nou alderearst ôfmeitsje moat, jowt my frijhwat argewaesje’.
In wike letter is er lykwols sa opsketten, dat him dit hast binearet: ‘Ik sit der eins hwat oer yn, dat ik sa gau oan de ein kom fan myn Symphonie Pastorale; ik bidoel dat ik mei gauwens alles út myn ûnderwerp helle haw, wylst de goede forhâldingen en it lykwicht fan it boek eins forlet hawwe fan mear útwreiding. Mar miskien forsin ik my en boppedat, de ûntknoping sit noch wol hwat yn’. Yn hoefier de skriuwer der noch hwat op foun hat, komme wy út syn deiboek net to witten. Mar soed er syn plan om sûnder klad to wurkjen folhâlde kinnen hawwe?
De Symphonie Pastorale is de skiednis fan in dominé (pasteur) yn de Switserske Jura, dy't in blyn en folslein oerkommen jongfaem opnimt, har ta minske foarmet, mar net fornimt dat syn karitative gefoelens ûnder de hân foroarje yn leafdegefoelens mei gâns oare - ek tige egoïstyske fasetten. Hoe fierder dit proses him ûntjowt, hoe krampeftiger de man syn eagen derfoar slút. Ont de bline sjende wurdt, de sûnde sjocht as in net wei to siferjen réaliteit en mei de konsekwinsje dy't hja lûkt, har selsmoard, alle yllúzjes brekt.
Dizze Pastorale Symfony is yn wêzen in forskuorrend boek, hweryn Gide yn in pear sa foar 't each gewoane minsklike figueren, de dominé, syn frou, de soan Jacques en de ûngewoane forskining fan it bline famke Gertrude, stal joech oan hwat oan binearjende problematyk yn him libbe, b.g. dy fan natuer kontra morael, evangelysk kristendom kontra roomskkatholisisme. It is in striid sûnder ein, dêr't it forlerne skiep, mei leafde ynhelle, ûnder biswykt. En dat allegearre yn in foar 't each tige ienfâldige tael! Dit is de greate paradoks by Gide: in tige gearstalde persoanlikheit dy't syn utering fynt yn in klassike soberens. ‘Allinne stean litte hwat net mist wurde kin, wie de regel dy't ik my oplei’, notearret er yn syn deiboek fan 1931 en hy komt hjir noch alris op werom: ‘Jins tins uterje yn it lytste bistek en net mei de moaiste wurden. As hja (de tins) noch hielendal libben is, kin de sin har omfetsje en akselt hja noch tsjin en fielt men har noch triljen ûnder de wurden. Dy omhael fan wurden, dy't men faek foar goed skriuwen oansjocht, kin ik by de dei minder daeije. Hwerfoar soe 't nedich wêze in artikel of in boek to skriuwen! Dêr't it mei trije rigels takin, sil ik net ien méár brûke’.
Dit hâldt yn, dat er by syn skriuwen docht, hwat er yn it libben ôfwiist, ntl. definityf kieze. Hoe klear him dit foar eagen stiet, docht bliken, as er it hat oer it krekte wurd, de touche unique: ‘De touche unique is net perfoarst in biwiis fan drys-