De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 107] [p. 107] Anne Jousma: Myn blauwe faes Blauwe faes fan Leardam glês, yn de spegeling fan dyn slanke heimich glêdde, linige flanken glieden bylden, dy't ik lês: groetenis út groteske wrâlden, heal forgetten, heal ûnthâlden, as in magysk toverfers. Blauwe faes fan libjend glês, libben stil ta gloed bistjurre, gloed, dy't glânzgjend libbe en fjurre, spegeling fan libben, - wês ek yn spegeling biwarre. Lit dyn fuortbistean biswarre yn de lûden fan myn fers. Blauwe faes fan brutsen glês, doffe diggels sûnder gloede. 'k Ha dy net genôch bihoede, dyn bistean wie tear as gers. En myn hân hat ûnbiwitten dy fan glâns ta gruzels stjitten. Ik doch boete: libje en wês yn de spegeling fan myn fers. Vorige Volgende