birie, doe rôp er: ‘Nou, dan komst aenst wol hè?’ Hja suchte forromme, bliid dat er 'm bitocht hie.
Yn it gleone tintsje loek hja de flodderige jurk oer de holle. Hja hoegde net iens sa folle mear út. It swimpak oan, de mûtse op, op hege skonken stiek hja troch it sân nei sé.
Mei hongerige eagen naem Andrys har op, as seach er har foar de allerearste kear. Hy tjirge 'm oerdwaelsk en smiet har mei wetter. Hwerom ek net? As dy jonge dêr nou nocht oan hie soe hja him syn wille net forgalle. Hy siet har nei yn it wetter en woe har ûnder triuwe. Hja liet 'm gewurde, minder koe er ommers ek al net bigeare en it wie sa ûnskuldich.
Mei't er útpûste kaem hja troch it wetter op him ta. ‘Dû moatst der útgean Andrys, dyn hiele rêch is al read, dû forbrânst alhiel’.
‘It wetter byt yn myn rêch’, bikende 'r. ‘Toe dan, dû hast der al fiersten to lang yn west, dû moatst hwat oan dwaen’.
‘Giest mei om my ôf to droegjen?’ biddele er. ‘Ik moat ommers noch swimme, mar ik doch net sa lang’. Hâldde dat lêste in ûnthjit yn?
Hja joech har foaroer yn it kleare wetter en fielde har droegen fan 'e rôljende weagen. Hja sykhelle djip, doe liet hja in brûzjende weach oer har hinne komme, machtich en great. Hja dreau op 'e rêch, de loft wie sa ûneindich heech en om har hinne wie it brûzjen fan 'e sé dy't har opnaem. It wie allegear sa ûnwitend great, romte sûnder grinzen. Hja wie net mear as in stip yn 'e ûneindichheit, op sterke weagen waerd hja droegen. It wie har net to sizzen great. Tiidleas dreau hja yn 'e ivichheit, de sé song oan har earen. Fragen wiene der net mear, hwat wist hja noch fan soargen? Hja winske dat dit gjin ein nimme mocht. Hja wie yn in frjemde, ûnbikende wrâld, Andrys hie dêr gjin plak yn, der wie nammers mear dat folslein ôfdien hie. Hja wie allinne oerbleaun mei de loft en de sé en de sinne.
Doe hearde hja it neare, driigjende toeterjen fan in hoarn. It kaem har yn it sin dat se it al earder heard hie, mar ûnwêzentlik en frjemd, in lûd út in oare wrâld dy't harres net mear wie. Nou wie it dêr wer en al wer, it driigjend bearen wie hast taestber. Klear en kjel skeat it troch har hinne: dat is foar my! De man op it strân toetere op syn hoarn, it strân dêr't de minsken wiene. Se soe werom moatte!
Se joech har foaroer en swom. Hja wie jong en sterk en de sé wie har freon. Mar it swimmen einde net, de weagen sloegen har werom, hja waerd meinomd fan 'e sûgende stream. Mar dat koe dochs net! Hja moast nei it strân, nei Andrys.