Ut in forslach oer it wurk fan de wurdboekôfdieling fan de Fryske Akademy: ‘Mei de B binne wy oan ‘bêd’ ta, mei de F oan ‘fépest’. Lêzer: ‘Frijhwat in gammeldersspultsje!’ |
Frysk en Frij skriuwt oer ‘auditionele honoraria’ fan it Ministearje fan U.K. en W. oan Fryske skriuwers. Opmerker: ‘Hoe skroarret Bot de tiid der út foar al dy audysjes!’ |
Yn De Stiennen Man, forneamd om syn kekenens, stiet eat to lêzen oer ‘de sterkste kònt fòn Rindert Straatsma syn stik’. Fraech: ‘Ek al oanhelle mei de goarre fan “schuttingwoorden”?’ |
Fedde Schurer yn Vrij Nederland: ‘... het was niet nodig geweest om één ei de carlistische struif te bederven.’ |
Deselde yn Frysk programma R.O.N.O.: ‘De Fryske preek is noch net eat om oer nei hûs to skriuwen.’ |