| |
| |
| |
D.A. Tamminga:
H. Algra en de taboegrinzen
It naeit der langer mar út as âld smoar yn ús oars sa froede en eptige Earste Keamer. Nou al foar de twadde kear hat de Fryske senator H. Algra dêr in debat losmakke oer de rjochtlinen foar subsidiëarring fan oerheitswegen fan hjoeddeiske Nederlânske literatuer. Foar de twadde kear hawwe syn wurden in soarte fan kjettingbotsing toweechbrocht yn de Nederlânske publiciteitsorganen.
De earste kears dat dit a.r. keamerlid him hjiroer oppenearre wie 21 maeije 1963, doe't er n.o.f. it saneamde Skriuwersprotest him tsjin jildlike stipe forklearre oan literaire produkten, hwerfan de skriuwers in dúdlik tokoart sjen lieten oan hwat hy neamde ‘noarmbisef’. By dy gelegenheit foel er mei de hiele wûl út tsjin auteurs as Anna Blaman (†) en Gerard Kornelis van het Reve, hwaens ûnforhimmele bikenning fan in homofile oanliz yn har skriften de senator fûle krityk die. Lêstneamde skriuwer hat oan dy oanfal in pear kanttekeningen wijd (nou, wijd!) dy't der likemin om liigden. Yn ien fan syn reisbrieven, earst forskynd yn it tydskrift Tirade en letter mei oare as boek útjown ûnder de titel Op weg naar het einde, wurdt syn opponint kâldwei forspein as in ‘fluim’ (bls. 136).
Dit en ek in artikel fan dizze auteur yn Het Vrije Volk wie foar de hear Algra oanlieding om by it ûnderwiisdebat yn syn Keamer dit jier in nij maeije-offensyf to iepenjen. Utgongspunt wie in fraech, steld yn it foarlopich forslach:
‘Valt het te rijmen met de verantwoordelijkheid der overheid, wanneer zij zou verklaren, dat zij bij haar subsidiebeleid buiten beschouwing laat de vraag, of bepaalde kunstuitingen de grondslagen van de samenleving ondermijnen, om alleen maar te letten op de zg. artistieke kwaliteiten, welke men dan meent te kunnen scheiden van het kunstwerk als geheel?’ (Handelingen Eerste Kamer, 31ste vergadering, 6 mei '64, blz. 794).
Oer dit thema hat de hear Algra doe in foech ûre sprutsen. Earst hellet er - as goed histoarikus - oan hwat mr. H.J. Reinink, direkteur-generael foar de kunsten, yn maert '64 sein hat foar de Stichting Kunstenaarsverzet 1942-1945 oer itjinge fuort nei de oarloch yn forsetsrounten de forwachtings wiene op kunstgebiet:
| |
| |
‘De illegaliteit verwachtte dat de kunstenaar in volledige vrijheid afscheid zou nemen van al te persoonlijke uitingen van de kunst. Men hoopte op een sociaal gerichte kunst die niet politiek bepaald zou zijn, maar wel aan de samenleving zou geven wat zij nodig had. Het werd door de illegale pers “verontrustend” en “weerzinwekkend” geacht, dat de hoofdmotieven in de literatuur blijven onbenullige romantiek, overspannen sexualiteit, puberidealen... Naar functie, vorm en thematiek is er in het kunstleven wel wat veranderd, maar precies in tegengestelde richting moet men vrezen, dan twintig jaar geleden werd gehoopt en voorspeld...
Nu heeft men al te vaak de indruk dat het tonen van het kwade in de mens geen protest en daardoor een middel is, maar op zich zelf doel wordt’.
Dêrnei bringt de sprekker in twad stik yn stelling troch oan to heljen hwat Alfred Kossman yn Het Vrije Volk oer syn kunstbroer G.K. van het Reve skreaun het:
‘dat hij iemand is, die niet zonder bravoure beschrijft erotische ervaringen van afwijkende aard en dat er in die zogenaamde eerlijkheid veel opzettelijk provocerends schuilt. Het lijkt wel of een door haat en opvoeding ontstane preutsheid is omgeslagen in haar tegendeel, of een typisch Hollandse kleinburger uit verzet tegen de taboes zich gedraagt als een blasfemisch, met de godsdienst spelende libertijn’.
Dan folget in werjefte en bistriding fan Van het Reve's Vrije Volk-artikel, dêr't dy it yn opnimt foar de absolute uteringsfrijheit fan de kunstner en foar wetlike en tsjerklike legalisaesje fan homofile relaesjes. Nei in krityk op skriuwer's bizarre skriuwtrant en tendinskunst yn Op weg naar het einde en via it sitearjen fan in útspraek fan in wittenskipsman, foarbrocht op in jeugdkonferinsje, oer erotyske frijheden komt de hear Algra ta bislút op de trije mooglikheden dy't der neffens him binne foar in subsydzjebilied fan it regear:
a. | de oerheit sjocht ôf fan in systematyske subsidiëarring fan alle printwurk dat him as literatuer oantsjinnet; |
b. | de oerheit subsidiëarret wol, mar giet oer ta bioardieling fan it literaire kunstwurk as yntegrearre gehiel, hwerby't ek dingen as homoseksuéle tendinzen,
|
| |
| |
| seksuéle oeraksintuëarringen en ûndermynjen fan it maetskiplik bistel oan 'e oarder komme, om sa ta in skifting to kommen; |
c. | de oerheit subsidiëarret alles hwat ûnder de bisteande regeling falt, ek al soene guon literaire produkten nei ynhâld moreel of sosiael destruktyf neamd wurde moatte. |
De lêste mooglikheit (de bisteande tastân dus) forsmyt de hear Algra; de earste liket him ryklik fier to gean. Bliuwt oer mooglikheit b, dy't er as fraech foarleit oan de Steatssekretaris, de hear Van de Laar.
Dizze biwâldsman, him fan replyk tsjinjend, wiisde der op dat de ynfiering fan it ûnder b neamde delkomme soe op censuer fan oerheitswegen op literaire produkten, hwat net past yn in demokratysk steatsbistel. Wurdlik stiet yn de Handelingen:
‘De vraag wat destructief is en wat niet zal naarmate de levensbeschouwing verschilt verschillend worden beantwoord. Het ligt in ons staatsbestel daarin aan een ieder, binnen de grenzen door de wet gesteld, volledige vrijheid te laten. Ik zou het onjuist achten door het subsidiebeleid de grenzen der wet niet de jure, maar de facto te verleggen of te vernauwen’. (bls. 826).
Foarôf hie de katholike sosialist mr. Cammelbeek de hear Algra bistriden op ûnderskate punten, lyk as ek al bard wie yn 1963, doe't dizze jurist der op wiisde, dat in foarm fan oerheitsbimuoijing sa't hjir suggerearre waerd, liede moast nei forbrânnerij fan ‘Entartete Kunst’, dêr't de diktatueren fan ús ieu sa sterk yn binne.
Lyk as sein, hat dit diel fan it Keamerdebat in foech stoarm geande makke yn de Nederlânske parse. Underskate dei- en wykblêdden hawwe fûleindich réagearre, sawol pro as kontra. Dochs kin men, de foarnaemste réaksjes lêzend, bitwivelje oft wjerlizzing èn byfal genôch op saeklike grounen birêste. Iensidige werjefte fan Algra's wurden en ûnbironge philipica's kamen gauris op it aljemint. It is mei dêrom dat hjir mei romte fan wurden oan it keamerdebat oandacht jown is. Sa hat Het Vaderland (16-5-'64) in wyld fulminearjend artikel pleatst fan J. Greshoff, dy't inkeld ôfgeand op in summier krantebirjocht, út syn Súdafrikaenske bungalow losse skoaten ôffjurret op ‘een mij onbekende achterlander Algra bij name’. Hy forwyt
| |
| |
him dat er misbrûk makke hat fan syn parlemintaire ûnskeinberens en bislút mei de (aktueel Súdafrikaensk oandwaende) útrop: ‘Vertrap de algra's. Leve G.K. van het Reve!’ (Applaus fan Verwoerdt?).
De Friese Koerier naem de hiele Greshoviaenske gjalp, blykber mei ynstimming, oer en smiet de hiele kwestje oer de partijpolitike boech troch yn in haedartikel har lânsman oan to tsjutten as in ‘oude socialistenvreter’, hwat er fansels ek wol is, mar hwat yn dit forbân in bytsje ta de saek docht. Fan de net-konfessionéle blêdden (les extrêmes se touchent!) nimt Elsevier's Weekblad it foar krúsfarder Algra op. It bleêd wol gjin censuer of twang, mar likemin heart ús bilestingjild forgriemd to wurden oan ryksstipe foar wurk, dat destruktyf wurket of net mei de seden strykt. Der moat dus skifte wurde. Mar hwa't it sou hantearje moatte, wurdt fierders net oer kikt. Objektyfst suver noch is de Haagse Post, dy't in fraechpetear hat mei de rebel fan it Binnenhof, hweryn't dy syn bitinken noch neijer útienset. It gyng him net allinne tsjin ien skriuwer, i.c. Van het Reve, mar tsjin in algemiene tendins yn de moderne literatuer, dêr't er allinne mar fan walgje kin. De oanmoediging dy't in Jan Wolkers yn 'e foarm fan in reisbeurs fan departemintswegen krige, achtet er mis, om't W. in oerspande, ûngesoune oandacht hat foar it seksuéle en net echt skeppend to wurk giet. Op de eigentlike subsidiëarringskwestje slagge dizze wurden: ‘Als de schrijvers willen dat hun werk door de overheid wordt gefinancierd, dan mag de overheid de ogen niet sluiten voor de inhoud van hun boeken. De artistieke vorm als maatstaf tot betalen is een volslagen verouderd standpunt, ook uit het oogpunt van literaire kritiek. De overheid heeft een zedelijke verantwoordelijkheid’.
It boppesteande is wol genôch om it stânpunt fan de hear Algra kennen to learen en him it gerak to jaen dat him yn dizzen takomt, in rjocht dat de Nederlânske publisiteit him de lêste wiken net altyd gund hat. De fraech is nou: binne syn klachten rjochtlik en sa al, moat it dan de kant út dy't de hear Algra wol?
Alderearst moat sein wurde, dat in bûtensteander út it debat soms de yndruk krije kin oft yn Nederlân sahwat alle printwurk op literair niveau ta stân komt ûnder maecenaet fan de oerheit. Dat is der fansels fier by troch. Hwat binammen jildlik stipe wurdt mei in oanfoljend honorarium binne de tydskriftbydragen en wol mei f 5, - de standertpagina. Under dy regeling falt De Tsjerne ek. Oare literaire stipendia fan ryks- | |
| |
wegen bisteane praktysk allinne út it jaen fan skriuwopdrachten, it biskikber stellen fan reisbeurzen en it takennen fan de jierlikse steatspriis, neamd nei P.C. Hooft. Sûnt koart bistiet foar skriuwers ûnder de tritich, dêr't ek yn it Frysk skriuwenden ûnder falle, in rykstaslach op noch net yn druk forskynd wurk, wylst foar dichtbondels mei in lyts debyt troch de dichter ek in taslach op it útjowershonorarium by it departemint oanfrege wurde kin. Ek foar it lêste komme Friezen yn 'e bineaming. Ien mei oar bylket dit gâns, mar it nimt net wei, dat fierwei it greatste part fan de Nederlânske literaire produksje sûnder oerheitsstipe to merk komt.
Yn it wol subsidiëarre part soe dan de oerheit, as de hear Algra syn sin krige, mei skiftsjende hân omriere moatte. Yn 'e praktyk soe dit siljen fan tsjêf en nôt opkomme net foar de departemintsamtners, mar foar dy leden fan de Raad voor de Kunst dy't ta de seksje literatuer bihearre en dy't de Minister nou ek al yn literaire saken advisearje. Hja bisteane lykwols út deskundigen fan alderhanne wrâldskôging. Alle kâns dat hja opslach foar dizze taekútwreiding bitanken en sa net, dan soene de debatten oer hwat talitber is en hwat net har forlizze fan de Keamer nei de gearkomsten fan dizze Ried. It soe de saek fan de literatuer en har maetskiplik-finânsieel fungearjen sûnder mis mear kwea dwaen as goed.
Mar ôfsjoen fan dizze technyske swierrichheit bliuwt de kardinale fraech: is dizze foarm fan censuer forantwurde en needsaeklik? Om to bigjinnen kriget men de yndruk dat de hear Algra de krústocht útroppen hat nei it lêzen fan ien, twa moderne skriuwers, sûnder dat er it hiele kompleks fan de nei-oarlochske literatuer yn it each hâlden hat. Boppedat, as er guon romans fan Louis Couperus lêst, sil er dêr deselde ôfwikings yn it seksuéle fine, dêr't er by Van het Reve nou sa lûd oer beart. It moat dochs ek in âldere as H. Algra wol opfallen wêze, dat yn alle literatueren om ús hinne de biskriuwing fan sexualia in folle frijmoediger, men mei sizze earliker karakter krige hat as foarhinne it gefal wie. It docht kleare bliken dat de taboegrinzen (dy't der altyd bliuwe sille) har yn ús tiid hurd forlizze, fleksibel as hja binne. Mar fan dat fleksibele liket de hear Algra neat witte to wollen. Yn it H.P.-ynterview praet er oer ûnforoarlike noarmen jown yn it Evangeelje, wylst er yn wierheit it taboe bidoelt. Hjir skûlet syn misbigryp, hwant literair taboe en evangelyske noarm binne twa.
Taboegrinzen binne biweechlik, hja lizze by âlderen oars as by jongeren, hja skele ek fan ieu ta ieu. Hwa't nou de
| |
| |
kluchten fan in Bredero, it toanielstik Trijntje Cornelis fan de kalvinist Huygens of ek ús bloedeigen Waatze Gribberts Brilloft lêst, bisaut him oer de plattens en skabreuzens. Renaissance en Romantyk hawwe it literaire taboe heech op it stuoltsje set, to heech nei de smaek fan ús dagen. Us tiid fan hieltyd fierder geande demokratisearring en massakommunikaesje docht oars neat as âlde demarkaesjelinen wer to forlizzen nei in plak dat hja earder yn 'e skiednis hawn hawwe. De moderne psychology, ek as hja de seksualiteit minder sintrael stelt as in Freud dien hat, is hjirby de paedwizer en de paedsljochter. Dy psychology hat de eagen iepene foar forskynsels op erotysk gebiet, dêr't foarhinne leadswiere taboes op leine. Binne de histoarikus Algra dizze tendinzen dan allegear foarbygien, ek by de jongerein yn syn eigen formiddens? Miskien kin dan it folgjend foarbyld him ta learing en stichting wêze.
Yn 1932 stie der yn it tydskrift Yn ús eigen tael in forfolchforhael fan E.B. Folkertsma ûnder de titel Yn it skaed fan 'e tsjerke, in bigjin dat spitigernôch nea útdijd is ta in folsleine roman. As learling fan in Frjentsjerter normaelskoalle kaem ik op in dei in folle âldere kunde tsjin, in frysksinnich spoarman en bilangstellend lêzer fan it tydskrift, dat orgaen wie fan it Kristlik Frysk Selskip. De man hold my oan en frege: ‘Hastou dat lêste stik fan Folkertsma lêzen?’ Hy wie suver wyt om 'e noas fan lilkens en syn eagen stieken. Fansels hie ik it lêzen. ‘Nou hoopje ik ien ding’, sei de spoarman, ‘dat Folkertsma net in Fryske Zola wurdt, hwant dan bitankje ik as lid’. Hwat der to rêdden wie? Yn dat romanfragmint stie dizze passus: ‘Thomas soe him al deljaen, mar ynienen kroep Marij him oan. Ik bin it net weardich, sei hja, mar jow my nou de bysliep’. Dy lêste wurden, in legitym forsiik noch wol tusken trouden, hiene de Frjentsjerter eksistinsieel ûntheistere; syn taboegrins wie skeind en yn disoarder rekke. In foarfaltsje fan neat, mar wol in symptoom. Like symptomatysk, om hwat oars to neamen, as it ûntbrekken fan elk spoar fan seksualiteit yn de romans fan P. Akkerman, in skriuwer by hwa't de taboegrinzen noch frijwol op it âldbiwende plak lykje to lizzen, it plak dêr't in buordtsje stiet mei it opskrift: hwat stilder hwat better.
Dizze foarm fan frustraesje liket de hear Algra lykwols tige pryslik to achtsjen. Hwat jin ôffalt yn syn bitooch is dat er by it taboe fan rek noch krimp witte wol en himsels opsmyt ta kampfjochter foar de goede seden. Ek it bigryp dat by de jongerein fan nou dy grinzen hiel oars lizze as yn syn jonge tiid mist men der yn. Lyk as ik okkerjiers by him ek alle bigryp miste, doe't er op in KFFB-gearkomste forklearre dat
| |
| |
‘bûtensteanders’ net yn steat wiene om wurk fan kristlike auteurs kritysk to hifkjen. Of wit de senator dizze dingen allegearre wol, mar is er bang syn fet op 'e jongerein, foaral dy út eigen formidden, to forliezen? Is syn agressy, syn oangean fan de ketterjacht op ekstreme gefallen faeks oars neat as in gefolch fan in terreinforlies dat er om him hinne waernimme kin? Lêst men tusken de rigels fan de Handelingen troch, dan is der reden om soks to ealgjen.
Censuer fan oerheitswegen, ek yn 'e foarm fan ynhâlden fan subsydzjes, is wol it lêste dêr't wy yn ús demokratysk bistel oan ta binne. Yn feite hat De Tsjerne him dêr ek altyd tsjin forset. Doe't okkerjiers de foar it tydskrift Tirade oanfrege subsydzje fan departemintswegen wegere wie op grounen dy't de ethyske ynstelling fan dy periodyk rekken, hat ús redaksje spontaen meidien oan it biswierskrift fan de oare, wòl subsidiëarre literaire blêdden yn Nederlân. De minister koe dan ek net oars as bilies jaen.
Foar de radio hat Anne Wadman lêstenwyks sein, dat syn ‘boereroman’ De Smearlappen, nou suver in sensaesje yn it noch hwat ûnbiwende Fryslân, grif net of folle minder opfallen wêze soe as it safolle jier letter forskynd wie. Ik leau dat mei him, omdat ik leau oan de fleksibelens fan ús taboegrinzen.
It soe in ding fan bilang wêze dat de hear Algra takomme jier ris sit nimme woe yn ien fan de advyskommisjes dy't by ús de Gysbert Japiks- of Rely Jorritsmapriis takenne. Hy soe dan merkbite dat op 't heden ek troch de jongere Fryske skriuwers hiel oars en folle iepener oer sexualia skreaun wurdt as yn de tiid dat hy sels noch op frijersfuotten roun. Mar ja, dat is fansels lang lyn.
|
|