De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 84] [p. 84] Sjoerd Spanninga: Reid Hjir hat de dream syn stil seizoen en keart it hert wer ta syn wêzen hwant yn it blinken fan de joun stiet nou syn spegelskrift to lêzen it boat driuwt as in silend blêd sa heimelik bylâns de siden dat men de wurden riss'ljen heart en om har dounsje de sylphiden. Vorige Volgende