litten... minhear sil it wol dwaen...
Nim my net kwea, boargemaster, mar...
De lju kinne hjir har boadskip dwaen. Ut!
moedich Ik kloarkje se net út. Jo wolle altiten de lju har boadskip witte. Alles dat ik siz is: Hwer kamen jo foar, dan kin ik dat tsjin boargemaster sizze. En nou bigjinne jo oer útkloarkjen. mear en mear forûngelike Ik sil wol net wer freegje.
Kom, kom, kom. Sà hoecht it net.
Mar ik kloarkje de lju net út.
Dat wie mar by wize fan sprekken; sa bidoel ik it net.
Ik sil my tonei wol stilhâlde - ik sil wol neat wer freegje.
Sa moat it net. It wie myn doel alhiel net om jo to remmen yn jou plicht. plechtich Jo binne in goed amtner, Jelkema, in tawijd amtner.
Mar, Jelkema, nou moatte jo ris goed harkje. Jo kiest mei soarch de wurden binne in man fan utersten.
sjocht der alhiel sa net út; sjocht freegjend, nuet
Ja, jo binne in man fan utersten. Nou wolle jo hielendal neat mear
| |
| |
freegje... Mar Jelkema, tuskenbeiden is ek romte. yn tinzen Hiel hwat romte... weromkearend ta it nou De krekte midden - dêr komt it op oan, Jelkema. Dat sjogge jo sels ek wol yn... dêr't wy op oanhâlde moatte, dat is de-krek-te-mid-den. Is 't net sa, Jelkema?
Sjoch jo wol, wy binne it iens. Lit dat frommis komme.
Né, wachtsje noch even. De skoalle... hoe is 't dêrmei?
Mei master de Vries, ja. Hoe docht er it? Prate de lju der wakker oer?
tsjinstfeardich Dat sil ik boargemaster sizze. Se hawwe it der wakker oer. Hoe giet soks, nou? Ien hoecht mar oer soks to bigjinnen en moarn praet it hiele doarp der oer.
ûngeduldich Ja, ja, mar hoe praet it doarp deroer?
Nou freget boargemaster hwat. Hoe? Ja, se fine it hwat nuver, nou. Sjoch, elts ken master de Vries en wit dat it in pûrbêste master is. Pûrbêst. Hy wurdt fan elts achtenearre, fansels, mar nou liket it hwat nuver.
Wis, mar hwat sizze se dêrfan?
Ik soe sa sizze, as ik even mei, ik soe sa sizze: de mieningen binne fordield. Master de Vries is in bêste man - dêr is elts it oer iens. Mar nou dit... sjoch, dat sit sa. Guont tinke dat it sa'n rite is en dat it allegearre wol oerbetterje sil. Sjoch, dat binne al faken guont dy't gjin bern op skoalle hawwe. bitinkt him Mar ek wol oaren mei bern by masters, lju dy't it net safolle skele kin faeks. Hoewol...
Dy oaren? Nou, dy tinke ek net allegearre gelyk. Guont sizze: hy moat der út; oaren miene dat er mei sykteforlof moat. Mar de measten... skytskoarret der tsjin oan
| |
| |
De measten achtsje dat boargemaster der hwat oan dwaen moat; dat dy master de Vries ris deroer ûnderstean moat.
Soa, sizze se dat? mimeret En hwat tinke jo sels...
Och, ik haw dêr sasear... Boargemaster moat rekkenje, ik haw gjin bern op skoalle.
liep Mar jo binne yn tsjinst fan 'e gemeente. Jo tinke dochs om it gemeentebilang, net wier?
It liket my ta, as ik it sizze mei, dat jo de persoan binne, dêr't yn dizzen it measte fan útgean kin.
Ja, jo binne in man fan gesach - jo sille... sjoch, master de Vries is net de earste de bêste... hwa oars soe dêr ynfloed op hawwe as jo... Jo moatte ris mei him prate.
Krekt oft ik it net drok genôch haw... Mar jo hawwe gelyk - hwa oars soe oerwicht op dy man hawwe moatte. bitinkt Mar it is in koppige fint.
makket protestearjend gebeart
Nou ja, ik bidoel hy is in tige goede krêft... altyd west dan... mar net sa hiele maklik... net sa maklik... rjochtet de rêch Mar Jo hawwe gelyk - der moat mei him praet wurde. As boargemaster hat men hjir in taek. Harkje goed. Ik hie ek al bisletten om dizze saek sels to bihanneljen. Om âlve ûre haw ik in ôfspraek mei de ynspekteur fan it ûnderwiis, dy komt hjirre. Lit frou de Jager hjir komme.
| |
| |
Wachtsje. sjocht op it horloazje As de ynspekteur ûnderwyls komt, warskôgje my dan fuortdaliks.
Nou ja, sa lang sil it petear mei frou de Jager ek net oanhâlde - hja sil wol ynsjen dat ik it drok haw. Lit har nou mar gau komme. Stean dêr net sa!
rjochtet de rêch; giet der foar sitten; slacht in willekeurig dossier op; hellet syn pinne foar it ljocht; docht iverich - der wurdt kloppe Ja!
yn 'e doar Boargemaster, hjir wie frou de Jager foar jo.
Just - lit har fierder komme.
komt der yn Moarn, boargemaster. sjocht stoel Sil ik hjir mar even delfalle? Sitte is hwat nofliker, nou? Ik haw nammers al in hiel skoft sitten, hear.
hat noch even trochwurke Nou, frou de Jager, siz mar hwat jo op it hert hawwe. Mar graech koart om 'e hoeke, ik haw it drok.
Dat tocht ik al, doe't ik niis sa'n skoft siet to wachtsjen. Ik tocht, boargemaster sil it wol drok hawwe. Mar it fleach my ûnderwilens suver oan, wol jo dat wol leauwe, it fleach my oan! Drok... boargemaster seit nou drok, mar ik wit ek hwat drok is, hear. It koe winliken net fan 'e moarn, mar ik tocht, ik moat nei boargemaster ta. Hwer sil men oars ek al hinne yn sa'n gefal, nou?
sjocht in kâns Dat gefal is...
Dat ik gau de brot oan kant, earst noch even de wask opspiele en gau oan 'e line, hwant it droeget nou moai, men wit net hoe't it aenst is, nou en doe fluch hjir hinne. Ik tocht, as it treft kin it krekt even, hwant aenst moat ik wer mei it iten oan 'e gong. De manlju lêste wol hwat as se thûskomme middeis, nou? It soe der raer bystean as it iten net op 'e tafel stie, wol jo dat wol leauwe? Mar, o heden, nou moast ik ek noch sa'n skoft wachtsje.
| |
| |
Frou de Jager, ik haw it drok.
O heden ja, boargemaster, dat woe ik der net mei sizze. Fansels, doe't ik dêr siet to wachtsjen, tocht ik: boargemaster sil it wol drok hawwe. Altyd warber en yn 'e skrip. Né, ik woe der alhiel neat mei sizze, dat ik wachtsje moast fansels. Dan moast ik sels net witte hwat drokhawwen is.
Ik bidoel - ik haw it drok - soene jo netris ta de saek komme, frou de Jager?
forheard Ta de saek, hoe miene jo?
Jo hiene dochs boadskip, is 't sa net? Hwat hiene jo my to fortellen?
O ja, fansels. Dat sil ik jo sizze... laket ta de saek... laket Ik tocht, dat jo it oer in saek hienen. Mar jo bidoelden...
Dat jo ta de saek komme soene. Jou boadskip sizze. Hwat hiene jo to bipraten?
Nou, sjoch, it giet oer de skoalle, oer master de Vries. In pûrbêste man oars en in earsten master, mar... sjoch, ik haw twa bern op skoalle. Jurjen, dy sit by juffer en Wibe, dy't dan by master sit.
Dat tocht ik wol. Boargemaster libbet tige mei, dêrom sei ik justerjoun tsjin myn man, ik gean nei boargemaster. Hwant jo moatte tinke, ûs Wibe, dêr sit in kop op. En dy jonge is altyd gleon om nei skoalle ta, hy wol leafst yn skoalle sitte, en altiten hege sifers. Dat wy wolle him op 'e mulo hawwe, myn man en ik. Wy hawwe altiten sein, dy jonge sil leare. Hy kin leare en hy wol leare en dan sil er ek leare, n't wier boargemaster?
Och boargemaster, dan wer dei en rie; dat kin wy altiten noch wolris sjen. As ik myn sin siz, nou ja, in kantoar dat wie oars wol...
Fierder!!! Ik bidoel fierder mei hwat jo to fortellen hawwe. Ik haw it net oer dy jonge, dy Pibe.
| |
| |
Goed. Wibe. Wy hawwe it hjir net oer syn takomst...
Wis ál, boargemaster. Dêr hawwe wy it krekt al oer. Dat is myn hiele kommen hjir. As dy jonge leare sil, nou, dan moat er ek leare.
En docht er dat net by master de Vries?
Né. Oars wol fansels, mar de lêste tiid, né. Hwat master bisielet, ik wit it net. Jo moatte tinke, boargemaster, hy wie oars altiten like tûk en altiten derby. Hy hat wol by ûs sitten en dan sei er: in goed ding, dat jimme dy jonge leare litte sille. Dat wiene syn eigen wurden, en nou... Nou komt er fan it hiele learen neat tolânne.
Jo bidoele, dat master langer gjin les mear jowt.
Krekt. Ynienen is it hou! stop! Bigripe jo soks nou, boargemaster!? Oars sa'n tûke man, mar...
Mar hy stiet dochs eltse dei yn skoalle...
Dat wol. Mar - sûnde dat ik it siz - mar kaem er mar net, dan krigen wy faeks in oaren ien. Dat soe men oars ek net graech wolle, hwant master de Vries...
Hwat heeft dy man dan de hiele dei ût yn skoalle?
Neat. Nou né, dat is net wier, boargemaster, mar jo moatte rekkenje, der komt sa neat fan it learen tolânne, en dêr is it ûs as âlden om to rêdden... muoilik Wy hawwe alles derby opset... snokkeret en wier, boargemaster, as it fan in wykleantsje komme moat...
Ik bigryp it... Mar hwàt docht master de Vries dan?
Hy fortelt of hy lêst foar... ja, foarlêze sei ûs Wibe. En dan lit er de bern tekenje! En sjonge! Se sitte ek algeduerigen to sjongen.
| |
| |
Soa, soa... foarlêze, tekenje en sjonge. En de oarder?
Ik bidoel: is der oarder en regel?
Hoe sil der yn 'e goedichheit oarder en regel wéze kinne op sa'n wize? As ik aenst as ik thûskom net ierappelskyl, dan komt der fan 'e middei neat op 'e panne. Dat is gjin oarder.
Mar is it... is it dan - hoe sil ik it neame - in binde? Binne de bern roerich, oerstjûr, razerich...?
Welné, hoe soene se? In binde? Nou ja, boargemaster, ik neam it winliken wol in binde, dat is al sa. Mar dy bern? Dy bern is neat mei to krijen. Dy binne sa nuet as hwat. Hoe soene se oars.
Jo moatte tinke, dat laket dy bern wol oan! Nou ja, ûs Wibe net, hear. Dy hat wol yn 'e rekken dat it sa net foar de hearen komt. Nou ja, en d y fortelt der dan ek thûs oer. Mar dy bern! Dy binne neat wylder as oars, hoe soene se, de sloven... Dat sit mar moai to tekenjen en to sjongen... En mei sawn pear earen to harkjen as master tofoaren lêst. fûl Mar dêr haw ik it ek min op stean...
Ik bigryp it skoan, frou de Jager. sjocht tomûk op it horloazje Ik bin bliid dat jo west hawwe. Fansels, ik wist wol hwat der geande wie, en de saek hie myn omtinken dochs al.
Nou ja, dat hie ik ek wol tocht. Mar hwat sil boargemaster der nou oan dwaen?
Dêr hoege jo jo net drok oer to meitsjen, frou de Jager. Mar de saek hat tige myn omtinken. Wy sille diligint wêze yn dizze saek.
Ik wit wol, boargemaster hat it drok, mar...
Jo hawwe jou plicht dien - ik sil yn dizze kwestje... Drok of net drok, it gemeentebilang giet altyd foar.
... is it bilang fan de gemeente. Wy binne fan nou ôf diligint. Dat
| |
| |
wol sizze: wy wiene diligint - wy bliuwe diligint. As jo my ûntskuldigje wolle. wiist op steapel Hjir lizze noch stikken...
En aenst sjocht op horloazje haw ik konferinsje... brimt, rjochtet de rêch dy giet, dat meije jo wol witte, frou de Jager, oer dizze selde saek.
Oer de skoalle en de problemen dy't der mei mank binne. Jo sjogge: wy binne diligint. Dei frou de Jager.
Ek goendei, boargemaster en tige bitanke, hear. fuortgeand Hwant oh, oh...snokt it is hwat foar de âlden, as hja snokt sjogge dat it forkeard komt mei de bern snokt troch de skuld... fan... öf
makket oantekeningen en sakket ûnderút as frou de Jager ta de doar út is; briedt; draeit nûmer fan ien sifer Ja, Jelkema, is de ynspekteur der al... dat is wier ek... ja, dy is fuort... warskôgje fuortendaliks as er komt. hoarn op 'e heak; boargemaster byt op syn neilen; sjocht om him hinne; forpleatst de steapel in pear sintimeter; mimeret; huveret; draeit in nûmer Ja, mei my. dimmen Né... né... Ja, dat kin wol, ik sil it dwaen, hear... Siz... hwer't ik winliken foar skilje, ik krij hjir aenst Swierstra... ja, de ynspekteur. Nou kin it wêze... ik bidoel... faeks is it wol goed dat ik him útnoegje om mei to kommen to iten... tige nuet Ja, ik wit wol dat it lestich is... dêrom skilje ik earst ek even... Kinst dan net hwat oars meitsje?... Né, dat is bêst... fansels... fansels, hear, né... perfoarst net... Fansels, dat is tige... Ja, jawis, ik lit noch wol even hearre... wis... wis ... Nou, dei Klas. heak op; boargemaster faget him mei skjinne bûsdoek oer 'e holle; hellet in kistke sigaren foar it ljocht; set dat op 'e tafel del; docht it iepen; rûkt deroan; set it wer del - telefoon giet Ja, goed, lit him komme. rjochtet de rêch
der wurdt kloppe; doar giet iepen; op komt ynspekteur Swierstra; boargemaster giet oerein Menhear Swierstra, hoe is it mei jo?
Tige, boargemaster! Mei jo ek alles goed? Mefrou ek?
Tanke, goed soun. By jo ek?
| |
| |
Mar gean der dochs by sitten. skout stoel by Hjirre. Nim in sit.
is ûnderwylst sels ek sitten gien; hâldt ynspekteur sigarekistke foar Ik soe krekt in sigaer oanstekke. Gean jou gong.
Tanke. sil punt fan 'e sigaer ôfbite
komt hastich oerein Wachtsje. Ik haw hjir sa'n dinkje... Sjoch...
bisjocht it Hea, hwat aerdich...
Haw ik ris meihommen ût it bûtenlân... België...
Nou, 't is aerdich. Ik doch it oars altyd hwat primityf... mar sa'n knipperke is oars wol hwat.
de mannen smoke mei omtinken
Ja, ik soe mar ris yn 'e skoalle sjen, mar ik woe wol graech dat jo my ris krekt ûtleine hoe't dat nou sit dêrre. Hwat docht dy de Vries?
Neat. Of, sa mei ik it winliken net sizze. Hy hâldt skoalle, wis. Mar hy docht neat mear oan it learen. Hwat foarlêze, tekenje litte, sjonge... That's all!
En hwat bitsjut dat?... Ik bidoel, is dat foarbygeand...? Is it in... nou ja, lit my mar sizze: is it in eksperimint... of hwat is it?
laket skealik Dêr hie ik noch net iens op sind, mar jo hawwe gelyk! It sil faeks ûnderwiisfornijing wêze, dêr't jimme sa gleon op binne.
Nou, gleon op binne... Mar it heart der al by, n't wier?
iroanysk Wis, dat sil it wêze, ûnderwiisfornijing. Nou, dan hawwe jo jou sin, hear.
| |
| |
Jo wiene der dochs ek sa foar dat it in proefskoalle wurde soe, is 't sa net? Ik wie der net sa hjit op... Bin ik noch net nammers. Nou ha jo de proefskoalle: master set de proeven fuort. Alles towille fan de bern fansels.
hifkjend Dus ik mei bigripe, dat it jo hiel hwat oars taliket. Net dat jo in ekspert binne yn paedagogyske saken, mar... hângebeart
Faeks stelt de paedagogyk oare easken as artikel 42, mar dêr hâld ik my mar oan, en dan...
fluch en dan woene jo sizze, dat it ûnderwiis fan master de Vries net strykt mei artikel 42.
Né, de kearel wol net mear.
Dat hat er sels mei safolle wurden sein. Net tsjin my, hear, mar - bigryp ris oan - tsjin de bern!
Hat er dat tsjin de bern sein?
Wis, hy moat in foech taspraek hâlden hawwe, dêr't er yn sein hat, dat it gjin doel hie der mei troch to gean.
Mar hy stiet dochs noch wol yn skoalle?!
Se leare neat mear by him; hy jowt gjin les mear - pankoekbakt hwat mei de bern om.
Hy is gek. Jo kinne dat net sa trochgean litte; hy moat oppakt wurde.
Is dat it advys fan de ynspekteur?
Nou ja, ik sil aenst earst ris by him sjen, mei him prate fansels.
Ja, ik moat ek mei him prate.
| |
| |
As der mei him to praten is alteast. Dy man is gek.
Yn elts gefal wiist it op in earnstich tokoart oan plichtsbisef, ût hwat oarsaek dan ek.
Dochs kin ik it my mar min yntinke... hy is ien fan de bêste skoallehaden dy't wy hjir hawwe. Jo wiene ek altiten noch al op him...
Net sa bot, hear, net sa bot. Fansels, it wie in treflike krêft, mar hy hat dochs altiten hwat eigengerjochtichs hawn. Ik haw ris by him yn skoalle west, doe stie der tael op it roaster. Ik kaem by him yn 'e klasse en hwer wied er mei dwaende? Mei ierdrykskunde!
Slim en slim is twa. Mar oarder en regel moatte der wêze. Dat haw ik him doe al even sein.
Hea, ik tocht dat mei de ûnderwiisfornijing...
Dat is ek sa... mar siz nou sels, hwer bliuwt dan de kontrôlle?
Kin it dan nou ek net sokssahwat wêze? Faeks wol er de bern ris hwat lins jaen, of kin dat net yn de moderne paedagogyk? Mar - hwat sei er doe't jo him geweken namen?
Dat is it krekt, syn hâlding wie mar sa, sa.
Hy moast wol ynbine fansels... Mar net fan herten... Net fan herten... Sjoch, dat is nou hwat my yn dy man net sinniget. Eltsenien kin wol ris mis wêze, mar as sa'n man dêr op wiisd wurdt - alhiel yn goedens - dan forwachtet men hwat mear bigryp.
Dat it kin noch wêze, dat er gewoanwei hwat ôfwykt fan 'e regel... fan it roaster.
Dat soe der fansels fier by troch wêze, mar ja, men kin nea witte...
| |
| |
Ik wol jo wol sizze, ik hâld der net fan dat ûnderwizers op eigen manneboet...
Ik alhiel net. Ik siz: sa'n man kin net bliuwe, dat kin net...
Dus jo wolle him derút hawwe?
der wurdt kloppe
Ja! tsjin ynspekteur wylst Jelkema forskynt Né, sa bidoel ik it net.
lûder Né, sa bidoel ik it net!
Dat sei ik tsjin Swier... tsjin minhear de ynspekteur.
Aenst, minhear Swierstra, aenst. Mei ik even?... ynspekteur knikt Hwat wie der oan, Jelkema?
Boargemaster, dêr is... telefoan giet
hân omheech, praet yn 'e telefoan Mei de boargemaster. O, bistou it... Ja, dy is hjirre... Né, ik haw him noch net frege... ja, ja, wachtsje efkes... hân op 'e hoarn, súntsjes Myn frou! Dy freget oft jo ek by ús ite wolle.
Ik wit net... As ik jimme net úntriif...
Né, alhiel net; de frou wol it ek graech. yn 'e hoarn Né, fansels net, alhiel net... Ja, hy wol al komme, leau ik. tsjin ynspekteur Ja, nou?
yn hoarn Né, dat doch ik net. tsjin ynspekteur Né, alhiel net. ynspekteur knikt; boargemaster yn 'e hoarn Ja, hy wol graech komme. ...Hwatte?... Ja,... ja, ik sil ' t sizze hear... Ja, ...ja... Doar giet wiid iepen en Reade Jehannes komt op
| |
| |
Harkris, hoe komt it hjir... moat it nou noch lang duorje...
bisiket Reade Jehannes to kearen; wiist op telefonearjende boargemaster
makket öfwarrend gebeurt; yn 'e hoarn Fansels ja, ja, dat komt klear... nim my net kwea...
Né heite, ik lit my net weromstjûre...
yn 'e hoarn Dat!? Lytse konferinsje. Ja, ik hingje op, hear,... ja, ja. Dêr kinst op rekkenje. hoarn op
Boargemaster, hoe lang moat ik nou noch wachtsje?
Ik haw bisiik, eh... ik haw in bisprek, eh... hjir mei minhear Swierstra, de ynspekteur fan it ûnderwiis.
Kom! Moaisa! Dan hawwe wy de libbene by de deade... Jawis, ik kaem oer de skoalle, sjoch. Nou moatte jimme my ris fortelle, hoe't it mei dy jonge fan ús moat.
Boargemaster en ynspekteur sjogge as ûen; Jelkema dêrtroch ek
ûngeduldich Nou, siz ris hwat... it liket forgémy wol in amateurtoanielstik.
-DOEK-
| |
| |
| |
| |
Twadde bidriuw
Keamer fan it personiel fan 'e skoalle; master de Vries, it haed, stiet foar it finster en sjocht nei bûten. Op komt de ûnderwizer Hoekema
kloppet syn klean ôf Hè, hwat in stofboel, dat kryt. Ik haw mar ris sifersommen op it boerd set.
Dan kinne jo se fan 'e middei mar wer stilhâlde...
Dat ek. Mar se hawwe it ek wol nedich. In griis, hoe min as dy bern rekkenje. Dy jonge fan Hylkema fan 'e moarn...
Bisparje it my, Hoekema. Ik soe it de bern ek graech bisparje, dat wit jo.
Wis, wis... en... ik moat sizze, ik fiel mei jo mei. Ta in hichte, hear.... ta in hichte.
Nou, sjoch... foar jou filosofy kin ik fiele... doch ik ek... mar jo witte... filosofy en libben... Primo vivere... is der net sokssahwat...?
Primùm - sa is it by my, moatte jo rekkenje. Dy ienheit fan filosofy en libben, dat is by my...
Sizzen is neat, mar dwaen is in ding. Dêr hawwe jo gjin latyn by nedich. Al is dwaen dan ek net dwaen, lyk as by my. Nammers...
Dy easterske idéen, dy lûke ús wol - my ek wol - mar oan 'e praktyk komme wy meastentiids net ta.
't Binne gjin easterske idéen. Alteast net dy't ik der op neihâld.
| |
| |
Ik forset my inkeld tsjin westerske idéen dy't har tiid hawn hawwe. Ik bin gjin turk...
Dy skieding tusken théory en praktyk, dy't jo meitsje, tusken tinken en dwaen, tusken filosofy en libben, dy skieding is dwaes. As filosofy hwat to bitsjutten hat, as it wier tinken is, dan uteret him dat ek yn it libben. As jo dy skieding meitsje, dan bitsjut dat inkeld dat filosofy heechstens foar jo hwat boartsjen is, hwat buorltsjeblazen, mar dat jou tinken sels yn oare wei giet.
Houris. It forstân is de hiele minske net...
Mei myn forstân kin ik it bitreklike fan in hiel soad dingen ynsjen, mar as biologysk wêzen kin ik my de wielde net foroarloovje, somlike dingen as bitreklik to sjen. It easten tinkt der hwat oars oer... dy hawwe har Nirwanah... It lûkt my wol, hear, ik moat sizze, it lûkt my tige.
Mar jo dogge der net nei.
Né, né, jo moatte rekkenje, ik bin in spjalten minske. Der is hwat yn my dat ja seit, dat jo dêrom biwûnderet... it oare part fan my giet gewoan troch mei it deistige wurk.
Ik freegje jo ek net om oars to dwaen. Sels haw ik jierren net better witten of it hearde sa. Ik hâldde fan myn wurk... dat wol sizze... ik seach der hwat yn. Ik tocht in bydrage, in lytse bydrage to jaen foar in bytsje minskelok. Ik kin jo op komt juffer Lemstra... middei, juffer Lemstra, ik kin jimme, jo foaral juffer, derom biniidzje, dat jo mei sa'n oerjefte leauwe oan jou taek.
Sa moatte jo net, master de Vries. Jo moatte wer sjen hoe moai jou wurk as master is. Jou wurk foaral. Jo, in dichter... in opfieder... Toe, master.
Hy mei dochs sels wol witte hwat er leauwe wol? Hwat er yn syn fak sjen wol?
| |
| |
Dou moatst dy stilhâlde! Harkje net nei him, master. As jo ris wisten, hoe wiis de bern mei jo binne... hwat jo yn har libbentsje to bitsjutten hawwe - mar dat witte jo wol. Jo meije de stumpers net yn 'e kjeld stean litte, en... en my ek net.
Ik mei se net yn 'e kjeld bringe... mei rekkenjen, lêzen en skriuwen, mei al dy rasionalistyske atavismen. Hwa is winliken lokkiger om't er lêze kin... Dy hiele Unescoplannen. der wurdt kloppe Ja!
komt yn 'e doar Dei master, juffer, master. Soe ik even mei jo prate kinne, master?
Ja, mei jo, even ûnder fjouwer eagen.
sjocht op syn horloazje Ja, dat kin wol even. Ik kom by jo, der is wol in leech lokael. mem ôf, folge fan master de Vries
Dou moatst dy skamje. Hwerom my net to helpen, my by to fallen... hy moat wer oan it wurk... dat moat...
forheard As ik dy help? Hoe bidoelst?
Nou, foar hwat heart hwat, soe 'k sa sizze. Fanke, ik fyn dy sa moai. Jow my in tût en ik help dy oan alle kanten.
Tige sa, tocht my. Dou hast my alris earder ôfstegere, mar nou haw ik in ruil. Gean joun mei my to fytsen... en ik sil trou njonken dy stean, om dy healwizeling to oertsjûgjen.
Hoe doarst it to sizzen. wart Hoekstra, dy't tichteby kommen is, ôf Bliuw fan my ôf, hearste. Ik warskôgje dy. Ik wol net...
Ik bin dyn Sytske net. En ik wurd it fan syn libbensdagen net. Dat
| |
| |
kinst dy mar út 'e holle sette. Dat haw ik dy al earder sein, mar nei hwatst niis sein hast... o, hwat fyn ik dat min...
Hwatte? O, dat ik healwizeling sei. Nou, hwat is er oars op 't heden?
Is it dan net healwiis...
Of... is dat it him? Bist faeks foreale op dy...
Nou, dan kin ik dy lokwinskje, hear.
Ik harkje net mear nei dy.
Dou silst foar twa de kost fortsjinje moatte, dat sil de ynspekteur dy aenst wol fortelle kinne.
nettsjinsteande harsels De ynspekteur?
Hy wie fan 'e moarn by boargemaster. Hy sil aenst wol delkomme tink. loftich En dan sil der wol in oar haed komme moatte.
Ja. De ynspekteur sil ús ek wol hearre wolle.
Mar wy sille sizze dat it in tydlike ynsinking is.
dúdlik lústerjend Antsje Ferwerda...
kjel Stil! Fansels, ik leau ek dat it tydlik is, allicht. Hwat oars, dat sil ik de ynspekteur sizze, as er der nei freget.
Neat gjin Sytske-lea. Dat is út, hearste...
| |
| |
Fansels, sa bidoel ik it ek net. Mar ik woe sizze, ik bin dochs bang, dat hja him in skoftsje opbergje.
Master de Vries komt yn; sjocht Hoekema op en del oan
My pulse as yours doth temperately keep time,
And makes as healthful music. It is not madness
That I have uttered; bring me to the test
And I the matter will re-word, which madness
nytlich Hwer is dat nou wer út!? Ik wit wol, dat jo better Ingelsk kenne...
Nim my net kwea. Mar hawwe jo it bigrepen?
Namsto better. Docht er net ta.
Master, jo moatte sa net.
Hamlet beart dat er gek is. Mar hy wurdt der sels gjin dupe fan.
Hy wit dat syn pols normael is, dat syn forstân goed wurket...
Faeks is er dus àl dupe, is dat de wêzentlike fâlle dêr't er yn bidarret. Hwat seit it forstân...
ynienen moedich De ynspekteur komt hjir aenst.
Né, hear nou ris. De ynspekteur.
| |
| |
Dou moatst dy stil hâlde.
Hy is dochs gjin bern. Hy wit hwat er docht.
Né, dat wit er net. En dou witst it leau ik ek net. Mar dan sil ik dy even in namme yn it sin bringe...
Goed, goed - ik sil my wol stilhâlde, hear.
Harkje ris goed, master. Jo moatte der ris út, jo binne siik... oerspand. As de ynspekteur aenst komt. Jo kinne bêst in skoft sykteforlof krije. Jo kinne fuortdaliks wol nei hûs gean. Dan warskôgje wy dokter wol, wy prate wol mei de ynspekteur... Toe, doch it nou! Oars komt it net goed... Sa kin it ommers net, dat bigripe jo dochs wol.
Doch it om... foar ús. Foar de bern.
oeràl Foar de bern! It giet krekt om de bern. Altiten hat it my to rêdden west om de bern. De bern, de bern... ivich de bern. Ik kin de jonges net misse... ik gean net frijwillich; ik forpof it, ik forpof it.
Mar it kin ommers net sa.
Ik hâldde fan harren, hja hâldden fan my, al dy jierren. Ik bitsjutte hwat foar har, ik wit it. Mar hja bitsjutte noch mear foar my. Dêrom woe it sa goed. Dêrom koe ik har rekkenjen leare, en lêzen en skriuwen. En, by God, ik wie der greatsk op. Tink nou net dat it sa'n opstiging is. Tink nou net dat ik oerspand bin. Hwant it is allang oan 'e gong. Sûnt tiden al freegje ik my ôf, oft wy it wol by de rjochte ein hawwe. Freegje ik my ôf, oft hja der lokkiger fan wurde, mei't hja de moderne swarte kunst leare. Fansels, hja hawwe it yn 'e maetskippij nedich. Dy freget dat men rekkenje kin, ja, dat foaral, rekkenje, rekkenje. Ja, en lêze, dat ek. De foarskriften dy't de wrâld ús opleit en de fordigening fan dy foarskriften. Yn 'e oarloch, dat is al lang lyn, yn 'e oarloch haw ik wolris tocht as de Dútskers kamen mei har Bekanntmachungen, hoe soe it nou wêze as wy net lêze koene. As nimmen nouris lêze koe hwat ús foarskreaun, ynstutsen of oplein waerd. Mar ik, ezel, bigriep
| |
| |
net iens hwat ik tocht. Ik seach de konsekwinsjes net. It wie samar in opstiging. Nou net! Sûnt de Unesco bigoun is. Sûnt der sa'n spul útjown is oer de bistriding fan it analfabetisme, haw ik neitocht. Hwerom moatte oeral op 'e wrâld witen en swarten en readen en gielen mei deselde wyn binevele wurde, hwerom moat in lyts swart jonkje syn plak ûnder de klapperbeam forruilje foar it telboerd, hwerom moat it boek fan de natûr forruile wurde foar it boek... né, de krante, fordoary, de krante mei syn leagens, syn dridze, syn healnôch saneamd nijs. Hwat nijs!!
Mar ik haw neitocht. It giet net inkeld om swarte berntsjes, it giet ek om ús bern, dy't wy in swarte kunst leare. Swart, ja, om't ûs maetskippij swart is... Wie it oars... Wy soene fannijs bigjinne moatte. Tabula rasa. neibauwerich Jo bitsjutte sa'n soad foar de bern... Ik stean oan de forkearde kant. Hja bitsjutte mear foar my. Mei ik har opofferje oan myn lusten?
Stil dochs, master. Dat is... dat is healwiis. Hwa praet dêroer? Dy bern moatte dochs leare - hja kinne dochs net bûten de maetskippij. As jo se net leare, docht in oar it...
Ik wit it... ik wurd gek.
Né, jo binne hwat oeràl. Jo binne oerspand - jo sitte tofolle yn 'e boeken. Deis yn skoalle en dêrnei mar studearje en prakkesearje. Jo moasten der ris út. Sille wy togearre ris to fytsen, master? Sil ik joun by jo komme?
De Vries skrillet tobek; juffer Lemstra heart net hwat Hoekema seit; komt op De Vries ta
heazich Toe, siz ja. tichteby Ja? Opofferje!... De bern fine it hearlik by jo, hja hawwe der rjocht op, dat hja leard wurde... my meije jo opofferje. Gean nou nei hûs ta. Doch it. Ik kom fan 'e middei wol; gean nei hûs. Ik meitsje it wol yn oarder mei de ynspekteur.
Der wurdt kloppe, de doar giet iepen; yn komme boargemaster en de ynspekteur
suver forromme Dei, boargemaster, dei, minhear Swierstra.
| |
| |
skril Hy is siik. Hy is oerspand. Hy moat sykteforlof hawwe. O, hwat bin ik bliid dat jimme der binne.
Boargemaster en ynspekteur sjogge freegjend
O, fansels. Nim my net kwea. fûstket Hoe is it mei jo? Dei, minhear Swierstra.
Jimme woene de skoalle ris sjen?
sjocht op it horloazje It is oars ek tiid dat de skoalle yngiet.
It skoalle-ûnderwiis moat ûnder alle omstannichheden trochgean.
Ja, dat is goed. Of, né, ik soe sizze: master en juffer... sjocht dat út
...en juffer Lemstra litte de bern yn. Dan prate wy earst even mei master Hoekema, hjirre.
| |
| |
Master de Vries. Hy is siik... hy is oerspand.
Aenst kinne jo alles útlizze. Lit nou earst de bern yn. sjocht op it horloazje Wy roppe jo wol.
Wy prate earst mei master Hoekema.
knikt tsjin De Vries en juffer; tsjin De Vries Aenst mei jo ek. Under fjouwer eagen.
Hen...? O, ja... sjocht op horloazje; De Vries en juffer Lemstra ôf; boargemaster falt yn stoel del Ik soe sizze, gean der by sitten, minhear Swierstra.
docht dat en seit wilens Nim ek in sit, minhear Hoekema. Sjoch, dêrre mar.
makket earmgebeart Jo bigripe fansels hwat ús komste hjir is, n't wier, minhear Hoekema?
Dat tink ik wol, boargemaster. It giet om De Vrie... om master de Vries, tink?
Krekt, wy woene wolris... hâlde op, om't hja fornimme dat hja, tagelyk oan it wurd binne; hja sjogge inoar oan; Hoekema kipet nei syn skuon
knikt tsjin de ynspekteur en wiist op himsels Wy woene wolris út jou mûle hearre hoe't it nou krekt sit mei master de Vries, de lêste tiid, mei syn lesjaen en sa.
En jo hoege net efterhâldend to wêzen. Alles bliuwt binnen dizze fjouwer muorren, n't wier, boargemaster?
Fansels. Nou, fortel ris op. Is er siik, oerspand, lyk as dat frommis...
Soene wy net earst ris de feiten...?
Ja, fansels, de feiten. Wy witte se wol, mar hawar, de feiten...
| |
| |
Hy docht net in soad, nou? Hy jowt gjin les mear, is 't net sa? Hy forpoft it.
Ja, hearen. It is fansels net noflik soks fortelle to moatten, mar dêr komt it wol sahwat op del.
Nou, in foech fjirtsjin dagen, tink.
Hiene jo dan net ris op it gemeentehûs oanrinne kinnen om dat to fortellen?
is der efkes mei oan; kriget himsels wer yn 'e macht; skodhollet Ik leau it net. It is myn baes. It wie fansels net goed hwat er die, mar der wie gjin akút gefaer. De earste dagen wit men boppedat net goed... Hawar, doe't it klear waerd hwat der geande wie, haw ik him derop ferge... Ik haw oan alle kanten bisocht om it him út 'e holle to praten, it bilang fan 'e skoalle stie fansels by my foarop. Hieltyd haw ik him foarhâlden... Hieltyd hope ik, dat it wer goedkomme soe. Fansels haw ik bisocht it kwea to biheinen, haw ik sa goed as ik koe de... eh... lieding to jaen. ynienen ljochtet der hwat yn him op Dat wie fansels ek in reden dat ik net fuortdaliks by jo kommen bin. tsjin ynspekteur Of by jo.
as tsjin 't sin Nou, ik haw de haedakte ek. As De Vries útfalle soe, dan soe ik grif - ynearsten alteast - syn wurk oernimme moatte. glimkjend Ik soe it sels graech wolle, en krekt dêrom, sjoch.
Ut 'e holle prate, seine jo. Hy is dus net oerspand... siik.
Né, it binne syn idéen. Of faeks is er àl siik... mar dan net samar in bytsje. It sit djip, hear.
| |
| |
Hwat binne dat dan foar idéen? Toe ris... Ik hâld der net fan, idéen...
Sjoch, hy is in ûnpraktyske idéalist. Hy leaut net mear yn it ûnderwiis, seit er.
Him tinkt, dat de bern der net lokkiger fan wurde... dat hja ûnderwiis krije.
hastich Fansels, ik haw bisocht it him út 'e holle to praten. Hieltyd wer... as man tsjin man. Haw him sein dat de bern graech leare wolle... de goede alteast. Ik haw it ek oars bisocht: haw him sein, dat al wie it sa, de bern dochs rjocht hawwe op bihoarlik ûnderwiis... Ik haw him derop oanstien syn plicht to dwaen...
Goed, dêr diene jo goed oan...
flink Ik haw lyk foar him oer stien en him hjitten syn plicht to dwaen. Ik haw him seine, dat ik oars...
neutrael Nei de autoriteiten gaen soe.
swijt, as forlegen dermei
Dat kin ik net sizze... Né... hy lake derom. Ik laitsje derom, sei er.
| |
| |
Dy man heart net yn skoalle!! gâns bikommen Jo tinke net dat er oerspand is?
Né, net gewoan oerspand. Dat net. Dit is sa njonkenlytsen yn him opkaem. It is syn idéalisme, tige ûnpraktysk idéalisme fansels.
Dêr't de wrâld altyd mei tangele sit... It binne altiten deselden. De boel yn 'e bulten jeije. Unpraktyske idéalisten...
Mar gefaerlike idéalisten... Sokken moatte der út.
Hy moat ûntslach hawwe, fuortendaliks.
Der moat in oar yn syn plak komme.
Minhear Hoekema, soene jo wol haed fan 'e skoalle wurde wolle?
biskieden As der in fakatuere is, soe ik it wol oandoare. Graech, soe ik sizze.
Jo kinne yn elts gefal tydlik haed wurde. Dan moat de saek op 'e gewoane wize ôfhannele wurde... Oproppen foar in haed en in ûnderwizer... ja, dat is de wei.
En jo ha fansels de âldste brieven, minhear Hoekema.
HOEKEMA: Tankewol, hearen... eh... as ik noch hwat sizze mei... mar dat sille jim aenst sels ûnderfine... My tinkt... as ik sa frij wêze mei...
Graech hearen, as ik frij-út prate mei. Faeks hat it sin en doel, juffer Lemstra ek oer to pleatsen... Net dat hja... Mar hja stiet
| |
| |
nochal hwat ûnder ynfloed fan De Vries... hja hâldt tige syn wâl op... En as aenst De Vries... Ik wit n't, ik wit n't. It soe foar de gong fan it skoalle-ûnderwiis better wêze, tocht my. Ja, yn alle biskiedenheit, hear. Mar as der dochs sanearre wurdt... en dat moat barre fansels... dan soe it foar de skoalle better wêze as juffer Lemstra oar plak krige... liket my ta.
Né, ik siz neat ta. Mar wy sille it probleem graech yn syn gehiel bisjen...
De biezem moat dertroch... Wy sille rekken hâlde mei hwat jo sein hawwe...
Net dat wy nou fuortendaliks... mar it is dochs goed ynljochte to wêzen.
En alles hwat hjir sein is bliuwt binnen fjouwer muorren... Dat jildt foar ús, dêr kinne jo fan op oan, minhear Hoekema, dat jildt ek foar jo, bigrepen?
Fansels, dêr kinne jimme fan op oan.
Wy wolle nou earst mei juffer Lemstra prate. Jo moatte werom nei jou klas. harket Ik hear neat, de bern binne wol aerdich rêstich, leau ik, ek sûnder jou bywêzichheit.
glimket Discipline moat der wêze, siz ik altyd mar. It soe net bêst wêze, as men de klas net efkes allinne litte koe... Kom, ik gean mar.
Wachtsje even. Wolle jo de juffer efkes warskôgje? Dat hja hjirre komme moat.
Ik sil it dwaen. Goemiddei, hearen. ôf
Flinke fint. Hie 'k net witten, dat er it sa dwaen koe.
| |
| |
Ja, makket in goede yndruk. Mei ús tydlik haed binne wy maklik klear...
Leau 'k ek. Ik hie oars... út de forhalen fan De Vries, hie ik my net sa'n tinkbyld fan him makke...
Né, mar it docht nou bliken. der wurdt kloppe Ja!
Nim in sit, juffer Lemstra.
Jo ha wol bigrepen fansels hwerom wy jo frege hawwe hjir to kommen, is n't sa?
Ja, nou? It giet oer master de Vries. En nou moatte jo ús ris fortelle...
Master de Vries is in pûrbêste skoalmaster. Hy is in haed fan 'e skoalle lyk as der gjin better is. De bern binne gek mei him... en, en... ik ek. Jimme meije it bêst witte: ik ek! Hwant master de Vries is net allinne in bernefreon, in paedagooch, hy is ek in bêst minske. En as er op 't heden hwat oerspand is, en oars docht as gewoan, dan komt it krekt dêrom. Hy nimt it libben o sa earnstich, dat is it him. Hy kin der net mear tsjin oan, op 't heden... De bern wiene altyd och sa wiis mei him en nòch!
Hy jowt gjin les mear, wol?
Né. Dat is to sizzen, net gewoan. Hy is hwat oerspand, hy is siik. Hy moat mei sykteforlof winliken. Dokter moat him mei sykteforlof stjûre.
Dus jo tinkt dat er siik is?
| |
| |
Wis, hoe soe it oars kinne? Altiten hat er o sa bêst west foar syn wurk, en nou ynienen...
Siik, siik...? Hoe siik...? Praet er deryn om, docht er nuvere dingen?
forheard Nou, hy jowt dochs gjin gewoan les mear.
Mar docht er wyld? Oerspand? Hy liket my mear in ûnpraktyske idéalist.
Gefaerlik! Hoe doare jo it to sizzen?
Hy is dochs oerspand, neffens jou sizzen. Siik? Breinsiik?
Jo wolle sizze dat er gek is... gefaerlik gek. Né, absolút net, hy is sa kalm as hwat. Mar hy hat mear fan himsels ferge as goed foar him is. Hy is oerspand.
Nou koart en goed: is er... gek?
Dan is er idéalist. As er net lui is alteast.
ûntdien Lui!! snokkeret, bringt bûsdoek oan 'e eagen Fansels is er idéalist, hoe soed er oars master wêze kinne... mar it is him oermânsk wurden... hy is siik...
Goed, dat binne wy dan meiinoar iens. Hy is siik, hy moat der út.
Earst mei sykteforlof... byneed alhiel.
treastgjend Kom, kom, safier is it noch net. Earst mar ris mei sykteforlof.
| |
| |
Wy moatte dan salang in tydlik haed fan 'e skoalle hawwe, bigripe jo?
It leit yn 'e reden dat jou kollega, de hear Hoekema, dêr it earst foar yn 'e bineaming komt.
Né, né, dat moat net... it soe net goed foar de skoalle wêze. Jimme kinne better in oarenien sykje as tydlik haed.
Hoe dat sa, hwat bidoele jo?
Juffer Lemstra, boargemaster freget jo hwat.
Hwat? O ja, wis minhear Swierstra. Né, ik leau wier dat it net goed foar de skoalle wêze soe. Ik leau... och, ik wit n't. Ik soe it aeklik fine as yn it plak fan master de Vries... wylst dy... ien as Hoekema...
Kinne jo it net lyk fine mei jou kollega, juffer Lemstra?
sjocht forheard Och ja, dochs wol. Ja. Wy hawwe noait spul, as jo dat tinke...
sjocht in kâns Mar jo soene it dochs net in noflik idé fine, as hy nou krekt jou haed wêze soe.
gewichtich Dêr kin ik bigryp foar hawwe en wy wolle jo graech yn 'e mjitte komme. Hwat jo, boargemaster?
Hen? O ja... ja fansels... fansels.
Wy binne ré, de boargemaster liket it dêrmei iens to wêzen, dat ik mei wol sizze, leau 'k, wy binne ré om jo oer to pleatsen nei in oare skoalle. Dat makket it allegearre folle makliker.
knikt ynstimmend Folle makliker, wis.
| |
| |
Makliker!? Né... né. Ik wol net. Dat wol ik net. Ik wol net oerpleatst wurde nei in oare skoalle. Ik wol hjir wêze as master de Vries wer weromkomt.
Mar hy moat weromkomme! Hy komt dochs werom? Sykteforlof seine jimme dochs, hy is dochs siik...
Hwat witte jo dêrfan? Boppedat, as er better wurdt...
Dan hat him hjirre safolle ôfspile, bigripe jo? It soe wolris sà wêze kinne, dat er hjir better net weromkomme kin.
Dêrom krekt moat ik hjir wêze...
Hwat sil it doarp derfan sizze?
Ja, as er werom komt, dan praet eltsenien deroer.
Hja sille allinne mar bliid wêze, dat master de Vries werom is. Net ien dy't hwat sizze sil... Net ien dy't net bliid wêze sil.
It wie foar jou eigen bêst, juffer Lemstra, ús oanbod om jo oer to pleatsen.
sjocht grimmitich nei de boargemaster Jo hoege fuortdaelk net to bisluten. Sliep der mar ris in nacht oer.
Nou, juffer, dan tankje ik jo foar de muoite. Mar gau wer nei jou klas, soe 'k sizze. harket De bern binne aerdich rêstich, sûnder dat jo der by binne.
| |
| |
glimket Dit is de skoalle fan master de Vries, hearen. Dy hâldt wol in eachje yn it seil... De bern geane foar him troch it fjûr. is stean gien Nou, dan gean ik mar wer.
Wachtsje. Soene jo master de Vries even freegje wolle oft er hjirre komme wol?
Ik sil 't boadskip oerbringe. Goendei, hearen. juffer Lemstra ôf; komt werom, mei de holle om 'e hoeke Mar hy is siik, hear! Hy is siik. ôf
Hja moat oerpleatst wurde.
Hja koe wol foreale wêze op dy man.
't Sil my binije oft dat fan twa kanten komt.
Hy is net troud...
Der wurdt kloppe, yn komt juffer Lemstra
Hy is siik, ik haw it al sein. snokkeret
Hy... snokt Hy wol net komme. As de skoalle út is, sil er wol op it gemeentehûs komme, seit er. Nou komt er net...
Dy man is gek. Hy makket der in komeedzje fan!
-DOEK-
| |
| |
| |
| |
Tredde bidriuw
Wurkkeamer fan de boargemaster; boargemaster en ynspekteur; beide hingje op har gemak yn in stoel
...en doe sei er... Nou, ried ris hwat er sei!
gniist Doe sei er: prúst de poatsjes komme altyd earst! Nou, hoe is er?
laket him slop; slacht mei de hannen op 'e knibbels
Ha, ha, ha, de poatsjes komme... bliuwt der yn stykjen fan it laitsjen
Is 't net prachtich!? laket bolderjend
Nou ik... laket... moatte jo hearre...
Kenne jo dy fan dat jongtroude stel? gniist
Né, nou ik, hear. In Hollânsk mopke... ik haw it fan 'e haed-ynspekteur... Dy hat it fan it departemint...
Jo hawwe wol heard fan Franz Léhar, nou...?
oandien... Die lustige Witwe...
Krekt. Nou, dan kinne jo dit wol oplosse: hwat is it tsjinoerstelde fan Franz Léhar? yn spanning Nou?
Tsjinoerstelde... tsjinoerstelde... dat soe 'k net witte. Ik jow it oer, hear.
útlitten Bethlehem! It tsjinoerstelde fan Frans lee haar is Beth lee hem! bigjint to laitsjen
| |
| |
sjocht ûlich, mar hat it dan ynienen troch en bigjint mei to laitsjen; boargemaster en ynspekteur allebeide slop fan gnizen
ynienen earnstich Jo hawwe gelyk. sjocht op 't horloazje
forheard Hwatte? sjocht nei ynspekteur, dan op it eigen horloazje Jo hawwe gelyk. It is aenst safier. Hwat dogge wy?
Hwat dogge wy? Der út, soe 'k sizze.
Wis, fuort derút. Dit kin gjin kant út.
Hwat ûntkent...? Dat frommiske hat dochs dúdlik sein...
Dat bidoel ik - hja moat der mar by komme.
Ave Caesar, wis. Mar hoe krije wy se hjirre?
Hoe? Dat is maklik. draeit nûmer fan ien sifer Ja, Jelkema, kom hjir even, wolle jo? hoarn del; tsjin ynspekteur Jelkema kin der wol efkes hinne rinne. 't Is mar in hoannestap. As er efterom giet.
Tige, tige.
Der wurdt kloppe; Jelkema komt yn
Hjir wie ik al, boargemaster.
Moaisa. Nou moatte jo ris goed harkje.
hwat forûngelike Dat doch ik dochs altiten, boargemaster.
Hen? Ja, jawis... my wolris hwat tofolle. Mar nou moatte jo goed
| |
| |
harkje. Ik woe graech, dat jo even nei de skoalle rounen... sjocht op it horloazje
De skoalle fan master de Vries, tink?
Hwat oars. Ja, en dan sizze jo dêr tsjin master de Vries en tsjin juffer Lemstra en tsjin master Hoekema, dat hja op it gemeentehûs komme moatte. Sadré't de skoalle útgiet, komme hja hjirhinne. Bigrepen?
Ik sil it boadskip oerbringe, boargemaster. Dat jimme harren hjir forwachtsje... Kin ik se fuort ynlitte?
Ja, doch dat. Jo bringe se hjir dus. Yn dizze keamer.
Wachtsje! Siz, as jo werom komme, bliuw hjir dan in bytsje by de doar. Wy wolle net steurd wurde en faeks hawwe wy jo noch nedich.
Bigrepen, boargemaster. ôf
En dan nou mar wachtsje op 'e dingen dy't komme sille.
sjocht op it horloazje O, hja kinne hjir samar wêze.
Lit ús it der dochs noch efkes oer hawwe. Wy stelle de feiten fêst: dat er neat mear docht, dat er net komme woe en dan sizze wy it him. gebeart mei de tomme Derút!
En dan stelle wy Hoekema oan.
En juffer Lemstra fortelle wy dat hja oerpleatst wurde sil.
Ja, dat is de wei... dat is de wei...
| |
| |
Ik siet krekt to tinken...
Hea, dat is eigenaerdich... ik siet krekt ek sa to tinken stoarret foar him út; ûntwekket ta nij libben Siz, kenne jo dizze wol? Wachtsje, dêr moat ik by tekenje. skaeit op it buro om, om in stik papier to finen; sjocht neat geskikts; grânzget Fansels, papier genôch. Stikken... allegearre stikken... dêr moat it mar net op. Hwer is nou in stik skjin papier? Wachtsje. dûkt yn 'e papierkoer; docht in taest; hellet in giele brieveslûf foar 't ljocht Hjir kin it wol op. swaeit triomfantelik mei it papier
Der wurdt kloppe; yn komme De Vries, juffer Lemstra en Hoekema, folge fan Jelkema, dy't der net yn komt mar de doar efter harren tichtlûkt
smyt brieveslûf fortrietlik wer yn 'e koer
Sjoch, dêr stean stuollen. Krij in sit. hja geane der by sitten
sjogge elkoar oan; knikke tsjininoar
Wy hawwe dizze lytse gearkomste bilein om't it bilang fan it ûnderwiis dat fan ús freget. Ik jow it wurd oan de ynspekteur, minhear Swierstra.
Tankewol... eh, tankewol. Sjochris, wy hoege der net om hinne to winen. Wy witte allegearre hwer't wy hjir foar sitte. Mei de oaren hawwe wy al praet en jo, minhear de Vries, witte ek sûnder dat wol hwer't it om giet.
Jo meije aenst it wurd. Minhear de Vries, wy wolle witte hwer't jo mei it ûnderwiis hinne wolle. En wy wolle ek witte, earst witte, hwerom't jo net kamen doe't wy jo fan 'e middei dat fregen. Dat stiet ús alhiel net oan, dat jowt gjin foech. Wier of net, boargemaster?
| |
| |
Wis, wis... dat komt net to pas. Hoe soe it kinne... Gjin ûnderwiis jaen en net komme wolle ek noch...
Koe net komme? Hoe miene jo dat?
Ik wie dwaende mei de bern...
ûnderbrekt him Mar jo dogge neat.
DE VRIES: sjocht him fûleindich oan Ik wie dwaende in forhael to fortellen. De jonges wiene der hielendal yn, hja heinden emosionearre my de wurden út 'e mûle... Dy eagen... dy eagen seagen allegearre ien kant út... nei my, nei de forteller... né, dat siz ik net goed... hja seagen nei it fortelsel. Hja seagen my net iens, koene my net sjen. Hawwe jimme wolris berne-eagen sjoen, harkjend nei in forhael... né, dat sille jim wol noait sjoen hawwe... Hoe moat ik it fortelle? O, hwat is dat slim, om dat út to lizzen oan hwa't har eagen net brûke.
Paradoksen... it kin inkeld mar sein wurde yn paradoksen. Hja stoarje, stoarje...
...nei de mûle dy't fortelt, mar hja sjogge neat. Hja sjogge yn harsels en hja fornimme inkeld de gong fan it forhael, inkeld...
Soene jo net ris ta de saek komme wolle?
Mar dit is de saek, boargemaster! Fordoary, dit is de saek! der falt him hwat yn Goed dat jo it sizze. Jo wurde ûngeduldich, jo wolle witte hoe en hwat... Ja, ja... dat woene de jonges ek, mar hja kamen net op klompen yn 't spul. Hja wachten ôf... hja wiene mûsstil... geheimsinnich Mûsstil wie it... ynspekteur en boargemaster rekke nettsjinsteande harsels de halzen; juffer Lemstra en Hoekema harkje mei sawn pear earen; De Vries forfolget saeklik Doe waerd der kloppe. Oft ik mar efkes komme woe. wurdt lilk by
| |
| |
it weromtinken Nou, ik woe net. Dat wol sizze, ik koe net. Né, né, jitris né! Dat koe ik har net oandwaen. kalmer It muoit my, dat it net koe. Ik woe net ûnfatsoenlik wêze foar jim oer. As jimme dy yndruk hawwe mochten... boargemaster en ynspekteur jowe dy yndruk wòl Hawar, dan muoit my dat.
Ja, dêr keapje wy hwat foar...
gjalp Hy is net goed, hy is lang net goed... hy is siik.
tsjin De Vries Ik nim oan, dat jo dat sa fiele, mar it giet nou om de feiten. Jo woene... Jo binne net kaem. Sa is it mar!
Dat liket nearne nei. De feiten binne fêststeld. Jo jowe ek gjin les mear.
Krekt, en fortel ris, hwat hawwe jo dêrop to sizzen.
libben Fan 'e middei fortelde ik de bern in forhael, en doe moast ik ophâlde. En jim wolle my forwite dat ik gjin les mear jow! drôf Mar it is wier. Jim hawwe gelyk. En alwer: ik wol wol, mar ik kin net. Ik kin net mear op 'e wenstige wize lesjaen.
forachtsum Underwiisfornijing...
Fyftsjin jier haw ik it dien. Haw ik se rekkenjen leard en lêzen... en skriuwen. Soms wie ik greatsk op hwat ik birikte. De lêste jierren... ik moat sizze, inkeld ris lei de twivel op 'e loer, mar dy joech ik gjin kâns... hwa't twivelet oan hwat er docht... oan de sin dêrfan... dat is gjin goed skoalmaster, dy kin mei lesjaen wol ophâlde... Mar ik hâldde fan de bern... ik joech de twivel gjin bod, ik woe trochgean... Doe seach ik dy film fan de Unesco... lytse swarte jonkjes... mei strieljende eagen... dwaende mei lêzen, mei rekkenjen... Ik seach har boartsjen ûnder de palmbeammen,
| |
| |
ik seach har sitten mei de tonge út 'e hoeke fan 'e mûle... En ik seach ek, al wie it net yn dy film, ús sjacherjende hannelers, ús deade politici, ús domme polysjes, ús ynspekteurs en ús boargemasters...
...en ik wist, dat it net mocht. Dat it net goed is, dat men bern net yn it stokramt fan dy biskaving triuwe mei. Dat it lok to krijen hat mei oare dingen as mei rekkenjen en al it oare. En doe koe ik net mear...
Doe koe ik net mear. Mar in minske... ik bidoel in minske út ús wrâld is lef en ynkonsekwint... ik koe it net mear... mar ik die it al. Ik gie troch - dat bisocht ik alteast - as wie der neat bard. Mar ik fielde dat ik gek waerd, stadichoan. Ik seach forwyt yn berne-eagen, ik seach de greate bidjerderij dy't myn skuld wie... myn skuld...
Hy is oerspand... hy moat mei forlof...
Easterske idéen kinne yn it westen...
Dat jo binne dermei ophâlden?
Ja. Ik bin dermei ophâlden. Ik wit dat dat fansels net kin, dat ik dêr net foar bitelle wurd. Al is dat in forsin... in great forsin. Mar it is sa. Ik kin jimme net oertsjûgje... Jim ha de macht, hwant jimme fortsjinwurdigje ek macht... Ik wist dat dit komme soe. It fornuveret my, dat jim net earder kommen binne, hwant ik bin net gek.
tsjin juffer Lemstra Ek net oerspand. Ik tink klearder as oait to foaren.
As dat sa is, dan fiele jo wol dat dit net mear kin. Dit kin nèt!
| |
| |
Jo tinke faeks dat jo neat mankearret, mar dêr hat men sels net altiten bisleur oer. As jo nouris nei in dokter tagiene...
Ja, master. Jo moatte nei in dokter gean. Jo moatte der ris út...
Doch it, master... doch it om de bern... doch it om my... de bern...
Ik bin sa soun as hwat. forheftich En ik bin net oerspand, ik bin net gek. Earder... Faeks bin ik de iennichste dy't by syn folle forstân is. Al is it by my ek ryklik let kommen. Mar ik helje it bykomstige en it wêzentlike net trochinoar. Dat gegriem en gekliem, dy forfalsking, dat dûbele sjen, dat dûbele tinken, net-tinken, de wiispraterij, de humbug, de domme konvinsje, de konvinsionéle dommens, stommens, ezeleftigens, wezelingeftigens.
bisiket hjir oerhinne to praten; rjochtet har ta de boargemaster en ynspekteur; hieltyd hertstochtliker Harkje net nei him. Sa is er net. Hy is oerspand. Hearen, leau my, hâld der mei op, nòu. Lit him mei my gean, dan soargje ik wol, dat er nei in dokter giet, dat it goed komt. Mar gean dan nou net mear troch!
as De Vries even stil is Master, wy moatte fuort. Kom, gean mei my... Kom dochs, master. Ik sil... joun sil ik... kom dochs mei. Wy soene ommers út to fytsen, kom nou! Ik sil... slacht de hân foar de mûle Oh! krimmenearret súntsjes
sjocht mei ûntsetting nei juffer Lemstra Né... né. tsjin boargemaster en ynspekteur Mar nei in dokter gean ik net. Hoech ik net. Ik net.
Brûk dochs jou forstân. Dit is jou kâns. Oars. Oars... makket gebeart mei beide hannen as in dirigint dy't de muzyk bitwingt
| |
| |
Oars geane jo derúut - fuortendaliks.
tsjin Hoekema Kearel, soene jo net ris in gleske wetter helje foar de juffer?
fearret oerein; siket om wetter
sjocht Hoekema omskarreljen Né, dat fine jo hjir net. Freegje it mar oan Jelkema. Hoekema ôf; boargemaster sjocht om bar nei de door en nei juffer Lemstra
lilk Hwat oars! Brûk dochs jou forstân.
Myn forstân brûke?... Hoekema komt werom mei wetter; jowt dat oan juffer Lemstra; boargemaster sjocht ta Hoe!? As minske, as paedagooch, as... of as de fabrikant fan de útris fan it nije gymnastyklokael, jo witte wol... Of as de adviseur dêrta? skeakelet wer oer Dus, jo wolle my derút hawwe. Untslach op steande foet.
faget him mei de bûsdoek om 'e holle Kom, kom, minhear de Vries. Sa bot bidoel ik it net. Dat bigripe jo wol. Mar it soe faeks goed wêze... It is o sa slim om alles op syn birin to litten. De âlden komme to kleijen. Dat kin sa net. De Vries swijt; ynspekteur forfolget susjend Hwat wy graech wolle, is hwat meiwurking yn dizze saek en ik bin der suver wis fan faget mei de bûsdoek dat jo dy graech jaen wolle. boargemaster sjocht opmerksum ta Jo moasten mar ris in foege fakânsje nimme. In skoftsje derút sil jo goeddwaen.
ûntdien Fakânsje...! In skoftsje derút...
tsjin boargemaster De foarslach fan juffer Lemstra wie faeks net sa forkeard. Miskien is it better, dat wy nou mar ophâlde... faget It hat ús allegearre dochs hwat... eh... emosionearre... Ik wol wol wêze, jou forhael, minhear de Vries, it hat my dochs wol oansprutsen... Paedagogyk is dochs in fak dat... Hawar, ik haw der folle bigryp foar, hoe't jo der ta kommen binne... nou ja, ik bigryp dat jou hannelwize út jou idéalen en idéen fuortkomme koene... ûntsetting by boargemaster en Hoekema; forromming by juffer Lem-
| |
| |
stra Tout comprendre, nou?... Mar ja, jo sille bigripe, minhear de Vries, dat it foar my as ynspekteur en faeks noch mear foar de boargemaster...
...o sa slim is om dit ta to litten yn 'e skoalle.
De âlden kleije; wy wurde der op ferge; it kin net yn it bisteande ramt. Dat, minhear de Vries, as jo nou ris in skoftsje mei fakânsje...
Master, doch it. Toe nou, doch it om my... Lit ús gean...
lilk Né!? As ik nou né sei, en ik siz né. Mar jou né? Kluchten! Kluchten, siz ik. Ik sil jo sizze, hwer't it op stiet.
Och, minhear de boargemaster... ja, nim my net kwea dat ik jo ûnderbrek... mar ik leau dat de foarslach fan juffer Lemstra net sa min wie: wy hâlde der nou mei op, master de Vries biriedt him der ris op...
Hwàt biriede! My tocht, dat wy ús biret hiene, fan 'e middei.
Wis, wis hiene wy dat. Mar wy hawwe nou master de Vries sels heard...
Juffer Lemstra sjocht hoopfol nei ynspekteur; Hoekema sjocht fan de iene nei de oare, ek nei De Vries, hwaens each er skrutel siket; De Vries lykwols stoarret by him lâns, mar harket mei sin
...en nei syn forklearringen haw ik noch ris goed neitocht.
Juffer Lemstra sjocht grimmitich nei him; hja libbet tige mei yn it
| |
| |
petear fan boargemaster en ynspekteur, wylst hja dêr tuskentroch heal smeekjend nei De Vries sjocht, dy't lykwols ek foar har gjin each hat
Hen? O ja, nou, sa bidoel ik it net. Jo sille goed neitocht hawwe, mar jo binne ta forkearde konklúzjes kommen. Hiel forkearde konklúzjes.
Dat sizze jo wol hiel maklik, mar jo witte skraech hwer't jo oer prate.
Hoekema bisiket net nei boargemaster en ynspekteur to sjen en it each op in fêst punt - alhoewol hieltyd in oar - to fiksearjen; it slagget him net syn hâlding to finen
Né. Foar jo as boargemaster is it ûnderwiis mar in part fan jou taek... in lyts part. Forstân hoege jo der net fan to hawwen...
Hoe doare jo! Hjir, yn myn eigen keamer, en jo doare my to sizzen dat ik gjin forstân fan it ûnderwiis haw. Dan sil ik jo ris hwat fortelle!
Mar dat is dochs to gek. Dat haw ik alhiel net sein. Ik haw sein, dat jo der gjin forstân fan hoegden to hawwen, it is net essinsieel foar jou funksje. Fansels, it is der moai by...
Mar, ynspekteur... dêr is dat earste needsaek foar. De paedagogyk... en de paedagogen. Faeks noch mear forstân fan de paedagogen as fan de paedagogyk. En nou hawwe wy beide minhear de Vries heard... en ik haw der wer fan leard, fan hwat er forteld hat.
Hen? O ja, dat sil 't wol. Ja... ja, ik ek, hear. Ik haw leard dat men as boargemaster net inkeld forstân hawwe moat fan paedagogen, mar ek fan ynspekteurs.
It liket my hjir net it plak, noch... siket om it wurd de tiid om op sa'n sabeare geastichheit yn to gean, mar ik woe sizze, dat ik leau dat wy minhear de Vries freegje moatte oft er net in hoartsje mei forlof wol.
| |
| |
Wol stom! Oft minhear de Vries wol sa goed wêze wol... wês wizer. Hy giet nei in dokter en as dy him in briefke jowt dat er siik is, dan kin er gean. En oars... dan moat er gean. Der út! Op slach!
Sokke drigeminten lykje my alhiel net op har plak. Master de Vries hat altiten in bulte foar de skoalle bitsjut... en my tinkt, dat it goed is dat er der in skoftke útgiet. Hy sels sil dat grif ek wol wolle. In wikemennich mei fakânsje, dat docht ús allegearre wolris goed op 'e tiid...
Ja, ja, hwerom net! Gean ik mei fakânsje? Tocht jo nou wierliken dat men fan boargemaster wêzen net minstens sa wurch wurdt as fan master wêzen? bitter It docht ús allegearre wol ris goed! Wel ja, toe mar. It kin net op. juffer Lemstra nimt in swolchje wetter, forslokt har deryn, moat hoastje, hwat de eagen fan Hoekema lûkt, fan dy gefolgen dat it noch slimmer wurdt Sa'n earm sloof fan in skoalmaster, nou? Sa'n man hat ommers ek hast noait fakânsje. Nou ja, twa wike mei krysttiid fansels, as de boargemaster ompielt mei dy fordomde bigreating, in foech fjirtsjin dagen mei peaske, as de boargemaster him blau studearret op 'e stikken, mei pinkster mar ien luzige wike, de simmerfakânsje dat giet wol sahwat oardelmoanne! De Vries sjocht mei dédain ta En dan hjerstfakânsje fansels. En útsein de woansdeitomiddei fansels, as boargemaster op 'e sprekûre it gekrimmenear fan syn gemeentelju oanhearre moat... En ôfsjoen fan it feit dat de skoalle om fjouwer ûre ophâldt, wylst boargemaster dan noch moai in pear ûre trochgean kin om in nije foroardening foarinoar to boksen, wylst er jouns dan noch ris de rie foarsitte mei...
It is my folslein dúdlik, minhear de ynspekteur, dat men ûnder sokke omstannichheden as boargemaster de taek hat om sa'n oer de kop jage skoalmaster to freegjen: minhear, soene jo sa goed wêze wolle om hwat ekstra fakânsje to nimmen? It sil jo grif goed dwaen.
De ûnderwizer wurket mei libben materiael... Hoekema laket senuweftich; juffer Lemstra sjocht forneatigjend nei him
Ik mei healdea materiael blykber. libben Mar ik bin it mei jo iens. Sa'n fakânsje docht de man goed. Hoe langer fakânsje, hoe mear goed. Hy is it bêste ôf as er altiten fakânsje hat. Altiten, forsteane jo... En fuortdaliks. bitter; yn tinzen... in foege fakânsje docht ús allegearre wolris goed...
| |
| |
igael Dat kin ik jo meistimme, boargemaster. Fansels, in ûnderwizer hat der profyt fan, mar dochs is it foar oaren ek net altiten sûnder fortuten. Sa wie ik neist inkelde jierren ris yn België, yn Antwerpen, en dêr mette ik kunde, hwa't it ek tige goed die der ris hielendal út to wêzen. boargemaster sjocht earst ûlich, krijt it dan waerm en faget mei de bûsdoek oer 'e holle Nou ja, metten is it wurd net - ik haw him net oansprutsen, hwant faeks hie er dat net bigeard op dat stuit - it wie op 'e hoeke fan de Sint Paulusstrjitte en de Keistrjitte - ik leau ek net, dat er my sjoen hat, mar it wie him oan to sjen dat de fakânsje him goed die.
fleurich Krekt. Sa hoopje ik nou ek, minhear de Vries, dat sa'n fakânsje jo ek goeddwaen sil...
is wylst oerein sprongen; skuort de doar iepen, dêr't Jelkema efter stiet Ha! Tocht ik it net! Efter de doar stean, hen! Hoe doare jo, hoe doare jo!... ynspekteur sjocht pynlik by dizze scene, mar dochs soms hwat mei stille wille; oaren libje nei eigen aerd mei
hat earst perpleks stien; wurdt ynienen lilk Ik porpof it langer. Ik hâld it langer net út... Jo nimme foar my mar in oarenien, jo nimme mar in... in Rus! fynt in skelwurd Stalin!
leaut syn earen net Hwat??? Noch praetsjes ek? Ha jo se allegearre wol? Dat stiet hjir op 'e hark by de doar...
Op 'e hark! Hwat tinke jo wol? By de doar... wis, ik stie by de doar. En hwa woe dat sa ha? Hwa hat my hjitten hjir to stean? Hwa hat sein: bliuw in bytsje by de doar? Hwa hat dat sein, freegje ik jo? Hwa hat sein: wy hawwe jo faeks noch nedich? Hwa hat sein: wy wolle net steurd wurde...? Dat freegje ik jo...!
bigjint it to bigripen Nou, nou, nou, nou...
En hwa sûch docht dat allegearre krekt sa't it him hjitten wurdt, ja, dat freegje 'k jo. wer pûrrazen lilk Mar ik wol net mear! Ik wol sa net mear! Dan sutelje ik noch leaver mei jern en bân.
Kom, kom, Jelkema. Wy kinne ús amtners... Wy prate der aenst wol oer. Gean nou earst mar oan jou wurk...
| |
| |
gâns bikommen En dat is...?
Och, de holle rint my om... It wurk - al dy problemen... Sjoch mar ris, Jelkema, sjoch mar ris. Jo witte sels it bêst...
moedich Mar ik wol it net hieltyd fretten hawwe.
Hwa praet hjir oer fretten hawwe... Ik haw it fierstento drok, de lêste tiid... fiersto drok... gean nou mar.
Mar moat ik hjir noch by de doar bliuwe, ja of né.
Hen? Né... né, fansels net. Né, it hoecht net mear, hear. Mar wy wolle net steurd wurde.
Sa't jo wolle. stapt fansiden
docht de doar ticht en komt der wer by to sitten, wurch; eltsenien swijt; boargemaster faget mei de bûsdoek oer de holle Mei ik jou wetter, juffer Lemstra?
Hwatsei! Hoe bidoele jo, boargemaster? Ik... eh... nim my net kwea ôf...
Wetter, ik woe graech hwat wetter...
is wylst oerein gien Ik sil Jelkema wol efkes freegje...
mei ôfgriis Né... né. Dàt kin wol... Jow my dat glês nou mar...
jowt it glês oan Astjobleaft...
sjocht in kâns In foege fakânsje soe foar jo ek wol goed wêze, boargemaster.
ôfwarrend Né... né. sjocht ek in kâns Fansels, men is der wolris oan ta. Ik kin my yntinke dat jo, master de Vries, in foege fakânsje
| |
| |
wol takomt. De Vries skodhollet Wis, ik bin hwat wurch en dêrtroch wie ik niis net sa aerdich. Mar sa bidoelde ik it net. Sa bidoelde ik it alhiel net. Ik bidoel, ik bin it alhielendal mei de ynspekteur iens, dat it de baes wêze soe foar jo en nim ris in skoftsje lins. Gean der ris út. Dan prate wy neitiid wolris wer.
Just. Sa moat it. Letter kinne wy wol wer ris sjen. Mar nou earst mar ris mei fakânsje.
Ja, sa moat it, dat is it alderbêste. O, hwat bin ik bliid, hearen, dat jimme... dat jimme it nou ek ynsjogge...
...Jo tinke dochs net, dat wy net hieltyd...
...wy witte dochs wol, hoe't wy hannelje moatte...
Dus jimme ûntslane my net?
Untslaen? Hoe komme jo derby!
Dêr hoege jo net oer yn to sitten. Untslaen, woe 'k hawwe... Och kom...
In foege fakânsje... Of, foech, salang't jo it nedich achtsje. Jou bilang giet foar yn dit gefal.
Jo geane mar even nei in dokter. Wy prate wol even mei him, hear.
Mar ik wol net mei fakânsje... En ik wol ek net nei in dokter ta...
Hwat wolle jo dan? Dit kin sa net trochgean. De âlden komme om har biklach to dwaen, der moat hwat barre. Wy wolle jo graech
| |
| |
alle stipe jaen... dat gean der nou in pear wike út. As jo bliuwe is der gjin hâlden oan en dan mei de himel ús bystean. stoareaget somber foar him út
De lju rinne my nou de doar al plat, hjirre. Ik doch oars net omtrint as oer de skoalle prate. Wy moatte hwat tsjin de minsken sizze kinne... wy moatte hwat dwaen... As jo bliuwe, Joast mei witte hwat ús dan boppe de holle hinget. Gean yn 'e goedichheit mei forlof.
bisjocht boargemaster mei nije ynteresse; praet tsjin De Vries Gean mei forlof, ja. Jo wolle net nei in dokter? Goed, dan nimme wy dat ek op 'e noed. tsjin boargemaster Is 't net sa?
Mar gean mei forlof. Moarn daelks. Hwer wolle jo hinne? Boargemaster kin wol regelje dat jo it salaris foar de nije moanne opnimme kinne. Oer de skoalle hoege jo net yn noed to sitten. Master Hoekema kin tydlik haed wurde...
der mei oan Nim my net kwea ôf, hearen, mar... Ik soe graech wolle, mar... ik bidoel, ik... eh... ik soe graech wolle, dat jo om in oar haed seagen. Der moat dochs in tydliken-ien komme... hwerom dan net it haed?
Mar jo hawwe de haedakte dochs...
Of sjogge jo der tsjin oan...?
graech Ja, sa is it. Sa is it, leau ik.
Och kom, Hoekema. Jo, in goede krêft... in bêste krêft... och kom. Dat bytsje administraesje, dêr geane jo dochs net foar omlizzen?
Ja... of né. Sjoch, ik bin leau ik troch alles fan de lêste wiken hwat fan 'e gleed... liicht nou aloan flotter Men libbet mei de skoalle mei, it bliuwt jin net yn 'e kâlde klean sitten.
En dochs, dêrfoar hoege jo jo net oan it tydlik haed wêzen to ûntwinen.
| |
| |
Né, dat soe ik ek net dwaen. Mar foar de skoalle is it better óárs. Ik haw nammentlik ek oars sollisitearre, en dat komt allegearre net sa bêst út.
Dat hiene jo dan ek wolris sizze kinnen.
Wol stom, en hwer wolle jo hinne as ik freegje mei?
Hawar, jo fordwine dochs net fan de iene dei op 'e oare. Wy stelle in tydlik haed oan, dat jo hoege oer de skoalle net yn noed to sitten, minhear de Vries.
En dat mei dat salaris, dat komt wol klear. Jo moatte der ris út.
Ik haw der gjin sin oan. Ik wol net mei forlof. As ik fuortgean...
Kom ik n... sorry. Dy literatuer ek...
Master... Gean mei my to fytsen. Kom joun by my. Ik sil op jo passe. Jo hoege net fuort, mar gean ynearsten net wer nei skoalle. Kom by my, master, lit my op jo passe. Ik sil it net oer de skoalle hawwe, wy prate nearne oer. Ik sil jo op gjin inkelde wize yn 'e wei stean, mar ik sil der wêze om op jo to passen. Ik sil soargje... sjocht om har hinne O, hwat praet ik dochs... triuwt de holle yn 'e hannen; snokkeret sûnder lûd
der mei oan Jo wolle net mei forlof, hwat wolle jo dan?
Wolle jo yn 'e skoalle bliuwe? Dat kin fansels, mar dan moat it al oars as de lêste wiken.
Us posysje wurdt ûnhâldber.
Wy wolle jo graech de kâns jaen. sjocht boargemaster oan
| |
| |
Ja, mei alle wille, hear.
Jo hoege nou ek net fuortendaelk to bisluten. Sliep der noch mar ris in nacht oer, soe 'k sizze.
Toe nou, master, gean nou mei my.
Och frommis, hâld dochs op fan sangerjen.
Ik leau net, dat dit it plak is foar partikuliere... nou ja... kin it wurd net rjocht fine
hielendal oerémus, bigjint lûd to gûlen
sjocht hwat wrevelich nei juffer Lemstra; wachtet noch efkes ûtdruklik Maklik, as men gûle kin. Ik soe ek gûle wolle. Allegearre sa't wy hjir sitte, soene wy gûle wolle. Stom gûle... de hannen foar it gesicht... neat sjen fan de bûtewrâld. Gûle oant mem ús opkrijt... de wrâld weifalt... mem, inkeld mem. De iennichste dy't ús helpe kin, om't wy it forknoeid hawwe. Ussels helpe kin net mear...
Ik wol myn jonges, myn skoalle... mar dy ûntdriuwt my - ik wol net mear lesjaen as earder... lang, lang forlyn. Ik kin it net mear, ik kin it net mear... En it is sa tichteby. As mem jin net opkrijt, dan soe heit komme moatte en hâld rjochtdei. Dat is forskriklik, mar dan is it ek goed... Jimme, jo, minhear de ynspekteur en jo, minhear de boargemaster, soene... Jimme wolle oarder op saken hwat de skoalle oangiet. Mar jim ûntslane my net, jim wolle my net ûntslaen... tinke, dat jim my net ûntslaen kinne... boargemaster sjocht - nou foar 't earst - yntrigearre en hwat biskamme nei ynspekteur Bang foar heit, jimme ek, forlangjend nei mem. Hoekema soe my opfolgje wolle... tydlik, mar leafst foargoed... Hoekema makket protestearjend gebeart Mar hy wol it net oannimme... Hy mient, dat er it net oannimme kin...
Allegear fiele wy ús lykas juffer Lemstra, al beare wy net sa mâl, sjocht hwat forachtsum nei har skuldich... skuldich, allegearre... sjocht de rounte bylâns En gjin mem dy't ús yn har earmen nimt, gjin heit dy't ús straft. Wy straffe ússels, mei ús skuld. Allegearre
| |
| |
bin wy skuldich, mar ik it meast. lûd Ik it meast, hwant ik wit, ik haw willemoeds... ynspekteur en boargemaster bisykje De Vries del to bêdzjen, mar hja skrilje werom by syn nije útboarsting; juffer Lemstra snokkeret op 'e nij, net to lûd; Hoekema sjocht ûlich Toaniel en libben haw ik trochinoar griemd... ik socht de auctor intellectualis laket sabeare intellectualis... mar it libben achtet dêr net op... it skopt syn figuranten mei to folle forbylding... It hjitfolget de skuldige... de measte skuld, de swierste straffe. op 'e nij in gjalp fan juffer Lemstra Stil dochs, frommis, biswarrend stil... it moat ús net hearre... Gjin ljocht, it mei ús net sjen. Stil... praet foar him út Ek yn it tsjuster grânzget it bist ús oan. Wy meije gjin fin forroere... Al hwat wy dogge bitsjut gefaer... wy binne faei. Ien biweging... ien lytse biweging fan ús kant en de aksje komt los, swart op swart... Dochs kin men sa net sitten bliuwe... dat is de hel...
Sa sit men yn 'e hel en wachtet wylst der net wachte wurde kin... Geduld, hwat bitsjut geduld - it falt wei tsjin syn tsjinoerstelde... Partij remise... Myn partij, dy't ik sa wollen haw... Né, ik haw him net wollen, mar ik wurd der rjochtlik foar straft. Myn hybris, myn forwar, myn ûnsinnich forwar... Ik bin troch in hel gien... in hel, dy't net to kearen wie: dè hel. Men tinkt dat men gek wurdt, mar salang't men dat noch tinkt... of faeks is it oarsom... Moat men gek wêze om safier to kommen. Gek wurdt, om't men tinkt... gek wurdt om't it ynstinkt ta forwar noch wurket. Gek wurde, stadichoan gek wurde om't men de stap net dwaen kin dy't foar de hân leit, mar dy't faeks net dien wurde kin om't men al gek is. As wy kidele wurde, laitsje wy dan net? gewoaner Doe't jim der wiene fan 'e middei tocht ik, nou is it dien. Ik hie forromming fiele moatten, mar dat wie net sa. En doe't ik de jonges fortelde, better fortelde as ik oait dien haw, woe ik dat it sa bliuwe soe, dat der gjin ein oan komme soe. Mar de stomme klok dy't de boargerlike tiid tikket, soarget fansels foar de ein. Ik hie se hâlde kinnen, nei skoaltiid, even, fiif minuten faeks. Mar dan. Sels ik, godalmachtich forteller hie inkeld lichems yn 'e banken hawn nei sa'n skoftsje. Lea dy't bigjinne to rideljen en hin en wer to skeuken. Dochs woe ik se hâlde en ik wol se noch hâlde. Ek doe't jim my bidrigen niis, wie ik net bliid, net forromme, of faeks al bliid, as it bist dat funksionearret; myn neilen skeaten út. Faeks sjogge jim it bist yn myn stal. As dat sa is, moat ik laitsje, laitsje. opwoun Hwat binne jim gelokkich yn jim ûngelok; salang't it bist noch in stal hat is der neat to rêdden. Foar my oer stiet in skaed, sûnder kontouren, sûnder foarm, driigjend en swart, ien mei de nacht.
De nacht dêr't ik yn sit, dy't oer my en yn my is en dy't my tognjiddet... Ik bin bang, ik bin sa bang... hannen foar de eagen;
| |
| |
ûntsetting by de oaren; bliuwt even sa; bitter Hjir sitte wy nou mei ús remise, ús misère. Hawwe jim wol opmurken dat it suver itselde wurd is, misère en remise, deselde wurdlidden, deselde bitsjutting. raest it út Siz hwat, doch hwat! oaren swije; resignearre It bliuwt dus remise. In lytse hel binnen yn de greate. En ik dy't dêryn omwâdzje... Ik jow it oer. Ien is genôch... Ik jow jim dien... absolúsje... Nim my net kwea ôf, myn greatspraek ek... Jim bin frij, ik jow jim frij - sorry alwer - ik sil dwaen hwat jim wolle. Siz it mar.
Trochinoar:
Minhear de Vries, wolle jo...
sûnder dat er goed wit hwat er seit It is suver in happening.
Mar ik gean net nei in dokter... Foar my is inkeld de psychiater... Net dat it hwat jowt... Helpe kin er allinne as der noch in winstkâns yn de partij sit... Mar hy kin alteast... lûder Happening? Jo seine happening? Hoekema skrillet tobek Hoe hjit it, as der to greate lotgefallen - gefallichheden fan it lot - op in to lytse figuer lein wurde?
Do not go gentle into that good night... Goeije nacht... hawar, jim kinne wer sykhelje. Jim happening ha jim hawn. Jimme hoege net mei to spyljen yn dit stik... myn stik... Jim meije net meispylje. Do not go gentle... Ik sil nei de psychiater. giet nei de doar; oaren sjogge him bangich efternei
snokkeret lûd; sil oerein; gjalpt Master...
wart ôf mei de hân en seit, sûnder har spesiael acht to slaen Ik wol jimme net yn - net iens yn in melodrama.
-DOEK-
|
|