P. Akkerman forrifele troch de elite
P. Akkerman, De lêste fan De Kampenaers. Utj. A.J. Osinga N.V., Boalsert, 1964.
Eltse freedtojoun by it iepentearen fan de Drachtster Courant, dy't by ús thús heuch oanslein wurdt om syn pleatslike birjochtjowing, blêdzje ik even om it forhael fan P. Akkerman. Hy is foar de ‘Drachtster’ hwat Simon Carmiggelt is foar Het Parool. De man fan de lichte toets, dy't jin formoedsoenet mei de drege kost fan de gemeentepolityk, de tobeksetters fan de bûtedoarpen en de soarch foar de âlden fan dagen. Binammen de stikken ‘voor onze oudere lezers’, in rige, dy't nou al op nûmer 161 stiet, binearje jin wol op it slimst. Ald wurde bitsjut bidarje yn in forpleechhûs. Fan bûten kin dat moai lykje, mar by in tuskentiteltsje as ‘liefdeloos?’ wurde wy op de réaliteit set en dy is lang net noflik. Nou hat de ‘Drachtster’ ek in rubryk ‘lichaamsoefeningen’ foar de sawntigers en de tachtigers, dy't hwat min op 'e gong wurde, mar dy freegje gâns ynspanning en hwa't dat net opbringe kin, dy moat him yn ‘drok, drok Drachten’ mar net mear op 'e dyk weagje. Foar sokken is der dan de treast fan it stikje fan P. Akkerman, hwaens rige de fêste titel hat By de streek. Akkerman is noch net sa lang lyn mei syn fortelsels útein set. Hy sit nou op nûmer 24 en as ik dy stikken op syn Frysk wurdearje, dan moat ik sizze: hy forfeelt ús net.
Akkerman wit it smout foar to bringen. Hy is in folksman op en út en hy hoecht der net foar nei de lytse kroechjes, lyk as Carmiggelt, om ús to fortellen hoe't it ienfâldich folk him hâldt en draecht yn de wrede en gauris ûnbigryplike wrâld. Akkerman is by de streek. Hy komt by de hurde wrotters op de lytse boerespultsjes en hy forkeart mei de sutelders, mei de lju fan de lytse handel; hy ken harren neden en soargen en ek harren listen en lagen en hy makket it de lêzer net swier. De echte folkswysheit, dy't him eigen is en dy't hy oerdrage kin, is licht to fortarren. De stikjes hawwe har tragyske kanten, mar der strielet altiten in mylde humor trochhinne. Yn syn wurdkar is hy allike wis as Carmiggelt. Hy treft it doel dat him foar eagen stiet. De lêzer priuwt it masterskip fan de forteller op de koarte baen.
Dit masterskip hat syn bigrinzing. Carmiggelt hat jierren lyn ris in roman publisearre - sahwat fuortendaliks nei de oarloch - en dat wie in misser, dy't him forjown is en dy't al lang forgetten is. Fan Akkerman - en nou moat ik wol heul foarsichtich wêze - ken ik allinnich syn jongste roman De lêste fan de Kampenaers, dy't út in eachpunt fan komposysje aerdich goed yninoar sit, mar dêr't ik de wissens fan de folksforteller en binammen fan de forteller op 'e koarte baen yn mis. It is in boek oer lju fan hwat komôf, tige yn oansjen by it doarpsfolk en dêr koe Akkerman net genôch ôfstân fan nimme. Hy koe him der ek net goed ynlibje. Hy hat it milieu to earnstich nommen. Syn humor liet forstek gean. Foar Akkerman gyng it hjir, yn alle eerbied, om in saek, dêr't in man as de sjah fan Perzië in heap drokte en in heap spul om meitsje kin, nammentlik dat er gjin troanopfolger hat en dat, sa't dan sein wurdt, it slachte útstjert en in namore weiwurdt.
Sa rekket yn Akkerman syn boek de namme fan De Kampenaers wei as de beide bruorren Willem en Jan gjin manlike neiteam hawwe. Willem hat in dochter, Eke, en dy moat stean foar de eare fan heit