Dichter Gerben Brouwer op Tsjernemiddei to Ljouwert fûstkjend mei Tony Feitsma: ‘Ik koe jo allinne út 'e mythology’. |
Rapporteur G. van der Woude op gearkomste Fryske Akademy ta foroaring fan de stavering: ‘De radikaelsten út ús groep wiene fóár de ch’. Gegrommel út 'e mannichte: ‘Hjir wurdt polityk bidreaun’. |
Meidogger oan it bisprek ta staveringsforoaring op dyselde gearkomste tsjin de foarsitter prof. K. Fokkema: ‘Ik bin der mei oan. Skriuwe jo nou “bokma” mei in ò of mei in ó?’ |
Ds. Sj. Byleveld yn in petear oer bibelske saken op skriuwerskonferinsje to Koartehimmen: ‘Ik ha sels yn Suriname ek wol hiel hwat blinen sjende makke’. Konferinsjegonger: ‘Niest dyn burd doe ek al, Sjoerd?’ |
Wethâlder by iepening literaire joun yn stedshûs to Boalsert: ‘De Burgemeester is helaas ongesteld’. |