De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 247] [p. 247] [Nummer 7/8] J. de Nie: Opium of It westelik paradys Chineeske fluit bitaest de stilte slacht fan de bergen del tusken it mearstimmich koar fan reade blommen in blauwe démon slacht yn flecht in skrille toan oerstimd troch it monotoane ljocht fan sinne boppe it pagôde dak de berchlucht is sa goed as de sinne ûndergiet. de nachten koel en ien yn reek geane de wurden en weve blau tusken himel en ierde. mei lytse eagen leit in dreamer hy hat gjin wurden mear fan neden hwant gjin grêfstien slacht hjir skaed gjin bern boartel hjir mei blommekrânsen. [pagina 248] [p. 248] Blommen fan fjur Kwafo, myn freon, stean op en laitsje ûntnim de wrâld it rjocht en meitsje ta in mores rys foar elk - God saves the kings - astou mar wenrûmte hast yn dyn wurd sadat de wyn waeit fan bûten nei binnen en dyn minsken net swarter wurde: de fyts ta fetisch fan in forgiene wrâld hwant de sinne gie út doe't it ljocht fan tûzen sinnen myn oantlit printe op in stien stean op myn freon de tiid wurdt net letter as nou! Werkear de nacht is koel en tin it tek ûnder my de goede swarte ierde skurte fan natûr - myn mem yn agony fan libbensoanbigjin haw ik hjir grypt yn it tsjuster kritend om de tate - rein fan boppe en waermte fan myn lân trochkringt myn lichem dat mei swiere hertstocht lûstert nei it amjen fan natûr en wit ta einbislút hjir wer to kearen. Vorige Volgende