De Tsjerne. Jaargang 21
(1966)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 5]
| |
[pagina 7]
| |
Achte Sipkens,
It wie ûnder in slokje, dat ik jo fortelde, dat ik in toanielstik oan jo opdrage woe en dat jo dat graech oannamen, wylst it dochs foar it greatste part noch skreaun wurde moast en jo dus fan alles boppe de holle hingje koe. Dêrom is in lytse útliz hjir net mispleatst, liket my sa. En dan bidoel ik fansels net, dat ik tsjin jo eksplisyt útkomme litte moast, dat de ûnderwiisynspekteur yn it stik neat mei jo, of oare ynspekteurs en âld-ynspekteurs dy't ik ken, to krijen hat. Né, mar al woe ik graech, dat jo der hwat yn seagen, yn dizze opdracht. Net sa lang lyn is der in skoalle nei jo neamd en dat makket my op 't stuit wol hwat senuweftich: in skoalle is in skoalle, mar in toanielstik, dat kin fan alles wêze. Dit stik giet oer in skoalmaster. Dy is de haedpersoan alteast en hy is gek. It wichtige foar my is, dat er him dat sels biwust wurdt en dat er ré is it ûnder eagen to sjen, al slagget him dat fansels mar heal. Yn elts gefal like my dat de pinne fan in tragicus (dat fielde ik my) wurdich en ik hie mar min myn moed, doe't bliken die, dat de persoanaezjes dy't yn 't earste bidriuw opkamen har dêr neat fan oanloeken en frijhwat blijspuleftich úteinsetten. Ik moanne har kear op kear ta earnst, it joech allegearre neat. Pas efterôf krige ik troch, dat hja needsaeklik binne lykas hja binne en dat hja relief jowe oan it gek wêzen fan de protagonist, | |
[pagina 8]
| |
mei't hja sels op oar nivo gek dogge... en dat dat to meitsjen hat mei toanielspyljen. In gewoan minske spilet himsels, spilet syn funksje en sa bliuwt, lykas jo witte en my leard hawwe - nou't ik dit delskriuw wurdt my foar de earste kear ek dúdlik, hwerom't ik dit stik oan jo opdrage moast - de wrâld draeijende. De haedpersoan is net sabeare, mar wier gek, om't er net meispylje wol. Hy bisiket dat to rasionalisearjen as net mear lesjaen wollen, mei gâns idéalisme dêrefter, mar yn wêzen giet it inkeld om it net mear meispylje kinnen. Der stiet kinnen, net wollen, om't er oars is (ek yn de pregnante sin dy't it wurd somtiden hawwe kin) en to lang spile hat dat er dat net is. Dêrom is dit stik dat fan de spyljende, himsels stilearjende minske en sa koe ik ek it frij fine net ‘Bêste Roel’ boppe dizze oanspraek to setten en jo mei jo oan to sprekken (hwat dus neat út to stean hat mei it feit dat ik mei Jo ûndertekenje). It biroerde foar de boargemaster en de ynspekteur is, dat hja in kear korrupt west hawwe, de iene hwat de houliksmorael oanbilanget, de oare op amtlik mêd, wylst dat perfoarst net yn harren net-skreaune rolle stiet. Hja bisykje oan de konsekwinsjes to ûntkommen en litte dêrtroch de protagonist yn 'e kjeld stean. Hwer't har ynstinkten it woun hawwe fan de leare, hat hy ek ynstinktyf réagearre, fan gefolgen dat syn die syn folslein eigen forantwurdlikheit wurdt. Ik leau, dat er wier gek is. Hy is myn haedpersoan, ik biwûnderje syn moed, ik wurdearje syn yntelliginsje en yntellektuéle mearderheit, ik biklei him oer syn aerd en fiel mei mei syn lot, mar ik hâld net fan him. Faeks om't ik bang bin fan de dingen, dêr't er sels ek bang fan is, mar dy't er akseptearret. It leafst mei ik winliken de boargemaster lije, mei al syn dommens, in stupiditeit nammers, dy't it semint fan ús maetskippij is, alteast as hja biselskippe wurdt fan foldwaende selsoertsjûging. Dat jowt allegearre neat; hwat àl ta de saek - dy fan de opdracht - docht, is dat it stik mei herte en siel skreaun is.
Jins JO SMIT |
|