fornijing of ûntjowing, as soe hjir tige biwust in oare rjochting keazen wêze, hwant it wurk yn dizze bondel is net nij, mar datearret noch út de produktive perioade 53/59, seis jier hweryn Tjitte Piebenga in great tal fersen skreaun hat. Nei alle gedachten kin hy, hwat der nei 59 skreaun is op syn fingers wol telle. It is hjir dus in kwesje fan seleksje en net, lykas somlike kritisi biweare, in nije rjochting. Hwa't de tydskriftpublikaesjes neigiet wit, dat ditsoarte poëzij altyd al eigenskip west hat fan Tjitte Piebenga.
De fersen útjown yn De thermen fan karratsjana, binne yn itselde tiidrek skreaun as dy fan dizze lêste bondel. Piebenga hat lykwols by de gearstalling fan de bondels in tige strange skieding makke tusken earnst en charme.
skriuwe mei in prikje jade
(De thermen fan karratsjana)
fersen skriuwe is leffens
Mei dizze sitaten is de poëzij fan dizze beide bondels moai krekt karakterisearre. Hwat Piebenga yn Fersen publisearret, is in folsleine tsjinpoal fan syn eardere bondels. It hat hwat fan in delslach, dy't in oermoedich dichter as Tjitte Piebenga by riten oer him krije moat. Piebenga is emosioneel, mar net dynamysk, hy is spontaen, mar sûnder niveau. Mar dit giet net om bûten de riten fan forsleinens en ûntmoediging, hwant krekt dêryn lizze de gedichten dy samle binne yn de bondel Fersen. It wurk is laden mei bitterheit en sfearysk is it hjerstich. De leafdesfersen hawwe gjin opwining, lykas yn eardere bondels. Der is minder útwrydskens; it wurk is net sa ryk oan wurden, der is forsobering, forsombering en dêr komt by, dat de fersen soms in hinderlik en sterk aksintuearre staccato hawwe. De wurden wolle net fuort, krije gjin forbân. De dichter komt hjir suver wurden tokoart, hy stjittert en docht my soms twiveljen oan de oertsjûging fan dit wurk.
It skriuwen fan leptosome fersen is mar in (moade)forskynsel, dat licht gjin literaire bybidoelings hat, of it moat wêze de neakenens fan in fers leaver to dekken yn de lingte as yn de breedte. Yn guon fersen fan Piebenga is dat opfallend. It 18-rigelige willow weep for me bifette 19 wurden. In fers as