Fan dit thema hat Smit (regy, scenario, montaezje en produksje binne allegearre fan him) mei sobere middels in lyts drama makke dat jin alhiel yn de bisnijing nimt. Der wurdt sa min mooglik praet, der is winlik mar ien (net al to sterke) dialooch yn in kroech. Der sitte twa forkearstellers op har buro en op strjitte binne inkele minsken: in stokâlde man mei in houn, in famke fan in jier of tsien dy't him nei syn stoel bringt, de jonge dy't de folders bisoarget dêr't de lju yn warskôge wurde dat se it hûs út moatte en noch in pear oaren. Mei treflike opnamen en in folslein effisiënte montaezje wit Smit hjir in sfear op to roppen, frij fan alle sentimintaliteit, dy't in gewoan foarfal ta symboal makket fan it sic transit gloria mundi. De beide forkearstellers yn har somber hok koene sa út in roman fan Kafka stapt wêze. De âld man dy't gjin euvelmoed mear hat yn hwat der om him hinne bart, stjert op strjitte. Trije eleminten bringe jin even Bergman yn 't sin: de houn dy't mei syn keatling om 'e hals âljend fuort fljocht as syn baes dea is, it forwûndere bern dat troch alles hinne boartet, om't hja alles forwachtet en de jonge mei de folders dy't clown en ûnheilsboade tagelyk is.
Boud Smit is nou al in filmer pur sang, dêr't men frijhwat fan forwachtsje mei.
Aanmelding fan Rob Houwer is ek de muoite wurdich. Ek hjir in deistich foarfal mei de eftergroun fan minsklik leed en de aktualiteit fan in binearjend probleem. In frou op jierren jowt har op foar in tohûs fan âlde minsken. De film jowt bêste en navrante shots fan de biwenners fan it hûs. Dêr trochhinne heart men op de eftergroun de dialooch tusken de frou en de direktrise, dy't men net sjocht. Saeklike en soms spikerhurde fragen dy't in tragyske réaliteit aksintuearje. Hawwe jo altyd in geregeld libben lein? Hwat bidoele jo? De fraech wurdt herhelle as kaem er fan in robot - ...Och ja... gewoan... Yn suggestive flashbacks floeije dan juster en hjoed, oantinken en werklikheit yninoar. Witte jo wol dat dizze oanmelding noch net bitsjut dat jo in keamer krije?... De frou giet wer op 'e tram, se is har sterker har iensumens biwust. Wol se der noch hinne?
Ek in goede filmyske short story.
P. fan Jan Keja krige it greatste applaus en der is forheftich om lake. P. is in lytse diktatoriale perfeksionist dy't mei in blynkape foar en in ûnbidige hoed op troch de film dounset, syn sin trochset en ek wolris tsjin de flier giet. In nei it absurde skaeijende humor en surréalistyske tafrielen mei forbjusterjende filmtrucjes. In knap stik filmkabaret, fotografy en montaezje forriede de fakman, de muzyk is funksioneel.
Kokon fan Jan Oonk duorret mar njoggen minuten en foldie my it minst, nettsjinsteande de moaije kleuren. In momint út in groeiproses fan rûp ta flinter, symbolisearre mei minsklike figueren, men kin ek sizze: oerbrocht op de minsklike situaesje. Nochal lugubere tafrielen. It oertsjûge my net. ‘Soms treedt de gedachtengang van de filmer minder duidelijk naar voren’, seit it folderke. Dat wie hjir it gefal.
Al mei al wie dit wurk fan fjouwer jonge filmers in forrassing. De subsidiearre filmkes binne faek fingeroefeningen fan debutanten, mar dizze mannen binne faklju mei fisy. De films fan Smit, Houwer en Keja kinne sa nei de bioskoop.
INNE DE JONG