De Tsjerne. Jaargang 19
(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 108]
| |
Ienakter (Alle rjochten foarbihâlden) Persoanen: MAN
FROU OARE MAN It toaniel is in keamer; as it doek opgiet is er tsjuster en forlitten; frou en man komme der yn en de frou docht by it binnenkommen in ljocht oan. M.
(mei o sa lytse earmbiweging):
De greate leechte.
(Docht noch in ljocht oan).
F.
(seit neat).
M.:
... Lao Tse mei syn weintsjil... Ald strûk... Ien ding is sa: sûnder út 'e hûs to gean, ken ik de wrâld. Mar men giet hieltyd. Sartre hat ris sein... Hoe founst it stik? F.:
Hokker stik? M.:
Och
(lûkt oan 'e skouders)
. Winliken hast gelyk... hokker stik?
F.
(sjocht binei ynteressearre; lit har yn stoel delfalle):
Lit mar Ik tocht datst it oer in stik fan Sartre hiest. Ik bigryp it.
M.:
Spitich. F.:
Né, hwerom. Hwat kinne my spitse útlittingen... ik bin net sophisticated. M.
(toloarsteld):
Al... al. Dat stik... it like my ta dat yn 'e twade akte
F.:
Lit mar M.:
Siz.. F.:
Ik bin wurch... ik bin it sêd. Hwerom hâld ik net fan dy? M.:
Ik mei dy graech lije. F.:
De leechte... Ik woe dat ik jong wêze koe, romantysk, leauwich. Ik woe datst in bihierre boarst hiest. M.:
Haw ik. F.:
Dat is skyn... in bihierre boarst, spieren, primitivens... Dou bist net primityf... bern faeks... ja bernlik. M.:
Hwat is it bern yn ús oars as primitivens. Boartlikheit mei kultivearre wêze - faktysk is it primityf. Allinne de earnst.. Dêr fortinkst my dochs net fan? F.:
Wie it mar sa. Dan koest fan my hâlde - as in wylde, in | |
[pagina 109]
| |
boarger, in barbaer.... hwat kin it my skele. As in wylde of as in wyld... Mar dou soest... M.:
...fan dy hâlde tinkst. F.:
Dy net forfele. M.:
Der soe in hiele anthropology skreaun wurde kinne. As útgongspunt is it... F.:
Dou forfeelst my ek. M.:
De bist wurch. F.:
Né. M.:
Hearris... F.:
Ja, goed
(bigjint har út to klaeijen).
M.:
Wolst hwat drinke? F.:
Né. M.:
Ik al leau ik
(bisjocht in flesse).
Né, dochs mar net.
F.
(boppeliif bleat):
It mei wol.
M.:
Fansels mei it. Dêrom sjoch. Ik kin op syn tiid -mines- abstinint wêze. F.:
Ik bigryp it. M.:
Bisykje nou net dêr mei de toan hwat djipsinnichs fan to meitsjen. It is djipsinnich - faeks it djipsinnichst dat der is - in oar bigripe. Oan 'e oare kant - né, net ienris, oan 'e selde kant en op itselde stuit: it misforstân... F.:
Dêr soe in hiele filosofy op to bouwen wêze. M.
(mei oertsjûging):
Dou hast gelyk. Mear gelyk ast' sels wêze wolst. Dêrtroch lykwols is dat ‘ik bigryp it’...
F.:
Hoe fynst myn boarsten? M.:
Hen? It binne roazen, sa út 'e moarnsdauwe... noch altyd. Sûnder gekheit
(sjocht kritysk)
dou bist in byld.
F.:
En it seit dy likefolle. M.:
Sa is dat. In hiel soad. Net samar in byld... in pûrbêst byld... in kunstwurk. F.:
Mar klassyk. Net modernistysk genôch, net abstrakt, net surréalistysk. As ik dêr
(wiist nei de nawle)
nouris earen hie... en boarsten op 'e rêch.
(Hja laitsje beide).
F.:
Klassyk forteelt dy M.:
Né. F.:
... en dou my. Winliken fiel ik my in hoer omdatstou my forfeelst. M.:
Du sprichst ein groszes Wort. F.:
... gelassen aus. Winliken fiel ik my minder as in hoer - ik fiel my in byld. M.:
En nou hawwe tûzenen fan jierren de foreale feinten sein: myn byld, myn okkebyld... | |
[pagina 110]
| |
Hja hiene gelyk. Nim nou de Venus fan Willendorff. Sa moat dy har ek field hawwe. Dou bist primityf... Wy binne primityf... ik kin dy neifiele... F.:
Ik gean op bêd. M.:
Wolst net mear hwat drinke?
(krijt de krante).
(Der wurdt skille oan 'e doar. M. en F. sjogge inoarren oan. Bûtendoar wei komt de stimme fan oare man).
O.M.:
Is dêr immen? Mei ik der yn komme? Ik bin it paed bjuster. M.
(rêd, tsjin F.):
Gean op bêd, dan lit ik him yn.
F.:
Lit him mar yn. Ik gean noch net. M.
(by de doar):
Bêst... doch gau hwat oan.
F.:
Lit him mar yn. M.:
Ja, ja... F.:
Nou, toe dan. M.:
Doch hwat oan... sa kinst... F.
(laket)
: Soa? Hwerom? Dou skammest dy dochs net foar dyn smaek? Dy't dy opskipe hat mei sa'n byld.
(Bûtendoar klopjen op it finster, gerop).
O.M.:
Is dêr immen? F.
(lûd):
Ja.
(Tsjin M.):
Gean nou nei de doar...
M.:
Sels witte.
(Giet ôf, mar lúlsteret noch driuwend)
: Doch hwat oan!
F.
(giet elegant yn stoel sitten).
(Even gepraet bûtendoar. M. en O.M. komme der yn).
M.
(effen, mar ynhâlden senuweftich)
: Dit is menhear - hoe seine Jo ek wer dat Jo hieten? Hy is it paed bjuster.
O.M.:
Ik haw gjin namme neamd... al ha 'k sein dat ik it paed bjuster bin. M.
(sjocht pynlik)
: O. Dat is myn frou.
O.M.
(tûstket)
: Tige nei 't sin. Ik steur dochs net? Sjoch, ik bin it paed bjuster.
M.:
Nim in sit.
(Skout in stoel sa, dat de bi-sitter fan F. ôfsjen moat).
O.M.
(giet der by sitten, mar draeit stoel)
: Ik bin net faek it paed bjuster, mar nou al. Faeks dat jimme my helpe kinne.
F.:
Kin ik Jo helpe, menhear? O.M.
(sjocht nei har)
: Hwat sei! O, ja, grif... Jo kinne my grif helpe.
M.:
Siz mar hwer't Jo hinne wolle. Woene Jo hwat drinke? O.M.:
Né, tankewol.
(Tsjin M.)
: Wit Jo noch wol, doe't de Dútskers hjir ynfoelen, doe hawwe de kranten ús hjitten alle drank troch de goatstien... wit Jo noch? Forskate lju hawwe dat dien. It wiene de domsten net.
| |
[pagina 111]
| |
M.:
De foarsichtichsten. O.M.:
Mar wier, doch gjin muoite foar my. F.:
Ik soe graech àl hwat drinke wolle. M.
(jit foar himsels en F. yn)
: Asjebleaft.
F.
(hevet glês)
: Op it paed!
O.M.
(glimket mankelyk; wiuwt mei de hân)
: Tanke wol, mefrou.
M.
(ûnforduldich)
: Nou, hwer moatte Jo hinne?
O.M.:
Dat is it krekt... ik bin it paed bjuster. M.:
Ja, ja, dat witte wy nou wol. Mar hwat is it doel fan Jou reis? O.M.:
Myn doel is de hoarizon... it lot is myn liedsman... In minske is altiten ûnderweis. M.:
Jo binne gek. O.M.:
Dat moatte Jo nedich sizze... F.
(forachtsum)
: Krekt - moatstou nedich sizze. Jit nochris fol.
O.M.:
Och ja, jow my dochs ek mar ien. M.
(jit swijend de glêzen fol).
F.
(tsjin O.M.)
: Jo hawwe grif al hiel hwat ôfswurven.
O.M.:
Ik bin it sêd.. ik wit net mear. Ik wol op bêd. F.:
Ik ek wol. O.M.:
Moai, dan geane wy mar. Jo sizze wol hwer't wy wêze moatte, mefrou. M.:
Binne Jo wier gek? O.M.:
Minder as Jo.
(Leit de hân op it skouder fan F.)
: Kom.
M.:
Fordomme, bliuw mei dyn hannen fan har ôf! F.
(laket djip).
O.M.:
Hwatsei? M.
(pûrlilk)
: It is dyn wiif net, wol!?
O.M.
(forheard)
: Moat dat dan?
M.
(pakt him by 't skouder)
: Ik sil dy in sliepplak wize. Kom mei... Jo kinne hjir fannacht bliuwe, bêst. Mar gjin kunsten, heite!
O.M.:
Hja is in moai frommis. M.:
Kom mei.
(Hja geane ôf).
F.
(skinkt harsels jitris yn).
M.
(komt werom)
: Kom.
(Slacht earms om har hinne)
: Myn okkebyld, myn wiif...
F.:
Myn man.. Barbaer. - DOEK - |
|