De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 83] [p. 83] [Nummer 3] Gerben Brouwer: De gong It is blakstil - de doar giet iepen. Miskien doch ik it sels, of faeks in oare man of mar in fûgel, dy't skûlet foar de nacht. In wale hinget hinne om my en alle wrâld. Troch it lûd fan myn siken tikket it drippen op estrikken in geheim. De tinzen kringe; myn hân biweecht - As de doar him licht docht, bin ik net allinne. In stim: It sil wer reine en de wyn wer waeije. Dan falt in muorre en wurdt de flier fan grús it hûs wurdt wei yn 't hiem: in man komt nearne thús; hy dûzelt troch de romten en alle sfearen heine him. Hwat wie fan âlds bigjint fannijs. Kyriëleis - Vorige Volgende