saek of útslutend him ynteressearret foar de rottigens en it sadisme dy't der yn de wrâld to keap binne, dan bisoarget syn ynstrumint him alle gegevens foar in binearjend filmdokumint. Dat kin ûnbitinge earlik, dat kin soms needsaeklik wêze, mar faek is it ek ûnthullend foar de oanstriid fan in kunstner, om yn de stjonkdobbe to wrotten. ‘Sa is it libben’ is dan in falske prétinsje, it is ien aspekt fan it libben, dat syn spesiale niget hat. De neo-romantyske filmesteten dy't yn in filmkrityk hast útslutend mei technyske termen heinebalje (in kâld kunstke, yn in lyts hânboekje leit it materiael foar it gripen), om oan in ‘literaire skoging’ to ûntkommen, forjitte dat mei of sûnder forhoalen kamera it boadskip fan de kunstner, de ynhâld dus, haedsaek en útgongspunt binne.
Haanstra syn Alleman is ek mei opsetsin iensidich. Krekt oarsom as Jacopetti en syn maten mijt er tragyk en misère en rottigens. It leit yn it aerd fan de man. Syn oerdiedich materiael hat er biwust útknipt hwat foar it warleaze objekt fan de forhoalen kamera, dy't himsels op it wite doek sjen soe yn in navrante situaesje, uterst pynlik wêze soe. Dat mei ik de minsken net oandwaen, hat er sein. Hy wol de lju in spegel foarhâlde fan har dwaen en litten yn it deistich libben, sûnder harren in skrik op 'e lea to jeijen. Se moatte om harsels, ek om har lytse dwaesheden, laitsje kinne.
‘'t Zit vol met van die kleine binnenpretjes. Niks geweldigs, een aanéénschakeling van kleine dingen van herkenbare mensen,’ hat er by in ynterview forklearre.
Opperflakkich, sille echte en sabeare djiptepsychologen miskien sizze. Mar hat in kunstner it rjocht noch, om ek ris in fleurige, boartlike fisy op syn achtenearre of in bytsje healwize meiboargers to jaen? Zo is het toevallig ook nog eens een keer.
De opnamen binne raek, treflik en sitte faek fol humor. Mar is dizze ‘aaneenschakeling van kleine dingen’ ek in geve filmsymfony wurden? Net altyd. It gystene ritme oerdondert je soms. As men yn it iene spegeltsje noch lang net útsjoen is, wurdt jin it oare al wer foarhâlden. Op it momint dat men niget bigjint to krijen oen de bitrape minske, fordwynt er. Dan freget men: hwat soe hjir útknipt wêze dat der perfoarst by moast? Soms is 't ek yn oarder en kriget men in folsleine idintifikaesje. Dat reedridende jonkje bygelyks, dat hieltyd wer rokkeleas úteinset en ûnforbidlik falt. De kamera lit him net los, mar folget him krekt sa lang dat er it rêdt. Kostlik is ek de earste gong nei skoalle, de sublime kopkes fan dy beukers mei har tsjinstridige réaksjes. Dêr wurdt men stil fan. De krampeftige út- en oanklaeijerij ûnder it each fan tûzenen op it strân binne sa komyk, dat der mei rjocht daverjend lake wurdt. Mar dy achtenearre boarger dy't in auto keapet, it fûl bigearde statussymboal, soe men graech hwat mear fan sjen wolle, fan him en syn wein. De buste fan Hitler op it Waterlooplein, mei in ‘po’ dêr nêst, hie útgongspunt fan in unyk tafriel wurde kinnen. Haanstra hat it lykwols brûkt as oanlieding ta in bitinking by it nasionael monumint op 'e Dam. Dêrtroch mist men it bilangrykste: de kommentaren fan it folk op 'e merk yn oertsjûgjend Amsterdamsk. In forknipte kâns. Dêr is ek hwat tofolle karnevalskolder. Nei in pear sekonden wurdt men dêr al wurch fan.
Al mei al: in knap stik wurk, in fleurige nijsgjirrige dokumentaire. Carmiggelt syn kommentaren binne altyd raek en geastich, to the point, humor mei in djipte-diminsje.
INNE DE JONG