De Tsjerne. Jaargang 19
(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermdKrityk yn it koart:
| |
[pagina 79]
| |
stean ik foar in dûbele konfrontaesje: mei it boek en mei myn iepentlik útsprutsen forwachtingen. Teatske Alsum hie ik in skriuwster neamd ‘mei in spontaen witten fan de dramatyske spanningen, dy't tusken de minsken steane.’ Dat ‘stean’ sjocht my op 't heden hwat nuver oan, al haw ik it doedestiids mei opsetsin delskreaun, mei't ik ûnder ynfloed fan it wurd ‘spanning’ it foarheaksel bi út bistean weiskrast haw en doe in e tafoege; mar hwat de sin fan dy sin oanbilanget, jowt Iepen finsters my suver op elke side gelyk. Fuort yn it bigjin al is der de scène dêr't Doede de jonge, Tabe, by de hûd krijt en dêr't ik de wjergea yn 'e Fryske romanliteratuer samar net fan neame kin. Elemintaire krêft, spontaen witten, dramatysk fielen, allegearre dingen dy't ik earder neamd haw, komme allegeduerigen yn dit boek oan it ljocht. De forbining en forfrisseling fan religy en eros, eros en gewelt is my ek net sa twingend yn 'e Fryske skriften ûnder eagen kommen, as krekt yn dit boek. ‘Hja hope nochris in roman to skriuwen, dy't tsjûgje soe, net opsetlik, mar gewoanwei fan binnenút, fan kristlike wearden.’ Ik sitearje wer de flaptekst en Iepen finsters moat dan de forfolling wêze fan dizze hope. Hwant der sille gjin romans fan Teatske Alsum mear komme kinne, hja sil net mear fan eigen wurk en eigen arbeidzjen leare kinne en de heechste forfolling sil ús ûntsein wêze. Dy jowt Iepen finsters noch net. It is in Kristlik boek, lyk as al bliken dwaen kin út de titel, dy't ûntliend is oan de útspraek: ‘Dêr't God in doar ticht slacht, docht Er in finster iepen.’ God komt op hiel hwat fan de 192 siden fan it mânske boek foar, mar nearne as in gratuite tafoeging, nea yn forbân mei in guodkeap moralisme of in like guedkeape swart-wyt skildering. De Godstsjinst spilet syn rolle mei yn it dramatysk barren, troch de oertsjûgingen fan de haedpersoanen. Tabe, de protagonist is goed-kristlik, de antagonisten, beppe fan 'e sédyk en Gels binne it net. Hjirby fortsjinwurdiget beppe de ûnwil, Gels it ûnformogen ta it leauwe. My tinkt, dat ik it goed siz, sa, mar ik wol der út noch yn mei suggerearje, dat dy figueren abstrekte fortsjinwurdigers wêze soene fan in foaropset idé, né, hja binne wier minsken fan fleis en bloed wurden. Mar àl leau ik dat de skriuwster al dy eleminten sels yn har hawn hat en se objektivearre hat yn har romanpersonaezjes. Dat is goed slagge, hwant gauris het men foar hwat men yn jin sels forsmyt net al to folle konsideraesje. Mar grif is it wurd forsmite hjir net op syn plak, dêrfoar is beppe fan 'e sédyk, dêr't de prométéyske driuw-by-útstek yn útbylde wurdt, mei tofolle leafde en sympathy tekene. Dat hoecht nammers net sa bot nij to dwaen, om't yn it lettere Kristendom, binammen ek yn it kalvinisme, de prométéyske kant frij sterk oanwêzich is en dat Tabe, dy't blyn wurdt, leart dat to oanfurdigjen, is faeks noch mear út Prometheus as út Kristus. Foar de hwat sloppe Gels is dochs meifielen en meilijen weilein, wylst ik graech tajow dat der gâns sokken binne en hja bêst ús omtinken hawwe meije, muoit it my dochs dat hjir, likemin as yn de haedartikels yn de Ljouwerter Krante, romte jown is oan it posityf heidenske elemint, as ik it sa, mei in forkeard wurd - dat lykwols better is as oare forkearde wurden - neame mei. Dat de net-leauwige hieltiden as in bikleilik wêzen, dat hunkeret nei it ljocht, útbylde wurdt, komt net sa sear út wishful thinking as troch forkringing fan hwat ivich forliedlik bliuwt. | |
[pagina 80]
| |
Net dat ik fan miening bin, dat der foar dat elemint ek in ôfsûnderlike drager by de persoanen yn it boek west hawwe moast. Né. It sintrale barren yn it boek is dat Tabe blyn wurdt, troch skuld fan de faem dy't net genôch fan him hâlde kin, troch Gels noch wol, en leart dêr frede mei to hawwen. Dat is heech grypt foar in skriuwer, mar Teatske Alzum is it knap slagge it proses wier to meitsjen. Net knappernôch lykwols om Iepen finsters ta in great boek to meitsjen. Dat komt faeks troch de neamde trijedieling, dy't de oplossing krekt hwat to maklik makke hat. Hie Tabe mear in minging west fan hwat wis allegearre ek yn de skriuwster oanwêzich wie (mei ynbigryp dus fan it neamde heidenske elemint), ynsté fan in resultaet, in birikt idéael, dan hie de wurking fan de roman noch helte greater west. Ek nou is der folle birikt, hwant it binne net inkeld de trije neamde persoanen dy't de skriuwster ta libben broch hat. Opfallend is dat allerhande figueren, dy't mar in biskieden rolle spylje, jin sa libben bybliuwe, lykas de heit en mem fan Tabe, Det, Doede, de oare beppe, Boukje en Sjut. ‘Hja moast skriuwe, fan binnen út,’ seit de flap, ‘en hja die it mei oerjefte en mei wissens. In wissens yn it delsetten fan situaesjes mei weilitten fan alle omballingen, mei in styl-ekonomy dy't net-studearre minsken komselden eigen is.’ Foar in great part bin ik it, mei it each op de roman yn kwestie, hjir mei iens, mar ik kin net swije oer de tokoarten dy't hjir mei de positive kwaliteiten mank geane. It boek is skreaun lykas somlike froulju breidzje - flitich de iene omgong nei de oare. Foaral yn de foarste helte fan it boek is dat breidzjen dúdlik allegearre twa rjocht en twa krûm. Hieltyd wer is it ûnderwerp-stelde-foarwerp (-oanfolling) of oanfolling-stelde-ûnderwerp-foarwerp. Der is, it seit him sels, by it aerd fan dit skriuwerskip, gâns dialooch yn it boek. De dialooch en, fansels, it tinken fan 'e haedpersoanen is it wichtichste, sa tige, dat it oare gauris net folle mear is as toanieloanwizing. Ik slach it boek samar hjir of dêr (side 34) iepen en notearje: seit nochteren en saeklik....; seit er....; ....seit Det; ....andert er....; seit er forheard tsjin Det....; Det knikt en seit....; ....freget er bigearich en fol hope; ....seit Det; ....seit hja; seit er....; ....seit Det nou sêft; ....seit er....; ....seit er; en seit dan.... Dêrtusken troch komt dan noch: ....tinkt Det;.... fornimt er wol; Tabe tinkt.... En ek: Det wol wol graech; Hy sjucht om him hinne; Hy sjucht har net oan; Hja sjucht efkes om; Har toan is igael; Hy sjucht dochs noch in kear oer 't skouder; Hy sjucht har figuerke; Hja sjucht lykwols. Neigeraden wy fierder opkomme yn it boek wurdt de styl hwat liniger, mar dochs hearre wy hieltyd it feninich tikjen fan de priemmen der trochhinne. It Frysk is sa geef as kryt, mar toloarstellend is dat de stylekonomy yn sa'n roman hwat skriels krijt yn syn monotoane herhelling. It is dúdlik dat it dramatysk talint fan de skriuwster hjir in stanyn-'e-wei west hat: hja hie de gong fan it barren, yn dialooch en aksje, mar to folgjen, om de roman op papier to krijen. Hja hie it nei alle wierskyn ek net oan tiid om har folle to bikroadzjen om styl en melody fan har eigen proaza, mei't hja har personaezjes praten hearde en dy mei har petearen en dwaen fuortfearen, hwat allegearre fêstlein wurde moast. It boek is kreas útjown, as nû. 70 fan de Kristlik Fryske Folks- | |
[pagina 81]
| |
bibletheek en it mei sein wurde dat it yn dy rige der fier útrint. Dat slacht net op de uterlike forsoarging. Iepen finsters is in goed boek, al lit it de yndruk nei dat hwat yn potinsje oanwêzich wie net folslein forfolle is. Like goed tsjûget it ek sa fan it talint en de aparte kwaliteiten fan de skriuwster, dêr't ik eartiids op wiisd haw. NON, JE NE REGRETTE RIEN. JO SMIT |
|