De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 230] [p. 230] Tiny Mulder: In skutel krommen en in leafdesang it helske paed ing slingerstiennen spoar dat nei it sêft roun boarst fan wolken laet omheech en yn biwuolle skerten fan damp en snieformaesjes de wytbimûtse bergen dat wie de flechtwei fan de skrille foks en fan de pearelmoeren fûgelskermen troch in dea wrâld fan gril briljanten stiennen allinne selsfoldien en noartich strûkeguod - gjin simmerwaermte brek sokken - droech op de skriele nekjes stûfe pruken grien pronkskouwe diademen fan de gletschermar mei rimpen blauselwetter sa'n opstannich skomjend leger weagen de macht yn pacht en likegoed dearinnend op gewoan hwat libbenleaze rotsen ik wie de fûgel net net foks strûk snie wetter gletscher berch net blau grien wyt pearelmoer briljant en doe't de swiere wolken bergen bernen op strange oarders fan de willekeurige wyn koe ik der neat oan foroarje mar ik koe fragen roppe tinzen stjûre en langje nei in skûtel krommen en in leafdesang om to ûntkommen oan dizze selsfoldiene wrâld op wolkpilaren roun ik de treppens fan de wynfleach op oant 't heechst hâldfêst krekt foar in minskefoet om út to roppen de namme fan de biminde en alle geseten bergen blau nei blau rôpen neamden lústeren de ien nei d' oar deselde namme mar nimmen andere út in long in hert in bloedsomgong allinne de jimmer bifruchte wolken bigounen snie to bernjen [pagina 231] [p. 231] brede snelforkearswegen fan snie fan de iene berch nei de oare dêr't de wyn oer jage en oerstekkend fûgelguod meisleepte gjin skûtel krommen mear gjin leafdesang allinne yl en fier koraeljen fan wyn op iis en sêft skriemen fan loswaeide wetterlinten ta goudstof pulvere it sâlt fortriet de fûnkelwite namme siedde ik forgees der waren fielings om fan neat mei neat hwant glitterbergen ha gjin minskestim se prate noch de dynosaurus nei en hwat de himel slinken tinen die wie 't stadich soune amjen fan 't hielal ik frege jow werom my 't jeijend hert in skûtel krommen en in leafdesang hwa't hjir de yn himsels bisletten nacht oerfalt en stienniget mei herteleaze stjerren sylt ûnforhoeds de dronken sniejacht nei lost op yn dampspiralen ûnder moanneljocht yngoede moannemem mar sûnder hannen doe kaem fan griene grounen yn it djip fan skimergriene marren in goes oanroeijen hy skearde 't twiljocht oft it wetter wie mei pearelwite riemmen yn de okseldollen in wollich wêzen stjûrd fan earne hwa in jeijend hert in fêste bloedsomgong en 't soenjend wapperjen fan wite flaggen in wis profeet fan stimmen dy't my rôpen minsklike stimmen noegjend biddend en lokjend my dy't brea en sang omtrint forgeat nei in skûtel krommen en in leafdesang oer slingerstiennen en strewelleguod dwers troch it hoare blaffen fan de foks de snelforkearswei fan de sniejacht lâns gie it de spliterige skeanten del en foar't de nacht yn poalske selsfoldienens syn keep ûntknope en oer de bergen lei wapp'ren de goes en ik twa iepen hannen yn [pagina 232] [p. 232] der wie gerûs fan bloed en it needrich klopjen fan in hert in minskestim in andert as ik frege andert as ik swei in sâlt fortriet lyk as de minske hat in wiffe freugde lyk as minsken past en it profetysk dier de fûgel fan de flaggen harke nei in mannichte wytwjokke tael fleach gounzjend op hy sûnder forlet fan brea en sang nei it wisse doel fan alle fiolette fûgelwegen doe liet de nacht it izich masker falle in hûs in tafel fjûr in ynstrumint it goede miel en einlings woestou sjonge in skûtel krommen en in leafdesang mar 'k moat noait wer it yl koraeljen hearre fan wyn op iis en it sêft skriemen fan loswaeide wetterlinten dêr't alle sâlt fortriet fan minsken by forpulvert oars smeekje ik noch de goes bring my werom (noarwegen 1963) Vorige Volgende