| |
| |
| |
Y. Poortinga:
De takomst fan it forline
‘Dames en hearen’, sei de offisiéle sprekker, ‘ik bin oan 'e ein fan myn huldigingstaspraek kommen. It hat my in bûtenwenstige eare west om hjir hoed, út namme fan de Hege Administraesje, op syn hûndertste jierdei ta in man it wurd rjochtsje to meijen dy't de skiednis yngean sil as ien fan dy greate genyen troch hwa't it libben op ierde in mooglikheit, ik soe hast sizze in diminsje mear krige hat. Sokken as jo hawwe in potinsje ealge dy't ieuwen lang yn 'e stof, yn 'e natûr forhoalen lein hat en dy mei in uterste oan tink- en diedkrêft foar it ljocht helle. Sa't Edison en Einstein bigripen wurden binne foar de njoggentjinde en tweintichste jeu, sa sille jo dat foar de ienentweintichste wêze. Wezentlik hawwe jo jo ta ien útfining biheind, mar dy wie dan ek sa great, dy omfette safolle, dat der neat mear by koe. Ut mythologyske foartiid binne de nammen ta ús kommen fan greate magiërs; Daedalus bygelyks sil jimmer it prototype bliuwe fan alle loften romtefarders, - sa sil de namme Conradi oant yn langte fan ieuwen opklinke, hwer't mar sprake is fan it trochskôgjen, it sichtber meitsjen fan it forline, èn - hwa wit - fan de takomst.
Wy hawwe sa krekt fan oare sprekkers hearre kinnen, dat wy noch mar oan it bigjin fan 'e praktyske tapassing fan retro steane. Dochs hat de Hege Administraesje der al gâns foardiel fan hawn. It hat dêrtroch mooglik west om efternei de oarsaek fan inkelde rampen fêst to stellen en sadwaende herhelling tofoaren to kommen. De justysje is mei help fan retro yn steat om sa goed as alle misdieden op to helderjen en de previntive wurking dêrfan is al skoan to fornimmen. De Hege Administraesje is jo dan ek greate tank skuldich en wol dêr it biwiis fan jaen. Hja hat my machtige bikend to meitsjen, dat hja in nije ridderoarder ynsteld hat, dêr't allinne dyjingen yn opnommen wurde sille dy't as pionier by it bimasterjen fan de romte it alderheechste prestearre hawwe. En jo, professor Conradi, sille de earste ridder en greatmaster yn dizze oarder wêze.’
Hjir hâldde de sprekker efkes op en eage de rigen minsken foar him ris oer. In hanklappen klonk op en waerd wer wei yn de hege aula dy't de foarm fan in heale bol hie en alhiel bistie út in trochskinende matearje. Bûtendoar moast op dit stuit de sinne trochbrutsen wêze; de koepel fonkele fan in waerm, sêft
| |
| |
ljocht, dat de binijdens op 'e gesichten fan al dy lju, dy't niis mar hwat forfeeld safolle offisiélens oer har hinne gean litten hiene, klearder útkomme liet. De âlde hear mei in ûnnatuerlik jeuchlike kleur op 'e wangen, dy't it midpunt fan dizze plechtichheit wêze moast, krige in hwat ironysk glimke om 'e mûle.
‘Dames en hearen’, forfette de sprekker, ‘it hat de Hege Administraesje goed tocht om in âlde namme fan greate klank wer op to nimmen en in nije ynhâld to jaen. Ienris koene allinne mannen fan 'e heechste adel ridder wurde yn 'e Oarder fan it Gouden Flues, - tonei sil dat inkel weilein wêze foar dizze hege ridders fan de geast. Leaver as mei de midsieuske fluesridders forgeliket it Biwâld har astronauten en oare romteforkenners en -ûntdekkers dan ek mei de dappere en tûke argonauten út 'e Grykske sêgewrâld dy't it ûnmooglike folbrochten en mei it gouden flues út Colchis weromkamen. Jo, professor Conradi, hawwe as in moderne Jason - en by ús witten sûnder in toverkundige Medea - eat út 'e kosmyske romte weromhelle dat noch ûneinich folle minder to finen like: ús eigen forline, alles hwat him op ús âlde planeet ôfspile hat.’
De lange, lichte gelearde moast de holle djip dûke, doe't er it keatling mei it eareteken omkrige. Noch ûnder it applaus út 'e seal wei stoep de hundertjierrige ridder, hwat kramtriedden mar oars feardich, nei it podium.
‘Mynhear de fortsjintwurdiger fan de Hege Administraesje, fierdere autoriteiten, kollega's, freondinnen en freonen. Jimme witte, dat ik gjin man fan folle wurden bin. Lit my nou ek koart wêze. Ik soe hast sizze, dizze huldiging en dizze ridderslach reitsje my yn it djipst fan myn hert, - mar dat kin net, hwant ik haw in kunsthert. Hjir stean ik dan mei de ieu op 'e rêch. Dat dy der net swierder yn weacht, tankje ik oan kollega Simons en syn jongdombihannelingen, dy't my heurich en fleurich hâlde. Wie ik nou de earste dy't yn 'e bineaming kaem foar de hege ûnderskieding dy't my hjoed tafallen is, freegje ik mysels ôf. Ek út eigen bilang soe ik de Hege Administraesje forsykje wolle om sa gau mooglik in rounte om my hinne formearje to wollen. Ik haw der wol hwat sin oan om nou en dan yn sa'n formidden to toevjen; men bliuwt oars wol ris to folle ûnder spesialisten fan eigen rjochting. It soe to folle eare foar my wêze om de Jason fan dizze nije argonauten neamd to wurden. De kearen dat ik ús eigen planeet forlitten haw, wie ik likemin lieder fan de tocht as fan de tarissing. Lit my de Orpheus mar wêze, de spylman op 'e Argo. Mei in bytsje goede wil kin men retro wol as it musyske elemint yn 'e romte-eksploraesje biskôgje. Ten fan 'e sprekkers,
| |
| |
myn greate freon Benda, hat niis efkes doeld op in geheim yn myn libben. Sokssahwat hat der yndied west. Ek dat geheim wiist wol min ofte mear de kant fan Orpheus út. Mear wol ik hjir lykwols net oer sizze, dat dit sil wol foar altyd ien fan 'e nije Orphyske Mystearjes bliuwe moatte.
Ik hie al sa leaf hawn, dat hjir fan 'e moarn mei my noch twa oaren riddere wiene, oan hwa't retro like folle to tankjen hat. Wis, ik haw de earste fase fan 'e ûntdekking op myn namme stean; it is my slagge en helje bylden út 'e kosmyske romte werom fan hwat ienkear op ierde bard is. Mar wie de prestaesje fan Morra, dy't de lûden weromkeare liet en heinde, lytser? Spitigernôch is de dea him oer 't mad kommen. En hwat soe retro op dit stuit west hawwe sûnder eks-kollega Benda? Hy hat de synchronisaesje ta stân brocht en alle dagen profitearje wy noch fan syn idéen op it stik fan seleksje, forfining, forskerping, folle net genôch. Hy binammen hat makke, dat wy folle fierder tobek komme kinne yn 'e tiid, forskate ieuwen al, as wy it gelok mei hawwe. Freon Benda, ik bin bliid, dat jo hjir alteast fan 'e middei komme koene en woene. Jo hawwe it oer myn geheim hawn, mar hoe fier as josels tobek rikt hawwe, dat hiene jo net foar jo hâlde moatten; men heart der nou allinne mar hwat fan grútsjen. Hwat wiene dat foar geheimen of geheimsinnichheden? Hwerom moasten jo mei jou skatrike fantasy, dy't wy foar dit wurk sa breanedich binne, ús Ynstitút hommels forlitte, midden yn in great ûndersyk, en jo bijaen op it glysterige paed fan 'e théology? By ús hawwe jo it ûngrypbere grepen, mar dat sil jo mei De Ungrypbere net slagje, bin ik bang. Hawar, ik sil wol in neo-rasionalist of in neo-materialist wêze yn jim terminology. Likegoed: as dit eareteken dielber wie, ik soe jo de helte jaen!
Fierders wol ik ek al dy tûzenen meiwurkers tankje, dy't by de útfiering fan ús idéen it moedsume en forfeelsume wurk dien hawwe. Net minder de bouwers fan ús spesiale en bûtengewoan gearstalde computers.
Oant safier it persoanlike. Hwatfoar finingen sil de takomst op ús mêd bringe? Ien fan 'e sprekkers fan dizze middei hat in biskôging oer de tiid jown, dy't ik spitigernôch net alhiel neikomme koe, mar jimme sille mei my bigrepen hawwe, dat tiid in tige relatyf bigryp is en dat de sprekker mooglikheden seach om op 'e selde manear as wy it mei it forline dogge, de takomst sichtber to meitsjen. Ik moat sizze, ik kin my dat net yntinke. Ik hoopje ek fan herten, dat dizze sprekker him grandioos forsint! As it minskdom fan to foaren alles wit hwat him to wachtsjen stiet, hoe komt it dan mei de forantwurdlikens en
| |
| |
de oanspraeklikens, en noch folle mear: hwer keart dan ús hoop en ús moed? Ik bin net yn steat en wurkje dit út, mar ik wol hjir allinne efkes fêststelle, dat dit neat mear mei retro to meitsjen hat en dat ik der op gjin inkelde manear forantwurdlik foar bin.
Dat leit hwat oars mei retro sels. Dêrom siz ik itjinge nou folget mei de measte klam. In gelegenheit as dizze sil him net gau wer foardwaen. Eartiids waerden jimme warskôge, dat God jim alles hwat jimme yn it forhoalene diene, yn it iepenbier forjilde soe. Jim hawwe al fornommen, dat ik skeptysk foar al hwat metafysysk is oer stean. Mar wol komt it sa, dat alle minsken op ierde elke ûre fan 'e dei of fan 'e nacht sjen en hearre kinne hwat jimme yn it forburgene sizze of dogge. It is aensens sa fier, dat der tastellen makke wurde kinne foar it publyk, dêr't men immens libben as in film yn ôfrôljen sjen kin. Nim jimme dêrom to wacht yn jim glêzen hûs. Libje der net krampeftich om, mar wurd der ek net ûnforskillich ûnder. Lykwols, ik wit, dat de minsklike natûr net sûnder lek en brek is. Eangsten en kweade bigearten sille altyd weroan ûntstean; der sille flaters, lefheden en misdieden bigien wurde. Is retro alleman tabitroud? Ryp en grien sil ús yntimiteit bignuve kinne, delodrachtigens it gemiene sykje. Feitliken soe it better wêze, as de Hege Administraesje de retro ûnder him hâldde en in tsjinst ynstelde dy't in foarseleksje makke, dy't dan troch de televisy útstjûrd waerd, mar dat soe wol foar in skeining fan 'e rjochten fan de minske útmakke wurde; boppedat soe der ek wol gau klandestine retro komme. Aldergeloks is hjiryn it lêste wurd net oan my. Ik wol hjoed allinne de ljochte kant sjen en ik kin it net litte om to bisluten mei in: ‘crescat, floreat retro!’
‘Dêr sitte wy dan al wer ôfskie to nimmen. Moast dat nou sa hommels, Benda?’
‘Ik moat joun sprekke, earne oan 'e oare kant fan ús wrâldtsje.’
‘Hwat silst noch drinke? Kofje?’
‘Jow my mar mellito.’
‘Ja, ja, sprinkhoannen en wylde huning. Ik hie it graech oars sjoen. Witst hoe't ik dy huldiging fan hjoed biskôgje? As in stille wink: gean nou mar ris ôf!’
‘Kom, kom, Conradi. Don bist noch sa fitael.’
‘En dochs giet de foarsje der út. Ik hie neat leaver dien as hjoed de lieding oan dy oer to dragen.’
‘It is útsletten. Elk moat mar wer fierder mei syn geheim.’
| |
| |
‘Dat is 't him nou krekt, Benda. Ik bin sa âld wurden, dat myn geheim al lang gjin bitsjutting mear foar my hat. Hwannear giet dyn tastel?’
‘Mei in healûre.’
‘Dan wol ik graech, datst sa lang nei my harkest. Dou bist der fan 'e middei yn dyn taspraek oer bigoun en ik bin der yn myn antwurd min ofte mear op yngien. Der hat in tiid west, dat ik dat ûnmooglik dwaen kinnen hie. Mar alles giet foarby, Benda, alles. Dêrom kin ik nou de trageedzje fan myn suksesfol libben as in fiifminutenforhaeltsje fortelle.’
‘Ik harkje.’
‘Dou witst fansels wol, dat ik bigoun bin as in deagewoan natûrkundige, dy't him spesialisearre op it ljocht. Ik wist wol sa'n bytsje hwat ik wurdich wie, mar fan in karrière as ûntdekker fan greate dingen hie ik nea dreamd. Myn libben wie ek to fol fan 'e leafde. Ik moat in griene jobbe west ha. It is net aerdich, Benda, om hûndert jier to wêzen en to fielen, dat soks jin folslein ôfstoarn is. Hja hiet Eve en as ik frij wie, doarmen wy de hiele tiid yn 'e natûr om. It wie in prachtige junydei. Wy gyngen oan as bern. Hja fleach fan my fuort en sprong yn in útholling dy't in dragline krekt makke hie. Doe't ik by har kaem wie it libben der al út. De dragline hie in laserlieding skansearre en hja wie krekt foar de iepen striel kommen.’
‘Euridicé en de slang’, mompele Benda.
‘It greate forskil wie dat der foar my gjin Hades bistie dêr't ik se út weromhelje koe. Ik leaude net oan in fuortbistean fan 'e siel nei it stjerren, hoe dan ek. Ik leau it noch net. De psyche hat dochs hwat to meitsjen mei it senuwstelsel en de hormoanen en wit ik mei hwatfoar lichaemlikheden allegear? Hoe stelle jimme jim dat eigentlik foar, Benda?’
‘Ik leau oan in opstanning en in ivich libben.’
‘Ja, ja, sokke formules binne moai, mar it komt op 'e konkrete ynhâld oan. Ik wist, dat alles hwat myn libben wearde joech foargoed efter my lei en ik wie to jong om yn it forline to libjen - lyk as ik der nou to âld ta bin. Sa bin ik bigoun to tinken. Ik wist fansels wol, dat earne yn 'e kosmos alle byld en alle lûd út it forline noch hjoed wêze moast, mar dat hie my nea hwat sein. Nou like it my ta, dat der oars gjin lok mear foar my bistean koe as dat ik it forline ek op ierde wer ta hjoed makke.’
‘Frjemd sitte it alderpersoanlikste en it algemiene soms yninoar bitize.’
‘It tinkbyld liet my net wer los, al kaem ik ynearsten net
| |
| |
folle fierder. Mar op in moarntiid by it wekkerwurden hie ik suver it hiele idé fan retro foar my. It hat der yn hongen, ear't ik de middels foar it ûndersyk loskrige, mar doe is it my ek yn alles meiroun, sa'st witste.’
‘Dêrfandinne dy nachten, datst gjinien by dyn eksperiminten ha woeste. En, hast foun hwatst sochtst?’
‘Aldergeloks wiene der jierren forroun, ear't my dat slagge. Tagelyk haw ik krekt dêrtroch myn greatste toloarstelling ûnderfoun. Benda, freon, leau my, it forline kin nea wer hjoed wurde! Dy jongeman dy't ik dêr it deade lichem fan syn leafste finen seach, dat wie ik net mear. Ik koe net wer itselde fiele, dat ik op it eigenste momint fan har dea trochmakke hie. En doe't ik Eve noch in pear kear stjerre litten hie, bin ik der mei ophâlden. Ik murk, dat ik noch mear ôfstompe en dat alles forwaerd ta in plaetsje, in filmke.’
‘It nuodlike fan retro.’
‘De flok fan retro! Ik bin fierder tobek wrotten yn Eve har libben. It hat makke, dat ik har alhiel forlern ha.’
‘Orpheus dy't omseach yn 'e Hades!’
‘Ik stelde fêst, dat der fan it idéale byld dat ik my destiids fan har foarme hie net folle oerbleau, ja, dat se my net ienris altyd like trou west hie. Hawar, net mear dêroer. Ik bin steech fierder gien mei retro, mar ik wit noch net oft it in ramp of in seine foar de minskheit is.’
‘Fan allebeide miskien hwat. It hat dy yn alle gefallen in libben lang yn 'e bisnijing hâlden.’
‘It is myn nertstocht wurden! Mar nou bin ik to âld. Benda, de wizers op 'e klok springe foarút. Bitink dy. Smyt dyn kamielshierren mantel ôf!’
‘Ik sil dy fortelle hwerom't ik dat net kin. Dan witst meiïen myn hiele geheim. Mar ik moat koart. It is tiid foar myn tastel.’
‘Nou dan!’
‘Dou woest ommers witte, hoe fier't ik yn it forline weromtaest hie? Ik ha by Golgotha west. Op dy Freed.’
|
|