| |
| |
| |
Tiny Mulder:
It aint necessarily so
Ut de bûsapotheek fan de psychology
Rink van der Velde, Forliezers. Utjefte fan De Fryske Bibleteek by Laverman n.v., Drachten, 1963.
De lieten fan ‘Ferme jongens, stoere knapen’ en ‘Wie wat worden wil, wel, die zit niet stil / Neen, hij trekke 't zeegat uit / Ziet, hem wacht rijke buit’ haw ik yn jierren net opheljen heard. Faeks, dat ik de oarden krekt misroun bin, dêr't sokke lieten noch songen wurde. Miskien ek, dat wy yn Nederlân nei 1940-1945 hwat erchtinkender wurden binne foar de ‘vaderlandse liederenschat’ oer en hwat foarsichtiger mei de ‘ferme jongens’. Wy songen op skoalle sokke lieten wol, en hoe! Elk keninginnefeest (31 augustus) gie it oan. Ik wit noch wol, dat ik graech neijer ynljochte wurde wollen hie oangeande dy ‘rijke buit’, mar ús master mocht net graech oer swaeijende fingerkes foar syn eggen, dat sadwaende. Under de sjongles die master ús op misledigjende wize foar hoe't wy op boppeneamde lieten omeamelen. Dan sette hy syn solo yn fan fiks en helder op michieltsje, een twee in de maat, en syn dirigearstokje marsjearde, pas op it plak, op de foarste bank as moast it foar keninginne en faderlân midstwa. En dan wy. By de aubade op de greate dei eamelen wy dochs wer en wy sleepten ús ‘rijke buit’ in hiel ein efter dy fan de muzykkorpsen oan. Master switte him oan wetter, helle de skouders op en swile syn folkje gear foar flachjes yn de stove, wask oan de line en minhear en mefrou geane op reis. Ik woun noait hwat en it wie my altyd to gleon op it iepen sportterrein fan Assen. Neffens de bûsapthotheek fan de psychology hie ik op dy datum en dat plak in wearze skypje moatten foar ‘koningin en vaderland’, mar dat is sa net. (Hoe't it al sit, dêr kom ik letter wolris op). It aint necessarily so mei de minsklike geast.
It aint necessarily so, dat marineman Jacob de Groot, haedpersoan fan Rink van der Velde syn twadde roman Forliezers wurde moast, dy't er wurden is, omt syn heit..., omt by him thús..., omt er yn de oarloch... Mei de bûsapotheek kin men jin skoan rêdde mei in skram fan it toarnbeisykjen en in blier op 'e hakke; as der slimmer dingen barre kin it mei leukoplast en in túbke mercurochroon net ta. Likemin kin in
| |
| |
skriuwer him rêdde mei in plôkje en in topke út de apotheek fan de psychology, as der slimme dingen barre, bygelyks it skriuwen fan in roman. It automatysk tapassen fan de formule: oerurven eigenskippen + jeugderfaringen = lot en libben fan de minske, docht oan net ien minske rjocht, al bisterkje de rjochtbankforslaggen fan de kranten ús elke wike yn dy miening. ‘A. de V., 22 jaar, rijwielhersteller te F., is tot zijn diefstallen gekomen, omdat hij vroeger thuis een kwartje zakgeld kreeg en zijn vriendjes een gulden.’ Dat sei syn advokaet. En in oare advokaet, of miskien ek wol deselde, woe der neffens it forslach op út, dat Geart A., 19 jier, to B., de glêzen fan syn buorman ynslein hat, omt der yn B. gjin gesellich doarpshûs is, en Geart moast dochs hwát. Mei sa'n útliz is oan Anne de V. en Geart A. noch gjin rjocht dien. It komt der krekt op oan to witten, hwerom't fierwei de measte oare Annen en Gearten, dy't ek mei in kwartsje wyks en sûnder doarpshûs troch de tiid moasten, net fytsen stelle of buormans glêzen diggelje, mar ús Anne en Geart yn de fortochtebank al. De krante brûkt yn dizze gefallen fanwegen tiid en plakromte de bûsapotheek; wy witte dat en hâlde der rekken mei. Mar in romanskriuwer kin sa net. Wy wolle fan him syn minsken kennen leare as minsken, net as in pear ienfâldige formules. Ik kin mei Van der Velde syn Jacob en Cor mar net fierder komme as de formule, mei sergeant Kruithof en Willy kom ik hwat fierder.
Lit my Jacob by de kop krije yn de forhâldingen Jacob-Cor, Jacob-sergeant Kruithof en Jacob-Willy, en dan neigean yn hoefier Jacob yn dizze forhâldingen forliezer is en oft der faeks mear forliezers binne. Hwant om it forliezerskip is it Van der Velde to rêdden yn dizze roman.
Jacob-Cor. Jacob de Groot, tsjinstplichtige by de marine, en de jongeman, om hwa't it forhael draeit, is de minske, dy't fierder giet yn it ‘voetspoor der vaderen’. Syn heit hat krekt foar't er deasketten waerd troch de bisetter sein: ‘Us soarte minsken forliest it dochs altiten.’ Jacob nimt oan, dat er fansels ek ta ‘ús soarte fan minsken’ heart. Syn maet Cor mei syn net minder slimme en foar him persoanlik noch yngripender jeugderfaringen is de man, dy't him krekt ôfset tsjin dy erfaringen om himsels in romte frij to reagjen yn it bistean. It binne twa mooglike réaksjes op jeugderfaringen, en dy sûnder yndividuéle nuances, tapast op twa jongemannen. Har wegen troch it forhael binne omtrint twa evenwidige linen. Ut en troch feit Van der Velde der in bochtsje yn - Jacob bûcht him nei Cor ta om yn dy syn selsbitrouwen stipe to finen -
| |
| |
mar de beide natueren botse net en dat hie krekt nijsgjirrich wurde kind. De relaesje Jacob-Cor rint ûnder it forhael wei gewoan dea. Nei myn bitinken hat Van der Velde de forhâlding Jacob-Cor net mear ynhâld jaen kind, omt er tofolle fêst siet oan syn al to elemintaire formule foar de beide mannen. Mei Cor, dy't him sûnder fierdere subtiliteiten net kiste lit, en mei hwa't de skriuwer him ek net elke bledside hoecht to bimuoijen, hat Van der Velde minder lijen as mei Jacob, dy't er gjin tel út de oandacht gean litte kin en fan hwaens hâlden en dragen er hieltyd mar wer rekken en forantwurding ôflizze wol, wylst Jacob alhiel net in boeijende persoanlikheit is. Is Jacob yn dizze forhâlding forliezer? Né, hwant it forliezerskip birêst net op it feit, dat de iene minske oars is as de oare.
Jacob-sergeant Kruithof. As ik goed ret haw, is sergeant Kruithof foar Jacob symboal fan it hiele libben, dat nommel en wreed tagelyk wêze kin, dat by alle rjochtfeardichheit as ûnrjochtfeardich ûndergien wurde kin, dat by mannichten in kweade reputaesje hat, en dat jin in pyk set as men mient it libben baes to wêzen. Dizze streek troch de roman hâldt Van der Velde fêst fan de earste oant de lêste side. Sergeant Kruithof is de mjitstêf, dêr't Jacob syn al of net opwoeksen wêzen tsjin it libben en de maetskippij oan hifket. Dizze sergeant hat de reputaesje fan in wreden-ien, dy't yn Indonesië finzenen de strôtte tichtknypte en eigen mannen deamakke. Hy is der om dégradearre. Hy heart wol net ta it genus ‘ferme jongens’, mar hy libbet neffens de regel, dat militaire oarders der binne om sekuer opfolge to wurden. Jacob hâldt en draecht him net neffens de oarders. It wurdt net dúdlik oft Jacob hieltyd straft wurdt omt er net wol, omt er net kin of omt er gewoan to sleau is. Fan forset tsjin de tsjinst op prinsipiële grounen is gjin sprake. Gebrek oan bilangstelling foar de tsjinst mei de neiste oarsaek wol wêze fan it konflikt tusken Jacob en sergeant Kruithof, in konflikt, dat him hielendal ôfspilet oan de kant fan Jacob. Ek dizze twa reitsje elkoar net. Foar de sergeant, is dêr it normale kontakt tusken meardere en mindere. Dit hat Van der Velde goed folhâlden, mar ek wer net oan de ein ta. Dan springt ynienen in hiel nij elemint yn de forhâlding Jacob-sergeant Kruithof. De sergeant bringt Jacob syn faem, de marva Willy, oan, omt se mei matroazen (meartal) sjoen is yn in pension, dêr't keamers by de ûre forhierd wurde. Alteast, Jacob nimt fuort oan, dat de sergeant it oanbrocht hat, omt dy krekt foar it pension oer wennet en sjoen hawwe kin,
| |
| |
dat Willy en Jacob (alle matroazen binne op 'e rêch gelyk) gauris yn it pension wiene. Der is neat yn it forhael oant safier, dat it forried fan de sergeant forklearje kin. Neffens it forhael kamen yn dat pension wol mear pearkes en hokfoar reden soe de sergeant hawwe kinne om krekt Willy, dy't er net of amper kin, oan to bringen? Van der Velde hat de sergeant ek gjin reden jown om Jacob as minske in pyk sette to wollen. Dit forried falt hielendal bûten de relaesje Jacob-sergeant Kruithof, lyk as Van der Velde dy opsetten en útwurke hat. Mar de skriuwer hie sa'n soarte fan rotstreek fan de sergeant tsjin Jacob nedich om letter Jacob syn fûle hate tsjin de sergeant to rjochtfeardigjen en dêrmei ta in dramatysk slot fan de roman to kommen. Dat slot is sa: Jacob sjocht efkes de kâns om de sergeant dea to sjitten en dêr skjin foarwei to kommen as er hannelet neffens de sergeant syn eigen kode: ‘As ik bidrige wurd of fan bitinken bin, dat de man my net ûntkomme mei, dan liz ik him del en ik soargje him sadanich to reitsjen, dat er letter net tsjin my tsjûgje kin.’ Mar de sergeant bihearsket op it kritike stuit de situaesje reglemintair en - neffens Van der Velde - hat Jacob ek dizze slach forlern. ‘De ûntdekking, dat hy ek by de soarte hearde dy't it altiten forlear, kaem ûnforwachts’, skriuwt Van der Velde. Dy meidieling kaem foar my ek folslein ûnforwachts, hwant ik hie de hiele roman troch al miend, dat Jacob by de forliezers hearde en dat Jacob dat sels ek wol wist. En boppedat, hie Jacob, as er de sergeant deasketten hie, net likegoed de forliezer west: de man mei libbenslang?
Jacob-Willy. Ek yn dizze relaesje is de oare, Willy, wer in dúdliker figuer as de haedpersoan, better kenber as libben minske en blykber ek in minder great lêst foar de skriuwer. Ek har jeugderfarings binne net fan de bêste: as bern yn in Jappekamp, in heit altyd op sé en in mem dy't se net lije mei. By har is Van der Velde frijer bleaun fan syn simpele psychologyske formule; hy koe him der wolris minder om bikroade hawwe oft it allegearre wol strykt mei oarsaek en gefolch by Willy. (In skriuwer is op 't lêst noch kollega noch konkurrint fan psycholooch en psychiater). Lichtwol, dat Willy dêrom folle fanselssprekkender minske wurden is, ien, dy't ek in gesicht en in stal krige hat. By har is it weidzjen bûten de stekken fan de itige sede natuerlik. Yn in Jappekamp koene har mem en oare froulju gjin lijen hawwe mei in oare morael as hwa kriget it measte iten en hwa libbet it langst. Hjir giet de skriuwer krekt net fierder op yn en namsto oannimliker
| |
| |
sprekke de summiere meidielingen oer dat kamp. Opfieding dat makket hat Willy net hawn. Jacob wol. Hy is bygelyks de safolste jongfeint yn de romanliteratuer, dy't hwat skipe hat fan sneinen op doarpen mei in sterk orthodokse ynslach. De safolste. Elke skriuwer docht forstannich dit motyf nou tonei mar to mijen. Hwatfoar opfieding dêr trouwens mei sokke sneinen anneks is, lit Van der Velde wêze. Opfieding en forline funksionearje allinne mar yn Jacob syn forliezerskip, fierder net, en dat docht keal oan.
Willy is oer alle boegen in krêftiger persoanlikheit as Jacob en dat biseft se bitiden ek. Likegoed docht se in birop op Jacob, as se oanbrocht is as soldatehoerke. Mar Jacob wit dan neat to sizzen of to dwaen. As earne Jacob syn ûnmacht blike moat, dan hjir, sterker noch as yn de dramatyske slotscène: hy kin net foar himsels stean, hy kin ek net foar syn faem stean. Willy wurdt straft en oerpleatst en dêrmei liket foar Jacob de relaesje ôfdien, wylst hy de iennichste tsjûge is, dy't de ûnwierheit fan de oanklacht tsjin Willy oan it ljocht bringe kin. Is Jacob hjir de forliezer? Né, hwant forlieze kin allinne ien, dy't bisocht hat to winnen. Yn dizze relaesje is Jacob in fintsje mei in ûnderûntwikkele gefoelslibben en in gewoane sokses. Forliezer is Willy, dy't bisocht hat Jacob syn leafde to winnen en to hâlden.
Op 'e koarte baen wit Van der Velde Jacob syn réaksjes op akute needtastannen suggestyf oer to bringen, bygelyks as er de dagen biskriuwt, dy't Jacob yn iensume opsluting en mei formindering fan kost trochbringe moat. Mar op de lange baen - fan bls. 5 oant 176 - wit Van der Velde mei dizze meager útfallen Jacob lang net altyd rie. Dan moatte opfolsels yn de foarm fan marinesfearstikjes it tokoart oan materiael oer Jacob sels kamoeflearje. Miskien sille ex-marinemannen dy sfearstikjes - der binne formaeklike by - mei smaek lêze yn tagedien oantinken oan de tiid fan har lefkraech; my hawwe se forfeeld, omt se hieltyd wer it forhael opkeare, dêr't it om to rêdden is. De ‘ferme jongens’ haw ik ek hjir net weromfoun. Se sille a.o.w. genietsje.
Van der Velde syn earste roman - Joun, healwei tolven - mei op en út in avontûreroman hjitte, dêr't de psyche har mar yn rêdde moat. Dat docht de psyche. Dizze twadde roman is ien fan psychysk útraffelwurk; de avontûren moatte har mar rêdde. Dat dogge de avontûren net en de psyche fan de bilangrykste figuer bliuwt stykjen yn de formule.
| |
| |
De hiele roman oersjende falt my it hopeleaze gegriem op fan elk fan de persoanen, dy't der koarter of langer yn foarkomme, ek fan de joviale jonges-ûnder-elkoar marinedominé, dy't gjin fierder boadskip hat oan de finzene Jacob as it fansels ek wol tige nuttige sigaretsje. Fan God leaf hawwe boppe alles en jins neiste as jinsels is hjir gjin sprút oer. Ek net fan de lêste helte. Yn dit stik fan de ellinde is Van der Velde, alteast yn Forliezers, djipper trochkrûpt as de meast dûnkergrize âld-grifformearde. Fan minsklike solidariteit wurdt net rept, noch fan in genedige God. Nou kin in skriuwer net fuortjaen, hwat er sels net hat, oars soe er ûnearlik wurde. Mar mei it út en troch signalearjen fan hwat gewoane solidariteit, dy't - as ik goed ynljochte bin - sels yn de ûnderwrâld (de ierdske dan) en yn de finzenis to finen is, soe de wierheit oangeande de minske dochs efkes krekter foar it ljocht komme.
‘Sentimint hat de skriuwer net nedich, emosionaliteit hoecht er mar in bytsje fan. Wol moat er baes wêze oer in soad saeklik en koel observaesjeformogen’, hat Van der Velde op 13 augustus foar de RONO sein. Akkoard. Mar dat observaesjeformogen hoecht net ho to hâlden by hwat foar eagen is, fansels, en dat de observator dan ek sentimint en emoty observearje sil, stiet by my wol fêst. In minske is gjin bakstien, gjin wiskundige formule, net iens alhiel in skiekundige formule, alteast foarsafier wy nou wiis binne. En as Van der Velde alhiel oprjocht is yn syn statement, dat er mar ien soun motyf hat om to skriuwen: ‘de persoanlike earsucht (ja, hwa sines oars?), dy't resultearret yn de wil om in goede roman to skriuwen’, dan is my dat bêst. Miskien wurdt hy wol de earste romanskriuwer, dy't it allinne mei earsucht en wil rêdt.
Ik koe nou bêst noch efkes aerdich wurde en skriuw krekt op mei formelding fan side safolle hokfoar fragminten fan Forliezers my bêst, moai aerdich of wol aerdich foldien hawwe. De lêzers sille wol sa flitich wêze wolle en sykje dat sels út. Hwerom soe ik Rink van der Velde nei syn twadde roman yn in soarte fan kouveuse forpakke om noch hwat oan to sterkjen foardat er fierder de boaze literaire wrâld yn moat? Ik koe ek de iene of oare hope útsprekke oangeande syn tredde roman, dy't de setters al ûnder hannen hawwe, en mooglike fierdere romans. Mar ik hoopje neat fan syn folgjende boeken; ik bin allinne mar nijsgjirrich. Noch ien opmerking. As Van der Velde yn twivel forkeare mocht oer de fraech oft natuertaferieltsjes al of net perfoarst yn in roman thúshearre, dan is myn andert: né, hwa't dêr gjin nocht oan hat of it nut der net fan sjocht, dy lit se wêze. It aint necessarily so.
|
|