en de hope útsprutsen dat de film net yn it bûtelân fortoand wurde soe. De reputaesje fan Sweden stie yn 'e kiif. Koart nei de première wie er yn Amsterdam, yn it studintetheater Kriterion. Inkelde scènes dy't de greatste argewaesjes joegen, binne der útknipt, mar réalistysk bliuwt er. Hwa't der lykwols hinnegiet om in pikante seksuéle thriller to sjen, is gau bikomd. De lits jumeaux binne hjir deadsbêdden, funksionéle symboalen fan de wanhoop.
It forhael hat gjin plot en in iepen ein, it is in momintopname út forwoaste libbens. Twa susters, Esther en Anna, en it achtjierrige soantsje fan Anna komme op in fakânsjereis in pear dagen yn in frjemd lân en yn de symboalysk frjemde stêd Timuka. Fan de tael forstean hja gjin wurd. Ek symbolyk: yn de oare films wiene der dialogen, hjir wurde gjin fragen mear steld. Underweis yn de trein nei Timuka komme hja rigen tanks tsjin, oarlochsdriging aksintúearret de faeije situaesje. Fierders spilet it forhael yn in pear hotelkeamers, binearjender as yn Sartre syn Huis clos. Yn dizze bisletten romte binne de beide susters op elkoar oanwiisd, binne hja foar elkoar de hel. Esther, fortaelster fan har fak, is lesbysk en swier foreale op har sensuéle suster, dy't neat fan har witte wol. Yn 't hotel komt it ta in definitive breuk. Anna giet de stêd yn en nimt in man mei, dêr't se mei op bêd krûpt. Forheftige útboarstingen fan jaloezy en hate binne it gefolch. Undertusken doarmet de lytse jonge mei in bernepistol de gongen en keamers troch en moetet in kabaretploech fan lilliputters, hwaens frjemde meneuvels de sfear noch swierder lade. Fan it hotelpersoneel sjocht men allinne in nuvere, mar barmhertige âlde kelner, dy't him mei it jonkje bimoeit en Esther bystiet yn har hystearyske oanfallen. Om de binearing ta it uterste op to driuwen, lit Bergman in ôfgryslike tank op it hotel oanrôlje. It glêswurk bigjint to rinkeljen as tsien wekkers, wurdt dan oerstimd fan it gedroan op strjitte en as it jonkje de gerdinen iepenlûkt, sjocht er it munster, dat him nêst it hotel opstelt.
Bergman het gjin middel mijd om de situaesje ta in bare forskrikking to meitsjen. Alle eangst- en forfrjemdingseffekten dy't syn fantasy optinke koe, het er brûkt, om ta syn doel to kommen. Yn de hannen fan in midsmjittich regisseur soe dit in bispotlike draek wurden wêze, yn de hân fan dizze master wurdt it in forhael út in surréalistyske wrâld, dat men as in forskuorrend minklik dokumint ûndergiet.
Der is him faek forwiten, syn films soene tofolle op toaniel lykje. Ik ha der nea gjin lêst fan hawn, om't syn dialogen adekwaet en boeijend binne. Hjir lit er lykwols sjen, dat er oars kin. Hjir is gjin skyn fan toaniel mear by, elk effekt is útslutend filmysk. It is de kamera dy't dizze wrâld fan ûnheil opropt, it binne de montaezje en de spylders dy't it drama réalisearje. Ingrid Thulin as Esther en Gunnel Lindblom as Anna spylje de faeije haedrollen grandioos.
As men by einsluten de hel fan Sartre en dy fan Bergman forgeliket, falt it jin op, dat Sartre suver klinysk wurket, wylst Bergman mear engagé is. Hjir binne de meilydsume kelner en it bern. Anna en har jonkje reizgje ôf, Esther bliuwt siik binefter yn de hoede fan de kelner. Dat it bern, dat sûnder euvelmoed syn eigen spul boartet, út dizze wrâld ûntkomt, is net tafallich. Oeral dêr't it bern yn syn films foarkomt, giet in doar nei de hope iepen. Wurde as de bern is ien fan de kristlike wierheden, dy't dizze réalistyske twivelder út syn jeugd meinommen en biwarre het.
INNE DE JONG