Studintebiweging tusken twa fjûren net allinne it langste, mar ek it meast serieuze. It is allinne spitich dat de skriuwer by bipaelde dingen to faek by Dokkum om giet en foar bysaken to folle wurden brûkt. In kolderike skôging fan M.G.S. oer It Forkâldzjen komt net alhiel oan 'e humor ta. Dat de tsjintwurdige studint him ek noch wol ris yn de Fryske skiednis jowt, lit J.S.S. sjen mei in foech stúdzje oer de ôfkomst fan de Friezen. Dat de Fryske biweging harren net kâld lit, toane J. Hofstra en J. Osinga mei koarte artikels oer Frisia Parva en Fryske reklame. H. Bakker slút dêrby oan mei opmerkings oer Fryske lânbou, yndustry en rékréaesje.
Ek it forheljend proaza is fortsjintwurdige: in smedich doarpsforhaeltsje fan H. van Zwol, alhiel yn 't âldfrinzige bleaun, en in bisykjen yn djiptepsychologyske forteltrant, mear yn 't moderne dus, fan S.J. Smits. Dat de lêste de tekenpinne nofliker yn 'e hân leit as de skriuwpinne kin men sjen oan de tige knappe yllustraesjes, dêr't Smits dit Almenak mei opgnist hat.
Sa't al gau to sjen is, hâlde yn dit nûmer de fersen, foarsafier troch studinten skreaun, net oer. It spat net, it sparket net, it jeuzelt to folle, it is wurdboarterij sûnder inerlike spanning, bytiden by it infantile omt ôf. In foarbyld:
Dêr rint er yn syn stofjas,
Moarn sil er wer yn syn stofjas rinne,
Mar Moandei sil er wer yn syn stofjas rinne... ensfh.
Biologysk sprutsen is nou yn de Studintefederaesje de twadde generaesje oan it wurd. Fannen dy't men sa'n tritich jier lyn yn 'e Almenakken oantrof, dûke nou wèr op. Lit ús hoopje dat dizze ‘lijn der geslachten’ him fuortsette sil yn 'e takomst.
D.A. TAMMINGA