De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 207] [p. 207] [Nummer 6] Sjoerd Leiker: Smelle ie Smell'Ie, Smelliestersân, de Kleasterkamp, in ynstil sté, fûgelkloften en hwat wytrik-fé, Wester syn klinte en syn bakje thé, en dêr omhinne âld rûch lân; - ik mei der o sa graech forkeare, stientsjesykje, mediteare:... Noch ienris toffelt in muonts de Muontseleane del. Efter him boppe Geast en finne it moarntiidsrea, de gleije sinne; de hyns komme út it Nachtlân wei, de Hoptún troch, de bulten oer en stean dan fredich by it blakstil wetter. Lofts yn 'e greide Greult, ier fan bêd, fan leafde en sinnen sêd. De muonts is âld, de muonts is mêd. Jawis, jawis, fyftich nou sahwat; o jonge ja, noch feardich en alles like bêst fansels, mar dochs, je wurde wurch, je wurde âld en it wurk?... It brekt jin by de hannen ôf. Kyrie Ele-i-son, Christe Ele-i-son. 't Is fingerkâld, mar Greult, sa jong, sa gysten, krekt út 'e frou har Ijisken, rint it swit al by alles del. Ja, pater, it jaget jin; der is fan 't wurk gjin ein en moarn is 't al wer snein. Hupfalderiere, hupfaldera! Sa tusken jong en âld wankt de wrâld. [pagina 208] [p. 208] Jin deljaen en jin ôfjaen? Wis, mar it griist jin oan; ik sjoch my al by setten tokniesd, tofretten, longerjend op noch in krommel fan libbens tafel, dy't sa rynsk ré-skikt stie... Smell'Ie, Smell'Ie! Lazarus op 'e drompel fan de rike hear. Vorige Volgende