| |
| |
| |
Inne de Jong:
Sud-Afrika
Al tsien jier lyn skreau prof. Ben J. Marais, ien fan it oanwinnend tal Súdafrikaenske kristenen, dy't de eagen iepen geane en dy't har folk warskôgje foar de rassepolityk:
‘Die posisie het die vijf-voor-twaalf-stadium bereik. Die tempo sal oplaai en laai reeds vinnig op. Nêrens is die rasse- en kleurprobleem van soveel fundamentele betekenis as vir Suid Afrika nie. Ons gaan die storm in. Die rooi ligte brand op alle horisonne van Afrika.’
De stoarm is komd en, hurder en slimmer faeks noch as Marais forwachte, oanboaze ta in orkaen. Oan de iene kant is de apartheitspolityk útwoeksen ta de neakene terreur fan in polysjesteat. Oan de oare kant folgje 34 jonge Afrikaenske steaten en in pear âlde, fan de Middellânske sé oant de Kongo, de dingen yn Súd-Afrika mei hertstochtlike grimmitigens. Hja fiere oanhâldende aksjes yn de Foriene Naesjes en sprekke op pan-Afrikaenske kongressen in tael, dy't net mis to forstean is. Hja hawwe allegear har ynterne problemen dy't der net om lige, en har soms fûle ûnderlinge skelen, Egypte en Soedan, Abessinië en Somalilân, Tanganjika en Kenya, Marokko en Algerije, mar hwat Súd-Afrika oangiet, steane hja as ien man en macht efter de frijheitsstriders, dy't essinsiéle minsklike rjochten easkje foar fjirtjin miljoen Bantoes, Indiërs en kleurlingen. Nasser en Haile Selassi, de lieders fan de âlde steaten, en dy fan de jonge folken: Hassan II, Bourguiba, Ben Bella, Nyerere, Kenyatta, Nkroehma en alle oaren, kristenen en mohammedanen, binne ienriedich solidair mei de forhûddûke kleurde folken yn it fiere suden. Ben Bella laet tsientûzen frijwilligers op, hat er yn Addis Abeba sein en oaren foelen him by. Hwa't tinkt, dat dit wider gappet as dat it byt, koe him wolris slim forsinne. Wis, Verwoerd biskikt oer in militaire macht, dy't op dit stuit mear as opwoeksen is tsjin al syn Afrikaenske fijânnen, hy wit ek, dat efter de skermen fan de westerske polityk, dy't syn biwâld offisieel foroardielet, machtige ynternasionale konserns en trusts him stypje mei jild en wapens, mar hy hat tiid en skiednis tsjin en foaral it fleanende tempo fan de tiid. It ûntweitsjen en de bifrijing fan de swarte folken fan Afrika út ieuwen fan slavernij en koloanialisme is hommels yn inkele jierren réalisearre en hja forneare net langer, dat har
rasgenoaten yn it suden dei oan dei de tol fan har hûd bitelje moatte. En Europa en Amearika, ek al soene
| |
| |
hja ethysk ûnforskillich wêze, lyk as de greate polityk faek is, kinne har de lúkse fan in neutrale hâlding net permittearje, ek al fanwegen it east-west konflikt net. De Súdafrikaenske regearing stiet ûnder de fjouwerfâldige druk fan in binnelânske opposysje, in swier forbittere frij Afrika, in oanwinnend kristlik en humanistysk protest yn de wrâld en de polityk fan de Foriene Naesjes. Dêr kin hja op 'en dûr en grif op koarte termyn net tsjin op, ek mei help fan forfaerlike ynternasionale pressure groups net.
Nou is de tragyk, dat hja foar dizze réaliteit sa blyn is as in molwrot en domwei op har stik stean bliuwt. Sterker: mei't it forset oanwint en hja hwat langer hwat mear mei de rêch tsjin de muorre treaun wurdt, wurdt de diktatuer oer de kleurde folken slimmer. Malan is opfolge fan Strijdom, Strijdom fan Verwoerd en dizze trije nammen symbolisearje in tryste klimaks. De iene nije wet nei de oare forskerpet de diskriminaesje fan de net-blanken en legalisearret it ûnrjocht fan de polysjesteat. De moardpartij yn Sharpville op 21 maert 1960 wie gjin forsin en gjin ûngelok, it wie in symptoom en in útdaging. De polysje skeat sûnder warskôgjen har stenguns leech op 5000 Bantoes, dy't sûnder gewelt en sûnder ien wapen demonstrearren tsjin de slaefske rassewetten. Yn minder as twa minuten leine dêr 69 deaden en 180 swier forwounen op it slachfjild, manlju, froulju en bern, foar it greatste part yn 'e rêch sketten, ‘auf der Flucht erschossen’. De Anglikaenske biskop Ambrose Reeves, dy't mei help fan bywêzige journalisten en it ienriedich tsjûgenis fan in great tal forwounen yn de sikehuzen in forslach opmakke, dat er as boek publisearre hat (Shooting at Sharpville, Hollânske fortaling: Bloedbad in Sharpville) waerd forballe en de regearing forklearre, dat de polysje har plicht dien hie en ek tonei op 'e selde manear regaed hâlde soe. Mei oare wurden: de ‘naturel’ sil bûge of boarste. En dan moartet men oer de haet tsjin Súd-Afrika, dat mids de swarte wrâld yn de bres stiet foar de kristlike blanke biskaving!
De sabotaezjewet fan 1963, ‘ter versterking van de staatsveiligheid’, is in oar biwiis fan de tragyske forblining. De wet is yntsjinne fan de minister fan justysje, Balthazar Vorster, dy't yn 1940 troch de regearing-Smuts ynternearre waerd om syn Hitler-sympathyen. Neffens dizze wet kinne politike lieders dy't sitten hawwe, as har tiid om is daliks wer oppakt wurde sûnder foarm fan proses. De deastraf kin útsprutsen wurde tsjin elk dy't him skuldich makke hat oan ‘training in sabotage buiten Suid Afrika’. De P.T.T. kriget foech om de oan- | |
| |
dacht fan de regearing to festigjen op ‘verdachte poststukken’. De Rand Daily Mail yn Johannesburg skreau: ‘dizze wet bringt Súd-Afrika yn steat fan oarloch. En tsjin hwa? Tsjin it eigen folk’.
Yn 1962 binne der yn Súd-Afrika 129 deafounissen útfierd. By dizze 129 wiene 107 Bantoes, 20 oare kleurlingen en 2 blanken. Albert Luthuli, kristenlieder en Nobelpriiswinner, ôlfset as stamhaed en forballe nei in biheinde romte, dêr't er amper fan 't hiem komme mei en ivich neiriden wurdt, mei net nei Glasgow, om ynstallearre to wurden as rektor fan de universiteit. Syn maet Nelson Mandela, ek in âld-lieder fan it forbeane African National Congress, hat al jierren sitten en wachtet nou op in nij founis fanwegen ‘heechforried’: hy hat earne de Bantoes oproppen ta staking. Hy is in jurist fan ynternasionael formaet en syn fordigeningsrede, dy't illegael yn en bûten Afrika forspraet wurdt, is in oangripend document humain, dat oeral yn de juridyske wrâld biwûndere wurdt.
Sa réagearret it biwâld-Verwoerd op 'e protesten út binneen bûtelân tsjin de rassediskriminaesje. It wol gjin sizzen hawwe fan freon noch fijân, it wegert elke konsesje, elk kompromis, it skuort de touwen strakker oan en is blyn foar de ramp dy't wankt.
Nou is der gjin reedlik minske dy't ûntstride sil, dat de rassekwestje in swier en komplisearre probleem is, dat net hjoed of moarn oplost wurde kin. De fraech is allinne: hokker kant wol men út? Yn Amearika is it probleem ek binearjend en akút, mar dêr hat de federale regearing partij keazen foar lyk rjocht foar alle boargers. Presidint Kennedy, formoarde yn it réaksionaire Texas, hat it greate wurd sprutsen: the oppressed ought to go free. En hy stie der foar. Lyndon Johnson wol deselde kant út. Hjir wurdt de wei wiisd nei de ienichste polityk-reéle en minsklike oplossing. Yn Súd-Afrika giet it krekt oarsom. Dêr wurdt de wetlike terreur hieltyd slimmer, dêr wurde de wegen nei formoedsoening, nei in reedlike en foar beide partijen wize oplossing mei gewelt ôfsletten. Verwoerd en syn maten wolle de ivige supremaesje fan in pear miljoen blanken oer 14 miljoen net-blanken. Idéologysk yn de namme fan Noach, praktysk for money: de tergjende sosiale privileezjes fan de lytse hearskjende minderheit moatte foar altyd feilich steld wurde. De rassestriid is foar in great part klassestriid, de klassestriid dy't de hegerein proklamearret, om de underdog der forgoed ûnder to hâlden. Der wurdt min ofte mear foar de Bantoes en de kleurlingen soarge, hja krije iten en drinken, huzen om yn to wenjen (meastentiids krotten), hja
| |
| |
hawwe skoallen en universiteiten, mar hja ite, leare en libje allinne by de genede fan de blanke bazen. Hja hawwe gjin rjocht en gjin middel om mei oer eigen lot to bislissen. De stomste blanke hat stimrjocht, negerprofessoaren, -medisi, -juristen, -learaers net. Hja moatte har ivich biwust bliuwe fan har minderweardigens en fan it blanke baeswêzen. Elk bisykjen om mei to praten oer eigen lot en takomst wurdt straft mei stokslaggen, twangarbeid, forballing, finzenis, kûgels. Har beide greate politike organisaesjes, it African National Congress en it Pan Africa Congress binne ûntboun, de lieders opsletten of forballe.
Dizze dingen prate de Nederlânske supporters fan Verwoerd net oer. Hja eamelje sentiminteel oer it bisibbe folk fan Súd-Afrika, dat fan de hiele wrâld birabbe en bidrige wurdt en mei de rêch tsjin de muorre eigen libben, de westerske kultuer en it kristendom fordigenje moat, fansels tsjin it kommunisme. It is in minskegriis, dat de freonen fan Verwoerd foar in great part sitte yn otterdoks-protestantske formiddens, dêr't men oars wol weet hawwe moat fan hwat de bibel seit oer forwâdders en forwâdden. Neidat de synoade fan de Herfoarmde tsjerke in klear en kristlik tsjûgenis publisearre hat oer it rassefraechstik, dêr't û.m. yn sein wurdt, dat in tsjerke dy't har doarren slút foar negers en kleurlingen, yn dit opsicht gjin tsjerke fan Kristus mear is, hawwe ds. Gijsnink fan Rotterdam, dr. Gravemeijer en oare christian soldiers in Nederlânske apartheitsklub oprjochte, dy't by folk en regearing ‘bigryp’ freget foar de polityk fan Verwoerd. Ds. Gijsnink hat it kristenfolk oproppen ta in gebetskampanje foar âld-âlderling Verwoerd en tagelyk syn forachting útsprutsen foar ‘de oude suikerzieke neger Luthuli’. Dat seit genôch oer de mentaliteit fan dizze verbi divini minister en syn klub. Skipbouwer Cornelis Verolme sei by it to wetter litten fan it koelskip Langkloof, dat er foar Súd-Afrika boud hat: ‘op mijn reizen heb ik geleerd, dat geen land ter wereld zoveel voor de gekleurde bevolking doet als Zuid-Afrika’. Verolme is in all-round sakeman, dy't de keapmansetikette ken en syn kompliminteus tsjûgenis hat grif mear mei kommersiéle as kristlike oanstriid to meitsjen. Prins Bernhard, dy't de rassepolityk ûnbitinge foroardiele hie, is bigoun to wifkjen nei in petear mei âld-ambassadeur dr. J. van den Berg. De prins moast ek ris mei Nelson Mandela prate, of syn
apology lêze.
De measten fan dizze minsken, dy't hjir in goodwill-aksje foar Verwoerd fiere, litte harren geregeld ynljochtsje troch de Súdafrikaenske ambassade yn Den Haech. Ik bin ek fêste lêzer
| |
| |
fan it van-week-tot-week-bulletin fan de ambassade, mar noch altyd net bikeard. Dizze propagandalektuer is, nettsjinsteande de skyn fan saeklikheit, ûnsaeklik en irrelevant. Hja skermet mei getallen en statistiken, mar swijt yn alle talen oer de binearjende eftergroun. Hwat dêr foar de Bantoes dien is, dien wurdt en dien wurde sil, wurdt breed útmetten, hwat harren ûnthâlden is, ûnthâlden wurdt en ûnthâlden wurde sil, ntl. de essinsiéle minsklike rjochten en frijheden, dêr heart men neat fan. In aspekt dêr't oanhâldend op wiisd wurdt is de bloeijende Súdafrikaenske ekonomy en de oanwaeksjende bûtelânske ynvestearringen. Dat de hiele Súdafrikaenske ekonomy rêst op it swit, it lijen, de skandalige leanen fan de swarte arbeiders, wurdt der net by sein.
It goudmonopoalje fan Súd-Afrika bygelyks. It is de earste goudprodusint fan de wrâld en ynkoarten bihearsket it de goudmerk folslein. Dêr wurdt jierliks foar plm. 2700 miljoen goune goud nei hoppen brocht. Netto winst 700 à 800 miljoen, dividint 400 à 500 miljoen. En it lean fan de 400.000 swarte gouddollers?... Tsien à tolve goune wyks. Mar hja krije dêr iten en húsfesting by, seit de ambassade. It iten sil wol streksum wêze, der moat produsearre wurde. Mar húsfesting? Hja wenje yn barakkekampen mei stikeltrie der omhinne. Har froulju meije dêr net komme, dy moatte wachtsje oant heit thúskomt mei hwat er oerhâlden hat fan syn 5 à 600 goune jiers. Hja hawwe twa fakânsjedagen jiers: Goedfreed en earste Krystdei. Dat sil wol mei it kristendom yn forbân stean. Staking is forbean. Under Smuts hawwe hja it ienris bisocht, mar de gewearen en de bajonetten hawwe it harren wol ôfleard. Hwat tinke dy naturellen, dat skaei fan Cham, wol? Fan de 400.000 swarte mynwurkers binne 42 persint Súdafrikaenske Bantoes, de oaren komme út it bûtelân. In biwiis hoe goed de negers it hawwe yn de Uny, sizze Verwoerd syn supporters. De wierheit is, dat de measte Bantoes út Súd-Afrika, dy't net út de romte sprekke, it forpoffe om foar dit slavelean en ûnder dizze bintingsten ûnder de groun to gean. Yn de Portugeeske koloanje Mozambique ronselt de Súdafrikaenske regearing 10.000 negers jiers en foar elke goudslaef kriget de gouverneur fan Mozambique 25 goune útbitelle. Sadwaende profitearje de fascistyske freonen ek noch in bytsje fan de goudstream.
Lyk as ik sei, kin Verwoerd rekkenje op greate ynternasionale trusts dy't har diel fan de bút yn 'e wacht slepe. Net allinne yn de goudbranche, mar yn de hiele yndustry en mynbou. Yn 1958 wie der 15.800 miljoen goune bûtelânsk kapitael yn Súd-Afrika ynvestearre en dat bidrach rint noch hieltyd op.
| |
| |
De hearen dy't hjir oan de toutsjes lûke, is de apartheitspolityk tige nei 't sin, fanwegen de ûnbidige winsten dy't se meitsje. Inkele fan dy konserns, dy't ienriedich meiinoar oparbeidzje, binne: De Beers Mines, British South Africa Cy, Anglo American Corp. of South Africa, Rhodesia Anglo American, Mulfira Coppermines. Mei in great tal oaren foarmje hja in machtige pressure group, hwaens ynfloed rikt fan it hert fan Katanga oant it hert fan Súd-Afrika. Dat binne de machten efter de skermen, dy't oer liken geane, de lêste gefaerlike foarm fan westersk koloanialisme. De managers fan dizze bidriuwen bisjonge sûnder mis mei Verolme de segeningen fan de negers yn Súd-Afrika, as hia eigen dividinten bidoele.
De lûdroftigste propagandastunt fan Verwoerd en syn freonen, it argumint dat de wrâld oertsjûgje moat fan de wiisheit en rjochtfeardichheit fan de rassepolityk, is de saneamde fertikale skieding: de stifting fan Bantoestans, Bantoesteaten dêr't it swarte folk dan yn frijheit libje en oer eigen lot biskikke sil. De pas oprjochte Bantoestan Transkei yn it suden is in biwiis dat it tinken is. Sa sil dan yn de takomst swart en blank yn freedsume koëksistinsje nêstinoar libje en kin elk him neffens eigen aerd en neffens de bidoeling fan de Skepper ûntwikkelje.
It klinkt allegear prachtich, mar de wurklikheit is tryst. Dêr is alderearst de fraech, oft de massale forpleatsing fan 12 miljoen Bantoes ea mooglik wêze sil. Bihalven de regearing biantwurdzje foar- en tsjinstanners dizze fraech mei in kategoarysk né. De hiele Súdafrikaenske yndustry mei har ûnderbitelle swarte arbeiders soe mei forfarre moatte. Dan is der foar de ‘frije’ Bantoes 13 persint fan de groun fan de Uny biskikber steld en krekt de minste. Neffens de forhâlding fan de bifolkingsgroepen soe it 80 persint wêze moatte. Boppedat biwiist de skiednis fan Transkei dat der fan de ûnthjitten selsstannigens in bidroefd hytsje oerbliuwt. De dramatyske propaganda is forlakkerij. Ien fan de opteine Nederlânske supporters fan Verwoerd skreau forline jier:
‘De grondwet is door de Bantoes van Transkei, onder leiding van het stamhoofd Kaiser Mantazima, zelf ontworpen. Een eigen parlement en een eigen Hooggerechtshof zullen er toe bijdragen, dat de volle verantwoordelijkheid ook verder geheel in Bantoehanden wordt gelegd. Transkei zal een zichzelf regerende Bantoestaat zijn met een eigen premier en volksvertegenwoordiging, een eigen vlag en volkslied, een eigen burgerrecht.’
| |
| |
En nou, nei dizze lyryk, de feiten. Yn 1958 waerd de Transkei Territorial Authority ynsteld, mei 123 regearingstrouwe stamhaden en leden. Wettige stamhaden dy't har forsetten, omt se de saek net fortrouden, waerden forballe, forsetsaksjes fan it folk yn bloed smoard. Op 6 juny 1960 kamen dêr forheftige botsingen mei de polysje, dêr't helikopters by ynset waerden en frijhwat demonstranten sneuvelen. Yn novimber 1960 rôp de regearing de steat fan bilech út yn it oproerige gebiet. Mear as 5000 boeren waerden arrestearre, 32 ta de dea foroardiele, dêr't ûndertusken 11 fan ophongen binne. Pylder fan de regearing wie en is it stamhaed Kaiser Mantazima, dy't ûnder bysûndere biskerming fan leger en polysje stiet, om't de forsetsorganisaesjes him nei it libben steane. Nei de suvering is it, nettsjinsteande it forset fan foaroansteande stamhaden, slagge om de grounwet der troch to krijen. Fan in ‘zelf ontworpen grondwet’ sprutsen. Boppedat: de 109 leden fan it parlemint binne 64 troch de regearing bineamde stamhaden by. De oare 45 mochten keazen wurde, mar de beide greate politike Bantoeorganisaesjes binne ûntboun en Mantizima waerd al yn it foar ta minister-presidint bombardearre. Hawar, de forkiezingen binne dan yn desimber 1963 hâlden. Massagearkomsten wiene forbean, ûtspraken tsjin Verwoerd syn rassepolityk ek. Dizze hiele skynfortoaning is ek noch op in fiasco foar Verwoerd útroun: dat ien fan de machtichste stamhaden dy't men net fuortjeije doarst, in forgrime tsjinstanner fan de apartheitspolityk, Victor Poto, keazen waerd, seit genôch.
Noch twa feiten, dy't in ûntdekkend ljocht smite op de selsstannigens fan Transkei:
Elke wet dy't troch it dochs al karikaturale parlemint oannomd wurdt, moat goedkard wurde troch de presidint fan Súd-Afrika.
En twad: oan de grinzen fan Transkei sille bilangrike yndustryen festige wurde, net yn Transkei, mar op blank gebiet en fan blanke bazen. It swarte folk fan Transkei kin dêr dan yn arbeidzje foar ‘swarte’ leanen, hwat yn dit gefal bitsjut foar skandalich lege leanen.
Verwoerd wol mei Transkei in dubele slach slaen: de wrâld oertsjûgje fan syn goodwill foar de Bantoes en de Súdafrikaenske ekonomy in great en sletten reservaet fan goedkeape swarte arbieders biskikke.
Dit lêste mei him yn 't earstoan min ofte mear slagje, mar hwat it earste doel oangiet, de wrâld lit har troch de Transkeikomeedzje net forrifelje. Súd-Afrika hat nou in Krugerpark foar de wylde bisten en in negerreservaet yn Transkei. De
| |
| |
liuwen en oaljefanten hawwe lykwols mear frijheit as de Bantoes, al misse se dan in eigen flagge en in eigen folksliet.
Sa daget it regym-Verwoerd eigen folken en de wrâld út, molblyn foar de wankende katastrofe. De jonge Afrikaenske steaten duldzje de diskriminaesje net langer en yn it binnelân is in fatale ûntwikkeling geande: ûndererounske forsetsorganisaesjes leauwe langer net oan it effekt fan de geweltleaze striid fan Luthuli, Mandela en oare greaten, hja risse de ûre fan de opstân ta, de hân oan de spear en oan it gewear. Geduld en leauwe moatte it plak romje foar de haet en de regearing smyt oanienwei oalje op it fjûr.
Is der jit hope op in reedlike oplossing? Neffens myn bitinken soene de tsjerken fan Súd-Afrika it forlossende wurd sprekke kinne. Op it stuit dat hja it evangeelje fan Verwoerd ôfswarre en neffens it evangeelje fan Kristus hannelje, wurdt de groun ûnder de rassepolilyk weislein. Sille hja it dwaen? Der binne heilsume symptomen fan in ûntweitsjen. Men doart net mear sa dom en brutael as eartiids de diskriminaesje to fordigenjen mei in birop op 'e bibel en yn de namme fan Noach. Professoaren as Marais, Keet, Geyser, Van Selms slane alarm, de theologen fan de ‘Vertraagde aksie’ litte in klear lûd hearre, hja doare it aan om kristlike apartheitsapostels ‘verraaiers van Christus’ to neamen. De fraech is allinne, oft hja noch tiid krije, om it tsjerkefolk wekker to meitsjen.
By einsluten in pear sitaten út de apology fan Nelson Mandela, dy't foar harren sels sprekke:
‘De skiednis hat biwiisd, dat straffen de minsken net wjerhâlde, as har gewisse yn it pleit is, se sille ek myn minsken en de freonen dêr't ik mei gearwurke ha, net wjerhâlde.
Ik bin ré de straf to ûndergean, ek al wit ik, hoe bitter en wanhopich it lot is fan de Afrikaen, dy't yn de finzenissen fan dit lân tolanne komt. Ik ha yn dizze finzenissen west en wit, hoe slim it ûnderskied is, dat sels efter de muorren fan it tichthûs makke wurdt tusken blanken en swarten. Sterker as de freze foar de forskrikkingen dy't my wachtsje, is myn haet tsjin de ôfgrysiike tastannen, dêr't myn folk ûnder lijt...
Ik haetsje de raciale arrogânsje dy't bipaelt, dat de goede dingen yn it libben as it eksklusive rjocht fan in minderheit bihâlden bliuwe, hwertroch de mearderheit fan de bifolking redusearre wurdt ta in posysje fan tsjinstberens en minderweardigens en as stimleas fé arbeidzje moat hwer't se hinnestjûrd wurdt en har hâlde en drage moat sa't de minderheit wol, en ik wurd yn dy haet sterke troch it feit, dat de oerweldigjende mearderheit fan it minskdom, yn en bûten dit lân,
| |
| |
it mei my iens is. Neat dat dit Hôf my oandwaen kin, sil dy haet yn my foroarje. Dy kin allinne weinommen wurde, as it ûnrjocht en de ûnminsklikheit dêr't ik tsjin striid, weinommen wurde.
Hokker straf dit Hôf my ek ta foroardielet, as myn straftiid om is, sil ik wer myn gewisse folgje, laet fan de wearze tsjin de diskriminaesje fan myn folk. Ik sil de striid wer opnimme, oant it ûnrjocht foargoed útband is...
De reis troch Afrika en nei Ingelân hat in geweldigen yndruk op my makke. Foar it earst yn myn libben wie ik in frij man, frij fan blanke ûnderdrukking, frij fan de dwaesheit fan apartens en raciale arrogânsje, fan fornedering en ûnweardige bihanneling. Oeral dêr't ik kaem waerd ik as minsk bihannele...
Yn Londen waerd ik ûntfongen fan Hugh Gaitskell, lieder fan de Labour Party en fan Jo Grimond, lieder fan de liberale partij en oare foaroansteande Britten...
Yn de Afrikaenske steaten seach ik, dat blank en swart freedsum meiinoar omgyngen yn deselde bioskopen en hotels, handel dreauwen yn deselde streken, deselde iepenbiere forfiermiddels brûkten en yn deselde wiken wennen...
Ik ha myn plicht dien tsjinoer myn folk en tsjinoer Súd-Afrika. Ik twivelje net, of de neiteam sil forklearje dat ik ûnskuldich wie en dat de misdiedigers dy't foar dit Hôf brocht wurde moatten hiene, de leden fan de regearing-Verwoerd binne.’
|
|