De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 249] [p. 249] Tiny Mulder: Heldersjende ik kin mei myn eagen by china op 'e tafel sjen en mei myn oare eagen lêze de stiennen tafels yn dyn hert de wet fan Das Buch vom Thee en de wet fan de leafde skreaun yn it kantich beitele skrift fan alles dat bliuwt ik sil ek hwat opskriuwe yn myn forgonklik skrift oan de fornaem trage jangtsekiang en oan de kant fan de sâlte wjitteringen lâns dyn noas hoe't der hoedene hannen binne om to forbinen de seare hakke fan de koely en de pynlikheit fan it hertsear hjir en jinsen safier myn eagen fleane mei de muoiteleaze wjokken fan de âlde routinearre kormoraen oer de tafels fan china oer de stiennen tafels yn dyn hert oer de keninkriken fan de taestsin fiele myn fingers de wounen en wine balseme wynsels om de brutsen tsjillen fan de ricksha om dyn skeinde hope ricksha rôlje fierder troch de bûntbiwimpele feeststrjitten dêr't forkopere memmen einlings rane ta núnderjen en breed forlegen laitsjen [pagina 250] [p. 250] en de bern optille foar de hoopjaende kamera fan de frjemdeling fljoch fljoch myn eagen oer de wetsartikels fan syn leafde en printsje se oer op myn foarholle as flaggen en wimpels ik kin gewoan mei myn eagen by china op 'e tafel sjen en mei myn oare eagen lêze de stiennen tafels yn dyn hert is 't net in wûnder? né fansels ik bin berne en werberne mei de helm [pagina 251] [p. 251] Eangst yn 'e moarn as ik moarns wekker wurd is 't noch sa't it is hûs beam bist de huzen deugdsume minhearen yn 'e rige se binne fannacht net dronken fuorre en oer de stoepen knoffele de beammen biwege geef yn de wyn en krimmeneare âldmannich út gewoante dat de bisten balte komt fan forlet har iten en drinken komt der oan wier der is noch neat to rêdden kinst feilich ta it rút út sjen heat bisûnders mar hwat is dat frjemd gounzjen en floitsjen by de sinne wei bern it is gewoan de trein nei it suden fan elke moarn fan elke dei dit is noch in dei sûnder oanslaggen in wisse dei fan hûs beam bist de fjurren reus dy't ûnder bleate hakken de stien forpoeijert en mei neaken hannen de iik yn twaën skuort mei hjitte azem it bist fordampt is wer net wekker skrille [pagina 252] [p. 252] Brief nei de sel ik woe dat ik jo bigreatsjend oansjen koe jo rêdde it net twa hingje oan jou fuotten twa twinge jou hannen del ien hat jou holle mei de tinzen efter syn traljes ik woe dat ik jo bigreatsjend oansjen koe yn jou finzenskip jo dy't sels jou biwekkers oansteld hawwe ien út leafde ien út freonskip ien út idelheit ien út selsbihagen ien út selsbiklach en alle fiif út eangst foar iensumheit jo moatte dizze neisten ek noch leafhawwe yn jou finzenskip jo hâlde jou biwekkers ek finzen oan har hannen en fuotten en har hollen mei de tinzen ik woe dat ik jo bigreatsjend oansjen koe jo de finzene jo dy't finzen hâlde jo dy't dit brief lêze [pagina 253] [p. 253] Moed dichter ien mikrobe op in knikkert yn 't hielal en likegoed it pún fan nei de fal it wurdegrús fan babel almar skodzje op de hân en winskje de formaesje it oarspronkelik forbân fan kerl mei kerl en hoopje op de dei dat ien dichter ien wurd yn syn folsleine stal herskeppe mei lichtwol it wurd dat god bitsjut hwat alle oare dichters dogge is wanhopich hwat pún en grús ta diggels foarmje de skurve wierheit en foarlopich [pagina 254] [p. 254] Bilidenis ja ja sizze de beammen wrot dyn woartels mar yn de ierde it foldocht ús goed almeast en til dyn kop boppe de stammen dat fielt net gek bytiden skodzje by 't winter de pronk ôf en arbeidzje rêstich binne dyn fel it jowt frede soms almeast bytiden soms sizze de beammen wy leauwe dat wy net hearre by de wissen hwant hwa wit it waer yn it foar? mar wy leauwe de jierringen wy leauwe de integriteit fan de stoarm wy leauwe de libbensdrift fan it ûnnoazelste kriuwelguod yn de bast wy leauwe de fûgels dy't bliuwe wy leauwe de f gels dy't fuortgeane en weromkomme alle fûgels kinne weromkomme Vorige Volgende