De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 425] [p. 425] Teije Brattinga: Trijedûbel is dûbelder as twa is net trije, net dûbel mar dûbel trije - gean der mar oan stean! Twaris is itselde is nochris hwat wie is twakear hwat ien wie twaris is forfelend - rekkenje it mar nei! Mar dûbel is ûntspanning dat it útset yn spanning de rêst fynt yn greater, dûbel is oer 'e mjitte - Mjit it neffens josels. Vorige Volgende