De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 328] [p. 328] Jan Eisinga: Smoke Wier, dizze wrâld bin ik net brek; ik smook my wol in oarenien fan lichte reek, myn eigen. Ik smook my in frou oars as dy, ien dystou net binei komme kinst yn tûzen en mear heimich driuwende foarmen fan ljochte reek. Ik smook my de holle dwyl mei tinzen, dy't net doge, hwat jowt it allegearre, ik bin dizich bliid en stop je de lêste piip. Ik smook yn wolkens fan sêfte reek mysels tobarsten. Vorige Volgende