De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 209] [p. 209] Leo Popma: Capricorn Here the proud the independent... Kleare koelte yn albasteren sealen triennen stjurre ta djipsinnige kristallen lottere gong de amme fan dyn eilân ynfierene prysteresse ûnkrûkbere weitser oer de kaei ta dyn horoskoop winternachten oan sé giest ienlik de wei troch de stjerren en op it earnstich hyt fan dyn swijen waekse geduldich út iis en basalt de griene blommen fan dyn teken kuerich ûnrant tsjinspraek en eigenwille fan greatskens, de moazen sêft, forriederlik weversblêdden rûch, útwrydsk en klimmerbeammen lumich, gysten de reis oangeande nei it grinslân fan dyn dreamen, ringsom de bizen en flaeksen daemstege tsjinners eptige tolken fan dyn riedlings en de wetten fan tsjinspoed [pagina 210] [p. 210] biwend oan it lêst fan syn woune hoksen birint de stienbok de wiffe en skoare paden dwyl en forduldsum troch de eigenoanrette tiid nei ûnwenbere sniebline hichten Wat Arun (Dawn Temple) Yn de pealwent oer de hillige rivier rotsjend oan de ritus fan in tiidleas folk, de moarns de kampong út mei têst en biddelnappe ta de timpel op to tsjen - tor twenty ticals I'll make you happy - hûkearzjende novyt op 't sûzeljende gongelpaed ynwijd to wurden yn de soele wit fan lústerjende nachten de klokken fan de wyn foarseinen my in nij bistean en by it lemieren wosken yn it wetter fan de Chao Phya dreau ik nei sé mids de blommen fan har bea [pagina 211] [p. 211] Et valde mane Der hinget yn har eachopslach in rook fan steatlike barokmuzyk de rottefanger is foarby yn it skrutel ljocht fan simmersk glês-yn-lead giet efter kleijende hamboaijen in optein bern de strjitte út kom, litte wy to silen gean op 'e gregoriaenske sang dy't fredich oer de tekken weaget, ear't mankelike klokken de deade ûre ynliede ús brosse stim net mear bistege is oan 'e sneinske jank en alle kâns op miensumens yn de gleone stêd forstiennet it lege grêf forjitte de blauwe wegen gean en swijsum mei de frjemd syn brogge ite Vorige Volgende