ûnwierskynlikheden stroffelje wy hieltiten oer, lykas noch bliken dwaen sil.
Lit ús lykwols earst de persoanen neijer foarstelle. Lucy is in jongfaem, dy't forkearing hat mei de jongkeardel Richard (‘hwat in artistyk type’), mar wylst hjà longeret nei in ‘oare wrâld’ fan fleur en muzyk en dounsjen en wyn, jowt hy him mismoedich ûnder de sitewaesje del. Wy moatte bigripe, dat syn fersen de partijmannen yn it forkearde kielsgat sketten binne, mar hoe't er dan oan 'e kost komt hearre wy net, likemin hoe't it him slagget om him foar de iene of oare ‘Arbeitseinsatz’ wei to winen. Yn alle gefallen is it him wol goed, dat Lucy mei immen dy't Peter hjit, in goede baen hat en jild yn 'e bûse, in joun nei de film ta giet, dy't har efkes yn dy oare wrâld bringt. (Ut de biskriuwing nei ôfrin moatte wy hast opmeitsje, dat de stjer ‘Laura’ de haedpersoan wie yn in Amerikaensk, alteast ‘westlik’ romantysk amusemintsprodukt... efter it Gerdyn!).
Marianne, hwat âlder, is oars. Hja docht yn it forrin fan it foarste bidriuw út de doeken, dat hja bihelle is yn in nuodlik ûndernimmen fan in ploech studinten, dy't dwaende binne mei it meitsjen fan in tunnel - in oannimlike situaesje, al wurdt dy minder oannimlik as wy hearre, dat hja der al in healjier oer gear binne. Mar it is dan ek gau safier, dat der in greate ploech flechtlingen trochhinne sil.
Yn it twadde bidriuw sitte wy dan oan diskant de grins. Yn in opheinkamp, yn in greate stêd, yn in buro, dêr't amtners de antesedinten fan de flechtlingen neigeane? Né, Terpstra bringt Lucy, Marianne en Richard gear by de boer Herman. Is hy fan to foaren ynskeakele yn it tunnelûndernimmen? Hy fornuveret him net oer de komst fan de trije op 'e lette joun, mar Marianne, dy't de organisaesje mei yn hannen hat, wit net oft er telefoan hat. En de man sels forwolkommet syn útfanhûzers mei: ‘as ik it goed bigrepen haw, bliuwe jimme hjir in deimannich.’ Hwerom reizgje hja net troch, wylst de greate stêd sa deun by leit, dat de flechtelingen al syn ljochten sjen kinne en de boer harren fornijt, dat de huzen hieltiten neijeroan komme. In nuvere situaesje: de boer wennet fuort by de tunnel, dus ek fuort by de grins, mar de stêd wurdt syn kant oer útboud. Tsjin it gerdyn oan? Ek Herman syn stoflike omstannichheden binne net lykas men dy forwachtsje soe. Wylst Philippus de hier net byinoar hie, doar Herman by it kealjen fan syn âld kou de fédokter net warskôgje, mei't de man ‘sokke hege rekkens skriuwt.’ Hy neamt dat biswier twa kear. Ik hie it nies oer de telefoan. Dat is ek in riedling. Marianne skillet yn de frijheit in kearmannich en wurdt dêr opskille oer swierrichheden mei de tunnel: der komt tofolle wetter yn. Men kriget de yndruk dat hja mei de oare kant de grins praet, hwant oan ‘diskant’ soe hja ommers wol witte hoe't it der mei it wetter foarstiet. Piter Terpstra hat yn Berlyn west en sil dus wol witte hoe't it lân der dêr hinne leit. Mar dat hja elkoarren oer en wer oer de telefoan op 'e hichte hâlde fan de stân fan saken yn in geheime tunnel, dat wol net yn my del.
Mar goed, men moat in strou net om in aei bidjerre en it kin nuver yn 'e wrâld, foar en efter it Gerdyn. Mar hwerom lit de skriuwer ús neat priuwe fan de blydskip dy't der by dy trije en dochs ek by dy boer wêze moat as it nuodlik ûndernimmen slagge is? Nei sa'n great avontûr soe de spanning dochs ynienen losboarste, soe ek de takomst ris bipraet wurde, soe men sa sizze. Mar neat fan dat. Richard spilet - in bisykjen ta symbolyk - yn sté in potsje skaek mei Herman (hwaens soan, sa docht op it lêst bliken, as spion efter it Gerdyn