| |
| |
| |
Inne de Jong:
Goede smaek en noch hwat
It artikel fan Jo Smit Goede smaek as kritearium yn it septimbernûmer fan De Tsjerne haw ik mei niget lêzen. As jins earste literaire bilangstelling datearret fan twa generaesjes tobek, dan sprekt it fansels dat men it hjoeddeiske tempo fan de ûntjowing net mear yn alle détails byhâldt. Ik wit net oft ik in orgaen ha foar moderne kunst, in bitingst dat Smit set foar de âlde goede smaek oer dy't in forskynsel fan in foarbije tiid wêze soe. Bilangstelling haw ik wol en perfoarst gjin ressentimint. Hwat is natuerliker as dat de kunst bisiket yn de pas to bliuwen mei in wrâld dy't op wittenskiplik en technysk gebiet yn tsien jier mear foroaret as eartiids yn in ieu. It minste dat men fan har forwachtsje mei is, dat hja dynamysk réagearret op in dynamyske tiid en spegel is fan de eigen wrâld. It measte dat se har tiid foarút is. Ik ha hjir en dêr hwat oppikt en yndrukken krige, ik ha goede, moderne boeken en fersen lêzen en folle mear strieminne dy't my yn in omsjoch forgetten wiene. It is my lykwols noch net slagge om in klear en bifredigjend oardiel to krijen oer wêzen, karakter en doel fan de nije literatuer yn tsjinstelling mei de âlde. Dat liket nammers ek in swiere opjefte to wêzen, hwant de skôgingen dy't ik lies fan deskundigen en propagandisten binne faek fleurich en soms fanatyk tsjinstridich. By de byldzjende kunst is it net oars. In foarbyld. Yn in Hollânsk wykblêd stie lêstendeis in artikel fan in hypermoderne, dy't biwearde: nim in tafellekken mei it stoflik oerskot fan in miel iten, hwat pannen, messen, foarken en skilen. De kunstner jowt der in finishing touch oan en plakt de boel fêst. Hingje it dan yn syn hear en fear op en jo hawwe in effektyf en miskien wol grandioos stillibben. De man spotte net, it wie bloedige earnst. En yn it augustus-septimber-nûmer fan
Tirade steane reproduksjes fan twa jonge figurative skilders, Hans van Norden en Harry op de Laak. Van Norden is oertsjûge, seit er, ‘dat de nonfiguratieve schilderkunst onherroepelijk op de terugtocht is.’ En Op de Laak: ‘Ik zie in het beste geval abstrakte kunst als dekoratie. Meestal als flauwe kul.’ Yn de literatuer itselde forskynsel. Opteine discipels fan de atonale of nonsignifikante kunst en oaren dy't sizze: dit is foarby, wy skriuwe wer fersen dy't elk minske mei in yntegere literaire bilangstelling bigripe kin. Gjin wûnder dat it jin dan wolris skimert.
Nou krij ik fan Jo Smit de yndruk dat er út it stânpunt fan
| |
| |
de abstrakte en nonsignifikante kunst wei in to absolute tsjinstelling mei de tradisionéle kréearret. Ik set dan ek hwat fraechtekens. De kontroverse: goede smaek (dy't diskriminearret tusken moai, hiel moai en minder moai) of in orgaen hawwe foar moderne kunst, liket my in swak en net-adekwaet útgongspunt. Soe der ea mear forlet west hawwe fan goede smaek as by de moderne kunst? Net allinne om't hja kontinu eksperimintearret, yn 't wylde wei foarút springt en tagelyk op 'e weromreis is, mar foaral en dêrmei gearhingjend fanwegen de melodramatyske strideraesjes fan angry of meek young men, dy't harren, mear noch as tsjin de tradisionélen, tsjinelkoar ôfsette. Yn Hollân kin men net mear prate fan in generaesje mar fan jierklassen, dy't elkoar op 'e hûd sitte. Smit seit: ‘De moderne kunstner gniist him dea as er de profetyske hâlding sjocht fan Tachtigers of Jongfriezen en hy bisaut him as er yn har wurk mar sa'n lyts dripke of alhiel gjin kunst oantreft.’ Hy hie der by sizze kinnen (en dat set de saek al in bytsje yn in oar ljocht): frijhwat moderne dichters fan 1964 gnize harren dea om de fyftigers en fiif en fyftigers yn hwaens wurk hja sa'n lyts dripke of alhiel gjin kunst oantreffe.
Simon Vinkenoog hat yn syn earste birûzing ris sein dat der foar syn tiid gjin poëzij yn Hollân skreaun wie. Dat wie allinne mar sympathyk, hwant in biwiis dat der yn dit opsicht gjin nijs ûnder de sinne is: elke nije streaming bigjint mei de âlde to forflokken en dat bilunet mei de tiid wol. Kloos en Van Deyssel húnden forheftich en waerden ek al gau steryl, mar Herman Gorter skreau syn Mei en dêr gniist gjin moderne kunstner him dea om. In nije generaesje hat altyd greate pretinsjes, as lykwols de pretinsje fan it ljocht fan de literaire wrâld en it sâlt fan de poëtyske ierde to wêzen in repetearjende breuk wurdt en elke lichting dy fan it foarige jier yn it fordomboekje set, dan wurdt it faei. De goede smaek fan de lêzers moat dan diskriminearje. Ik foar my leau dat it politike analfabetisme of konformisme fan party jonge skriuwers, yn in tiid dat de wrâldpolityk ús sa folslein bihearsket en mei ús boartet as de kat mei de mûs, ien fan de oarsaken is fan dit getsier yn de literaire koken om in tsiiskoarste. Ik kom op dit aspekt noch werom yn forbân mei Smit syn stelling, dat de moderne kunst allinne mar in boartlike beuzichheit is, forfrjemde fan alle oare funksjes, in farce.
In trêdde reden hwerom de goede smaek noch tige aktueel is, is it feit dat it, mear as eartiids, tilt fan epigoanen dy't harsels foar avantgardisten hâlde en mei har produkten it sicht op 'e moderne kunst yn 'e wei steane.
| |
| |
myn ekstatyske fingerseinen
lit my útpûste oan dyn boarsten
ne me quittez pas lia dorana
Sokke gjalpen hawwe neat mei kunst út to stean, mar de byld-erupsjes fan de pioniers fan de nonsignifikante poëzij hawwe sûnder mis it misforstân yn 'e hân wurke: sa kin ik it ek wol. Dy't men by de tradisionélen knoffelhakken neamde, binne hjoed knetterjende bromnozems. De goede smaek moat hjir foar de lêzer-sûnder-euvelmoed ûnderskiede tusken koarn en tsjêf.
Der komt noch in tragyske faktor by. Der forskynt (al is dat yn Fryslân noch sa slim net) tsien kear safolle ‘literatuer’ as tritich jier lyn. Utjowers en boekhannelers (de bêsten net to nei sprutsen) forkeapje heappen surrogaet en rotsoai om de kâns op 'e bestseller net to missen. Hja dy't earen sa'n positive faktor wiene foar it literaire klimaet, hawwe de goede smaek ûndergeskikt makke oan de big business. Alles bigripe is noch net alles forjaen.
‘De goede smaek’, skriuwt Smit, ‘kin net langer diskriminearje tusken moai, minder moai en hiel moai, it giet om de frage oft men in orgaen hat foar moderne kunst of net. Earst as men los is fan de biwende skema's dêr't ek de goede smaek by heart, kin men ta bigripen komme. It gefolch fan net bigripen is ressentimint.’ En op in oar plak: ‘de ressentiminten foar de moderne kunst oer komme it measte foar krekt by in élite mei goede smaek.’
Ik set dêr foar oer: de goede smaek moat twingender as ea diskriminearje tusken goed, bêst en biroerd, tusken literatuer en ôffal en dêrby giet it om de fraech, oft men in orgaen hat foar kunst, âlde of nije. Ressentimint is der oan beide kanten, mar it meast by guon fanatike advokaten fan de moderne kunst.
Op de earste gearkomste fan De Tsjerne mei in tal lêzers yn novimber '63 die immen in forheftige oanfal op redaksje en ynhâld. De redaksje wie ûnbifoege, de ynhâld binaud. Meidat in opstannige jongerein fan formaet altyd al yn 't foar myn sympathy hat, harke ik earst mei niget en forwachting. Mar
| |
| |
ik hie al gau myn bikomst. It bleau by eksklamaesjes ins Blaue hinein. It iene konkrete alternatyf wie in lofsang op Hessel Miedema dy't in nije kunsttael skepen hawwe soe, dêr't Frysk en Hollânsk yn gearrane ta in prikeljende literaire cocktail. Myn yndruk wie dat hjir net it brûken fan in inkeld hollânisme bidoeld waerd en ek net it sitearjen út in oare tael, mar in chirurgyske yngreep mei bloedtransfúzje. In prosédé dêr't beide talen allinne mar in kroanyske bloedearmoede fan krije kinne en de literatuer in biklamme breuk. Der binne in pear Nederlânske théologen dy't dizze alchemy ek wolris bioefenje en Hollânsk mei Dútsk minge, mei it gefolch dat men harren better yn it Dútsk fortale as yn it Hollânsk bigripe kin. It revolutionair élan dêr't ik op hope hie, draeide út op in mislearre preek foar de eigen ploech. Ressentimint is altyd ûnfruchtber. As Hessel Miedema, dêr't ik wolris goede fersen fan lies, hjir by west hie, soe er grif suchte ha: fan jins freonen moat men it mar hawwe.
Nou stiet en falt de moderne kunst fansels net mei de forsinnen fan propagandisten. Dat der nei '45 hwat foroarje moast en foroare is, sil nimmen ûntstride. De foarmjowing makke, foaral yn de earste fase en yn de poëzij, in revolusionaire sprong. In nije styl en byldspraek, in nij idioom, dêr't de âlderein tige oan wenne moast om it genietsje to kinnen. Wylst de moderne dichter it wurd dream dat hwat histoarysk bilêste wie, safolle mooglik mijt, liket syn fers faek op de registraesje fan in dream. Hy seit dan ek wolris dat er út it ûnderbiwuste wei skriuwt, út in forhoalen réaliteit wei dy't er tagelyk siket. Lyk as dat yn in dream bart, forspringe de faek chaotyske bylden yn in gysten tempo. Sil dit proses kunst wurde, dan moat er de dream stilearje en de chaos bitwinge. Dit slagget allinne de wiere dichter. Dizze kunst is forliedlik en gefaerlik foar de epigoan dy't ek wolris dreamt, mar mei dream en chaos gjin rie wit. Mei syn bokkesprongen en drôchbylden forrifelt er dan de lêzer en bringt er de moderne kunst yn diskredyt. Sels de minor poet (hwat oars en hwat mear as de epigoan) dy't by de tradisionélen in funksionéle rol spilet (in Ingelsk essayist seit dat er by in bihearske gebrûk fan syn middels sels dingen birikt dy't it greater talint ûntkomme), sels de minor poet hat hjir net folle kâns.
Dat dizze poëzij foaral yn de earste revolusionaire fase en mei troch it misbrûk faek net bigrepen waerd, leit foar de hân. Wy hoege ek net yn de âlde sin bigrepen to wurden mei it tinkende en analisearjende forstân, hearde men dan wol, ús kunst is nonsignifikant, dy moat ynnommen wurde mei lichem
| |
| |
en siel, mei jins hiele eksistinsje. Nou leau ik noch altyd dat de harsens in essinsieel diel fan de minkslike eksistinsje útmeitsje en it feit dat der in omkear bigjint to kommen de kant fan in transparanter foarm út, liket my in gunstich teken foar de ûntjowing fan de moderne poëzij. Mar it farre litten fan in dogma is ek yn de literatuer in hiele opjefte en liket soms like swier as destalinisaesje foar de dogmatyske kommunist.
In pear jier lyn hâldden opteine dogmatyske dichters yn Amsterdam in gearkomste dêr't de klam lein waerd op de lichaemlike ûntfanklikens foar har kunst. Ien fan harren lies fan in pear gedichten allinne mar de earste helt fan de rigels foar en biwearde dat it dan noch suvere poëzij wie. Der wiene frijhwat studinten bywêzich en har bêste wurdfierder forklearre: ik heb geluisterd met mijn aorta en mijn slokdarm wijd open, maar ik begrijp er geen barst van. Ben ik soms te oud? It skuorde der heil om seil troch en waerme lichaemlike kontakten mei de fûst koene amper opkeard wurde. It binne net allinne âldere minsken dy't ûnwennich foar dogmatyske moderne kunst oer steane en it binne net allinne jongeren dy't har as in elixer drinke. In freon fan my, in knap theolooch, like âld as ik, biwûndert de abstrakte skilderkunst ûnbitinge. Hy giet sa fier dat er skodhollet as ik biskieden Vincent van Gogh en Gauguin fordigenje. C'est passé, seit er, hja dogge de moderne minske sa goed as neat mear. Doe't wy foar in pear doeken stiene dêr't de bidoeling my tsjuster fan bleau, frege ik him: hwat stelt dit nou winlik foar? Dat is wer sa'n stomme tradisionéle fraech, sei er. In kunstwurk stelt neat foar, it stelt himsels foar. Hwa't earen hat om to hearren, eagen om to sjen en in hert om op to merken, dy bigrypt it. In bern bigrypt it, lyk as it ek foarrang hat yn Gods keninkryk. Dêrom binne bernetekeningen ek sa bilangryk foar de moderne skilder. Hy springt oer ieuwen fan figurative kunst werom om it mystearje to ûntdekken, de boarnen...
Lit ús, mei de nedige reserve foar it absolutisme fan de opteine advokaet fan de nije kunst, oannimme dat der hwat yn syn skôging sit. It strykt ek earne wol mei Smit syn stelling dat it de moderne kunstner to rêdden is om ‘it wêzentlike dat ús inkeld yndirekt en forhoalen foartsjoend wurdt.’ Dat er dat, yn tsjinstelling mei de tradisionéle réalist, siket fia de forfrjemding en krekt sadwaende de esthétyske ûnderfining réalisearret, giet my boppe de pet. Dat kin 'm oan myn lyts bigryp lizze en ek oan Smit syn kompakte formulearring of syn préokkupaesje. Ik bin altyd hwat twivelich as hypothesen oangeande de kunst it karakter fan dogma's oannimme. Foaral yn
| |
| |
dit gefal, nou't de modernen sels net sa sterk mear oan har earste proklamaesje leauwe en op 'e weromreis binne.
As de forfrjemding de ôfwizing fan de status quo bitsjut, dan bigryp ik it en dan is de moderne kunstner ien mei konfraters út alle tiden. Dat de esthetyk it monopoalje en it biskiedend kritearium fan de moderne kunst wêze soe, leau ik net. Ik kom dêr noch even op. Der is ûndertusken hwat oars dat my opfalt. It sykjen fan de oare wrâld, de forhoalen réaliteit, is yn elts gefal in tige bilangrike oangelegenheit en gjin frijbliuwende boarterij. Yn hast alle kunst sit in boartlik elemint, as it lykwols yn dizze sin tinken wurdt, is it in boartsjen op it skerp fan it mes en gjin farce.
Of moatte dizze utersten har synthese fine yn de dialektyk? De dialektyk, dat spul fan ja en né, is in nijsgjirrige en soms needsaeklike redenearkunde, dy't lykwols ek brûkt wurde kin om de dingen tsjusterder ynsté fan klearder to meitsjen. Ik ha op ien snein ris twa preken heard fan in fûleindige jonge Barthsiaen. De moarns wie syn thema: der binne noch gâns kristenen yn de wrâld, mar yn de tsjerke moat men se mei in lantearne sykje. De middeis: bûten de tsjerke gjin sillichheit. De jonge boer dêr't ik by útfanhuze, gyng nei de pastorij en sei: ‘Jo kinne my skrasse as lid fan de tsjerke. As dêr sa goed as gjin kristenen mear yn binne en yn de wrâld by de rûs, dan slút ik my oan by de frije ploech.’ ‘Hawwe jo dan myn middeispreek net heard?’ frege dominé. ‘Jawis, doe woene jo it wer hwat biklauwe, mar ik ha genôch fan sok ôfwaeid praet.’ Smit forkeapet yn syn nijsgjirrich artikel fansels gjin ôfwaeid praet, mar in ambivalinte kunst dy't tagelyk in reis nei it mystearje en in grap wêze soe, is my al hwat tofolle fan it goede.
Smit forjit by syn absolute tsjinstelling tusken âld en nij (se slute elkoar út) in faktor dy't neffens my fan it greatste bilang is: de yndividuéle kunstner by Gods graesje, dy't him, hokker ynfloeden er ek ûndergiet, los sjongt of skriuwt of skildert fan biwende en nije skema's, hwaens talint him troch gjin dogma's bine lit. Gerrit Achterberg is út gjin skoalle of isme wei to forklearjen. Alle kritisi, analisten, théologen, sosiologen, fenomenologen dy't him rubrisearje wolle, stuitsje op ien probleem: it probleem Achterberg. As men seit: sokken binne útsûnderingen, dan tinkt my dat it yn de kunst foaral om sokke útsûnderingen en spulbrekkers giet. Nammers net allinne de greatsten, elk wier talint hat oanstriid om út de bân to springen of giet automatysk eigen wegen. De Tsjerne-middei yn desimber '63 (dêr't ik spitigernôch net by wêze koe)
| |
| |
haw ik bitize forslaggen fan lêzen. Mar yn Frysk en Frij fan 3-1-'64 joech S. de H. in lyts kommintaer mei û.m. dizze wize wurden: In dichter is boun oan syn tiid, fansels, mar dichtsjen is boun oan talint en dat is net boun oan tiid.
Dan is dêr de kontinuïteit. Dy rint evolusionair of revolusionair fan Esopus nei La Fontaine, fan Baudelaire nei Rimbaud, fan Emily Brontë nei Iris Murdoch, fan Paul van Ostaijen nei Lucebert, fan Fedde Schurer, Douwe Tamminga, Gerben Brouwer oer G.N. Visser, Sjoerd Spanninga, Jan Wybenga nei Tiny Mulder en Durk van der Ploeg en ek (al grize hja der miskien fan) nei Jelle de Jong en Hessel Miedema. Dat elke nije streaming har ôfset tsjin de foarige is in natuerwet. Jierren letter lykwols sjocht men wol yn dat de tsjinstellingen noait sa absolút west hawwe as de avantgardisten mienden. Hwat men as in Umwertung aller Werte biskôge bliek in (soms forrassende en radikale) fariaesje of in renaissance to wêzen.
Wy meije gerêst oannimme dat de neiteam de literaire revolúsje fan ús tiid grif as bilangryk sjen sil, mar net as in folslein útsûnderlike en totale breuk yn de literatuerhistoarje. Dy sil har bioardielje neffens har prestaesjes. Smit praet my hwat to dramatysk oer de skieding fan de geasten, hwat to maklik oer de esthétyske ûnmacht fan de âlderein, hwat to foarbarich oer l'art pur fan de modernen. In soad moat noch wier makke wurde.
De esthétyk bygelyks dêr't ik nou even op werom kom. Esthetisch gevoel is gevoel voor het schone, seit Van Dale. Nou biweart Smit dat de esthétyske ûnderfining it wichtichste elemint is by de modernen, wylst it réalisme (dêr rekkent er ek romantyk en naturalisme by) der amper oan ta komt, sels in stan-yn-'e-wei is foar esthétysk ûndergean. As ik dit lês freegje ik my ôf, ek yn forbân mei de stelling dat kunst tsjinwurdich klearebare boartsjen is, oft de modernen werom fallen binne op de definysje fan âlde Poelhekke, dy't ús yndertiid learde: kunst is het maken van mooie dingen. As it wier is, dan wurdt it absolút nije fan de nijen tige problematysk. Hwat my oangiet, by de muzyk fan Beethoven en de doeken fan Frans Hals haw ik gâns esthétyske ûnderfining, by it lêzen fan Gorter syn Mei, Aart van der Leeuw syn De Kleine Rudolf of Tjitte Piebenga syn fersen foar marida ek wol. Mar by Dostojewsky en foaral Kafka (en hjir giet it om wrâldliteratuer) wol ik wol yn goedens. En om in pear bilangrike moderne kunstwurken to neamen: by De donkere kamer van Damocles fan W.F. Hermans en Who is afraid for Virginia Woolf? fan
| |
| |
Albee is myn esthétyske ûnderfining nul komma nul. By de opfiering fan dit stik fan Albee stie myn orgaen foar skientme op non-aktyf. De grize gyng my oer de grouwe, tagelyk wie it ien fan de greatste toanieleveneminten dy't ik ea meimakke ha.
Kunst is mear as it meitsjen fan moaije dingen en ek mear as boartsjen. De hjoeddeiske Ingelske dichter Philip Larkin jowt de nijsgjirrige definysje: the aim of poetry is to keep the child from its television set and the old man from its pub. Nou mei men fan bitinken wêze dat it bern foar de televyzje bliuwe moat en de âld man yn syn herberch, it giet der om dat hjir njonken de esthétyk de solidariteit nei foaren komt. De théolooch K.H. Kroon sjocht de kunst ‘als een opgericht teken bij uitstek dat getuigt van nieuwe hemelen en een nieuwe aarde, waarop gerechtigheid woont. Niet de z.g. christelijke of religieuze kunst, twee wanbegrippen als het er op aankomt, maar de kunst zelf en als zodanig. Zij speelt met onze werkelijkheid en wil haar herscheppen.’ It boartsjen dêr't hjir fan praet wurdt, is in revolusionair boartsjen. Dizze ynterpretaesje fan in théolooch fan it sykjen nei ‘it wêzentlike dat ús inkeld yndirekt en forhoalen foartsjoend wurdt’, is frijhwat bilangriker as de fraech dy't Smit de théologen stelt: oft it de goede smaek fan Adam wie dy't him ta de apel brocht, ja ofte né.
Efter dizze dingen stiet fansels de fraech, oft de moderne kunstner him mei syn hiele eksistinsje, syn skeppend wurk dus ynbigrepen, forboun wit mei syn tiid, de minsklike situaesje fan hjoed, de fraech nei it engagemint, de solidariteit. Né, sil Smit sizze, hwant ‘ien fan de merktekens fan de moderne kunst is, dat er himsels net serieus nimt, dat wol sizze dat it wurk wurdearre wurde wol, krekt om't it kunstmjittich, om't it in farce is.’ Bitsjut dit de restauraesje fan de âlde ivoaren toer mei artistike goaden dy't harren net bikroadzje oer hope of wanhoop fan in wrâld-yn-agony? La trahison des artistes? Om alle misforstân foar to kommen, it giet hjir net om de fraech, oft de kunstner him yn syn wurk direkt en rjochtlinich útsprekke sil oer Mao of Makarios, kalvinisme of kommunisme, moréle herbiwapening of nudisme. Wol oer de kwestje, oft er hjoed, yn de greatste krisis fan alle tiden, yn in ôfsletten túntsje kunst-boartsje kin ûnder it al of net biwuste motto: lit stjerre hwa't stjerre wol, as myn wiif mar gjin widdou wurdt. Kunst is hwat oars as fuotbaljen en fierljeppen.
De kunst hat altyd in gefaer west foar de status quo. As it my net mist, advisearre Plato al, de kunstners as faeije en faek destruktive eleminten yn de gaten to hâlden. Mohammed warskôge foar de dichters dy't er as ketters idintifisearre.
| |
| |
Omar Khayyàm hat dan ek spul genôch hawn mei de trouwe folgelingen fan de Profeet. Ik hoech hjir oer bloedhounen as Hitler en Stalin, dy't de frije kunstner as outcast biskôgen en bihannelen, net út to weidzjen. Ek yn it déstalinisearre Ruslân stiet de kunstner ûnder tasicht fan de partijpolysje, lyk as yn Portugal en Spanje. By ús sykhellet it yn dit opsicht rommer. Hwa't lykwols, ien mei alle makke konsuminten fan de wolfeartsteat, miene mocht, dat wy yn de ‘frije’ wrâld al yn de nije wrâld libje, dy is like blyn as de nuete boarger, dy pylder fan de status quo, foar ús apokalyptyske situaesje. It feit dat in dynamyske en fisionaire wittenskip great alarm slacht en it ljocht op read set, is hwat nijs yn de wrâldskiednis. En in ûnstjerlike fortsjinst, salang as ús planeet biwenber bliuwt. Soe de kunstner, ketter en fisionair an sich, yn dizze tiid takinne mei boartsjen en grapmeitsjen?
De moderne kunst is gjin profetyske oangelegenheit lyk as by de âlde lettré, seit Smit. In dúdlik diskriminearjende útspraek. Yn hokker tiid fiksearret er de âlde lettré? Fan Jacob van Maerlant oant Marsman, of fan Gysbert Japiks oant Douwe Tamminga? En is hja géografysk biskaet, hat er foaral Hollân en Fryslân op it each? Yn ien opsicht soene de nije kunstners dan noch byldstoarmers wêze: de minsklike foarmen moatte oan stikken. Rekkent er net mei it feit dat de abstrakte en de nonsignifikante kunst al aerdich op 'e weromreis binne? En bidoelt er mei ‘gjin profetyske oangelegenheit’ dat de hjoeddeiske kunstners gjin nonkonformisten wêze soene? Dan mei men allinne mar hoopje dat se it towille fan har funksje yn de mienskip sa gau en sa radikael mooglik wurde. In man as Menno ter Braak hat him mei lichem en siel en mei al syn talint forset tsjin it opkommende ryk fan de ûnderminske. Picasso wist ek wol hwer't er stie doe't er syn oangripend Guernica skildere. Heart Picasso by de âlden of de nijen? En Dürrenmatt? Ik leau dat Smit de moderne kunstners yn dit opsicht aerdich ûnderskat. Ik neam hjir trije ûnbitinge modernen: de filmers Ingmar Bergman en Stanley Kubrich en de Dútske skriuwer Heinrich Böll, dy't net oan de kant fan de wei steane to boartsjen, mar folslein yntegrearre binne yn de problematyk fan har tiid. Doe't se Bergman fregen nei de eftergroun fan syn fascinearjende film It sawnde segel, sei er: It minskdom fan hjoed libbet yn it skaed fan de dea. Ik ha dit moderne libbensgefoel útbylde mei in symboal út de midsieuwen: de pest dy't Europa bidrige, lyk as hjoed de atoombom. Tryste apothéose: de danse macabre. De greate roman Billard um halb zehn fan Böll fortelt jin mear fan it
| |
| |
nei-oarlochske Dútsklân en fan de Wunderkinder dy't it ‘sakramint fan de buffel’ frette, as alle rjochtlinige politike protesten meiinoar. Om't it wurd fan de kunstner in diminsje mear hat as dat fan de politikus, clairvoyanter skôget, fûler giselt en fisioenen opropt.
De jonge Hollânske skriuwer Bernlef fortelde foar de televyzje: ik soe in fers skriuwe oer de Amerikaenske priiskikkert dy't in sprong fan sechtsjin meter makke hie. Doe't it klear wie, bliek it oer de atoombom to gean. Hugo Claus lies yn Amsterdam in nukleair Us Heit foar, tsienkear sa makaber as dat fan de kabaretploech Zo is het toevallig... It sloech yn as de wjerljocht en gjin orthodoks tsjerkeminske tocht oan blasfemy. In kunstner hie sprutsen. Déréalisearring kin ek hwat oars bitsjutte as in byldestoarm tsjin de minsklike foarmen: op syk nei de forhoalen réaliteit, it ryk fan de minske, dynamyt lizze ûnder in sterile werklikheit. Dit is gjin monopoalje fan de âlde lettré. Hokker kunst ûntkomt oan de konfrontaesje mei de geast fan syn tiid, foar hwa mear as foar de kunstner jildt dat in bern fan syn tiid tiidgenoat fan de takomst is?
Fryslân en De Tsjerne. Likemin as Smit bigryp ik soms de kritearia fan de Tsjerne-redaksje. Mar in feit dat gjin koar fan kritikasters ûntstride kin, is dat De Tsjerne har doarren iepenset foar jong en âld, tradisioneel en nij. En dat diel fan de jongerein dat him tsjin De Tsjerne ôfset (op himsels in smelle en negative taktyk) moat noch altyd biwize dat hja it better kinne as bygelyks de geregelde meiwurkers Durk van der Ploeg, Tiny Mulder, Jo Smit, Geart Jonkman, Sjoerd Spanninga. Sa faek as ik in grimmitige oanfal hearde of lies, wiene de motiven dizenich en de wapens stomp. In reéle krityk fan greate fisy fan in opstannige jeugd soene jong en âld, redaksje en lêzers bliid mei wêze. Men kriget nou faek de yndruk dat de kultus fan de lytse persoanlike rankune, de fete, dy't yn Fryslân sûnt âlde tiden dijt, noch lang net útstoarn is. Ressentimint, dy antipode fan de humor, fan hokker kant ek, is altyd mis. De âlderein moat dynamysk genôch wêze om in royael bigryp en solidariteit op to bringen. De jongerein moat réeel of potinsieel talint net forgrieme yn gejeuzel en geblaf. Ien, twa of trije tydskriften, wy moatte meiinoar foarút. Fryslân is yn de greate wrâld opnommen, syn literatuer hat forlet fan posityf talint.
|
|