K. | ‘Wiis de spotter optslach de doar en biried dy net ien amerij.’ |
B. | Hjir stean ik dan op eigen doar to wizen mei dizze dialogyske spreuken. |
| |
A. | Leauwe Jo dat Fryslân noch in takomst hat? |
B. | Docht dat der hwat ta? |
A. | Fansels, dy frage is essinsieel... |
B. | Dan net. |
| |
F. | ‘Gjin skepsel kin himsels wêze, lykas de goddeleazen hwat langer hwat fûleindiger easkje. God allinne is himsels...’ |
B. | Ek God is net himsels. Hwerom soe Er? |
F. | Dan soe Er God net wêze... |
B. | Krekt. |
| |
A. | Ik hiel der dochs wol hwat foar dat de bêsten it biwâld hawwe, de aristokraetsy. |
B. | Ik net - ik ha gjin sin oan regearjen. |
| |
A. | Hwa't gjin earbied hat foar de miening fan in oar is in smjunt. |
B. | Myn miening is krekt oarsom. Dat Jo hawwe mar to kiezen: of inkeld sels in smjunt to wêzen, of biselskippe fan 'e hiele wrâld. |
| |
A. | Ik bin wol foar krityk, mar dan moat dy opbouwend wêze. |
B. | Dus as it rotsoai is, wolle Jo der in greatere rotsoai fan meitsje. |
| |
K. | ‘Bistû mismoedich, tink om in moai faem.’ |
B. | Dat doch ik. |
K. | En? |
B. | Ik wurd hieltyd mismoediger. |