De Tsjerne. Jaargang 19
(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 416]
| |
Rink van der Velde:
| |
[pagina t.o. 416]
| |
RINK VAN DER VELDE
Frysk skriuwer, berne 1932 (foto Andringa) | |
[pagina 417]
| |
Se wisten skoan, dat dy minsken op skerp stienen, en gjin moederaesje hienen, omdat de oaren it ek net mei har hienen. It reinde, en se koenen net bûten bliuwe dy nacht, dat wie wier. Mar se hienen in lyts spultsje útsykje moatten. En de poarte dy't ticht wie en barrikadearre sei har genôch. Se rôpen en raemden mei in kneppel tsjin 'e poarte en Jules smiet mei stiennen om de minsken wekker to krijen. Se wienen net fan doel om de boel to plonderjen. It koe doe net mear lije, hwant de wylde dagen fan de bifrijing wienen foarby. Se woenen allinne yn 'e skuorre, en Jules soe de oare moarns wol in miel iten los krige ha, hwant hy koe lulk sjen. Mar se woenen wol yn goedens, hwant se koenen de gendarmes net efter har oan ha. Jules sei: Jerzy jonge, dou bist de lytste en fierwei de linichste. Wy tille dy op 'e muorre. Hy klage, dat er syn hannen iepen roppe oan it glês, dat dy boer yn 'e boppekant fan 'e muorre hie. Mar Jules rôp: Dou bist nou al sa fier... Folle mear hied er net sein, hwant doe foel it skot en Jerzy rûgele nei ûnderen. Jules krige him op him. Se wienen allegear forstuivere en it bleau eefkes stil. In stim, dy't fan 'e souder fan it wenhûs kaem, rôp: Elk dy't mei syn kop oer de muorre komt, kriget ek sa'n skot. Ik ha hjir trije jachtgewearen stean. Doe bigoun Jerzy to âljen, heech en wyld, mar it duorre net lang. Syn stim smoarde yn it bloed. Hy hie op dat stuit graech útnaeije wold. De oaren miskien ek wol. Jules bigoun to razen en to flokken en doe raesden se allegear. Se baltten fan 'e sénuwen. In heal kertier letter wienen se oan it ûnderhanneljen en se rêdden it op. Jerzy waerd yn 'e hoeke fan 'e keuken op in pear hynstekkens lein en Jules wosk syn gesicht en bisocht him it bloed út 'e mûle to heljen. Jerzy hime, mar joech gjin lûd mear. Syn gesicht wie in kliber read fleis en de frou lei in bûsdoek op it plak, dêr't syn eagen sitte moasten. Hy krige it binaud yn 'e auto. Hy fielde him in bytsje mislik. Ik kin der net oer, sei er lûdop. Ik sjoch it nou folle dúdliker as doe, nou, achttjin jier letter. Ik soe dat bluodderige gesicht úttekenje kinne. Ik moat dy minsken freegje hwat se mei him dien hawwe, oars efterfolget it my. Sa'n jonkje fordomme, sawntjin, achttjin jier âld miskien. Faeks wied er wol debyl, dat er suver gjin wurd Frânsk praette. In heale wyldenien, skeind troch biwekkers en finzenen. Hwat hat sa'n jonge trochmakke ear't er út Letlân wei yn Troyes bidarre? Hy raemde de wein yn de forsnelling en ried fuort. Net mear as tûzenen oare bern yn 'e oarloch, Joaden, Dútske, Russyske, en net mear as op dit stuit withoefolle yn | |
[pagina 418]
| |
Algerije, Vietnam en Súd-Afrika. It makket neat út. Jules hat him op 'e muorre set en ik wist skoan hwerom't er dêr Jerzy foar ha woe. Philippe wie ek lyts en bihindich, mar dy soe wol wizer wêze. En se hienen him lizze litten. Jules sei, dat madame him wol forsoargje soe. Se sloech safolle krúskes. Jawis, mar dat kaem omdat se binaud wie. Se wie bang, dat se de boel yn 'e brân stekke soenen. Dat se harren maet wreke soenen. Se hie net bang wêze hoegd. Jerzy wie mar in Let, in fiis, ûnhuer jonkje. Sokken hoegden net wreekt to wurden. It wie de earste kear, dat de sinne út en troch weiwaerd efter in pear wolken. En dochs stie de loft net nei rein. It koe ûnforwachts komme; hy hie dat faker meimakke. Yn it lân skrepten in pear boeren mei hea en rogge. Se setten it yn bulten of stieken it yn sawn hasten op hege, twatsjillige weinen. De hynders giselen sénuweftich mei de sturten yn de miggeswaermen. Soms dienen se ynienen in hoart en dan draefden de minsken der roppendeweis efteroan. Doe't er troch in boskje ried en de motor eefkes stil sette, foel it him op hoe stil it wie. Der wie gjin lûd, ek net fan fûgels en de blêdden fan 'e beammen hongen blakstil. Der gounzen allinne miggen. By in dobbe fierderop hold er noch ris. It wetter lei as in spegel. Hy koe dy foartekens. Hy moast sjen, dat er yn Troyes kaem, hwant as der in gjalp wetter útkaem koe de dyk samar foroarje yn in rivier. En it wie net fortroud en ryd troch de bosk. Hy ried in stikmannich as hwat kij efterop mei twa jonkjes der dravendeweis efteroan. It wie amper twa ûre, mar de kij woenen wol nei hûs. Se snúfden en baltten en stouden hinne en wer oer de dyk. Hy kaem der mei lijen lâns en joech gas. Hy wist net hoefier it noch riden wie nei Troyes. De loft biluts stadich, mar dochs drige it net slim. It wie allinne to stil en to near. Hy ried sa hurd as er koe, mar hy helle Troyes net. Op in keal ein dyk, hearde er it boppe it rûzjen fan de motor út oankommen. It makke it lûd fan in wetterfal en der luts in gerdyn fan stof en sân oer de dyk. Fuort letter bigoun it to ratteljen op it dak fan de auto en noch ear't er hâlde koe, wie it los. De grouwe hagelstiennen batsten tsjin it foarrút en hy die de hân foar it gesicht, hwant it rút koe der út springe. Hy rekke fan 'e dyk ôf, mar doe stie de auto stil. Om him hinne wie it wyt fan de hagel en it sicht wie sa mar fuort. It tongere op it blik fan de karossery en de wynfleagen skodden de auto hin en wer. Boppe alles út klonken de tonger- | |
[pagina 419]
| |
slaggen en it wite waes fan hagel ljochte op as de wjerljocht der troch hinne skeat. It duorre mar koart. Doe gong de hagel oer yn sêfte, mylde rein. De wyn joech him del en de loft dreau stadich fuort. It lânskip wie wyt fan de hagel en dêr hoppe hinge de dize fan de rein en de damp. Hy stuts in sigret oan en wachte oant it sicht better waerd. De hagel knjistere ûnder de bannen, mar it raende gaueftich en doe wienen der allinne wetterstreamkes. De kûlen yn 'e wei stienen fol en as de auto der troch gong, stoude de dridze wit hoe heech. De útdroege groun koe it wetter sa gau net opnimme. Krekt foar Troyes bruts de sinne der troch. De wrâld like wol in stoomtsjettel en yn de stêd rieden de auto's mei de ljochten op. De stêd wie net folle foroare. Der rieden mear auto's en op 'e trottoirs stienen kreamkes, dy't der doe net west hienen. Hy kaem by it sikehûs lâns, in greate grize stienklompe, dêr't se soms hnne moasten om vaksinearre to wurden. It stasjonsgebou wie nij. Hy hie op dat plak oars neat sjoen as in púnheap, hwant it wie yn '42 al stikken smiten en it wie blykber net sa bilangryk, dat it fuort wer opboud wurde moast, lyk as dat fan Auxerre. De haedstrjitte hie forkearsljochten krige. Hy moast der foar wachtsje en naem de huzen op. Neat foroare, tocht er wer, suver neat. Efter him bigounen to klaksons to gûlen, hwant hy réagearre net daliks doe't it ljocht op grien sprong. It klaksonkonsert makke him lulk en hy luts mei opsetsin stadich op. Der gong him al in auto foarby en de bistjûrder snijde sa bot, dat er ôfremje moast. Efter him pipen de remmen en bigoun it protestearjen opnij. Hy waerd grimitich en flokte. De twadde dy't him foarby skeat rekke er mei de foarbumper, hwant hy woe net wer remje. De auto woe hâlde, mar it koe yn de drokte net en de bistjûrder stuts de fûst omheech en drige. Hy wie bifredige en ried kalm oan fierder. By in oare krusing rekke er syn tsjinstanner kwyt. It wetter fan de Seine wie brún en it kolke troch de smelle brêge. Der roun in boulevard by lâns, dêr't in soad nije huzen oan stienen. It forkear wie der minder drok en hy koe mar ta ride. De lêste rige huzen foarby moast er it kamp sjen kinne. Ynsté fan de flakte mei op 'e eftergroun it kamp, seach er lykwols in soarte fan bungalowpark. Hjir soenen de hearen fabrikanten wol wenje, tocht him. Sa kin men sjen, dat ús geskrep yn har febriken dochs fortuten dien hat. Se sille hast wol útsjen nei de folgjende oarloch. Hwant goedkeapere krêften as kriichsfinzenen binne der net. De autochtonen kinne | |
[pagina 420]
| |
fansels ek mei in bytsje ta, dat yn fredestiid sil der wol gjin jild by hoege. In foech bungalowtsje bliuwt der yn elk gefal wol fan oer. Oan 'e ein wie in hege wâl fan beammen en dêrefter kaem de flakte. Doe seach er ek de barakken. Se stienen der lang net allegear mear, mar de flakte wie noch like keal en tryst. De rein hie der neat oan foroare, hwant der woeks neat dat grien wurde koe. Hy fielde him in bytsje oandien en in weach fan oantinkens gong him troch de holle wylst er stadich de reed nei de poarte ta ynried. De flakte lei fol stiennen. Yndertiid stie der noch wolris in rûpske struke, mar dy wienen letter omkapt om it sicht út de wachttuorren wei to forbetterjen. Hy wist noch krekt hwannear't dat bard wie: in dei nei't der in Italiaen útnaeid wie. It sykljocht rekke him nachts kwyt, omdat er forskûl foun yn de strewellen. In wike letter hie in oare Italiaen it ek bisocht, mar dy koenen se maklik binei komme. De gedachte om der út to naeijen wie by him nea opkommen. Hy soe it net heal doarre. Fierwei de measten hienen der gjin oanstriid ta. Se hoegden op help fan de bifolking net to rekkenjen, en dat wisten se. Doe't er tichterby kaem, seach er dat it hege hek fan harmoanikagaes mei de stikeltriedden der boppe oerhinne sloopt. wie. Hjir en dêr hong noch in rustich ein oan in betonpeal. En de houten útkyktuorren wienen der ek wei. It stiennen wachthokje by hwat ienris de poarte wie, hie gjin ruten mear en it lei fol mei strie en âlde planken. Rjochts stie in rige barakken, swarte, platte gebouwen, ôfdutsen mei asfaltlear. Oan 'e ein hie de kantine stien. Letter, doe't der hyltiten mear finzenen by kamen, waerd it de sikebarak. Hy koe it sté noch sjen. Lofts stie de stiennen barak, dêr't de oppassers taholden. Op it plein woeks in bytsje gers. Doe wie it in swartwâdde flakte en winterdeis stienen se der yn 'e drek tidens it appèl. Hy socht mei de eagen om de flaggemêst, dêr't de straften krekt sa lang yn 'e hâlding stean moasten oant se omfoelen. De flaggemêst wie der net mear. Ik woe dat er der stie, mei de flagge der oan. Ik soe de flagge mei oerliz út elkoar ropje en oant de lêste tried ta forneatigje. Hy fornuvere him oer de haet dy't ynienen yn him opwâlle. It wersjen grypte him oan. It is slimmer as doe. It is krekt as bigjin ik it nou pas to bigripen. Ik ha it my doe net biwust west. Ik ha it gewoan ûndergien, mar it net forwurke. Ik ha altiten biweard, dat der noch wolris in goeijen-ien tusken siet. Ik ha selsbigreatsjen hawn mei Mayer en syn debyl berntsje en doe't se him dea- | |
[pagina 421]
| |
skeaten ha 'k der mei ompakt. Mar it soe my op dit stuit sa kâld lizze as in stien, ek al liet er in hûsfol debile bern efter. Hoe is 't fordomme mooglik, dat ik in sigret fan Rudi oannaem, dat ik it bêd fan de Feldwebel opmakke en de kondoorns tusken de lekkens weifiske en se netsjes yn it toilet smiet. Dat ik neat dien ha doe't se dy Rus oan 'e fuotten ophongen, omdat de Russen soks ek mei Dútskers dienen. Wy ha ús as slaven gedroegen. Wy wienen ta alles ré as it om ús hachje gong. Syn barak wie der net mear. Der kamen in pear bern út de doar fan hwat yndertiid it buro fan de kommandant west hie. In man dangele efter de bern oan. - Mei ik hjir wol eefkes om my hinne sjen? - Ik kin it jo net forbiede, hwant it is mines net, sei de man. - Ik ha hjir yn 'e oarloch sitten, sjoch. - En ha jo der forlet fan om it kamp wer to sjen? Ha jo it sa goed hawn hjir? - Forlet hie 'k der net fan. En ik ha it hjir net goed hawn. Dat kin ik jo sjen litte, mar dan moat ik de broek út dwaen. Ik ha in stek mei de bajonet haven. Net sa slim, mar it bigoun to rotsjen en ik ha der in fikse groede fan oer holden. - Der binne genôch, dy't der aerdich mear fan oerholden ha. - Dat is sa. Moat ik dy man útlizze, dat de hearen Germanen har bruorren in foarkarsbihanneling joegen, tocht er. Miskien wit er it wol. En ik kin it net helpe, dat ik net yn Italië, Letlân of Tsjecho-Slowakije berne bin. - Der komme hjir net folle, sei de man. It wie in meagere, toarre man mei in keale, read forbarnde holle. En yn syn gesicht sieten wite plakken. Ek syn hannen forfellen. - Och né, hwat sil men hjir ek dwaen, hèn? - Ik wenne doe yn Troyes, sei de man. - Ik ha wol sjoen hoe't it hjir om en ta gie. Hy sei: - Wy wisten dat doe noch net, mar efterôf hat wol bliken dien, dat der gâns kampen wienen, dêr't it aerdich minder wie. Der binne hjir net folle stoarn. It earste heal jier wie it sels in iepen kamp. Yn lytse groepkes en mei in oppasser der by, gongen wy de stêd yn. Letter binne der útkykposten boud. Jo sille dat allegear wol witte. Hy roun by de barakken lâns en seach it plein oer, dêr't se geregeld forskine moasten om oan to hearren hokker oarlochssuksessen de Dútskers bihelle hienen. Ek doe't dy suksessen der net mear wienen, moasten se op it plein komme. Se moasten dêr de iepenbiere útfiering fan straffen bywenje. | |
[pagina 422]
| |
- Ha se jo doedestiids tige slim to grazen hawn? - Né, op dat prykje nei en dat kaem net iens bot oan. Efteroan stie in barak, dêr't neat oan foroare wie. De doar wie der út. Op krapoan twa meter fan 'e kanten ôf hienen planken sitten. Der lei skimmelich strie. Hwa wit lei it der al achttjin jier. - Stiif yn elkoar teard, koenen hjir tachtich man sliepe, sei er. - Hjerstmis wie 't wol noflik en ús barakâldste hat ris om forsterking frege, doe't der in man as tweintich earne oars ûnderdak brocht waerd. Hwant wy koenen sa minmachtich de waermte net hâlde. Simmerdeis wie it om to smoaren. Wy stienen dan moarns earst in skoft bûtendoar to kocheljen. Hy stuts in sigret oan en tocht net oan de man, dy't skean efter him stie. - Nim my net kwea, smoke jo ek? De man krige de sigret oan en biseach him. - Né, it binne gewoane Gauloises. Folle betten as Ingelske of Amerikaenske. - Jow my mar Ingelske. Hy roun fierder, oan 'e ein ta, dêr't de betonnen peallen fan de ôffreding noch oerein stienen. De stobbe fan it beamke stuts ta it sân út. - Sjogge jo dy stobbe wol? Dat wie doe in fikse struke en goed ticht. Dêr ha 'k hwat reizen hinne makke. En hwat ha 'k der oer yn noed sitten. Witte jo hwerom? Der siet in douwenêst yn, in nêst mei trije aeijen. Ik ha se op in sneintojoun foun, doe't ik by de trie lâns kuijere. Hoe't it mooglik is, ha 'k noait bigrepen, mar dat nêst wie der. Trije douwe-aeijen, dat wie suver in folslein miel. De man wie by him weiroun, omdat der in frou om him rôp. Mar de bern gappen him oan en hy fortelde fierder. - Mar trije jonge douwen wie it gastmiel en de âld dou woe der suver net ôf, dat se moasten al knap fûl wêze. Ik doarste it hast net to riskearjen, hwant it wie op himsels al in wûnder, dat net ien it ûntdutsen hie. Ik ha it dochs aventuere. Trije wiken ha 'k der op wachtsje moatten. Doe doarst ik it net langer oan en ha 'k se de nekke omdraeid. Ik hie se mei in eintsje tou op it nêst boun. Ik ha se hjir ek bret, boppe it fjurke fan droege tûken út deselde beam. Ik ha se allinne opiten, Jules hat der neat fan hawn. Hwant sa wienen wy. Jules soe itselde dien ha. Hy roun wer fierder en joech de bern in sigret. De iene, in baeske fan in jier as acht, frege fuort om fjûr, de oare biwarre him. | |
[pagina 423]
| |
- Kom aens mar mei nei de auto, sei er. - Ik ha noch in pear sûkeladerepen. By it buro fan de kommandant stie in ein peal. Krekt boppe de groun sieten ringen mei djippe gleuven. En om de peal hinne wie in groppe, dy't oerai krekt like roun wie. Der stie wetter yn. Dy houn hat hjir hwat ôfdraefd, tocht er. Tûzen kear op in dei fleach er om de peal hinne en hong er himsels hast op oan it keatling. De tsiiskoarste moast dêr sahwat lein ha. Hoe faek wie hy der by del dangele ear't er de sprong weagje doarst? It wie in loeder fan in houn, falsk as in wylde kat en net heal los fortroud. - Ik woe dy tsiiskoarste ha, sei er tsjin 'e jonkjes, - en ik koe him krekt net rikke. Ik hie in eintsje kneppel om de koarste nei my ta to heljen, mar dat foel sa op. En de kommandant soe ris tinke kinne, dat ik dwaende wie syn houn to narjen. Dy forrekte houn hold my yn 'e gaten en ik koe gjin foet oerdwers sette of hy wie der ek. Doe ha 'k op 't lêst de skonk rjocht foarút stutsen, krekt safier dat de houn him bigapje koe. Hy biet him fêst yn 'e skoech en ik snapte gau de koarste. Ik rekke tsjin de flakte, mar hy krige my net to grazen. In grouwe koarste. Ik ha him partsje moatten mei Philippe. Dy seach, dat ik mei hwat dwaende wie. Ik bisocht it fansels mei in forlechje, mar hy hie wol yn 'e gaten, dat ik dy houn net sa mar yn 'e bek roun. Hy stuts in nije sigret oan mei it peukje fan de foarige. Kom, de foarstelling hat nou lang genôch duorre. Ik gean fierder. Wacht eefkes, hjir hat myn barak stien. Oan 'e fierste kant forhong dy Sigeuner him. Wy soenen it net iens murken ha as Larsen net wekker wurden wie, omdat it wetter him op 'e fuotten dripte. Dat is net netsjes, sei Jules. Dat er him ophingje wol moat er sels witte, mar dan moat er in oar net oer de skonken pisje. Se laken der allegear om, hwant it hie har kjel makke doe't se him hingjen seagen. Hwerom die de man it eins? Hy koe net oer finzenskip, seinen guon dy't biwearden, dat se de Sigeuners koenen. De jonge kninen, dy't er yn syn jongesjierren út 'e bosk helle en thús yn in hokje sette, gongen dea. Dy Sigeuner siet altiten yn 'e hoeke. Hy sei neat, en hy seach mar mei syn greate, swarte eagen. - Ha jo it goed bisjoen? frege de man dy't werom kommen wie. - It kin sa wol, sei er. - Wenje jo hjir? - Ja, al in jier as twa. Se rounen de barak foarby, dêr't de famylje yn wenne en hy sei de frou dach, dy't yn 'e doar siet to ierpelskilen. | |
[pagina 424]
| |
- Noch net iens sa'n mâl plak, sei er. - Jo binne yn elk gefal net lyts bihuze. Se wienen by de auto kommen en hy joech de man in pear franks en bitanke him foar de rounlieding, omdat er oars ris tinke koe, dat it in foai wie. Hy soe yn de auto stappe, doe't de jonkjes swijend nei foaren kamen. Hy taestte yn it kastje ûnder it stjûr en foun it great plak sûkelade. - Elk de helte, sei er. - Is dat fortroud of moat ik sels partsje? - Se binne it wol aerdich iens, sei de man. Hy ried it paed del en seach net wer efterom. |