Jo Smit:
Fabel fan it eksamen
De foks hie der by kening Leo o sa op oanstien der soe in eksamen komme, om dêrre de fêstigingsforgunning oan to forbinen. Yn earsten hie de kening der net foar field omt it hwat nijs wie en hy yn ûtstellen ta foroaringen in geast fan progressiviteit ergere. Doe't de dasse him lykwols útlizze koe dat it foar it moreel fan de dieren tige goed wie; dat har status en fangefolgen foaral dy fan de kening der troch forhege waerd en dat groepsminderweardichheitskompleksen dan samar fan har ôffoelen, doe hie syn majesteit der grommeljend yn tastimd.
De dasse krige de administraesje fan de eksamens, de foks waerd bineamd ta eksaminator en de bear soe bysitter wêze. It doel wie nei forrin fan tiid it eksamen forplichte to meitsjen, mar earst soe in birop dien wurde op frijwilligers.
De hazze en de ein beaën har oan, mar omt de e foar de h komt, lyk as eltsenien wol wit, soe der in bigjin makke wurde mei de ein.
De foks hie in hege opfetting fan syn plicht en hie dêrom in mannich proeven fan bikwaemheit úttocht, dy't in waerboarch wiene foar in ûnfortocht eksamen; lykas it graven fan in hoale, hurd rinne en drave, slûpe troch it strewel en folle net genôch. De ein die alle war en hie oan 'e ein om sa to sizzen de ein yn 'e bek, mar de resultaten wiene ûnder de mjitte. Eksaminator en bysitter skodhollen mankelyk, mar wiene ûnforbidlik en de ein sakke as in âlde fries. De bysitter hâldde him diskreet hwat tobek, doe't de eksaminator it de kandidaet oansizze moast.
‘Achte eksaminandus’, sa bigoun de foks... ‘Bin ik der?’ hime de ein. ‘Né’, skodde de eksaminator, ‘Jo binne der by. It muoit my foar Jo, mar ik en de bysitter hawwe net de frijheit fine kinnen, Jo troch to litten. Wy hawwe oars wurdearring foar de ynspanning dy't Jo...’ ‘Tocht ik ek, ik haw de ein yn 'e bek’, andere de ein, noch gapjend nei de siken. ‘Hwat oars’, sei de eksaminator, ‘ik bin binei ek safier... ik hoopje... ik woe mar sizze, Jo hawwe nou gjin fêstigingsforgunning; winliken binne Jo hjir ûnrjochtmjittich... En dat jowt my de frijheit...’ Mei de mûle yn 't wiidst iepen kaem er op de ein tasetten, mar al wie dy dan sakke as in bakstien, krekt op 'e tiid gied er op wjokken. De eksaminator hoegde de sin net ôf to meitsjen, mar bleau mei syn frijheit oer. ‘Kom werom’, raesde er noch, ‘Jo krije hereksamen!’ Mar de ein