Meidielingen
Mei yngong fan 1965 sil der foroaring komme yn de gearstalling fan de redaksje. E.B. Folkertsma en Fedde Schurer geane dan ôf as redaksjelid en wurde opfolge troch Lolle Nauta en Trinus Riemersma.
Fanwegen de omheechgeande eksploitaesjekosten sil mei yngong fan 1965 de abonnemintspriis fan De Tsjerne op f 15, - jiers brocht wurde moatte. Abonneminten foar studinten, kwekelingen ensfh. komme dan op f 12,50.
Mei yngong fan it nije jier sil it tydskrift yn in nij omslach forskine neffens in ûntwerp fan Durk van der Ploeg.
It register op de ynhâld fan jiergong '64 sil by it earste nûmer fan de kommende jiergong ynlein wurde.
Stimpelbannen foar de ôfroune jiergong kinne oer de giro bisteld wurde by de administraesje foar de priis fan f 1,75 it stik.
Abonnemintsjilden moatte stoart wurde op gironûmer 1028440 fan Administraesje De Tsjerne, Goudtsjeblomstrjitte 29, Ljouwert. Wol elk foar 1 febrewaris bitelje? It bisparret drokte en ynbarderskosten.
REDAKSJE EN ADMINISTRAESJE