De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 327] [p. 327] [Nummer 10] Leo Popma: Foartiid It lyts, útlitten feest dat hja miensum yn my fierden is útstoarn, in libben op de einichste muzyk der bloeije frjemde nammen op it strân salang't it ôfgeand wetter de nacht oanfret om it soeijend wier fan har ûnthjit mei it ûngâns fan healsliten en mishipte dreamen doarmje ik oer ieremoarnske pleinen dêr't rudige platanen har bikrúsje de meditaesje dien, de eagen opslaen en foar in dage wol op wurge tûken froed de praetske fûgels duldzje troch slûge parken dy't by it earste kriezjen tel de spegels slute oer har geheimen en mei in sucht it deistich paed ûtlizze dit foartidich liif is mar in ûre deis biwenber de ûre nei it reinen as lantearnen geizich stean to stjerren, foreale douwen jit yn 'e portiken hûzje sûnder mis brekt aenst de stille stêd midstwa de fleagen gean al oer de grêft it wetter rint fol swart rumoer op heale gedachten driuw ik lâns de dea Vorige Volgende