ken’ oanbilanget út de romte tarre kinnen; binammen Waling Dykstra, Yme Schuitmaker en Barend van der Veen hawwe dêr wol foar soarge. Van der Veen hat it sels nei de oarloch noch mei in modern psychologysk stik (Bistean of net bistean) bisocht. In ûndernimmen dat alle weardearring fortsjinnet, mar dat tagelyk it forlet fan jonge, bijeftige toanielskriuwers, dy't binammen hwat de thematyk en it milieu oanbilanget it Fryske toaniel fornije koene, skerp aksintuearre hat.
Der wiene op de niisneamde gearkomste gâns praktyske minsken. Somliken seine rounút, dat der yn it foarste plak forlet is fan stikken, dy't it greate publyk lizze en ien fan de toanielskriuwers wie sa iepenhertich, dat er sei dat er himsels by it skriuwen fan syn stikken al ûnder it publyk yn de seal pleatste. Ik nim oan, dat Barend van der Veen by it skriuwen fan syn Bistean of net bistean in oar plak keazen hat, nammentlik yn de hûd fan syn figueren. It stik is dan ek lang net sa faek spile as De Heidepyk, dat mei in forâldere thema, guodkeape humor en gâns sentimintaliteit hjoed de dei noch felle sealen lûkt.
Ja, dat is krekt it probleem. De striid foar sosiale rjochtfeardichhelt, de ûnthaldersbiweging, it pasifisme hawwe in tiidlang de skriuwers, de spilers èn it publyk hwat to sizzen hawn, mear noch: de stikken ynspirearren ta striid foar de idéalen. Ek de moderne skriuwer kin oandien wêze, mar hy en syn publyk wurde net mear ynspirearre ta forset en striid en libje net mear yn de hope op forbettering. De oandienens komt ta utering yn oare foarmen: hurdens, bitterheit, irony. Fryslân hat nea toanielskriuwers hawn, dy't sels de nije foarmen keazen; hja hawwe altyd neifolgers west. Dat is gjin skande; Schuitmaker foun it al in fiersto great komplimint as er de Fryske Heijermans neamd waerd.
Wy hawwe ûnder de Fryske toanielskriuwers ek op dit stuit gjin avant-garde en de eigentiidske foarmen moatte dus ta ús komme troch in ynsidinteel en mar foar in part slagge bisykjen lyk as mei Bistean of net bistean of troch it oersetten út oare talen. Pyt van der Zee het sein, dat dêr forlet fan is; op deselde gearkomste wiene guon fan bitinken, dat wy hjoed de dei it fierst komme mei it ienfâldige, leafst fleurige, mar yn alle gefallen maklik oansprekkende toaniel, dat der by de Friezen sa goed yn wol. En sels dat liket mar amper mear skreaun to wurden. As de trije Heinen, dy't nei de gearkomste mei de hear F. Boorsma it fjouwermanskip foarmje, mooglikheden fine kinne om yn dit tokoart to foarsjen (en dat móát organisatoarysk mooglik wêze, hwant dat soarte fan skriuwers hawwe wy noch wol), dan hawwe hja myn seine. In oare fraech is oft hja hwat foar Pyt van der Zee dwaen kinne. De moderne tiidstikken dêr't hy forlet fan hat, freegje skriuwers fan formaet en mei alle respekt: it liket my raer ta, dat de greate ploech dy't nou byinoar stapt is en dêr't de measten in tige biheind artistyk formogen fan hawwe, ek mar in krûm ta wichtige dieden op it Fryske toanielmêd ynspirearje kin. Hwat it oarspronklike toaniel oanbilanget: de nije ploech kin de tiid fan wachtsjen op de greate Fryske neifolgers fan it moderne toaniel allinne mar opfolje mei in greater produksje fan hwat wy oant nou ta wend binne. En dat is op himsels ek tige goed, hwant wy binne noch net safier, dat wy sizze dat it Fryske toaniel gjin bisteansrjocht mear hat.
Pyt van der Zee wie net mis doe't er sei dat yn Fryslân it forlet fan moderne tiidstikken field wurdt. Hy hat sels in kearmannich sa'n