De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 95] [p. 95] Jan Dotinga: rêdde fûgels rouje withwersanne tusken it wyt fan de fisken seit it wetter skriemend leed om (by de komposysje vrij water fan jerre hakse) Hwat wol men as de wurden gjin reboelje meitsje yn 'e slachoarder fan tûzen en tsien wensten - en it hoecht mar sa'n lytse ekstase to wêzen; ien as in fûst om it hert op it spoar fan biliden to setten, hwant dat is dichtsjen soms: sizze dat it heil yn in beam wenje kin en it hert by God. [pagina 96] [p. 96] Ympotint Hwat kinste sizze as de stilte yn jin in leechsteand hûs is en de wurden gapje fan forfeelsumheit, de tael, op wachtjild set, op stoarmske wyn forfljocht en in hûd 't forlet forkroppet yn ronfelige siken - dan bliuwe binnen it bloed flokken ûntkréfte en wurde hallels om hals brocht. Bea Jow my in hûd om yn to libjen en to sliepen Hear, mei wurden fan ljocht rutsen ta in nije reden fan bistean, appeljend fan frede. Skik de waermte fan Jins heil ta in mozayk fan freugd, lit doopwetten myn bloed birinne ik, lûd loovjende trilier? [pagina 97] [p. 97] In bern wêze mei farsk bloed en wurden dy't as earstelingen rispe wurde: forhearde fuotstappen op in braeklizzend mearkeslân. Tusken wite stiennen tinzen skeppe. Binnen it harkjen fan de eachopslach lûd en ljocht in eigen namme jaen en mei ûnhilearde tonge de groei fan de ierde priuwe. Vorige Volgende