De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 233] [p. 233] Jan Dotinga: Psalm 96 Sjong de Hear' op oare wize, mei lûden farsk en frjemd. Priizgje Syn namm' yn elektronyske klanken, blaes de bazún fan Syn heit by nacht en by dei. Liz Syn wurd fan hearlikheit ûnder de folken, bring it dynamyt fan Syn almacht oan. Hy hat it lûd Syn trilling jown, Syn namm' is it neamen weardich. Masines âlje om 'e nocht en yn it tsjuster hâlde de minsken in greatspraek, mar de Heare spande it ljocht. Foar Syn oantlit ûntweitsje de lûden en tekens, de krêft en de pracht fan it wûnder. Bibak Syn namm' yn it porslein. Earje Him op it spandoek fan it protest. Djipje Syn namm' op út it ritme fan de drums. Rop ûnder de rassen Syn keninkryk om, hwant Hy spegelt de lierde oan Syn leafde en de folken leit Er yn Syn each toplak. Lit it lûden reine ta Syn ear. Lit der blommen waechse foar de Hear. Séen bihearskje Syn folheit net mear. De lannen brekke iepen fan freugde en de beammen skatterje. Hy komt, Hy komt om de ierd' oerein to setten, om de folken flaggen fan frede to jaen. Vorige Volgende