kens har foegjen ta meidielingen’; ‘oertael’ wurdt yn him wekker, ‘reekbylden fortichtsje har forwaeijend’ en driuwe om him hinne. Hy bisiket it forgonglike to fiksearjen. ‘Kankerjend al wer fordomd as 't net wier is’, is dizze Herkules yn 'e skrep en ‘hakket flokkende tekenforhalen yn it steech granyt, foarmet forbastere ierdbrokken ta evenbylden...’
En dan komt de wjerklank, de konfrontaesje mei it publyk. Dan komme de subsydzjes, de katalogi, de lustoarden, de museumtunen en it folk, dat wrokket om 'e hege kosten,... ‘mar de tekens tsjûgje fan greate wierheden / allinken waerd de tael forstien.’
Fierdergeande folget ‘it fotografearjen, it ôfdrukken.’ It biwende libben komt op de dichter ôf. Libben dat ‘tichtgroeid’ is. ‘ach jezus wy sitte sa ticht fan boppen.’ De oarspronklike driuw wurdt wei: ‘de ierde is au fond net to bilazerjen.’
Oerdrift, biswarring, it oprjochtsjen fan ‘tekens’, de wurgens, de toloarstelling, it forpulverjen fan it âlde, it op nij bigjinnen, it útrinnen op it konservearjen, it hiele biskavingsstramyn is yn dit gedicht oanwêzich.
It spilet him ôf tusken uterste konsintraesje en bline fornielsucht, tusken opkommen en forgean, tusken it forstean, it bigripen fan it teken en it weistopjen yn it museum. En oan de ein is dêr de birêsting yn in pear tsjustere sinnen: ‘hy rôlle de wrâld op yn syn sliepmatte sei er / yn 'e nawle fan myn frou lês ik yin en yang.’ Yin en yang, it binne in pear trefwurden fan de dichter-konservator, dy't sawn jier forkeard hat tusken de Sjineeske kunstschatten fan it Prinssesehof. Yin is it teken fan it froulike; yang dat fan it manlike.
Yn it bigjin fan it gedicht wurdt in kear it Gilgamesh-epos neamd, dat yn syn âldste parten werom giet op de Sûmearyske tiid, oant sa'n 3000 jier foar Kristus en dat yn syn gehiel syn plak hat yn de Babyloanyske literatuer.
De Greate Wrakseling skaeit út nei de kant fan in great epos, mar dan ien sûnder mythen, sûnder goaden, mei ‘tekens, dy't tsjûgje fan greate wierheden’, dy't net mear nei to kommen binne, mei ‘reekbylden, dy't har fortichtsje en wer forwaeije’. It soe it epos fan it skeppingsproses neamd wurde kinne of it epos fan de moderne minske, dy't it paed bjuster is, dy't weet hat fan oarsprong en ein en fan opnij bigjinnen, fan de ivige ûnderstream fan it libben en dy't syn hâldfêst fynt yn it skeppend, it dichterlik dwaende wêzen.
Hwat stil stiet forkomt. Devenir pour ne pas dégénérer, seit in âlde Frânske tekst. It libben is in dynamyske saek, krektlyk as it útdijend hielal.