| |
| |
| |
Dr. Giacomo Prampolini:
Minsken, oarlochshea
(Uomini, fieno della guerra)
Sa't wol bikend is hat de Italiaen dr. Giacomo Prampolini út Spello foar en nei gâns dien foar de bikendheit fan de Fryske literatuer bûten Nederlân. Yn de dagen fan De Holder (1926-1929) hie dizze polyglot en literatuerkenner al kontakt mei de redaksje fan dat tydskrift. Nei de oarloch, dy't foar him as antifascist in dûbel swiere tiid wie, waerden de forbiningen ek mei Fryslân fornijd. Sa skreau Prampolini yn jg. '49 fan De Tsjerne in opstel oer Wearde en wurking fan de lytse literatueren en yn jg. '50 oer De streaming Noard-Súd yn 'e literatueren fan Europa. Yn 1951 naem er in kundich stik oer de literatuer fan de Friezen op yn syn great libbenswurk Storia Universale della Letteratura, dêr't wer ús Katalaenske kontakten út fuortkamen, wylst it jiers dêrop to Milaen fan him in bondeltsje forskynde mei oersettings fan syn hân Poeti frisoni d'Olanda. Fan him is ek in opstel Littérature frisone yn it Frânske standertwurk Histoire des Littératures (Parys, 1957).
Yn april 1959 die Prampolini by syn bisiik oan Nederlân ek Fryslân oan. To Ljouwert yn it Oranjehotel hat doe in moeting pleats hawn tusken him en forskate Fryske skriuwers.
Ek mei Nederlânske skriuwers as Greshoff, Marsman en Van Schendel hat dizze bûtenlanner persoanlike en literaire forbiningen hawn. Us yn Fryslân hat it tige goeddien, dat dr. Prampolini langlêsten yn Den Haech bikroand is mei de ‘Martinus Nijhoff-vertaalprijs’ fan dit jier. Sels koe de bikroande doe útreden fan sounens net by de priisútrikking wêze.
Bihalven oersetter út gâns frjemde talen (der wurdt forteld dat er sa'n 40 talen bihearsket) is Prampolini ek Italiaensk dichter. Yn 1962 is fan him by útjowerij Arnoldo Mondadori to Milaen útkommen in bondel poëzij Molte stagioni (Gans seisoenen). Ut dy samling folget hjir de syklus Uomini, fieno della guerra, 14 fersen skreaun yn de rampsillige jierren 1939 oant 1945. De Italiaenske originélen steane by elk fers ôfprinte. De oersetting is fan D.A. Tamminga, en kaem ta stân mei help fan in Nederlânske, noch net publisearre fortaling fan dr. Catharina Ypes, dy't dêrfoar gâns tank fortsjinnet. Dizze Fryske fortaling is to biskôgjen as in foech earesalút oan in man dy't jierrenlang gâns út 'e wei set hat foar de lytse literatueren yn it algemien en foar de Fryske yn it bysûnder.
Oersetter.
| |
[pagina t.o. 346]
[p. t.o. 346] | |
Dr. GIACOMO PRAMPOLINI
Literatuerkenner en Italiaensk dichter
(kliché útj. Bonaventura)
| |
[pagina t.o. 347]
[p. t.o. 347] | |
By syn bisiik oan Nederlân yn april 1959 die Dr. Prampolini ek Fryslân oan. Forskate Fryske skriuwers binne doe mei him yn 'e kunde kommen. Hjir fûstket Anne Wadman mei it forneamde Italiaenske tael- en literatuerfenomeen.
| |
| |
| |
I
Mei it sicht op in gruzige muorre
bilibje ik myn ynlikste ûren;
binnen earne keakelje op it terras
dêr't de soldaten har melde.
It tiidlings griisgrien biweech
de holle wei lâns mei treppens
is fan nije kloften rekruten,
losskuord fan har memmen, har froulju.
De lege loft fan de winter
binearet, tobroaz'let it tinken;
de minskheit bigriemt him mei bloed,
God dêrboppe wachtei de striders.
| |
I
Di fronte a un muro sporco
i polli da quella terrazza
cantano sopra il distretto.
Ciò che grigioverde si muove
per la via fonda a scalinate,
è sempre una folla di giovani
strappati alle madri, alle mogli.
comprime, schiaccia i pensieri;
l'umanità si torce nel sangue,
Dio lassù aspetta i guerrieri.
| |
| |
| |
II
eangstich jinsels forjitte
yn in straksteande wurgens
dy't triennen forkroppet.
Soldaten, mûlezels, in ofsier;
| |
II
trepido oblio di me stesso
nei vostri grigi rancori,
Soldati muli un capitano;
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
IV
op 't Romeinsk amfithéater
hja plúzje, rounrêgich, fol iver,
wylst foarbyrydt de skurve trein
dy't soldaten forfiert nei omfierrens.
it deistige jok fan de slaef -
lykwols kinne wy net weidzje.
| |
IV
per brucare un po' d'erba:
mentre passa il logoro treno
che porta soldati lontano.
di schiavitù quotidiana -
e neppure possiamo brucare.
| |
| |
| |
V
de grinzen fan folken forfage,
as de oarloch de wrâld út
| |
V
togliesse i confini alle genti
| |
| |
| |
VI
Foarbytein binne de soldaten,
fierôf de lôge fan iikbrân.
Hja rounen sûnder to sjongen,
yn in omsjoch forburch har de tsjerke.
It boerewiif op it boustik
Oer de wei de kwinende sinne,
de soldaten binne foarbytein;
fierôf de lôge fan brânnen
| |
VI
lontano rosseggiano querce.
la chiesa li ha presto nascosti.
Sulla strada muore il tramonto,
lontano rosseggiano roghi,
| |
| |
| |
VII
Tsjinoer de sé, fol sinne,
op de berchpaedtsjas slane
hàr thúskomst to wachtsjen.
Mank de mimosa's bidriigje
| |
VII
Davanti al mare pieno di sole
| |
| |
| |
VIII
oarloch stadichoan wreder.
Sa libje wy, ienris berne
mei dreamen fol eabelens -
en gjin ûntwyk sels yn triennen.
Mar dou, maitiid, bloeist wer
yn pjisk, prûm en amandel;
ek tusken pún en stjurre bloed
tsjoenst ûnforwinlik fioeltsjes.
| |
VIII
con sogni di nobili cose -
neanche il pianto è salvezza.
a mandorli peschi prugni;
tu invincibile le violette vuoi.
| |
| |
| |
IX
Moanne mank wite wolkens,
troch 't geblink fan de loft.
Dea boppe ûnwittende sliep,
skept dy biskaving fan uzes
Moanne mank wite wolkens,
moanne oer fjilden fan pún,
oer deaden dy't al oanskôgje
dy frjemde ljochtglâns: God.
| |
IX
sui morti che già contemplano
| |
| |
| |
X
weidzje har guodlike eagen,
Allichtwol drage hja yn har
de lydsumheit fan Kristus,
| |
X
d'un nuovo morsdo l'alba,
| |
| |
| |
XI
Waerm de tún ûnder de stjerren -
tsjerkhôf fan blêdden en fan dagen.
Och, hwerom leauwe yn wurden
as stiennen togruzele wurde?
as ûnnutte hagen yn 'e wyn;
it leed wint oan - in floedweach.
in swarte kolk fan geskriem. -
| |
XI
Caldo, il giardino sotto le stelle -
cimitero di foglie e di giorni.
Ma, perchè credere alle parole
quando le pietre cadono rotte?
come inutili siepi dal vento;
sale il dolore, acqua di piena.
un vortice nero di pianto. -
| |
| |
| |
XII
Pioenroas yn krânsen, pioenen:
turken wyn en wolken de wille
fan in wrâld sa fier fan ús ôf.
De ûren spansearre oan oaren,
drôf wrakhout by it floedmerk,
al ûntkearden se my in dei,
se ûntjowe har yn jin ta libben.
En hwannear't wy fan hjir oant China
bisjogg' wy inoarren glimkjend,
hwant wy hawwe ússels oerwoun.
| |
XII
d'un mondo lontano da noi.
Le ore donate agli altri,
stanchi relitti alla deriva,
se m'hanno tolto una giornata,
E quando da qui alla Cina
perchè su noi stessi trionfammo.
| |
| |
| |
| |
| |
| |
| |
XIV
by in Kartuzer kleaster komme,
wylst klokken fan Lombardije
yn in wûnder dei-lemieren:
ûnnut stiet tusken de klaproazen
jongfammen en froulju bigroetsje
heal skriemend, heal laitsjend
hwa't weromkeart nei syn gea
en troch syn triennen glimket.
| |
XIV
mentre campane di Lombardia
inutile sta fra i papaveri
fanciulle e donne salutano
(Utjefte Arnoldo Mondadori, Milano, 1962)
|
|