De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 407] [p. 407] [Nummer 12] Jan Wybenga: Euterpe en de akrobate Ik doch as oaren doch nei har dea krekt oft der neat foroare is sit elke joun by in healfleske pils in rigelmannich by de fryske skriuwerij oan to kwatteljen. In sêfte lije rein bipreuvelet smout it nijs fan alwer in maitiid as wie hja net wei ús strielend hannebinerke fan .xxx. ieuwen. De t.v. set troch as wie der neat to rêdden in akrobate dy't har ynbring mei krappens aksint jowt wriggelet ûnder applaus by in touljedder del en draecht foar de minsken de lette barok fan har lea. Hoe kin men sa sleau en forwachtsje heal en heal dat de dea fan in spoek hwa ek yn brein en bloed biroere soe. [pagina 408] [p. 408] De lilke duker De âld-strider foar wurdgeheim tûke dûker yn 'e ferssé dy't út fruchtber twiljocht ynmoaije pearels fandele perles de la poésie contemporaine hy wie lilk wie lilk hwant dat er oankoe drige him oermânsk to wurden geheim bleau geheim en hast nea in pearel hy wie lilk as poëzij dan al gjin sé is dan dochs in kathedrael mei alle hilligen mei oargels foar blydskip en foar illinde mei tusken de founeminten bylden fan oerâlde heidenske goaden en yn 'e sakristy sinnige doaskes mei âlde snypsnaren hy wie lilk langer wie neat mear hillich blank of swart geheim en bleke liken fan tûke dûkers touteren al machteleas tusken de wierren it dûken waerd noedlik dat makke him lilk de âld-strider. [pagina 409] [p. 409] De boekdrager Data sunt it lân de stêd de tiid de goare unyfoarm fan konjunktuerkonfeksje it stadich stjerren it lyts to wêzen en great swé to slaen. De joun de stêd skuort in bekfol ljocht op spijt ropwurden út tsjoent mei bylkjende froulju dy't noedzje yn effigie. De loaije trolley fan in wurge totoboarter laet ploeget troch ljochte fuorgen lyntsjebylâns 't fjûr spat mar kwea kin 't net. In bibliotheek in slûge faem rikt boeken oan en tinkt al oan de bar dêr't aenst hja drankje forfeling drinke sil of oan hwat oars of allinne oan 't formulier dat hja bihoannepoatet der feit dúst yn har blauswart hier snie yn 'e maitiid op in eker dêr moast sa'n bern eins hwat oan dwaen. Rinne mei boeken deun oan 'e wisse muorren lânsstrike in foech soldaet tusken de generaels dy't rie witte mei harsels en oaren de wolvintsjes noegje him net yn har smoutens ien dy't net mear as in luzige boekdrager is. [pagina 410] [p. 410] Is der gjin muorre dy't dochs delmoast gjin autorider dy't it net foarkoe gjin gladiator yn swart lear dy't ris bisykje wol hwat er wurdich is mei syn mês. Kin jim in siik man net oan. As juke-boxen skrieme en neonljochten forspringe tinkt er dôfwei oan wurden fan deaden yn it strewel fan syn breinkas sprút it tinken fan deaden út. Kin jim in siik man net oer in luzige boekdrager. [pagina 411] [p. 411] De bibliotheekskriuwster yn de bar Hja is de faem dy't de formulieren biskriuwt mei hoekige halen nammen titels signatueren it fel brún fan de sinne fan saint-tropez de fingers stiif fan de ballpoint hwant sa'n formulier moat yn triplo sit hja stil en de wrâld glydt har lij as in douche by de rêch del dat is net ûnplesierich mei hwat vermouth derby Hja is like fier fan alle oaren as alle oaren fan har as tût ank amon fan eisenhower mar hja wit it net noch hat elk ding elk minske syn fêst signatuer ûnder har blauswart hier leit alles wis foar anker mar troch it glês sjocht hja in iikhoarntsje mei wiuwende sturt oer in boskpaed ljeppen en dat komt net goed dat is fan lang forlyn en it glês is fan hjoed. Dat is in signatuer dêr't hja gjin wils út wurdt fornuvering forfrjemding. [pagina 412] [p. 412] Direkteur fan gemeentewurken De direkteur fan de gemeentewurken dy't it mei syn typiste hâldt fornijde ús: Ik ha gjin lêst fan moarnskens né ik stean moarnsier al glimkjend noed foar wiif en bern en dat kin hwant ik smar de oalje fan har famme-eagen as bûter út ik set har hier op mei myn hoed ik lûk har lea oan mei myn oerjas ik start de auto mei de fûnken fan ús oerhoer en de gemeentedyk wurdt ien baen blauwe langst nei 't bern dat djippe tsjinstgeheimen biskûl hâldt yn in garnituerke fan de útforkeap hwant lúkse jowt each op in doarp. En ik siz: foaral gewoan dwaen foaral gjin each jaen foaral gjin argewaesje. Dat binne myn technyske advizen en op myn wurden rydt de dwingerman. [pagina 413] [p. 413] Swart-wyt Lit it sa wêze dat sinnige neilpluzers lytse bungalows bouwe om mei har muze ity of tity to hokken lit har wêze wolfornoege trochfuorre boskwachters hoeders fan itytityhôven oaren wer binne roppige hofkesjongers dy't de ringenetten fan ús heare con gusto soldaet meitsje. Ienkear dochs moat de mânske koffer op 'e wein set dy't oer it swartdykje nei it fear oan it wetter rydt de fiere fjilden swart de lytse lampkes wyt mar ienkear dochs moat it beton fan adieu om it izer fan forjitten stoart. Dy't gjin omtinken hien gjin bihâlden hûs mei apelhôf hjoed en moarn mei deselde namme neamden it paed troch de nacht is har eigen. Hja sizze gean nei it tsjustere fearhûs net nei it oare dêr't polsdragers en leikers tsiere ûnder it ljocht fan 'e sechste ûre. [pagina 414] [p. 414] Pasjint As ik mei knoflige tromstokfingers it nûmer draei fan d'oare kant stiet it hert stil mar de technyk set troch en ik hear it rûzjen fan de iken yn Dodona. It palavar fan de chirurch Zeus dy't hja neame Iuppiter secans mei oare Olympiërs wylst syn smeue fingers mei fêste halen oan it swart-grys-wyt fan myn trochskinende thoraxhimel yn fêste halen de flecht fan syn eskaders biskriuwe. O âlde wolkesamler o prater yn 'e roes fan it momint ik bin mar in earme lijer helje ik it momint U dat dyn slach bigjint? [pagina 415] [p. 415] Hannen en pols In hân skout hwat om to skriuwen oer kwal dat him biskriuwe lit en dat wurdt wurdkraeltsjes riuwe ta in slot dêr't gjin slot yn sit. In hân glûpte de hoeke om en striek koel oer har nylons It wie super, sei hja, hwant dy hân biweegde alhiel anti-newtonsk. Wylst syn horloazje nei Venus útpykt yn in trijetryms raket sjocht er forheard nei syn lege pols en wykt út nei it buffet. Vorige Volgende