Meidielingen
Us redakteur Reimer van Tuinen hat mei yngong fan dit jier syn wurk as redakteur (net as meiwurker) dellein. Tonearsten sil de redaksje wer út fiif man bistean. Wy tankje Van Tuinen foar it wurk dat er yn de jierren fan syn redakteursskip foar it tydskrift forset hat.
Yn april fan dit jier sil rounom to wrâld it feit bitocht wurde dat Shakespeare 400 jier forlyn berne waerd. Yn forbân dêrmei sil it folgjend nûmer fan De Tsjerne oan de greate Ingelskman wijd wurde.
REDAKSJE