| |
| |
| |
Jan Tj. Piebenga:
De lekebroer en syn kronyk
(Petrus fan Thabor, ± 1460 - ± 1530)
Ienkear goed mei him yn 'e kunde kommen, forjit men syn gesicht net wer. Hy wurdt jin ta in maet dy syn bitroude stim men graech heart. Der is o sa'n bytsje oer him bikend, mar yn syn boek stelt er him oan de neiteam foar, biskaefd, biskieden, mar net bleu. Hy is gjin kunstner, mar hy kin hiel hwat, hy kin yn alle gefallen skriuwe. Hy is gjin gelearde, mar hy wit tige folle en jowt dat ek graech troch, hy leart blykber sûnder ophâlden fan de natuer, fan it libben en fan de polityk. Hy is gjin geastlike yn de itige sin, inkeld in sljochtwei lekebroer, mar syn réaksjes op de tiid, op de wrâldske en tsjerklike tastânnen dêr't er - en net as bûtesteander - yn forkeart, binne dy fan in waerm, spontaen, oer it minsklik kwea yn noed sittend kristen.
De Fryske neiteam hat dizze oprjochte Fries oan nou ta net sa botte tankber west. Dochs is syn histoaryske kronyk de earste fan de frij lange rige dy't der yn de 19de ieu yn Fryslân útjown is. Klearebare tafal is dat ek net. Doe't ds. H.W.C.A. Visser fan Ysbrechtum en rektor H. Amersfoordt fan Snits yn 1824 bigounen mei har Archief voor Vaderlandsche, en inzonderheid Vriesche Geschiedenis, Oudheid- en Taalkunde, - it earste stik, X en 124 en 88 siden, waerd earst trije jier letter, nei de dea fan ds. Visser, folge fan it twade stik, VIII en 140 en 80 en 60 siden, wylst it tredde en lêste stik, VI en 180 en 94 en 32 siden, yn 1828 forskynd is, nei de stifting fan it Friesch Genootschap dêr't dit tiidwurk mei de oantrún ta jown hat, - doe hawwe hja biwust it aldergreatste part dêrfan, 444 siden foar de tekst en 242 siden foar de oantekeningen, ynromme foar it libbene en bitroubere forhael fan hwat him trije ieuwen en langer lyn yn Fryslân en dan meast yn har alderneiste omkrite ôfspile hie.
It forhael wie ommers fan in deiboekskriuwer, in ‘journalist’, dy't syn namme net sûnder reden droech. ‘Broeder Piter’ sil er yn 'e omgong neamd wêze, ‘broeder Peter Jacobsz toe Thabor’ skriuwt er himsels, en letteren hawwe it tige deftich oer him as oer ‘Petrus Thaborita’. Mar hy stiet ek, en mei rjocht, as ‘Petrus fan Boalsert’ bikend, hwant út dy stêd kaem er wei. Syn heit, Jakob Skûtmakker, stie grif yn oansjen, syn broer hie omgong mei de pommeranten fan it lytse mar doe al net
| |
| |
ûnforneamde plak. Men hat oanstriid dizze Piter to forgelykjen mei dy oare Boalserter fan ryklik hûndert jier letter, ek in Japikssoan, ek in sljocht-en-rjochten-ien, ek in kristen dy't faken syn moed net hie, ek in Fries dy't it lot fan syn folk nei oan it hert lei. Soene beide ek ‘fierder leard’ hawwe en mei de stúdzje út ynderlike ûnfoldienens ophâlden wêze? Wis is, dat hja beide suver har hiele libben yn it skaed of yn it sicht fan de âlde Sint-Marten trochbrocht hawwe. Piter Japiks sil ek sahwat like âld of in bytsje âlder wurden wêze as Gysbert Japiks; syn libbenstiid is ûnbikend, mar moat wol tusken de jierren 1460 en 1530 lizze, de jierren dat de Fryske frijheit troch ynlânsk skeel toloar giet. Hwer't en hwat er leard hat, witte wy ek net, mar hy hat fêst oanliz hawn foar de exakte fakken. Hy wit in protte fan stjerrekunde en yn it lêst fan syn libben is er wurksum as lânmjitter op it Bilt; dêr hat er ek wol foar nei Hollân west. Hy hat wol Latyn kennen, mar brûkt it yn syn kronyk mar selden. In humanist mei er net hjitte, mar hy is ek net op en út in fortsjintwurdiger fan de roomske midsieuwen. In oergongsfiguer, ek yn de tael dy't er brûkt, in Frysk kleure Nederlânsk. In man dy't it âlde net priizge om it nije to forachtsjen, mar dy't it nije ek net bigripe koe sûnder it âlde to kennen.
Hy is lekebroer yn Thabor by Tirns, in kleaster mei in goede namme en net sûnder rykdom. It is yn 1406 stifte fan de Snitser haedling Rienck Bockema, dy't der letter sels ek in taflecht yn sykje sil; it is in priorij fan augustiner koarhearen en it heart by de congregaesje fan Windesheim dy't folle foar de kleasterherfoarming yn dizze kontrijen dien het. Broeder Piter het forskate priors meimakke; de foarlêste hat der lang slim oan ta west en dy't doe procurator wie, Woarp fan Rinsumageast, waerd yn 1523 prior. Dat is dan de Fryske skiedskriuwer Worp van Thabor, dy syn Chronicon Frisiae yn 'e midden fan de 19de ieu útjown is troch it Friesch Genootschap en dy't hjoeddedei noch heech oanslein wurdt. Dat Chronicon bistiet út trije boeken, is yn it Latyn skreaun en rint oan 1396 ta. Der binne ek noch twa forfolchboeken, IV en V, beide yn it Nederlânsk skreaun, mar yn alle gefallen fan it lêste wurdt ornaris oannommen dat it net fan Worp van Thabor syn hân is. It kin hwat seldsum lykje dat der yn deselde tiid yn ienselde kleaster twa skiedskriuwers oan it wurk binne, en it is dat ek, mar it kaem faker foar dat yn sa'n geastlik-kultureel sintrum de ien de oer ynspirearre of ta foarbyld wie, tink mar oan Emo en Menko. Dat der forbân bistiet tusken Worp van Thabor IV en V en Peter Jakobsz syn kronyk, is wol wis, mar oer 't hoe-en-'t- | |
| |
het sille de ûndersikers it fuort net iens wurde. It wol my net oan, dat de lekebroer syn skiedforhael net foar fierwei it greatste part ‘eigen wurk’ wêze soe. Hy is gjin fantast, gjin boekefabrikant en gjin plagiator; ôfsjoen fan it bigjin fan syn wurk, dat in stikmannich hjir- en dêrwei oernommen histoaryske oantekeningen bifettet dy't foar him net folle mear as in oanrin bitsjutte, hâldt er him by hwat er sels neigean kin. Hy is gjin yntellektueel, mar folksman. Net syn geleardens,
syn histoarysk ynsjoch of syn komposysje boeije jin sa, mar syn ienfâld, oprjochtens, oarspronklikens. Hy is bitrouber omdat er jowt hwat er kin en fortelt hwat er neisocht hat. Hy libbet yn in lytse rounte, mar as kristen hat er diel oan de greate wrâld. Hy is foar alles solidair mei de earmen en fordrukten en faek fijocht it kwea him oan.
It eachweid fan dizze kronykskriuwer liket biheind ta it keale gea fan Boalsert, Snits en omkriten; it leit wol hwat mear iepen nei de Súdhoeke, oan Starum en de Kúnder ta, as dat nei de Dokkumer kant út. De Friezen út Eastergoa en de Sawnwâlden binne him al hwat frjemder as it eigen folk. Mar foar hwat yn Gelre, it Sticht en Hollân bart, slút er him grif net ôf; mei de Grinzers hat er oanhâldend to meitsjen en it lân oer de Iems bisjocht er ek wol as bihearrend ta de eigen kultuersfear. Foar de ûngelikense en rjochtlike striid fan de Wurster Friezen tsjin de bisskop fan Bremen yn 1524 hat er folle goede wurden; dy bisskop doe ‘sochte meer syns selves profyt dan die ere Godes’; de lytse man kin net folle bigjinne, ‘want die Heren cloeck ende machtich synt, soe worden ghemeynlicks die ghemeyne luden verwonnen’; dy sljochtwei man wurdt daliks fan de machthabbers foar iedbrekker of forrieder útmakke, ‘mer nochtans soe syn die Regenten dye principaele, die alre erste, die dye eet ende die forwert hebben in ghebroken’. Peter Jacobsz libbet yn in krisistiid; der foroaret tige folle en dat moat ek, hwant sá kin it net langer. Fansels moat men partij kieze en hy is dan ek dúdlik Skieringer, mar yn de ‘partye’, de fûle partijstriid, sjocht er lyk as syn tiidgenoat Jancko Douwema de duvelske oarsaek fan alle ellinde. De wrâld bistiet foar him út twa dielen: hjir ‘die Karstenheit’, de minsken fan ‘dat Karsten ghelove’, dêr de heidenen. Mar dat de kristenen elkoar forite en forbite en dat de hege hearen, foarsten en prelaten yn it boun, allinne op formeardering fan eigen macht en bisit út binne, dat kin er net forneare. Syn klacht oer it lijen fan de húsman yn oarlochstiid wurdt mar net stom.
Net sa tige faek sil in tiidgenoat yn koart bistek sa'n skerp en kritysk byld jown hawwe fan de heale ieu dy't er biwust
| |
| |
meibilibbe hat as dat Peter Jakobsz slagge is. Hy lit him gjin earen oan de holle naeije en gjin sân yn de eagen struije; eigentlik fortelt er allinne mar fan hwat er sels sjoen, fan bitroubere minsken heard of troch der op ynfreegjen neigien hat; hy lit ek earlik fan syn twifels blike en wit dat men fan hearren en sizzen it measte liicht. As kundich lekebroer bisjocht er hearen geastliken faek hwat fan in ôfstân en dat pakt foar harren dan net to bêst út. Sawol yn de tsjerke as yn it sosiale libben is der folle dat neffens him net doocht en hy skriuwt dan op 'e ein fan syn boek ek mei bigryp en sels mei forwachting fan de nei 1517 opkommende reformaesjebiweging; de folle jongere vicaris fan Peinjum, Minne Simens, wit dêr op dat stuit noch net fan, al hat er syn godstsjinstige fragen en biswieren. Moat de âlde lekebroer, dy't safolle minsken koe, ek net Wybrant Jansz fan Hartwerd kend hawwe dy't midsimmer 1530 yn Ljouwert om syn ketterij forbaernd waerd? Dat de iene minske de oare de dea oandie, wie foar him gjin noflike of pryslike, mar wol in gewoane saek; it hearde doe ta it minsklik forkear en hy wie der by opwoeksen, lyk as wy by de forkearsûngelokken. Hy wurdt net oerstjûr fan alle wraek en wreedheit om him hinne, mar is alderminst ûngefoelich foar it ûnkristlike dêryn. Objektyf, yn dúdlike mar net to bûnte kleuren skilderje, de tizeboel fan de partijskippen útinoarhelje, it lijen, binammen fan de boerebifolking, werjaen, de forwurding fan de politike en morele tastânnen klear yn it ljocht stelle, dàt hat er mei syn kronyk foar eagen. Oer himsels praet er dêrby net folle, mar swijt er ek net alhiel. As er in wichtige bitrouwensopdracht fan syn mei-kleasterlingen kriget, fortelt er iepenhertich hwat er dêr fan tolânne bringt.
Fortelle kin er bytiden dochs as de bêste. Snits sil fan de fijân bûten de poarte troch in handige set ynnommen wurde, mar in fjouwertal boargers, steande ‘opt rondeel voer die Noerder poert’, krije it yn de gaten en strike der letterlik in skoatteltsje foar. ‘Des morghens, doet dach was, doe worden die wrynghen op ghedaen, ende die beesten worden wt ghedreven, ende dye brugh voer die poert word neder ghelaten, ende die melcsters ghyngen wt toe melcken...’, sa giet dat dan fierder, in skilderijke foar dy't sjen wol. Of de thúskomst fan de Snitser haedling Bocka Feikes Harinxma yn 1497 nei syn losbrekken út de Grinzer finzenis: ‘Ende Snekers beyerden ende hlueden haer clocken hem teghen, ende haelden hem in mit processyen der clercken; ende songhen, ende spoelden opden orghele inder kercken over hem, mit grote blyscap, God van hemelryck toe lowe ende toe eere...’. Of de bilibbenissen
| |
| |
fan de lekebroer sels, as er mei pater Yghe fan Aldekleaster foar politike saken nei Boalsert moat: ‘Ende doe wy an die stadt quamen, doe wast duyster avent; mer die wakers en waren noch niet op die waeck, alsoe dat wy nyemant en conden vernemen, die ons in holp. Mer te lesten quam daer een, die ons hoerde; ende dien riepen wy toe, dat hi ons in helpen solde; want wij hadden een bootscap, daer macht an lach’. Fan slimme wurden, yninoarfrissele sinnen, sabeare-deftige kânslerij-tael, hâldt Peter Jakobsz net. Syn skriuwtrant hat faek hwat libbens en folksaerdichs en de lêzer, dy't de Yslânske saga's ken, fynt yn dizze kronyk mear as ienris hwat fan dy har konkrete en plastyske styl werom; sa komme jin ek gauris de Aldfryske wetten yn it sin.
De alliteraesjes en assonansy's binne gjin útsûndering. De Frjentsjerters ‘wonnen Harlinghen, sonder steeck ende sonder slach’. Tyarck syn feinten ‘scatten ende blatten al Westerlant’. De soldaten út Starum komme ‘om slach ende stryt teghen den Woltman te holden’. Hieltyd is der praet fan ‘dit ruten ende roven’, fan ûnrjocht dêr't de rjochters ‘die meente mede terchden ende vertoernden’. De binden baerne Ouwster Trijegea op ‘datter niet bleef hws noch schure, rogghe noch haver, hoy noch stroe, behalven die craemhuysen, die bleven staen als men seyde’. Der moat op 'e Lemmer in blokhûs boud wurde en nou wurdt it lânfolk bean ‘dat sy solden commen myt lep ende myt schep’. De koarte, tekenjende formule leit de kronykskriuwer wol. As de Baerder haedling Juw Dekama ta potestaet keazen wurdt, hat er dat op in pypfol: ‘Ende het scheen oeck een sottelic dinck te wesen; alst oeck een sotte eynde hadde; wanttet een sotte beghin was’. In pear keizerlike boaden hawwe hjir west, mei moaije praetsjes en greate ûnthjitten ‘ende mienden Vrieslant vry te maken’, mar doe't hja de bút binnen hiene lieten hja ‘die Vriesen sitten voer dat sie waren, toe spot voer allen lueden ende landen’. It wie wer ris safier: ‘Ende tlant was twiedrachtich, dat die ene lachde omden anderen; mer sie screyden int eynde te ghelycke, als nae screven is’. De soldeniers tjirgje har wer út: ‘Oeck deden sy vele meer quaets ende jammers, dat inden hemel wrake riep: als vrouwen te vercrachten, maechden ende joncfrouwen toe schenden, dat menichvoldich was, God betert’. It nonnekleaster fan Oegekleaster wurdt yn 'e brân stutsen: ‘Dit was den susteren een grote last; want het in die winter was; ende het wayde een colde styve wint uter oesten, mit vorst ende
snee’. Broeder Piter rêdt syn libben as er troch ien fan it rûge kriichsfolk foar forrieder útmakke wurdt, mar yn dat formidden in kunde
| |
| |
treft ‘daer ick menich gheselscip ende vrientschap mede ghehat hadde’; as it dan goed biteard is, bitinkt er: ‘Daer om ist guet datmen somwilen vrienden biden weghe hebben, al synt scalken ende bouwen’; in forklearring foar it rare selskip dêr't syn freon yn forsille is, jowt er dan ek: ‘syn wyf was doot, daer om soe was hi wat opter loop’.
Hwat de omgongstael fan de lekebroer en fan it oare folk is, wurdt men net sa gau gewaer. Yn 1480 binne Juw Jonghama en Sicka Syaerde deilis, en broder Nanne, in franciscaen dy't yn Boalsert folle foar de kleasterherfoarming dien hie, bisiket frede to stiftsjen. Hy giet nei Herama-hûs en ropt om Juw, dy't de holle dan út it finstergat stekt: ‘Ende broeder Nanne sprac een langhe reden tot Jw in Latyn, ende, want Jw daer ghien antwort op gaf, soe sprac hy hem toe in Dwetsch, ende seide: Jw, verstaet ghy oeck wel? Doe seyde Jw: Ic verstaet seer wel; God verghevet hem, diet aldus voer ghebrocht heft’. Fan in oare Boalserter haedling, de âlde Goslick Jonghama, hat de forteller in opmerklike foarsizzing ûnthâlden, útsprutsen yn of fuort nei 1470 op in foarname brulloft doe't dêr de greate bierhoarn omgyng: ‘Ende onder dese hoern biers soe sprac hy dese woerden, ende seide aldus: twa ief trya wywen sinter commen wt Oesterland in Westerland: da schella al Vriesland vordeerra: iefta wrmits hyarren schel al Vriesland verdoeren wirda. Ende doe sprac hy voert: Harinxma folck to Snits habba dier een van’. Sa is der noch wol in biwyske hjir en dêr, dat it Frysk de folkstael is. As in wylde soldatekloft yn 1522 Tirns tramtearret, forskûlje party doarpslju har yn de tsjerke. Mynne en Aesghe, beide ‘lantzaete toe Thabor’, binne dêr ek by en hja krije krekt op tiid de tsjerkedoar ticht. ‘Doe die doere tho was, doe seyde Mynne: Siet nu, dat gimma da wierum nim. Doe schoter een doer die doere nae dat ghelut dat hy spraeck; ende hy schoet Mynne doer syn borst yn.’ Yn 1522 lizze de troepen fan de keizer yn Klaerkamp en Mariëngaarde en dy fan de Grinzers en Geldersken yn Dokkum; der wie praet fan, seit Peter, ‘dat sy malcanderen wolden slaen; mer sy ende deden malcanderen nyet; want die wl wol op da berra naet’. (De ûle wol net
op de boarre, blykber in sprekwurd). Lytse biwyskes; de tael wie gjin saek om foar to fjochtsjen; stride diene de Friezen allinne foar har frijheitsprivileezjes en folksrjochten.
Fries is Peter op en út, mar net fanatyk, tsjin better witten yn. De bitsjutting fan de slach by Warns en dy fan de slach by Eastersé sjocht er tige goed. Yn East-Fryslân wenje foar him wol gjin lanslju, mar dochs nei-bisibbe minsken. As yn 1492 guont út Eastergoa mei de Grinzers gearwurkje, is hy der
| |
| |
mei de measte Friezen foar, dat boun to forhinderjen ‘ende Vrieslant weder te brenghen ende to holden in synne vriheit na die Keiserlike privilegien ende vrijdoeme’. De ‘Sasken Groninghers’ hat er it dochs net op stean; haedlingen as Ju Juwinga en Douwa Gaelazoen hawwe de Grinzers yn it lân helle, ‘van partye weghen’, en doe mienden dy samar ‘heren te wesen van alle vry Vrieslant’. As yn 1499 de hartoch fan Saksen yn Fryslân ynhelle wurdt, ‘mit groter eeren ende eerweerdichheit, mit processien ende lofsanck inder kercken’, giet him dat blykber min nei 't sin, foaral as de hartoch it rjocht forset ‘teghen ons landes olde brieven ende privilegyen’. Oer syn eigen folk is er net bêst to sprekken as it yn 1500 Frjentsjer bilegeret; der is forrie yn 't spul en hja steane der net foar, ‘want die Friesen wtseyt die Seven wolden, droncken hem vol, dat sie onmachtich waren te vechten; ende alsoe worden die Friesen dronken vake ende mennich reysen iammerlic vanden Fraenkers gheslaghen, als onderwylen vier mannen, onderwylen ses of meer; daerom dat die Friesen seer droncken ende vol droncken ende malcanderen niet trouwelic obystanden, als Fraenkers wtquamen’.
It byld, dat de lekebroer fan Greate Pier nei dy syn forstjerren yn 1520 jowt, sil de wierheit wol ticht oan komme; dizze siden (259-263) fortsjinje yn in histoaryske blomlêzing opnommen to wurden. Nei de biskriuwing fan it uterlik, komt it ynderlik: ‘Hy was grof ende plompt van spraeck ende wesen; want hy en conste nyet bequaem spreken voert recht ofte voer heeren; mer mit sin grove Fryesche slaghen quam hy mede vort, ende dat ghyngh hem alsoe plomp of, dat alle menschen, die daer by stonden, worden beweghen tot lachgen’. Nettsjinsteande dat wie hy ‘redelyk van herten as een Kersten man, want hy hadde een guede meyninck; want sin meyninghe was om Vry ende Fryes te wesen, ende omt lant in guede staet te brenghen ende toe holden’. Hy hie ek folle leaver buorke as oarlogge, mar hy woe him op de Bourgondiërs wreke en dêrom stie er oan de kant fan de Geldersken, as frij man lykwols, ‘want grote Pyer was recht wt, ende hy en was gheen plomstrycker’. Earlik en reedlik wied er fêst; doe't in Hollânske frou ris troch Sleat kaem en nei Snits woe om rogge to forkeapjen, soe har har waer foar suver gjin jild ûntnadere wurde, mar dat woe Pier net hawwe, ‘want hy die Hollanders seer hart was, omdat sy ons lant aenvochten; mer nochtans soe mocht hy dat nyet lyden, dat dat wyf wt Hollant onrecht geschiede; want het goet bestant was’.
Fan de biskriuwing fan de útwreiding en de ellinde fan it
| |
| |
ynlânsk skeel sit de kronyk boardefol. Peter Jakobsz hat al syn libbensjierren net folle oars sjoen as bloedwraek, fetesucht, moardbrân, partijstriid en wreedheit fan forjilding. De fjochtersbazen jowe de toan oan. As Riewert Roerda yn 1445 by in striid yn Warkum oan de knibbel woune wurdt en dêr oan stjert, stiet der fan him: ‘Ende was een schoen, groet, sterck, mondich, voersienich man, ende welsprekende’. Mar selden kin der fan in haedling sokssahwat sein wurde as fan Sywrt Aylwa fan Skraerd, ‘een godfruchtende, wys, cloeck, voersichtich, sachtmoedich ende welsprekende man’. De Donia's brochten in hiel gea yn ûnstjûr; ‘sy roveden ende vinghen ende scatten, ende alt lant was in vrese’, hja stielen kij to Boalsert en to Boksum, ‘ende al die Sevenwolden hadden anxt van Doyngha’. Stinzen, bolwurken, blokhuzen, wurde boud en tsjin de groun smiten. Hege útsûndering wie, hwat yn 1456 yn Gaesterlân barde, dêr't in ‘groet, swaer ende hatich oerloch’ fierd waerd: ‘Dat soende een minrebroer hetende Brugman; ende die sone bleef fast’. De wolfeart en keapmanssin fan Ljouwert hat de kronykskriuwer neat op tsjin, mar mis giet it neffens him, as dizze stêd de hannel monopolisearje wol en ‘den ghemeenen hwsman’ gjin goed bistean gunt, ‘want die Liewerders seer hoechmoedich waren, besonderlinghe die ghilden; wt welcken vele quaets is ghecomen’. Ut de koarte skets dy't er fan Wytthye, jonge Goslic Jonghama syn mem, in fûle, wrede frou, jowt, riist suver in saga-figuer op. Yga Galama, de haedling fan Noardwâlde, wurdt fan de abt fan Himmelom yn de ban dien, mar Yga jowt der neat om en stekt de tsjerke fan Hospitael, dêr't syn fijânnen yn flechte binne, yn 'e brân; in sé fan bloedstoarting is it gefolch. Dan hjir, dan dêr, bisiket in haedling
syn hearsk- en striidsucht út to libjen. De Snitser Hotthya Dokaz. a Foudens koe gjin bier forneare en dronk dêrom altyd sûpe, mar lykwols wie it in wreden hont; ‘hy dede den huysman op Gheesterlant, ende daer omtrent, groot liden, verdriete, schade ende overlast,... ende nam ghevanghen die huysluden bi daghe ende bi nachte, ende brochtesie toe Sneeck’. De striidmethoaden sit gjin humaens oan; de Abbegeaster haedling Douwa Epaz. Hittinga bilegeret de stins fan Foppa Syaerda yn 'e Moarre, ‘ende Foppa wort smoket mit roeke opt huys, dat hi daer nae an sterf, als men seiden’. De wize dêr't de deastraf soms op útfierd wurdt, is net nei to fortellen suver. As it frjemde kriichsfolk syn lean net op 'e tiid barde, soarge it sels wol dat it syn wiet en droech krige en dat moast it boerefolk ornaris bilije. Moederaesje mei har tsjinstanners hiene dizze rûchhouwers net, mar forwachten hja
| |
| |
fan har ek net. De kapiteins fan dizze binden of heappen wiene faek legendaryske figueren, keppelbazen dy't har folk forhierden oan elke wurkjower dy't mar goed bitelje woe. In binde, in forboun, in stêd dy't oer gewearen, kanonnen, krûd biskikke koe, doe it modernste wapenark hwat der wie, siet fansels oan de foarhân. It gewoane folk siet altyd yn de skophoeke; Peter Jakobsz komt der hieltyd op werom, dat it de greate lju binne dy't ‘die arme husman hebben ghevanghen ende ghebonden, gheschat ende geblat, boven recht ende boven reden’. It koe net útbliuwe, dat der wetterfloeden kamen, ‘want die zeedycken waren qualicken ghemaect by versumenisse ende traecheyt onser Friesen’. En dêrfan en fan de oarlochstastânnen wie wer skriklike earmoed it gefolch: ‘Ende het ghync hier alsoe scherp tho, dat die lantluden malcander dat broet wolden myt ghewelt ontnemen op die weghen, alst hyer by Sneeck eens geschiede; ende men seyde, dat daer fleysch op sommighe plaetsen worde ghegeten in die vasten van armoet’. Soms kriget dizze kronyk troch de opsteapeling fan rampspoed in âldtestamintyske allure: it wetter pleaget en de honger pleaget en de pest pleaget en der is stjerte ûnder it fé en de tiden binne sa djûr en de fijânnen fan om utens forwâdzje de troubiwarre groun en de froulju binne net mear feilich en de iene sibbe stiet tsjin de oare sibbe op.
Stjert it leauwe ek yn sokke tiden? Peter Jakobsz fortelt fan de jierren, net sa lang lyn noch, dat der gâns tsjerken en kleasters yn Fryslân boud waerden, ‘soe dat in Kerstenrijck niet meer kercken ende cloesteren syn van even groet lant dan in Vrieslant,... want doe ter tyt groet devotie in Vrieslant was, niet alleen in den cloesteren, mer oeck inden ghemeinen priesteren, ende oec in dat slechte volc’. Docht er it allinne, omdat in skiedskriuwer tsjinstellingen nedich hat? Né, hy kin it net forneare, dat syn ieu sa ûnbiskamsume rûch mei it hillige omgiet. De tsjerke fan Hospitael yn Gaesterlân wurdt opbaernd ‘ende die heylighe sacramenten worden daer, leyder! mede ghebrant in der kercken, die langhe tyt daer nae deden grote miraculen’. De Boalserter haedling Jw Juwinga slacht yn 1490 de Boalserter vicaris hear Goyken dea, mar hy ûntrint de wrake Gods net en wurdt yn 1496 sels ek deaslein, ‘want hi syn handen hadde ghesteken an den ghesalfden des Heren, als an een priester Godes, God betert’. It hie yn Fryslân altyd ûnsede west, tsjerken en kreamhuzen to skeinen, mar nou doar Goslic Juwingha it oan en liz sa'n fjirtsjin dagen mei syn mannen yn Aldekleaster ‘ende deden den monicken in cost ende brandinghe groeten schade’. Letter seit dy man dat hy gjin
| |
| |
genôch jild hat om syn soldaten to biteljen ‘waer omme hy alle kelcken, wtseyt twie, wt die kerck toe Boelswert haelde... ende sette die den knechten toe pande’. Yn 1498 kin it frjemd fuotfolk net yn Snits komme en dan moatte Ysbrechtum, Folsgeare en Tirns it bilije: ‘Doe liepen sommighe huysluden van Foldsgaerstera meent in hoer kercke, ende worden aldaer mitter kercken ende toern ses mannen verbrant; ende drie mannen worden den hals af steken opt kerchof, alsoe dat alheel die schone kerck verbrande, God betert’. De soldaten fan de hartoch fan Saksen koene der ek hwat mei; goddeleas sa't hja mei de hillige sakraminten omsloegen ‘ende heylighe olye traden sie mit voeten, ende smeerden hoer schoenen daer mede, ende namen sie wt kercken sonder scromen’. By de wraeknimming fan de hartoch nei de mislearre bilegering fan Frjentsjer gie it der aldermâlst om ta; party Friezen spilen fan ruten en ûnder harren ek abten, muontsen, prysters: ‘Ende vele luyden storwen sonder byecht ende sacramenten; ende sommighe kynderen bleven onghedoept of onghekarstent’. De kronykskriuwer kin der ienfâldich net by, dat sa'n foarst, dy't dochs pretinsjes hat en fan hwa't wol goeds sein wurdt, sa wreed wêze kin en lit it ta ‘inden tempel Godes dat Karsten bloet also te storten’. Hoefolle kwea moat Fryslân wol net wjerfarre! Mar it sil noch slimmer wurde, yn de chaotyske jierren tusken 1515 en 1524. Peter Jakobsz heucht noch skoan de profesije fan bline Symon: der hong in swurd oer Fryslân. Dat koe net oars bitsjutte as great lêst fan oarloch en natuergewelt. ‘Ende hy seide oeck, dat die cloesters ende dat ghemiene lant seer iammerlicken solden worden verdorven, alsoe dat die monicken ende beghynen, priesters ende alle gheestelicke luyden, ende oeck die ghemiene hwsman, die sie solden lopen doer die land, dat sie new solden weten, waer sie hem
solden berghen, dat naederhant alsoe gheschiet is’. En op dat, hwat letter bard is, foarsafier it de tsjerke oanbilanget, komt de lekebroer tsjin de ein fan syn kronyk in pear kear frij wiidweidich werom. Dat binne dan mei fan de nijsgjirrichste stikken dy't er skreaun hat. As stjerrekundige wit er dat 1524 in jier fan conjuncty's is en dat wiist op ‘beroeringhe’. ‘Ende Martinus Luter mach daer wel een groet part van wesen’. Yn Amsterdam is der al gâns spul om dizze biweging, ‘mer in ons Frieslant en is alsulke twyst nyet’, al hawwe gâns prysters en gelearde minsken sympathy foar Luther syn wurk en bidoeling. Binne de ryklik fjouwer siden oer de bigjinnende reformaesje en contra-reformaesje winlik al in wûnder fan objektiviteit, noch aparter binne in eintsje fierder de trije siden oer de Boere-oarloch fan
| |
| |
1525 yn Dútsklân, dêr't de namme fan Thomas Münzer oan forboun is. De biweging yn Sassen liket mis to wêzen, ‘mer die grote hoep in Swaven daer worde markelicke dinghen van gheseyt’. Hy fettet dan it program fan de lêste biweging yn in tal haedpunten gear en elke lêzer moat wol fiele dat dit revolúsionair-sosiael program, in seldsume trochbrek fan evangélysk radikalisme, Peter Jakobsz bysûnder oansprekt: ‘Dit ende deser ghelicken namen sy voer, ende het waren guede punten, mochtet voert gaen; mer nyet lanck daerna, sy worden gheslaghen ende veriaecht, ende toe nyet ghemact van die Heren’. Alwer binne it de ‘hearen’; der is fan harren yn de hiele kronyk suver gjin goeds sein.
De Fryske wittenskipslju hawwe yn ús ieu frijhwat oan de útjefte fan taelkundige boarnen dien; de útjefte fan histoaryske boarnen is, mei dêrtroch, wol hwat binefter rekke en it stiet noch to bisjen oft Grinzerlân en East-Fryslân yn dit stik fan saken al net mear dien hawwe as wy yn it Westerlauwerske. Dochs sil dit wurk oanpakt wurde moatte, better en flugger as de Genoatskipsrounte it yn de 19de ieu bisocht hat. Peter Jakobsz syn kronyk fortsjinnet dan as ien fan de earsten in nije útjefte; dêr hat dr. G.A. Wumkes jierren lyn trouwens al foar pleite. De man sels en syn boek hawwe lang yn it skaed stien; beide fortsjinje dûbeld en dwers hwat oars. Ocko Scharlensis en Hilarides syn It aade Friesche terp binne printe en hieltyd werprinte, mar fan it Fryske folk fynt men by harren net heal safolle as by Peter Jakobsz.
Juist, oktober 1963.
Literatuer: Der is oer Petrus fan Thabor nuver genôch mar o sa'n bytsje skreaun. Fan dr. G.A. Wumkes stiet der in koart opstel oer It Chronicon fen Petrus Thaborita yn Paden fan Fryslâin, I, side 114-119. S.J. van der Molen hat yn It Heitelân, jg. 1952, side 32-34, in bydrage jown oer Petrus Thaborita, troch in kultuer-histoaryske brul. Yn de Leeuwarder Courant, 1832 (3, 10, 17 april, 1 maeije) wurdt ek oer him skreaun. Oer syn plak yn de Fryske historiografy, sjoch E.H. Waterbolk, Twee eeuwen Friese Geschiedschrijving.
|
|