radarskerm kamen. It blieken in pear ûre letter signalen út de romte to wêzen. Washington en Moskou hawwe doe bisletten in telefoanyske needforbining oan to lizzen, om yn sokke getallen, as in forsin, in ûngelok of in idioat de wrâld nei it libben stean soene, noch op tiid yngripe to kinnen. Op dit motyf, hwerby in binearjend folmakke technyske apparatuer de minske út de hân rint en dan selsstannich har gong giet, is de film makke.
It is yn dit getal in maniak dy't de hel loslit. Generael Jack Ripper, kommandant fan in atoombasis, is fan bitinken, dat net de ûndeskundige en ûnbitroubere politisi hjir it biskiedende wurd sprekke moatte, mar de militaire eksperts. Hy hat ien permaninte nachtmerje: it goddeleaze kommunisme dat op syn kâns wachtet en hommels taslaen sil. Towille fan frijheit en kristendom wol er de Russen foar wêze en hy jowt oan in eskader fan 34 B 52-ers, stik foar stik laden mei in H-bom fan 30 megaton, it bifel, om in rige atoombases yn Siberië oan to fallen. Neffens it geheime ‘plan-R’ mei er yn de uterste need sa'n bifel jaen. Syn adjudant, kolonel Mandrake, bisiket omdôch de ramp to kearen. As de president fan de U.S.A. en it Pentagon hearre hwat der bard is, is it grif to let. De bommesmiters binne al oer de feilichheitsgrins en it kodewurd dat harren noch weromroppe kinne soe, is yn it bisit fan Ripper. Hy hat himsels mei Mandrake opsletten yn syn haedkertier en de bisetting fjochtet tsjin troepen dy't de presidint dêr hinnestjûrd hat. As hja de basis oermasterje, hat Ripper himsels deasketten, mar hja fine de kode. De bommesmiters wurde weromroppen, hja komme, op ien nei. Dy iene dy't in treffer krige hat, kinne hja gjin kontakt mear mei krije. Dy kin noch krekt in doel birikke en lit de bom falle. In massale Russyske tsjinoanfal kin nou elk eagenblik forwachte wurde, der is gjin kearen mear oan.
Dat is dan yn it koart it forhael. Yn de hân fan in twadderangs regisseur soe it in melodrama wurden wêze. Kubrich lykwols ken dizze wrâld, syn wetten en syn apparatuer troch ende troch en hy is in great filmer. De biswieren yn Amerikaenske militaire formiddens wiene foaral, dat er sa binearjende ticht by de réaliteit komt. Hoewol de knappe dialogen sfear en spanning forsterkje, soe dit wurk ek as stomme film in oertsjûgjend drama wêze, sa goed binne de opnamen, de montaezje en de spylders. Hwat de montaezje oangiet, it toaniel forspringt hieltyd op 'e krekte sekonde ôf fan it Pentagon nei de atoombasis of de oanfallende bommesmiter. De sitting fan it Pentagon dêr't de minsklike presidint in dramatysk telefoanpetear hat mei de Russyske premier Dimitri, is yn in matter-of-fact-styl, dêr't men de siken by ynhâldt. In bikende Hollânske kritikus woe wol yn goedens doe't er dit sjoen hie en treastte himsels en de lêzers mei de forklearring, dat dêr gjin skyn fan kâns is, dat soks ea barre soe. Kubrich sels komt de autoriteiten en de taskôgers tomjitte mei deselde forklearring: de regearing fan de F.S. seit er by it bigjin fan de film, stiet der boarch foar, dat dit gjin werklikheit wurdt. Oft er dit sels leaut, is in oare fraech.
En nou de satire, de saneamde grappen, dêr't er in absurde mooglikheit mei yn it flak fan de waensin giselt. Ripper seit, foar't er de hân oan himsels slacht: Ik leau oan in hjirneimels, dêr't ik forantwurding ôflizze moat, ‘well, I can’. De kommandant fan de bommesmiter ûnthjit syn mannen de tank fan it heitelân, dekoraesjes en promoasje, as ‘alles foarby is’. Mei't it apparaet defekt is, skuort er mei syn hannen it bomlûk iepen, mar falt sels mei. Boppe op in