| |
| |
| |
F.J. Bergstra:
Krityske solidariteit
Yn fjouwer artikels, fordield oer fiif ôfleveringen fan De Tsjerne, hat Folkertsma syn skôging jown oer myn trije lêzingen, dy't forline jier fanwege de Federaesje fan Fryske Studinteforienings útjown binne. Hat it sin en kom mei in antikrityk, lykas de redaksje wol? Ik bin der net oer út 'e rie, mar ik haw it tasein, dus sil ik it hâlde.
Der stiet yn dy lêzingen hiel hwat, dêr't Folkertsma gjin notysje fan nimt, en dêr't ik nou krekt sa graech de diskusje oer oan 'e gong hawwe woe, mar hat it doel in kritikus foar to skriuwen hwat er al en hwat er net achtslaen moat? De jagersfrijheit fan de kritikus is ien fan de inkelde fêstichheden en hoekstiennen fan alle literaire morael, en dêr rint elke antikrityk op stomp. Mar dochs, Folkertsma seit inkelde dingen, dy't ik min op my sitte litte kin, dingen ek, dy't my krekt út syn brein en pinne nij dogge. De hiele rige haw ik mei tanimmende forbazing lêzen. Earne, tusken de tredde en fjirde ôflevering, sit in brek, dêr foroaret de toan, dêr komt in oare geast oer de resensint. Skynber leit dy brek midden yn it stik, de skôging oer de selsbistjûrlêzing. Neffens de foarm is it in ôfbrekken midden yn it bitooch, lykas dat by Folkertsma fakentiden bart: gjin plak mear yn 'e krante, nije wike út 'e selde siken fierder.
Yn wêzen is it in folslein oare hâlding. It is krekt, oft der fan it juny- op it julynûmer hwat bard is, dat syn lilkens geande makke hat, mar hwat dat is, dêr kin men mar nei riede. Oan de ynhâld fan de lêzingen dy't er skôget kin it net lizze, hwant hja wiene him allegearre bikend doe't er syn earste ynliedend artikel skreau en oan de lêzingen sels, kreas fêstlein troch Tabe Beintema syn offset-apparaet, is yn dy tiid neat mear foroare.
Hwat is hjir dan foroare, yn dizze sésuer? De solidariteit is der út. Yn it ynliedende artikel stelt Folkertsma, dat ik, nettsjinsteande allerhanne biswieren, solidair bin mei de biweging. Dat weardearret er, en dêrom bliuwt er, by alle biswier tsjin myn opfettingen, ek solidair mei my. Mar nei de sésuer fan de langste dei is it dien mei de solidariteit; hy lit my falle, en yn it lêste artikel jowt er my in ôfstraffing dat hearren en sjen jin forgean moat. Hoe komt dat? Hat er wekker lein yn dy koartste nacht, en is him doe it ljocht opgien oer
| |
| |
de forburgen eftergroun, de forskûle bidoeling dy't him earst ûntkommen wie? It liket sa hast wol, mar dan mocht men dochs winskje dat er dy bidoeling, dy eftergroun ek ret en tsjut. En dat is sa net, dat bart net, hy rint der oan foarby en noch net iens kantroerend.
It liket oft er my yn ien kear ôfmeitsje moat: wy sille dy feint yn ien slach ôfleare him mei de Fryske biweging to bimuoijen, der syn sprek oer to sprekken en der de pinne foar op to tillen. En hwerom? Omdat ik de biweging krityk doch, krityk by beekfollen en by bekfollen, giet Folkertsma oerein ta de striid. En syn grime is sa great, dat yn syn slaggen tsjin it hoe en het ek it ynsjoch yn it hwerom en hwerta fan dy krityk him forgetten is. Mar hy is prachtich yn foarm: yn it lêste artikel fynt de âide liuw krêft werom, dy't him de lêste tiid hwat ûntkommen wie; syn styl hat wer glâns en skittering en helderheit.
Ja, it is wier, dat ik de biweging krityk doch, folle en gjin genôch. Mar it is krityk út de solidariteit, oars soe ik my der net ta sette. Mar is dat dan hwat nijs yn de biweging? Bistiet dy dan net fan it oanbigjin ôf fan de krityk? Ik ken in great man, dy't in great boek skreaun hat; net in tsjok boek, mar al in great boek. Toer en Tsjerke hjit it, en it stiet fol fan krityk op it Fryske folk. Mar it is wier, myn krityk is oars, it is gjin krityk op it folk, mar op de biweging. It folk hat gjin pretinsjes en it kin net oars, dat it hat gjin doel it to kritisearjen, it hat inkeld doel wegen út to finen dat it folk al oars kin en ek oars gean sil, sadat it net oars mear kin as op de nije wei. Mar de biweging kin al oars, al is it in bytsje, hja hat pretinsjes en dêrom moat hja krityk hawwe, salang as hja noch sa fier bliuwt ûnder dat bytsje dat hja kin.
Dit mei dan ien fan myn paradoksen wêze, dêr't Folkertsma sa'n oanstriid fan hat, it is net de wichtichste en ek net de djipste derfan. It is al in fornuvering, de greate dialektikus bearen to hearren oer hwat fortoan fan tsjinstridichheit. Mient Folkertsma dat ik dy paradoksen útfoun haw? Wol er nou ynienen, nei in libben lang wraksele to hawwen om formoedsoening fan de twaspjalt, himsels en ús wysmeitsje dat er de paradoksale situaesje net mear ken, dêr't hy en wy allegearre ûnder bidobbe binne? Né dochs, hwant sels sprekt er it út, op de lêste bledside fan syn lêste artikel: - ‘de earste fraech of't wy Friezen mei biweging en ússels en al noch wol in folk en in naty binne’ (s. 314). Wel, dêr haw ik it yn myn lêzingen en stikken hieltyd oer hawn; ik haw inkeld de frage radikaler
| |
| |
steld: net oft wy it noch wol binne, folk en naty, mar oft wy it al binne, oft wy it soms ek alris west hawwe. Folkertsma forwyt my in skiednisskôging dy't nearne nei roait; yndied roait dy nearne nei syn visy; yn sekere sin roait dy ek net nei myn visy; dy histoarske skôging fan my hat inkeld as doel om sjen to litten, dat elke histoaryske visy, al soe it de wiere wêze, der net mear ta docht, irrelevant wurden is yn de situaesje dêr't wy nou mei ús Frysk folk yn oanlânne binne. Hwat kin it skele, hokfoar mythe it tichtst by de histoaryske werklikheit komt, by dat hwat west hat, en dat transcendint is, omdat it net mear is? Foar hwat ús nou en hjir noch to dwaen stiet, komt it der neat mear op oan, oft wy mei Hengist en Horsa nei Ingelân tein binne of oarsom der krekt wei komme, oft wy mei de Kimbren út Jutlân of mei Aeneas út Troje of mei Bruno en Saxo út India stamje. Hawar, dy apokrifen binne gjin skiednis. Mar ek hwat Edzard, Douwama en Roorda wollen hawwe komt der net mear op oan. Oft Daem Fockema gelyk hie, Nederlân better federalistysk bliuwe kinnen hie, it komt der allegearre net mear op oan. It fiere forline telt alhiel net mear mei, en it resinte yn haedsaek troch ús interpretaesje. Is Folkertsma syn interpretaesje dan de wiere, omdat hja reçue en klassyk is? Allinnich al om dy reden moat der nedich in nijenien komme. Kom op, hjerstwyn, en blaes ris hwat yn de toarre blêdden.
Is skiednis dan alhiel ta weismiten keard? Dat is hja net, hja is duorjende opdracht oan de minske, in diel fan syn greate opdracht ta kennen en witten. Dêryn is hja wittenskip, in intellektuéle funksje en tafallich ien dy't popularisearring talit, en dêrmei dus bilangstelling opropt. Sa kin hja pielders en sneupers ta wurk fan bliuwende wearde bringe, mar hja kin ek de oandacht ôfliede fan de greate maetskiplike forskouwingen fan hjoed de dei, dy't sa gefearlik binne foar ús fuortbistean as Frysk folk. Sa kin hja ek... mar hou, nou striid ik net mear tsjin Folkertsma, net mear tsjin Folkertsma allinne, mar tsjin de hiele histoaryske ynslach fan de Biweging, dy't ek yn har wittenskiplike presintaesje hieltyd oanstriid hat om de aktuéle fraechstikken út it each to forliezen en har omtinken en energy yn haedsaek to jaen oan it forline, dat net werom komt en dat gjin ynfloed mear hat op hwat der hjoed geande is. Dêrom haw ik nocht oan ûnnocht mei dy skiednis, en docht it my wille har op de kop to setten, en sjoch, mei dy skiednis op har kop kom ik ta like fruchtbere resultaten as mei de wiere skiednis, en faeks noch wol ta fruchtberder resultaten as mei Folkertsma sines.
| |
| |
Omt wy ússels al sa faek en folle skea dien hawwe, meidat wy de tastân fan hjoed de dei út it forline interpretearje, nim ik de frijheit en interpretearje it forline út it hjoed wei. Neffens Folkertsma ‘hat Fryslân histoarysk birop ta syn foldwaen op in status tusken in selsstânnige steat en in bistel as provinsje’ (s. 283; de wurden binne allegearre fan Folkertsma; ik kear allinnich de folchoarder fan de wurden yn de sin, net de sin sels om). Neffens my is dit in argumentum a contrario, mar dat sil wol komme omdat ik sa slim ûnhistoarysk-idéalistysk-rationalistysk-optimistysk-intellektualistysk tink, om yn it jargon fan ús grand old man to bliuwen. Hy hie der noch wol twa fordomwurden mear by sette kinnen, en dan hie er tichter by de roas west, net by de reade mar by de wite: evolutionistyskdarwinistysk of sa. Hwant myn tinkwize is yndied evolutionistysk, en sa'n tinkwize is foldwaende om de steriliteit en it gefaer fan de histoaryske tinkwize, alteast fan de pseudo-histoaryske tinkwize fan Folkertsma bleat to lizzen. Folkertsma biropt him op in tastân dy't west hat (miskien) en dy't mei it idéael sa't wy ús dat foar eagen stelle better strykt (miskien) as de tsjintwurdige tastân. Ik birop my op in proses, dat fan dy tastân fan earder de tastân fan nou makke hat. Dy tastân fan earder is der net mear, mar it proses wurket noch troch en makket út de tastân fan hjoed de tastân fan moarn. Réeel histoarysk tinken lûkt de tendins, de trend fan de ûntwikkeling troch yn de takomst en bisiket him foar to stellen hwat de wierskynlikste útkomst is. Folkertsma syn ‘histoarysk birop’ is ta neat oars nut as om to biwizen hoe hopeleas wy yn it neigean binne, en ta de foarsizzing hoefolle hopeleazer it noch wurde sil.
Mar bin ik wol ‘sa fier by de wierheit fan de histoarje troch’ (s. 312) binammen op it stik dêr't Folkertsma dit biweart, to witten de stelling dat it Fryske folk en de Fryske tael út it isolemint ûntstien binne? Hoe tinkt Folkertsma him dat dan? ‘Kom, lit ús delfarre, en dêr har sprake bitiizje, dat in elk de sprake fan syn neiste net forstiet. Sa forsille de Heare har dêrwei oer de hiele ierde’ (Gen. 11:7,8). Hjir is it isolemint yn optima forma, mar wy binne noch frij yn ús exegese foarsafier it giet om de interpretaesje fan it mechanisme fan it isolemint. Der stiet net: omdat en trochdat har sprake bitize waerd, waerden hja forsille. Der stiet ek net: omdat en trochdat hja forsille waerden, waerd har sprake bitize. Der stiet allinne mar dat it tagelyk barde, en it stiet ús frij om dat to sjen as ien maetskiplik proses, mar dan ien dêr t forskate kanten oan sitte, ûnder oaren in géografyske en in linguistyske kant. En
| |
| |
nou komt de wittenskip, en yn dit gefal net de histoarje mar de prae-histoarje, dy't wittenskipliker is as de histoarje sels, en dy seit: neidat hja forsille wiene oer de hiele ierde, hâldde de Heare noch net op om har to forsiljen. Wy witte net om hokfoar sûnde, mar út Drinte wei, dêr't hja diel hiene oan de Jastorf-kultuer, teach in espeltsje fan harren nei it ûnlân oan de iggen fan de Noardsé, efter de skoarwâl fan de dunen, it lân dat faeks doe noch net, mar yn elts gefal nei in pear hûndert jier foar ebbe en floed lei, en twa kear deis fan lân sé en fan sé wer lân waerd. Wie dat dan gjin isolemint?
Nou leau ik persoanlik, dat alle libben, it natuerlike en it geastlike, it maetskiplike en it kulturéle stiet ûnder in immaninte wet, de wet fan de foroaring. Hoe't it krekt sit mei dy wet kinne wy hjir rêste litte; dat is in anthropologysk probleem fan de earste oarder en fan brede forwikkeling en djippe forwoarteling; ik sil der hjir gjin metabletica fan meitsje. Under dy wet fan de foroaring stiet ek de tael yn in hiel pregnante en prerogative sin.
De tael bliuwt harsels allyk, en hja foroaret tagelyk; wy nimme dit útdrukkingsmiddel fan de minsken om ús hinne oer, mar allinne foarsafier wy mei har yn in geastlik-kulturéle mienskip libje. Ja, it moat sels in affektive mienskip wêze, dêrom neame wy de eigen tael de memmetael. Dat it in affektive mienskip is, jildt to'n earsten allinnich foar de lytste maetskiplike ienheit, it húsgesin, mar dêrút wei is it to bigripen, dat de bining oan de mienskip dy't deselde tael sprekt ek in affektive bining wurdt, alteast by de measte minsken. Wy hâlde ús fêst oan de mienskip dêr't wy yn to wrâld kommen en opbrocht binne en wy hâlde ús ek fêst oan de tael fan dy mienskip. Mar wy dogge it in hiel lyts bytsje oars as ús âlders, en krekt yn dat oarsdwaen hâldt elke nije generaesje dochs ek wer oan inoar fêst, elke nije generaesje is wer fannijs mienskip en folbringt dy foroaringen mienskiplik. Sa foroaret ûngemurken de tael; per individu fornimt men it net; per generaesje fornimt men it hast net en as men it al fornimt bisiket men it oan ynfloeden fan bûten ta to skriuwen. Mar hoe sterk ek dan, yn dy foroaring, de affektive bining oan de tael bliuwt, dat docht wol bliken út de algemiene niging om in foroaring yn de tael, dy't men yn ien generaesje fornimt, ek to foroardieljen as in fout, in forbastering, in degeneraesje. Mar oer in rige fan generaesjes fornimt men it wol; dan is de eigen tael in oare tael wurden, mar it bliuwt de eigen tael, net fan it eardere mar fan it lettere slachte. Sa is ek de Fryske tael ûntstien en sa hawwe de Friezen har linguistysk isolearre fan har stamlân, as na- | |
| |
tuerlike konsekwinsje fan it feit dat hja har der earst géografysk fan isolearre hawwe.
Wol Folkertsma dit gjin wurd hawwe? Is it him to fanselssprekkend, to triviael? Lit him dan taharkje, hoe't it forhael fierder rint. Wy kinne wol ta mei de epilooch, lykas yn in âlderwetske roman: fiifentweintich jier letter, Hessel en Pierkje ha inoar dochs krigen; Wybren, dy greate smjunt, hat him foar de kop sketten, of is nei Amearika gien of yn tarring stoarn, en ûnder it reiden tek oan de marsigge waeksje nou de heldere bern op, blouneagich, blauhierrich. Us epilooch spilet fiifentweintich ieuwen letter. It Fryske folk makket syn isolaesje toneate, en giet in nije mienskip oan mei oare mienskippen, mei in oar folk. Dat is de integraesje fan Fryslân yn Nederlân, mar dat wurd kin Folkertsma net hearre. Nou is myn earste stelling, dat de Fryske tael der oan giet yn de mjitte hweryn dy integraesje trochwurket, en dat de Fryske tael allinne bistean bliuwe kin as wy as Frysk folk byinoar bliuwe yn in seker isolemint. Net yn in absolút isolemint; dat wie nedich om de Fryske tael ûntstean to litten, om de oarspronklike tael fan dy emigranten út Drinte om to foarmjen ta de Fryske tael fan nou, fan ús, mar al yn in relatyf isolemint. Hwat moat dat isolemint omfetsje? Net it hiele libben, al liket it der op dat allinnich immen dy't it fierhinne klearspilet om yn in absolút Frysk isolemint to libjen, blyn wêze kin foar de skrinende tobrutsenheit fan in dûbelbistean. Mar dochs safolle fan de weardefolste eleminten fan it affektive libben, dat de affektive bining oan eigen tael en folk bistean bliuwe en har ta kulturele bloei en geastlike frucht sette kin. Dat slagget perfoarst net, as krekt dy weardefolste eleminten mei-integrearre binne yn it Nederlânske gehiel en net mear oan bod komme kinne yn it safolle lytsere Fryske gehiel, as wy de pretinsje net mear oandoare, of net mear wier meitsje kinne dat dat dief ek in gehiel is. Wy sitte krekt oan oars strukturearre en oars bineamde
dielen fan dat Nederlânske gehiel fêst mei sokke sterke affektive krêften, dat de affektive bining oan Fryslân, it Fryske folk en de Fryske tael deablet. Dat is ús epilooch: Pierkje is dochs mei Wybren nei Amearika tein, al hoe'n greate smjunt dat ek is, en Hessel húsmannet allinne hwat ûnder it reiden tek om; in heukerich bistean oan de marsigge, en bern komme der net.
Myn twadde stelling is, dat wy oan dizze gong fan saken, alteast yn dizze phase fan it proces, neat foroarje kinne mei dy middels dy't Folkertsma polityk neamt. Hy skriuwt nou wol yn syn net to forbetterjen rhetoryk dat dat hwat ik hjir
| |
| |
oer (en oer oare dingen) ‘forhelje’, ‘nauwe neigong fortsjinnet’, mar dat net om it bilang fan de saek, mar omdat ik sa'n inkelenien bin. Hy nimt him der wol foar to wacht, dat er op de argumintaesje sels net yngiet, en sa wjerkôget er yn it tredde en fjirde stik nochris it âlde, droege hea en tersket er jitris it âlde, gelde strie, sûnder de kerlen, dêr't syn selsbistjûr út opsjitte moat, de minsken dy't it yn hannen nimme moatte, ek mar to missen. It sintrale punt yn myn krityk op syn selsbistjûr, dat de maetskiplike laech dy't it drage en bouwe en wiermeitsje moat, in maetskiplike laech dy't ‘ministrabel’ en frysktalich tagelyk is net bistiet, liket him ûntkommen to wêzen. Hy neamt it alteast nearne, noch net iens om it tsjin to sprekken.
En hjir sit nou krekt de oast. Selsbistjûr op dit pas, yn de situaesje en konstellaesje fan hjoed de dei, soe de integraesje fan Fryslân yn Nederlân allinne mar forhaestigje; de gryp fan de Biweging op it folk is to swak en hat to min trochwurking en djipte; organen en tsjinsten dy't nou noch yn Den Haech of alteast om utens tahâlde, soene wy hjir mei eigen krêft skeppe en út eigen rigen bimanje moatte, en it koste ús de hals. De iennichste kâns fan de Biweging nou, en dêrmei ek fan dat selsbistjûr yn de takomst, leit yn de potenty fan de biweging om nou al dy maetskiplike laech to foarmjen dy't dat skielk op 'e nekke nimme kin. En dat moatte wy dwaen mei de middels dy't wy as biweging nou al hawwe, en dy't dêrmei (meidat hja mienskip foarmje, minsken affektyf biynfloedzje en gearbine, en noarmen skeppe dêr't it maetskiplik libben him neffens rjochtet) yn hege mjitte polityk binne. Hwat Folkertsma de polityk neamt kin allinne mar Pyrrhusoerwinningen opleverje. Dit gefaer wol Folkertsma net sjen, hy kin it net sjen, omdat er in oar gefaer sjocht, mar in gefaer dat net bistiet. ‘De skerpe spits fan 'e intellektualiteit heart op it Fryske folk’ (s. 157), sa karakterisearret er myn moanning. ‘Ut 'e biweging as boarne, sintrom en driuwende krêft wei heart dat folk yntellektueel-rationeel fornijd en forsterke to wurden.’ En hy forwyt my, dat ik op de earste, de fundamintéle fraech ‘net yngean’, oft sok in forbining fan modern-intellektuéle integraesje en eigennasionale foarming ‘wol mûglik is.’ (s. 157).
Hjir koe wol ris de kearn sitte fan it hiele skeel tusken Folkertsma en my. Foar Folkertsma sit yn dizze lêstneamde integraesje it greatst mûglike fordjer. De lêzer moat him goed foar eagen hâlde, dat dizze integraesje hiel hwat oars is as de integraesje fan Fryslân yn Nederlân dêr't wy it earder oer hiene. Dy wie, lykas Folkertsma it sels treflik neamt, idéeel- | |
| |
kulturéle foarming fan Fryslân ôf; dizze is idéeel-kulturéle foarming nei Fryslân ta, mar dizze integraesje, dy op Fryslân ta, is him sa oanstjitlik, dat er my mei de tange beetpakt as in fiis ding.
Neffens my is dizze integraesje it postulaet fan alle Fryske biweging; as hja net de pretinsje het dat hja dit wiermeitsje kin, dan jowt hja har sels nei sin en wêzen, nei ynhâld en foarm op. De Fryske Biweging libbet by de graesje dat dit mûglik is en yn de hope dat dit slagje sil. As Folkertsma gelyk hat, dat dat net kin (en dat it net mei), dan kinne wy wol ophâlde, ja, dan moatte wy wol ophâlde, dan binne wy seedlik forplichte de Biweging to liquidearjen en yn it iepenbier bilidenis fan skuld ôf to lizzen. Dan hawwe wy it folk forgiftige en de jongerein bidoarn, dan moat der rjochtdei oer ús hâlden wurde.
Mar de tsjinstelling, dy't Folkertsma sa skerp oanset, is falsk. Dy hiele spjalt tusken folk en intellekt is in misbigryp; ik jow te, dat iksels yn myn jonge jierren iverich oan dat misbigryp meinifele haw, mar doe stie ik ek noch tige ûnder forkearde ynfloeden, ûnder oaren ûnder dy fan Folkertsma. Yn it bistean fan de inkelde minske is it intellekt, de ratio, it forstân gjin ‘Fremdkörper’ mar in integrael bistândiel yn in organysk gehiel. It is net wier, dat de minske troch God skepen is, mar de geast der troch de divel ynblaesd. De intellektuele funksje is net in troch de sûndefal yn de minske kommen fordjer, mar in fan it oanbigjin oanwêzich en oan de ein ta wurksum funktioneel aspekt fan de folsleine minsklikheit. Minsklike ûntwikkeling is net inkeld embryology en hâldt net op by it birikken fan de folwoeksen steat; hja is al fan de berte ôf mar ek oan de ein ta geastlike ûntploaijing en kulturéle differentiaty, dy't sels noch trochgiet as yn it senium it lichem al forfallich wurdt.
En yn it mienskipslibben en yn it folk is dat net oars. Dêr falt de klam noch mear as yn it individu op it geastlike en kulturéle aspekt, fan it oanbigjin ôf het de minskheit har harsens brûkt, al brûkte hja se nea genôch en fakentiden forkeard. Skriuwt Folkertsma faeks mei de fuotten of fiert er de Fryske Biweging mei it yngewant? Wolris leit de geast bleat foar fordier en fal, mar it lichem is ek al net gever. Tokoartsjitten en échec, brekslaen en ‘scheitern’ binne it tragyske diel fan alles hwat de minske biweecht, as inkeling en yn syn mienskip, syn steat en syn tsjerke. En hoe mear de klam leit op de geast, hoe mear ek de skipbrek in nederlaech is fan de geast. Neat sjit sa maklik út de koerts as de intellektuéle redenearring, neat is sa licht fortsjustere as it ljocht fan de rede.
| |
| |
En dochs is de gong fan de skiednis ‘Phänomenologie des Geistes’, evolúsje fan it élan vital, kosmyske komplexiteit, en fan in oare kant ôf bisjoen komst fan it Keninkryk. Hjir hat de hiele minskheit diel oan, en yn dy minskheit elk folk en yn dat folk elke inkeling. Neffens ien aspekt is dit dan in tanimmende forintellektualisearring. Njoggentich jier forlyn koe Nietzsche noch biweare dat de algemiene learplicht de dea wêze soe foar de hegere ‘Bildung’, yn ús tiid freegje wy om middelbier ûnderwiis foar elk dy't it mar even forwurkje kin en ropt de maetskippij om wittenskiplike foarming foar elk normael forstân út elke bifolkingslaech. Hwat moat hjir út groeije? Untergang des Abendlandes? Miskien, mar ek, en yn elts getal, konverginsje fan alles yn de skiednis nei ien punt, in konverginsje dy't Folkertsma syn forwar en it Barthiaenske ‘Nein’ net keare kinne.
Nou leit der tafallich yn Fryslân in nuvere drompel op dit paed. Foar dy drompel moatte wy de fuotten sa heech optille, dat wy net yn de âlde stap trochgean kinne. Yn it Fryske folk (en yn noch inkelde oare folken mear, mar dat kinne wy hjir rêste litte) is de konstellaesje sa wurden, dat in fierder differentiearre intellektuéle kultuer net forienige wurde kin mei de âlde folksaerdichheit; yn oare folken, Frankryk, Ingelân, Dútsklân en Hollân bg. bistiet dy drompel net. Dêr ûntwikkelet har de nije differentiaesje krekt út dy âlde folksaerdichheit, hja kinne inoar oer en wer stypje en bifruchtsje. Yn Fryslân lykwols is dy kontinuïteit net mear mûglik; hwa't ta dy differentiaty komt, rekket it forbân mei de folksaerdichheit kwyt en giet oer ta in oar folksaerd. Dy skerpe spits fan Folkertsma is net in ding dat wy mije en keare kinne, dat ding komt der mei of sûnder ús goedfinen; it waekst fansels, natuerlik en organysk út it lichem fan de âlde toer omheech. De fraech dêr't wy as Biweging foar steane is oft dy spits groeije sil yn de styl fan de âlde toer of yn in oare styl. As wy de groei fan dy spits sjogge as in frjemd en fijannich barren en der sels de stiennen net foar bakke wolle, dan wurdt it in spits yn frjemde styl, mar it giet der net om oer. De fraech is net mear, oft dy tuorren in sealtek hawwe sille of in spits; dêrfoar is it nou to let, dat hawwe wy net mear yn 'e hân; it wurde nou langer allegearre spitsen. Wy kinne allinne mar mear meikedize oer de fraech oft it ús spitsen wurde sille of in oar sines.
En nou, hwat binne ús boustiennen? Wysels, mei alles hwat yn en oan ús is. Wy moatte ússels ynbringe, sa folslein as wy kinne, ús hiele hear en fear. Mar né, skamperet Folkertsma, dat wurdtt him to interessant. Ik kin him gerêst stelle,
| |
| |
de biweging is my interessant genôch; der is fan alles to bilibjen en oan alles to rûken; en der rint folk om, dêr't ik my net sêd oan sjen kin. De moaiste typen ha wy der, mannen mei en sûnder burden, burden mei en sûnder mannen. Mar it is net de frage oft my de Biweging noch wol interessant genôch is, mar oft it foar it Fryske folk, de Fryske minske, oft it foar Jan en Pyt en Klaes aenst noch interessant wêze sil om Frysk to praten. Dat is de ûre fan de wierheit foar de Fryske Biweging en dy ûre sil meikoarten slaen.
|
|