- Dou? Dou bist in nul, en skielk bist in gat mei in lichem deromhinne.
- Doch net sa yrritant, Hessel!
- Ik yrritearje dy krektsalang oantst opmiterst, in man kin men noch in wâd ûnder syn hûd jaen, mar jimme...
Hy stiek in sigaret oan en harke nei it lawaei dat út 'e seal kaem, nou noch ôfswakke troch de gerdinen. It waerd op in stuit stilder en immen bigoun mei ‘Achte oanwêzigen...’ Hy gyng nei de oaren, dy't him swijend opnamen.
- Praet fierder as it oer my gyng, sei er.
- Myn biswier tsjin dy is, datstou dysels sa bilangryk fynst; hwerom soenen wy oer dy prate, leave, antwurde Nel.
Pyt draeide him om op it krukje: - Hâld yn fredesnamme op mei dat harsenskrabjen. Dat gedonder altyd!
- Jimme hienen it oer my?
- Ja! Wy hienen it oer dy! Nou goed?
- Ik hie it dus by 't rjochte ein.
- Ja, man, dou hast gelyk, dou hast it greatste gelyk fan 'e wrâld, mar lit ús mei rêst!
- Jawis, Nel, dat sizze de Negers ek: Lit ús mei rêst, en dan wurde se lynched.
- Ik bin gjin Neger!
- Welné, hwat giet dat dy oan, al stjerre se om dy hinne as rotten, astou dyn wiet en droech mar krijst en dyn pubereftige fordivedaesjes.
- Ik kin my wol bigripe, Hessel, datstou fan guon dingen argewaesje hast, mar dou moatst elkenien frij litte.
- Witte jim heit en mem datstou hjir bist, Annichje?
- O bliksem noch ta, staette Pyt út, dat ivige en erflike gekanker fan dy! Wierje dyn pestbuijen út op in gaedliker momint en bidjer elke joun net.
- Ik kom hwat ûngelegen, dat is sa. Der wie lêsten in troud pear dat op in jierdeibisite by freonen steurd waerd troch in telefoantsje fan har buorman. Hy sei: Ik sil jim net lang fan de feestfreugde ôfhâlde, mar ik woe even fortelle dat jim hûs ôfbaernd is, en jimme fjouvrer berntsjes binne kremeard. 't Is mar dat jim it witte. Gesellige joun fierder.
- Oandonderje, wy moatte bigjinne, rôp Harry, doe't der in licht applauske folge op it iepeningswurd.
- Lit ús it evangeelje fan de lol forkundigje.
Mar der wie nimmen dy't der op ynheakke.
- Kin 't wurde? De kop fan de foarsitter kaem amikael troch it doek.
- Ja, sei Harry.