De Tsjerne. Jaargang 19(1964)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 43] [p. 43] [Nummer 2] Sjoerd Spanninga: Kladskrift en wettermerk Dêr leit dan dit lichem de helm is der út ta knûk'lich papier wurdt it knoeid yn 't kajút mar hwat my it measte noch muoit leave bern 'k sil nea sokke klieren as jimme wer sjen dat as der aenst neat mear neat fan my is dan bliuwt der foar jim net iens it gemis al núndert de sé noch nei yn myn hert en waeit der in miuw oer it lêste blêd. [pagina 44] [p. 44] Scherzo de simmerdyk hat dy in heupdoek weefd de sinne sprankelt flonkers yn dyn eagen bloeijend waeit de wyn in rook fan blommen oer it gers it wetter is neigeanich op dyn hier sa weaget it dy weeldrich om 'e holle ja sels it hea leit geurich yn 'e barm fan dy to dreamen dou bist de spylfaem fan de fûgels en it fjild ik hear in okkerino dat de loft dy dounset wie men gleon op dy foreale ek ropt fan fierren de koekút dy't alle herten sines neamt en kriget hy de gunst wol nêsket yn dyn earmen as 't nou mar net op fjochtsjen draeit fanwegen dyn bikoarlikheit en ja man by de hoantsen is 't al los hja helje raf en staf de skerpe degens foar it ljocht fûleindich waeijerje de bûnte kragen o frede fanke hoe sil dit komme aenst beide de pias hwat ik dy siz och heden né sà sjit har hwat yn 't sin de ridders of se ha har nocht al [pagina 45] [p. 45] fan de striid en tale amper nei de dame toe dan kloatsekken! it is by 't grammesys ou sokke streken en dou de duvel yn fansels hawar nim dan myn hulde mar foar leaf ik ha de jierren seit ús harke en hy koe dyn pake wêze dat haw ik aerdichheit oan dy it bliuwt yn de famylje men kin de polityk en har bidriuw al slim bisjonge yn ús lân mar namsto better is dyn mûle makke foar in liet in doaske mei snypsnaren dat laitsjend iepenspringt en liz ik hjir in drompelmaeijer yn 'e ûnderwâl de bûsen binnenstbûten pûle flapearen hwer't de mot yn sit gjin noed de kongsi tilt de pong wol yn it sulveren karwiel dus 't kin neat wurde tusken ús? dou telst de tover fan myn rykdom net? nou goed ek dy yllúzje is wer slachte soa - is dat jim houn dy grouwe wolf dêr by de hikke aha nou wurdt it brein my helder né net fluitsje bist forgeemje... it liket my in earsten doerak ta de tosken stean him krúslings yn it wapenrek [pagina 46] [p. 46] kom ik lûk de sokken mar wer oan men hat sa jins affearen it wol hjir dochs net bite al bingelje oan elke angelstok fiif teannen yn 'e sleat mar 't sil dy spite hastou strak de kribel yn it krop hwant myn freondinnen bin 'k in douwematte by de wei ik fuorje harren yn 'e flecht se ite my de raffels út 'e mouwe aju dan sikest dyn gelikens mar of faeks in fliberich âldfeint mei in fossile raep yn 't festje ach krastus dêr bigjint de kop my wer to jokjen dy wurdt wol noait folwoeksen mei dat fé dy blinder ja sa giet it minsken men forjit de klok mar goed bisjoen en dit is dan de lêste trilling fan de harp ik wól 't net iens en nim sa'n nuodlik spul as jimme stjelp my op 'e skouders itsij der hinget by forsin in gouden amer oan it jok. Vorige Volgende